Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 304] [p. 304] Daniël Daen Fersen Swalker Jo smeule nei yn harnen fan't ûnthâld hoe wyt ik hwat dy glimpen wurdich binne byldflarden omearmingen fan Jins biwâld sil myn wêzen Jo dan nea ûntrinne kinne hjitfolging dy't gjin lichten docht myn freegjen oft soks nedich is gjin andert, in freegjen om'e nocht ik bin in swalker tusken ûnthâld en forjitnis [pagina 305] [p. 305] Forlern bin ik al berne en is it bûtenwrâld dat kâld birit naem hat fan myn ûnthâld soms fiel ik faech in skok fan foarbistean of't widzjen fan Jou bloed yn sirkelstream lit my noch ienkear sweevje yn Jou skoat werom brocht ta de djipste kearn [pagina 306] [p. 306] Forjitnisrânne I Jo tochten mei my to boartsjen yn fasen fan forjitnis it tonkjetútsjend sobjen op 't selde pipermintsje wurdtsjes dy't my forheven: ik forlegen-wie de bêste tusken almans kweade dieden en oar gemis Jou skelk en eager forhellen foar Jo út wie't wol bistimd foar berneëaren? hwat jin net past hellet it ûnthâld der út: in heitehaet as fuotstik foar de mem twa wiffe pylders fan hjoeddeisk bistean folwoeksen wis, binn' Jo it al wer forgetten my bliuwt it bern fan it geheimenis omsletten [pagina 307] [p. 307] Hjitfolging wer dûk' Jo op yn stammertinzen brokstikken fan in mem, goadinne fan in mythe ik haw't al faker sein: hâld op, hoe soe it rikformogen fan myn gerit Bean oer de grinzen steld fan Jou eigen prototype 'k bin mar in kuijer troth de ivichheit in stip yn tiid en strjitte slyt Jou hjitfolging einlings oan gerjochtichheit lit my mei rêst ik wol forjitte Vorige Volgende