Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 258]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Toanielbyld:De keamer fan Hindrik en Gryt de Vries. Ynrjochting wurdt oerlitten oan'e regisseur/dekorûntwerper. Dúdlik moatte to sjen wêze: de hal, de foardoar, de doar fan it húske yn'e hal. Mooglik kin in part fan'e sliepkeamer en'e keuken to sjen wêze as de sliepkeamers- as keukensdoar iepen giet. Needsaeklik is dit net.
It stik spilet him ôf op ien dei, de dei dat Hindrik de Vries thús bliuwt fan syn wurk. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
6.1(It lûd fan in kaei yn'e foardoar. De doar giet iepen en Gryt komt yn. Se hinget har jas oan'e kapstok)
Gryt
Dêr bin'k wer. (Hindrik sit yn'e keamer to sliepen) (Gryt rint nei de keuken en komt werom) Ha hjir minsken west? (Hindrik sliept troch. Gryt op ynspeksje troch de keamer. Se docht in skelk foar)
Wurd ris wekker! (Hindrik wurdt wekker)
Hindrik
Is't al sa let? Gryt
Ha hjir minsken west? Hindrik
Net dat ik wyt. Gryt
Hwat hast de hele middei dien? Hindrik
Gryt, asjoblieft! Gryt
Hiest de ierpels ek wol skyld hawwe kind! | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 259]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Krije wy hjoed gjin spaghetti? Ik miende, datst it dêr juster oer hieste. Gryt
Dou ytst dy nochris dea oan spaghetti. Hindrik
Sjogge wy dan wol wer. Dus mar wer ierpels? Gryt
Ierpels mei blomkoal en in karbonaetsje. Hindrik
Dat past net byinoar. Gryt
Litstou it mar stean. Ik mei't wol. Hjir, de ierpels. (Hindrik krijt it kuorke mei ierpels yn'e hannen treaun. Hy bigjint to skilen).
Hindrik
Krije wy der ek saus by? Gryt
Tomatesaus foar de foroaring. Hindrik
Dat is noch to iten. Mar 'k hie it leaver by spaghetti. (Gryt skarrelt yn'e keuken om: komt nou en dan yn'e keamer. De keukendoar stiet iepen. Dei wurdt hwat lûder praet as gewoanwei).
Gryt
Dou bist sok skoander iten net wurdich. Je koene it better nei India stjûre. Dy minsken sitte der om to smachtsjen. Hindrik
Blomkoal spuiden se har it hart fan út it liif, dat kin ik dy sa wol sizze. Gryt
Ha de gek der mar mei. Hindrik
Moat dy blomkoal noch op't fjûr? Gryt
Dou hast it net op set. Hindrik
Lit oars mar sitte, ju. Dat duorret allegear sa'n skoft. Wy krije joun in pear stikken bôlle mei in kroket. Gryt
Dêr sitte gjin fitaminen yn. Hindrik
Krije wy in apel en in sinasapel nei. Gryt
Nou toe dan mar. Ik bin ek gek dat ik my hjir elke dei sa stean út to sloven! Hindrik
Ha wy noch kroketten yn'e friezer? Gryt
Sjoch sels mar even. (Hindrik ôf mei de ierpels. Gryt is yn'e keuken)
Hindrik
(achter:) Klear. Dit fine wy moarn wolris wer.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.1.(De foardoarsskille giet. Hindrik komt út'e sliepkeamer. Hy is yn't himd. Ûnder it rinnen wei docht er de broek oan. Hy rint nei de foardoar en sjocht hoeden troch it rútsje yn'e foardoar. Dan docht er de doar iepen. Der stiet in âldere man by de doar. Wy hearre beide manlju praten, mar hearre net rjocht hwat der sein wurdt. Dan komt Hindrik mei de man | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 260]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
de keamer yn. It is in suterige man; hy sjocht der net botte fris út. Hy himet hwat, as hie er lêst fan astma. De man bliuwt yn it midden stean. Hy hat in kofferke yn'e hân) Hindrik
Gean mar even sitten. (De man giet sitten)
In kop kofje? Man
As ik jo net tofolle ûntlêstigje. Hindrik
In kop kofje kin in minske net sûnder. As jo even geduld ha. (Hindrik ôf nei de keuken. De man sjocht om him hinne. Dan falt syn each op kranten dy't op'e flier lizze. As bitsjoend rint er der op ta, sakket troch de knibbels en pakt in teanneil fan'e krante. Hy komt oerein en bisjocht de neil as biseach er in filmnegatyf. Hindrik komt út'e keuken. De man hat neat yn'e gaten. Hindrik bliuwt in telminnich stean. Dan draeit de man him om. Hy fielt him bitrape)
Man
Hè man, hwat litte jo my skrikke. Hindrik
In kwea gewisse, hwatte? Man
Slypje jo stiennen? Hindrik
Dêr wie'k mei dwaende. Man
Hwer krije jo dy wei, as ik freegje mei? Hindrik
Hjir. (Hy wiist op syn teannen)
Man
Hoe woene jo sizze? Hindrik
Sa't jo sjogge, seldsume eksemplaren. (It wetter fluitet. Hindrik nei de keuken. De man smyt de neil op'e groun en giet wer sitten. Dan falt syn each op in jiskebak. Hy komt fan't plak en bisjocht de jiskebak. Hy docht syn kofferke iepen en sil de jiskebak dêr yn dwaen. Op dat momint komt Hindrik út'e keuken)
Man
Ik bin hwat goarrich. Ik wit net of't kofje wol sa goed is. Hindrik
Jo moatte it sels witte. Ik nim in bakje. Man
(hoastet, koarret) Kin it hjir wol yn?
(hy hâldt de jiskebak omheech)
Hindrik
Siz dat dan earder man, dan krije jo in plestiek pûde. (Hindrik ôf en daelk werom mei in plestiek pûde en in plestiek tas)
Hjir. Kinne jo mar útsykje. Mar doch it net op't kleed, hwant dan is de frou hellich. (De man sjocht foar him út, krekt as is er tige raer yn't liif. De mannen sitte sa in skoft stil
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 261]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
byinoar)
Mar gjin kofje? Man
Ik moat bitankje. Hindrik
Hoe siet it ek wer - hwer kamen jo ek wer foar? Man
Foar de kollekte. Hindrik
Jawis ommers. Hè, ik wie't al forgetten. Man
In minske wurdt in dei âlder. Hindrik
Sa is't mar krekt. (Stilte)
Hwat foar kollekte is it eins? Man
Dat haw ik jo niis dochs sein! Hindrik
Koart fan ûnthâld, moatte jo tinke. Man
Jo binne net de iennichste. In bulte minsken hawwe in ûnthâld as in gatsjepanne. Juster wie'k noch by in frou, wy sitte oan'e thé en se seit sa: Jo binne nédich oan in pear nije skuon ta. Dêr koene jo wolris gelyk oan ha, sei'k. Mar tinke jo dat se my in pear jowt? Hindrik
Rinne jo alle dagen mei de kollekte? Man
Dat sei'k jo dochs niis krekt al! As it net tofolle frege is, is der ek noch in bakje thé oer? Hindrik
Ik sil ris even sjen. (Hindrik rint nei de keuken. De man rint him efternei)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.2(Hindrik en'e man komme út'e keuken wei)
Man
Jo wenje hjir mar kreas allinne. Hindrik
Lang net gek hwatte. Man
Mei ik jo hwat freegje? Hindrik
Freegjen stiet frij. Siz mar op. Man
Binne jo by de nudisten? Hindrik
Hoe komme jo dêr sa by? Man
Jo rinne yn't himd. Hindrik
Ha jo dan gjin himd oan? Man
Sa'n moaijen net as jo. Mar it soe my wol stean, tocht ik. Hindrik
Ik ha leau'k wol fjouwer yn dizze kleur. Jo kinne dizze om my wol krije. (Hy lûkt it himd út en jowt it oan'e man. Dizze hâldt it yn'e hân en sjocht hwat binaudeftich om him hinne)
Dêr is de sliepkeamer. Sjoch marris hoe't it stiet. (De man ôf troch de sliepkeamersdoar)
(Hindrik ropt:) Sil'k mar thé sette?
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 262]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Man
(ropt:) As ik jo net tofolle ûntlêstigje?
(Hindrik ôf nei de keuken; hy komt werom en rint nei de sliepkeamer).
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.1.(Der wurdt ongeduerich op'e foardoarsskille drukt. Hindrik komt út'e sliepkeamer, yn'e klean. Hy rint nei de foardoar en docht iepen. Frou Galama komt ynfleanen yn'e stysel. fjûrreade lippen, in útgeansjurk en toffels oan. It iene each is wakker opmakke, it oare net) Frou Galama
Jou moatte my der ynlitte! Hurd! Hurd! Hindrik
Jo binne der al yn. Frou Galama
Ha jo de doar op it nachtslot draeid? Hindrik
Net dat ik wit. (Frou Galama fljocht nei de foardoar om to sjen. Se docht de foardoar foarsichtich iepen, sjocht om'e hoeke en klapt him dan fûl ticht)
Hwat foarsichtiger mei ek wol! Frou Galama
(rjocht foar Hindrik) It is wer safier.
Hindrik
Hwat haw ik dêr mei to krijen? Frou Galama
Ik wie der mei oan! Ik tocht: hwer moat ik hinne! Hjir siet it sliepkeamerskleed noch ticht, dat ik tocht: dêr is noch wol ien thús. Hindrik
Ticht? Frou Galama
Ticht. Ik tink: dêr bin'k feilich. Hindrik
Dan sil'k dêr earst foroaring yn bringe. (Hy rint nei de sliepkeamer ta. Frou G. him efternei)
Ik kin't allinne wol ôf. (Hy giet de sliepkeamer yn. Frou Galama siket om sigaretten. Dan is't krekt as komme der lûden út'e sliepkeamer wei. Frou G. rint nei de sliepkeamersdoar ta en harket. Ynienen giet de sliepkeamersdoar iepen en Hindrik komt werom)
Hindrik
Hwat moat dat hjir? Frou Galama
Hoe woene jo sizze? Hindrik
Ik koe it allinne wol ôf, hie'k sein. Frou Galama
(fluensk) Hwat binne jo koartôf hjoed.
Hindrik
Ha'k myn reden ta. Frou Galama
Net nei't wurk? Hindrik
Sa't jo sjogge. Frou Galama
(raffinearre) As ik buorman net hie!
Hindrik
Bidoele jo my dêr mei? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 263]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Frou Galama
Hwa oars! Hindrik
Buorman fan der Skoat is der ek noch. Frou Galama
Dy? (efter de hân) Ha jo it lêste nijs al heard?
Hindrik
By de frou wei as is it noch mâlder? Frou Galama
Se sizze... Hindrik
Nou siz it mar. Frou Galama
Né, ik doar it súver net to sizzen. It is sa ûngewoan! Sa raer! Jo sille it wol yn it kafé hearre. Hindrik
Dêr kom ik noait. Frou Galama
Se sizze... syn frou set him oan ta huorkjen! Hindrik
Fan der Skoat? Dy kloat? Hoe... hoe hat se dat dan? Frou Galama
Se sizze... jo prate der net fjirder oer? Hindrik
Hwat kin in oar dat skele! Frou Galama
Ik moat earst hwat kâld wetter ha. Ik haw der in droege mûle fan. (ôf nei de keuken)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.2.(De kraen rint in telminnich yn'e keuken. Dan komt frou Galama út'e keuken werom)
Hindrik
Gean ris even sitten. Frou Galama
Hawwe jo der neat fan heard dan? Hindrik
Fan'e... Frou Galama
Ja. Hindrik
Neat. Mar... Frou Galama
Hawwe jo nea hwat murken? Dat lette thúskommen altiid? Hindrik
Dan lizze wy al tink, om dy tiid. Jo net? Frou Galama
Nou ja, men heart wolris hwat.. Hindrik
Hy moat it sels ek mar witte. Elk hat op't lêst genôch oan syn eigen. Frou Galama
Dat siz ik ek altiid. Hindrik
Mar... hwer kamen jo foar? Frou Galama
Sjogge jo neat oan my? (Hy giet foar har stean en bisjocht har)
Hindrik
Draei jo ris om. (Frou Galama docht it) Ik sjoch neat.
Frou Galama
Myn gesicht. Hindrik
Jo hawwe de lippen ferve. Frijhwat read, tinkt my. Frou Galama
Sjogge jo neat oan myn eagen? (toloarsteld dat Hindrik neat sjocht)
Hindrik
Neat. Fou Galama
It iene is opmakke en it oare net! | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 264]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Hwat soe dat? Frou Galama
Ik bin it hûs út flechte! (Hindrik rint om. Is mear yn gedachten as dat er each hat foar frou Galama)
Ik bin it hûs út flechte!! Hindrik
Ik hear jo wol. Frou Galama
Hwerom helpe jo my dan net? Hindrik
Hwat mankeart jo om op'e dei yn sa'n jurk ôf to stekken. Frou Galama
Dy hie'k noch oan. Hindrik
Op dizze ûre fan'e dei? Frou Galama
Hy hat my fuortjage! Hindrik
Hwat hat dat mei dy jurk út to stean? Frou Galama
Hy mocht him net lije! Hindrik
It liket ek nearne nei. Frou Galama
Hy mocht him net lije, siz ik. (Hindrik sjocht har oan, bigrypt har net)
Hy hâldt net fan burden. Hindrik
Hwer hawwe jo it oer? Frou Galama
Hie'k it mar hwat handiger oanpakt! Mar Arend sei..... Hindrik
Hwa is Arend nou wer? Frou Galama
Dêr giet it nou krekt om! Hy is ûngefear fan jou leeftiid. Hindrik
Aha. Frou Galama
Ja. Hindrik
En as ik freegje mei..... Frou Galama
Jo moatte my helpe. Jo hawwe altiid in goede buorman west. Hindrik
Dat heal jier dat wy hjir nou wenje. Frou Galama
Ik moat earst hwat kâld wetter ha. It sit my oan'e strôt ta! (ôf nei de keuken)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.3.(Hindrik rint nei de sliepkeamer. Út'e sliepkeamer wei:)
Hindrik
Kreas! Kreas! Jo knappe der helendal fan op! (De man komt út'e sliepkeamer wei. De man hat Hindrik syn himd oan)
Man
Sil'k him dan mar oanhâlde? Hindrik
(út'e sliepkeamer wei:) Nim mar mei. Jo kinne him fuort wol oanhâlde.
(De man rint yn'e keamer om. Syn each falt op in spegeltsje oan'e wand. Hy bisiket himsels to bisjen, mar it slagget net. Dan nimt er it spe- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 265]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
geltsje fan'e muorre, set it earne del en bisiket nochris himsels to bisjen. Hindrik komt út'e sliepkeamer. Hy is kreas klaeid en hy hat it hier kiemd) Hindrik
Hwat nou? Man
Stiet it my wol? Hindrik
Sa kreas as hwat! Jo ha der noch noait sa kreas by roun! Man
Mar... mar... ik kin dochs net sa yn't himd by de doarren lâns? Hwer liket dat op! De lju meije wol tinke! Se dogge de doar net iens iepen! Hindrik
Jo lûke de strûper der oerhinne en jo binne minhear. Man
Tinkt jo? Man
Mar dan hoe'k jo himd ek net! Hwa sjocht der nou hwat fan as ik in nij himd oan ha! Hindrik
It is mear it gefoel, moatte jo tinke. Ik haw hwat nijs oan, tinke jo. Hwat fiel ik my fris! Man
Der.. der hong sa'n ljochtich pak yn'e kast. Soe my dat net stean, tinkt jo? Hindrik
Faeks wol. It is jou kleur wol. Mar harkje ris even, sa kinne wy net! Jo krije fan my in goune en dan soe'k sizze: Marris by buorfrou sjen. Man
Ha jo de kofje al op? Hindrik
It is ommers ek sa... ik haw ek noch thé foar jo set. As jo even meirinne, dan hâld ik de kofje- en de thépot en dan drage jo it komfoorke. (De beide manlju ôf nei de keuken. Nei in telminnich komme se werom, de greatste foarop, de lytsere der fuort achter. Se rinne yn'e pas)
Hindrik
Set hjir mar del. (It spul wurdt delset en Hindrik jit út)
Man
It wurdt der hjir net waermer op. Hindrik
Jo rinne hjir ek neaken om. Dogge jo de klean oan. (De man seit neat. Hy drinkt syn thé út. Beide manlju swije.)
Man
Lêstendeis wie ik ergens... Hindrik
Ja... en doe? Man
Dat wie in frjemd gefal. Hindrik
Hoe sa? Man
Jo moatte tinke... ja... hoe sil'k dat nou útlizze. Ik drink in bakje thé by in man dêr't ik oan'e doar kom. Wy sitte sahwat to praten en ik siz: It | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 266]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wurdt der hjir net waermer op. (stilte)
Hindrik
En doe? Man
Doe seit dy man, dêr't ik dat bakje thé by drink siz mar, doe seit dy man: Gean ris stean. (De man giet stean)
(Tsjin Hindrik:) Geane jo dêr stean. (Hindrik docht it)
Hindrik
En nou? Man
Stil stil, dan sil'k it jo fortelle. Hy komt stadich op my ta (De man komt stadich op Hindrik ta, wylst se elkoar strak oansjogge)
Hannen omheech! (De man docht as hâldt er Hindrik in revolver foar de noas)
Hindrik
Hwat binne dit foar grappen! De doar út en gau, oars skilje ik de plysje (De man fouillearet Hindrik)
Bliuw mei de hannen fan my ôf!! Man
Lizze! En hommels! (Hindrik bliuwt stean, bisiket nei in oar plak to rinnen)
Hindrik
Der leit in beurs yn't nachtkasje. Nim dy ma mei foar de kollekte en sjoch dan dat jo weiwurde! Man
(stekt him de wiisfinger yn'e mûle)
Hannen hwat heger heite en oars sjit ik dy troch de kop! Hindrik
(sjocht de man mei greate, hast bernlik-eangstige eagen oan. De manlju stoarje elkoar sa in telminnich oan. Dan begjint Hindrik djip to sykheljen: it bigjin fan in ynhâlden gûlen)
Man
Hwat nou? Jo hoege net to gûlen! Dat die ik ek net doe't dy man sa foar my stie! Ik sei: Nou moatte jo ris even hearre... Hindrik
(komt ta himsels) Der út! Dou rotsak, hwat foar grappen binne my dit hjir!
Man
Wy ha de thé noch net útdronken. (Hy giet sitten en begjint oan'e thé)
Jo moatte tinke, sa by de streek lâns moetet men frjemde minsken. Ik sil jo sizze hoefolle manlju men tsjintwurdich thús treft oerdeis. Gjin wurk sa't it dan hyt. As siik. Mar like soun allegear en de measten kerweikje om dat it in aerd hat. Hwer stiet de sûker? Hindrik
Yn'e keuken. Man
Sil'k it even krije. (Of nei de keuken. Hindrik
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 267]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
weeft yn'e keamer om. Hy is mei de sitewaesje oan)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.1.(De foardoarsskille giet. Hindrik rint nei de doar ta. Hy docht iepen. Hindrina komt yn. Se is ‘moderner’ as Gryt, mar op in manier dy't men net folslein slagge neame kin)
Hindrik
Kom fjirder. (Hindrina komt de keamer yn, bliuwt yn it midden stean en sjocht om har hinne)
Gean dochs sitten. (Se giet sitten, it taske op'e skurte as siet se yn'e wachtkeamer by dokter) Dat is in heel skoft lyn, dat wy elkoar sjoen ha.
Hindrina
Ja. (Se sjocht om har hinne)
Hindrik
Hoe lang is dat nou al wer lyn? Hindrina
Hen? Hindrik
Hoe lang is dat nou lyn, dat wy meiinoar frijden? (Hindrina sjocht yn'e loft. Se is oan't tellen)
Hindrina
Sawntjin jier ûngefear. Hindrik
Sawntjin jier al wer. Hwat giet de tiid hurd. Hindrina
Siz dat wol. (stilte)
Hindrik
Wiest hjir yn'e stêd? Hindrina
Myn man hat in stand op'e beurs yn'e Fryslân hal. Ik bin hjoed in dei mei, dat sadwaende. Hindrik
Soa. Sakeman dus. Hindrina
Ja. Wy ha in fabrykje yn ark en lytse lânboumasjines. Hindrik
Ja ja. Hindrina
Ja. (stilte)
Soe'k earst even nei't húske meije? Hindrik
Jawis. Yn'e hal. Oan'e rjochterkant. (Hindrina nei de hal en dan yn't húske)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.3.(Op itselde stuit komt frou Galama út'e keuken)
Hindrik
Jo moatte jo waermer klaeije, dan ha jo nearne lêst fan. (Frou Galama giet sitten en set har nei wenjen)
Frou Galama
Hé hè. Hindrik
Siz dat wol. Frou Galama
Jo ek? Hindrik
Ik ha sa stadichoan skjin myn nocht hjoed. Frou Galama
Dan kinne wy prate. Jo sjogge der ek suterich út. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 268]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
(yn'e war troch har opmerking) Is dat sa?
Frou Galama
Jo krije lang jou gerak net. (Hindrik rint nei de spegel. bisjocht himsels)
Hindrik
Ha'k my net goed skeard? Frou Galama
Kom hjirris. (Hindrik nei har ta. Frou Galama aeit him forsichtich mei ien finger oer it burd. Hindrik wit net hokker hâlding er oannimme moat)
Hwat sit dêr op jou lippe? (Frou Galama komt tichter en tichter by: dan jowt se him ynienen in tút. Hindrik skrikt. faget him mei de mouwe om'e mûle en rint by har wei)
Hindrik
Hwat moat dat hjir! Frou Galama
Jo steane der krekt sa foar as my: slim forwaerloazge. Hindrik
Ha'k net oer to klaeijen. Trije kear yn'e wike krije wy sop. (Frou Galama sil wer op him ta)
Dêr stean bliuwe! Frou Galama
(nei in stoel ta) Mei'k hjir wol sitten gean?
Hindrik
Hinget der fan ôf. Frou Galama
(hellet klaeijend út) Hy hat my slein!
Hindrik
Gean dan mar sitten. Ik bin net by de plysje. Dat witte jo wol, hoopje ik? Frou Galama
In goede buorman is better as in fiere freon. Hindrik
Ik kin jo yn dit stik fan saken net helpe. Frou Galama
Kinne jo myn man wol? Hindrik
Galama. Frou Galama
Hy hyt krekt sa as jo. Hindrik
Hindrik? Frou Galama
Ik woe fuort wol ruilje. Hindrik
Jo binne in heel stik âlder as my, minske. Frou Galama
Ik wol hjir fuort wol by jo bliuwe. Hindrik
Gjin plak. Frou Galama
Ha jim gjin útfanhûzerskeamer? Hindrik
Jou plak is hjir njonken. Dêr stiet jou hûs. Frou Galama
Jou frou wurket dochs de hele dei? Hindrik
Kin neat fan ynkomme. Frou Galama
Dan moat ik nei't Leger des Heils. Hy wol my der net wer yn ha. (Se giet stean, rint nei de hal)
Hindrik
As jo gjin plak ha... Frou Galama
It húske is yn'e hal, net? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 269]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Oan'e rjochterkant. (Frou Galama giet nei't húske)
(Hindrik rint ek nei de hal, docht in reinjas oan)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.5.(Hindrik komt op mei in reinjas oan. Hy rint hinne en wer, wachtet. Hy fluitet hwat, as teken fan ûngeduld. Op't lêst duorret it him to lang. Hy giet nei de hal ta. Hy stiet foar de húskedoar en kloppet)
Hindrik
Hoe fier is't? (Der komt gjin lûd achter de doar wei)
Binne jo net goed wurden? (In faech kreunen achter de doar wei)
Doch dy doar ris iepen! (De doar giet forsichtich iepen en Hindrik sjocht troch in kier) Hwat ha wy nou! (Unbistimde lûden yn't húske) Kom dêr ris wei, dat kin sa net.
Man
(yn't húske) Ik bin sa raer! (Hy komt ta it húske út. rounrêchich, mei de hân foar de mûle as soe er spuije)
Helje in pot, oars spui ik alles ûnder! (Hindrik hurd nei de sliepkeamer: komt daelk werom mei in pot)
Hindrik
Hoe kin dit sa ynienen? (De man leit op'e knibbels foar de pot)
Man
Ik hie al tsjin jo sein dat ik lang net goed bin. Hindrik
Hwat moatte wy hjir oan dwaen? De frou is net thús. Man
In steal bearrenburch helpt ornaris wol. Hindrik
'k Ha allinne mar jonge yn'e hûs. Man
Kin ek wol. (Hindrik skarrelet in flesse jonge jenever en in romer op. Hy jit de romer fol en set de flesse op it plak werom)
Hindrik
Hjir. Man
Ik drink net út in glês. Ha'k nea wend west. (Hy koarret boppe de pot)
Hindrik
Keardel hwat ha jo ek in gedonder! (Hy hellet de flesse jonge jenever en set him by de man del. Dy set him fuort oan'e hals en drinkt as wie it kâld wetter. Nei in slokminnich komt er oerein as hie him nea hwat mankeard. Hy stapt yn'e keamer om mei de flesse oan'e hals. Hindrik sjocht him mei greate eagen oan)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 270]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Man
Jo binne in bêste man. In bêste man. Fan sokke minsken kin'k wol ha dat se ris in dei thús bliuwe. Sokke minsken ha in gouden hert. Dat frekte wurk altyd! Moarns healwei sawnen dy goare wekker to rotteljen. En dan mar wer op stap. Ik leau, ik moar earst mar even op bêd. Dit bikomt sa net mei ien slokje. Even plat, dat wurdt de baes. (Hy stapt de sliepkeamer yn en lûkt de doar achter him ticht)
Hindrik
(rint nei de tillefoan en draeit in nûmer)
De Vries, Fan Swietenstrjitte. Kinne jo even lâns komme?... Ik haw hjir in man yn'e hûs dy't ik net kwyt wurde kin.... Of't er my bidrige hat? Nou né, mar ik kin him net kwyt wurde... Man
(ropt út'e sliepkeamer wei:)
Minhear! Minhear! Wolle jo even komme? Hindrik
(foar de tillefoan) Hawwe jo twa tellen? Ik moat der even by wei. (Hy rint nei de sliepkeamer, de reinjas noch oan)
(yn'e sliepkeamer:) Hwat foar gesoademiter is my dit hjir! (Hy komt werom en rint nei de tillefoan ta)
Jo moatte daelk komme! Ik bin der mei oan! Hy set him hjir helendal nei wenjen! Hy leit mei de skuon oan op bêd!.... Hwat?... Hwat sizze jo?... Mar dat kin dochs net! Direkte oanslach op it libben? Man
(yn'e sliepkeamer:) Minhear! Minhear!
Hindrik
.....ik bin in dei thús om ta rêst to kommen... Myn eigen skuld?... Ik freegje my ôf hwat de plysje dan noch moat! Hwat dogge jim eins! Jim moatte my biskermje!.... Dan net. Goeijendach. (Hy leit de tillefoan del, bliuwt sitten to bikommen)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.2.(Hindrik stekt in sigaret oan. Hindrina komt út it húske, de keamer yn)
Hindrik
Dou kinst mar hurd. Hindrina
Ik haw allinne even myn hannen wosken. Se fiele sa klef oan as men de hele dei fan hûs is. Hindrik
Dat koe wol. Ha'k nea lêst fan. (stilte)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 271]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Sigaret? Hindrina
Graech. (Hy jowt har in sigaret)
Tanke. (stilte)
Hindrik
Ja... in moaije tiid oars doe't wy jong wiene. Hindrina
Siz dat wol. Hindrik
Wy ha hwat ôflake. Hindrina
Ja nou. (se glimket)
Hindrik
Witst noch wol de earste kear dat ik dy thús brocht? Hindrina
Dêr ha'k wol oan. Hindrik
Witst dat net mear? Hindrina
Hoe wie dat ek wer? (Hindrik giet oerein, rint nei de keamersmuorre ta en giet der tsjinoan stean)
Hwat dochste? Hindrik
Dat silstou net mear witte? Kom hjirris. Gean dêr ris tsjin'e wand oan stean. (Hindrina docht it)
Hindrina? Hindrina
Hwat is der? Hindrik
Hoe let moastou thús weze? Hindrina
Heechút fiif ûre. Hindrik
Dan ha wy noch wol even tiid. (Hy komt stadich op har ta en giet tsjin har oan stean)
Hindrina
Toe ju. (Se triuwt him fuort, mar hy wykt net fier)
Hindrik
Witst noch wol dat ik dy doe thús brocht ha? It gie sa: Hwer wennestou? (Hindrina spilet it spul nou mei)
Hindrina
Dêr. Hindrik
Hoe fier is: dêr? Hindrina
Fuort om'e hoeke. Hindrik
Dan bring ik dy even thús. Goed? Hindrina
Goed. (Se rinne stadich kuijerjend oer it toaniel. Hindrik slacht Hindrina de hân om it skouder)
Hindrik
Hast wolris faker in feint hawn? Hindrina
Hwat kin dy dat skele! Hindrik
Dan net. Dan rêdst dy mar. (Hy lit har los, rint by har wei, giet yn in stoel sitten. Hindrina is mei de sitewaesje oan)
Hindrik
Hwerom hast my eins skille? Hindrina
Hjoed kin'k der ris tusken út sûnder dat ien it yn'e gaten hat. Hindrik
In snipperdei, siz mar. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 272]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrina
Ja. Hindrik
Hwerom drinkst dan net in kop kofje yn V. en D. as yn'e Waech? Hindrina
It... it is myn jierdei hjoed. Hindrik
Bern, hie dat dan earder sein! Hindrina
Dou... dou tochst der altiid om, doe't wy noch jong wiene. Hindrik
Hwat wolste! Dat is alwer sa lang lyn! Moast it my net kwea ôf nimme. Streep der troch. Hast gebakjes meinommen? Hindrina
Né. Hindrik
Dan earst helje. Dan fiere wy feest togearre. (Hy pakt de beurs út'e bûse en pakt in ryksdaelder)
Fuort om'e hoeke is in banketbakkerswinkel. Hellest mar hwat lekkers. Hindrina
Nou goed, astou it graech wolste. (Se lûkt har jas oan en nei bûten ta) (Hindrik ôf nei de keuken)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
4.2.(Hindrik komt fuort wer op, troch de bûtendoar. Jas oan. Hy hinget de jas oan'e kapstok en rommet de tafel ôf. Hy sjocht nou en dan op syn horloge. De tillefoan giet. Hindrik is skrikeftich, rint hurd nei de tillefoan ta)
Hindrik
De Vries... ja... ja... de kust is feilich. Hwer bist nou?... Né, ik kin dy net ophelje. Ik haw in snipperdei, mar ik moat yn'e hûs bliuwe... Ja wier, de frou is fuort. Ik ha se krekt ôflevere. Ja... goed. Oant sa. (Hy rommet de lêste dingen fan'e itenstafel, sjongt hwat. Dan giet er nei de sliepkeamer, lit de doar heal iepen stean. Hy forklaeit him. Wylst er de broek fêst docht, mei de strûper en'e strik yn'e hân, komt er wer yn'e keamer en klaeit him fierder oan. De spegel moat brûkt wurde om de strik foar to krijen. Hy skout de stuollen noch hwat torjochte en dan giet er sitten to wachtsjen. It duorret in skoft. (Dizze scène net to gau ôfbrekke) (De foardoarskille giet. Hindrik spat oerein, nei de foardoar ta) | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.4.(Hindrik lit Hindrina yn)
Hindrina
Hiest my wol in kaei meijaen kinnen. Hindrik
(fisket in kaei út'e bûse) Hjir.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 273]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrina
Nou hoecht it net mear. Hindrik
Kinst mar komme hwannearst wolste. Hoechst earst net to skiljen, komst hwannear't it dy past. Hindrina
En'e... Hindrik
Gryt? Hindrina
Hwat sil Gryt dan sizze? Hindrik
Gryt fynt soks prachtich. Hindrina
Mienst dat nou? Hindrik
Wy krije net folle bisite, wy sitte in bulte allinne. Hwa is dan net bliid as der ris ien troch de doar komt. Hindrina
Hoe sjocht se der út? Hast se net op in foto? Hindrik
Yn'e sliepkeamer ha wy in trouwfoto. Sil'k dy wol even sjen litte. Kom mar, diz kant út. (Hindrik mei har nei de sliepkeamer. Der wurdt praet, mar men kin net rjocht forstean hwat der sein wurdt. Dan wurdt it stadichoan stiller. Hindrina nokkert in bytsje en Hindrik nou en dan ek)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.6.(De sliepkeamersdoar giet hoeden iepen. De man sjocht forsichtich om'e hoeke. Dan ropt er:)
Man
Jo geane dochs net fuort? Hindrik
(komt út'e keuken, rint nei de doar op itselde stuit dat de man om'e hoeke seach) Dat hinget fan jo ôf.
Man
Hoe woene jo sizze? Hindrik
Sa't ik siz. Dat hinget helendal fan jo ôf. Ik ha de plysje skille. Man
De plysje? Jo? Hindrik
Ja, ik. It moat nou marris út wêze. De hurde hân moat der oan to pas komme by sokken as jo. Lekskoaije en moai prate en yntusken de lju bimiterje! Jo hiene al folle earder yn't kachot moatten! (De man pakt Hindrik freegjend by de earm)
Man
Minhear, harkje ris nei my. Hindrik
Sokken as jo rinne der fiersten to folle om yn dizze maetskippij. Op in oar tarre en de saek bimiterje hen! Man
Minhear, myn bern... Hindrik
Hwat? Man
Ik sil jo sizze, myn bern... (hy kin him net goed hâlde en bigjint to skriemen) ... myn bern... jo
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 274]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
moatte earst de plysje skilje dat se net komme! Hindrik
Se komme net. Man
Jo moatte earst skilje dat se net komme! Hindrik
Mar se komme net, man! Se wolle net iens! Man
Jo moatte earst skilje, oars leau'k it net! Hindrik
Hwat wie dat mei jou bern? Man
Jo moatte earst skilje! Hindrik
Nou toe dan mar. (Hy rint nei de tillefoan) Hwat moat ik sizze?
Man
Allegear wer klear. Hindrik
(draeit in nûmer) De Vries. Ik haw jo sakrekt skille oer in man dy't ik net kwyt wurde koe... (de man strúnt om en skarrelet in flesse mei drank op; hy hâldt Hindrik mei in skeef each yn'e gaten)
....allegear wer klear... ja... ja... ja klear. Tankewol (Hy leit de tillefoan op)
Man
Dan gean ik nou mar. 'k Ha noch net folle op'e lyst hjoed. Hindrik
Hwat biweecht jo eins om by de doarren lâns? Ik soe sizze, altiid dat geskoai dêr hat men gau genôch fan. Man
Guon minsken libje fan skoaijen en oaren libje net as der gjin skoaijers wiene. Hwat soene jo bygelyks de hele dei moatten ha as ik jo gjin selskip hâlden hie? Hjir hwat sjachereinich omrinne, gjin nocht om nei't wurk en jin thús dea forfele. Ik wit krekt hoe't dat giet. Hindrik
Ho ris even... Man
Minhear, sa giet it dochs mei in elk tsjintwurdich? Yn'e wike kankerje, sneintomiddeis mei it folle liif yn'e auto en jouns mei de eagen ticht foar it tastel. Minhear, neame jo dat noch libjen? Hindrik
Hoe ha jo soks dan? Man
Ik ha myn wurk. Troch de wike drok en sneins... och lit ús dêr mar net oer prate. Hindrik
Jo binne dochs troud? Man
Né minhear. Dêr ha'k my nea oan weage. Binne jo troud? Hindrik
Fansels. Man
Neat as ellinde, praet my der net fan. Ik kin my wol yntinke dat jo ris in dei thús bliuwe. Kin men ris rêstich yn jins eigen wêze. Altiid dat gehaffel togearre. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 275]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Jo ha gelyk Man
Ik moat ris even troch it hûs. (Hy giet ôf nei de keuken). Hindrik giet nei de sliepkeamer).
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
4.1.(Op itselde momint wurdt der in kaei yn'e foardoar stutsen en omdraeid. De doar giet iepen en Gryt komt yn. Se docht har mantel út yn'e hal. Yn'e keamer sjocht se om har hinne. Dan ropt se:)
Gryt
Hindrik, hwer biste? (stilte)
Hindrik, ik bin't! (Se rint nei de keuken; nimmen to sjen. Dan nei de sliepkeamer. Se harket oan'e doar. Se docht him hoeden iepen en sjocht om'e hoeke)
Leave! (Se giet de sliepkeamer yn. Wy hearre Gryt wakker praten, mar kinne it net forstean. Dan komt se wer yn'e keamer, rint nei de tillefoan en draeit in nûmer)
Mefrou de Vries... Wolle jo minhear Sondervan even trochjaen.. ja... Ja, minhear Sondervan, mei mefrou de Vries. Myn man wie fannemoarn thús bleaun om't er him net rjocht halich fielde. Nou kom ik krekt thús en nou sjoch ik... hwat sizze jo?... ja... ja... ja, ja fansels haw ik it fannemoarn oan syn chef trochjown. Mar hwat ik sizze woe, myn man... (Hindrik komt de keamer yn, yn'e klean. Hy giet noflik yn in stoel sitten en stekt in sigaret oan)
...né, ik bliuw fannemiddei thús... ja, ik ek... ja dat wo'k krekt sizze, dêrom skilje ik ek. Ik kom krekt thús en ik tref myn man hjir oan as in lyk... Hwat sizze jo?... Net? Mei dat net?... Hwat?... Net?... Nou... nou, ik sil jo wol sizze... dan nim ik ûntslach! Op steande foet! Is my dat in manier fan dwaen! Ik kin wol hwat oars krije! Hindrik
Gryt! Net dwaen, Gryt! Gryt
...net sa opsternaet? Dan gean ik yn'e W.W., sil'k it jo wol oars sizze! Hindrik
Dat kin net, sels ûntslach nimme! Gryt
...earst noch even komme to praten?... Né. (Se leit de heak op en bliuwt sitten to bikommen. Dan sjocht se Hindrik en komt ta harsels)
Hindrik
Dat kin net, sels ûntslach nimme. Dan wippe se | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 276]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dy oeral út. Komst net yn'e W.W. en neat. Gryt
Ik bin earder thús kommen. Hindrik
Dat sjoch ik. It is noch gjin kertier oer tolven. Hwat wie der? Gryt
Hwat wie der? Ik wie fansels ûngerêst oer dy! Kinst my dochs: ik fortrou it noait astou allinne thús biste. As dy hwat oerkomt en nimmen is by dy, dat doe'k my nea forjaen kinne! Hindrik
Fortroustou my net? Gryt
Hwa seit dat? Hindrik
Dou. Gryt
Ik? Dêr praet ik net oer. Hindrik
Dan net. Gryt
Mar hwat oars... hwat is hjir bard? Hindrik
Dêr hast it al. Gryt
It is hjir sa gruzich. Rommelich hast. Juster hie'k alles noch in goede beurt jown. Hoe komt it hjir dan sa gruzich, freegje ik my ôf. Hindrik
Wy ite in hap, dou giest wer nei't wurk, ik gean der even mei de rôller oerhinne en alles is wer klear. Gryt
Ik bliuw fannemiddei ek thús! Dy keardel kin om my opwaeije! Hindrik
Dat past min, Gryt. Gryt
As hy my sa ôfbekket oer de tillefoan, kin er fan my werom krije. Hy kin om my frekke! Hindrik
Leave, ik bin in dei thús om by to kommen. Dêr kin ik dy net by brûke. Gryt
As't sa wolste, gean'k daelk fuort! Op slach! Hindrik
Kinst hjoed de auto wol krije. Moarn geane wy wer togearre. Gryt
Moast net tinke dat ik mar hwat mei my omtôgje lit! Hindrik
(Bigjint de itenstafel klear to meitsjen) Helpst ek even?
Gryt
Forruit dan mar. Hindrik
Dou sûpe? Gryt
Net in to great glêsfol. (Se geane sitten to bôlle iten)
(stilte)
Hoe moat dat nou? Hindrik
Hwat? Gryt
Op't wurk. Hindrik
Dou dochst krekt as is der neat bard. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 277]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
(stilte)
Gryt
Ik woe ek wolris in dei frij. Hindrik
Kin'k dy net oanriede. Gryt
Togearre soe ek wol lekker wêze. Hindrik
Dan komme wy net ta rêst, bern. Moast dyn sûpe ris útdrinke. (Stilte. Gryt drinkt har sûpe op) Noch hwat? (Gryt skodhollet)
Hindrik
Bolle kinst oars better trochkrije as iérpels. Gryt
It leit my as in stien op'e mage. Hindrik
As't it net trochkrije kinste, litst it mar stean. (Gryt leit mes en fuorke del)
Hwat nou? (Gryt sjocht foar har del)
Kom op! Aenst moatst fuort en dan komst der mei op'e lap! Gryt
Hindrik... ik... ik... (De foardoarsskille giet. Hindrik spat oerein en nei de doar ta. Hy sjocht troch it doarsrútsje en komt dan werom yn'e keamer. De skille giet wer)
Hindrik
Lit mar skilje. Neat om'e hakken. (Gryt sil oerein om to sjen)
Bliuw sitten. In man mei lotten. De iene of oare fûgeltsjeforiening of sa. (Gryt rint lykwols troch) Gryt, kom hjir! (Hy giet ek wer oerein)
Gryt
Ik lit my hjir net hite en gebiede! (De skille giet wer. Gryt docht de foardoar iepen. Der wurdt praet, mar it is fierder net to forstean. Hindrik stiet yn'e keamer op'e loer. Gryt komt werom)
Neat om'e hakken. In man mei in kollekte. Hindrik
Sei'k dy dochs al. (Se geane wer sitten to iten. Stilte)
Dou moast oanite, oars komst to let. (stilte)
Ha se der noch hwat fan sein dat ik hjoed net kaem? (stilte)
Smakket it iten dy net? Gryt? Gryt
Rêdst dy mar. Hindrik
Oh. Gryt
Kinst it hjir wol allinne ôf. Hindrik
Tinkt dy? Gryt
Hast my net nedich as't der op bêd leist. Hindrik
Mienst dat nou? (stilte)
Gryt? (stilte)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 278]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Gryt. (Hy giet stean. Nei har ta. Hy nimt har holle tusken syn hannen)
Leave, hwat soe'k hjir nou sûnder dy moatte? Bist noch mar in moarntiid fan hûs, ik baggerje hjir hwat om en it is hjir al gruzich, sa'st seiste. (Se leit har holle tsjin him oan)
Hindrik
De baes wachtet op dy, mar oars hold ik dy thús. Alle dagen. (Hy sjocht har oan) Hen? Hwat seist nou? Leaust my nou? Moast net tinke dat ik dy fuort jei! Mar wy kinne it jild skoan brûke, dat wist sels ek wol.
Gryt
Nou goed dan. (Se giet stean. Hy drukt har tsjin him oan, mar se bliuwt passyf)
Hindrik
Witst hwat wy dogge? Ik bring dy in eintsje. Goed? Gryt
Goed. (Hindrik hellet har mantel út'e hal en helpt har om him oan to dwaen)
Hindrik
Ik ryd dy oan'e hoeke ta. Dan stap ik út en dou nimst it stjûr oer. Goed? Gryt
Goed. (Hindrik docht de jas ek oan. Beide minsken geane troch de foardoar nei bûten ta)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1.2.(Fuort dêr op komt Hindrik út'e keuken. Hy hat allinne in pyamabroek oan. Yn'e keamer sjocht er it hear ris oer, klaut him op'e rêch en rint dan nei de sliepkeamer. De kraen bigjint to rinnen. Nei in skoftke is it stil. Hindrik komt yn'e keamer, nou yn himd en ûnderbroek. Hy rint nei in kast en hellet der in skjirre út. Út'e krantebak pakt er kranten en leit dy útinoar op'e flier. Dan giet er der noflik by sitten en bigjint to fuotneilknippen. Nei in telmennich giet er oerein, stekt in sigaret oan en giet dan wer troch.
(It is fan bilang dat dizze sitewaesje net hurder spile wurdt as yn wurklikheit foarkomt, sadat de wiidweidigens en de rêst by de taskôger oerkomt) Dan giet de foardoarsskille. Hindrik hastich oerein. Hy leit de skjirre oan'e kant en fordwynt yn'e sliepkeamer. Daelk werom. Ûnder it rinnen wei docht er de broek fêst. Fierder is er yn't himd. Hy rint nei de doar fan'e hal. Hy loert hoeden troch it rútsje en komt yn'e keamer werom, yn djip biried. Dan giet de skille wer. Hindrik rint op'e doar ta.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 279]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
SKOFT
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
6.2.(Gryt en Hindrik komme út'e keuken. Gryt sjocht der wurch út)
Gryt
Wolst kofje as in pilske? Hindrik
Jow my mar in pilske. (Hy giet noflik sitten en set de t.v. oan. It journael is der foar)
Gryt
(út'e keuken wei) Set dat ding hwat sachter!
(Hindrik oerein. Set de t.v. sachter) (Gryt komt yn mei twa pilskes; jit yn) Hindrik
Dou ek al oan'e pils? Gryt
Ik ha myn nocht. Ik leau it wol foar hjoed. Kofje sette is my tofolle wurk. Hindrik
Kinst it allegear net hwat oars regelje? Gryt
Siz dou dan marris hoe't it oars moat. Set earst dat ding ris út. It nijs stiet moarn wol yn'e krante. (Hindrik docht de t.v. út) (Stilte. Beide drinke pils)
Hindrik
It is hjir suver stil. Gryt
Set de radio mar hwat sunich oan. Sa stil is my ek neat. (Hindrik docht it)
Hè hè. (stilte)
Moaije musyk. Hindrik
Koe minder. Gryt
Ik woe dat ik moarn ek siik wie. Hindrik
Dat is net to hoopjen foar dy. Safolle is dêr net oan. (stilte)
Gryt
Ik wol joun bitiid op bêd. Hindrik
Dat kin om my wol. Mar dan ek gjin gesoademiter mear fierder. Gryt
Hè hè. Hindrik
'k Ha myn nocht ek. Gryt
Dou hast de hele dei oars al op bêd lein. Hindrik
Jawis! Ik ha't wer dien! Hoe soe't ek oars! Forgun my mar dat ik siik wie! Gryt
Hindrik hâld op. Ik ha gjin nocht mear oan harsensskrabjen. Ik sil bliid wêze as ik it fel oer de eagen haw. Hindrik
Gjinien dy't dy keart. Gean dou foar in joun bitiid op bêd. Bist moarnier des to frisser. Gryt
Dan moastou ek mei. Allinne fyn ik neat oan. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 280]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Ik kin de earste ûren dochs net sliepe. Liz ik der mar to draeijen en dy út'e sliep to hâlden. Wist hwat wy dogge? Ik bring dy lekker op bêd; ik koes dy lekker even oan en as't dan sliepst, sjoch ik noch even nei de t.v. oan't ik ek slûch bin. Goed? Gryt
Ja, lekker. (Gryt gappet)
(Hindrik docht de radio en de measte ljochten út. Gryt bringt de bierglêzen nei de keuken. Dan togearre nei de sliepkeamer. De kraen rint)
(yn'e sliepkeamer:) Hastou de foardoar op it nachtslot draeid?
Hindrik komt werom, yn pyama. Hy rint nei de foardoar en draeit him op it nachtslot. Werom yn'e keamer falt syn each op'e krante. Hy lêst en docht lêzendewei mear ljocht oan. Gryt
(sliepkeamer) Hè hè, ik liz. Hindrik komste?
Hindrik
Ja. (Hindrik nei de sliepkeamer. Noch hwat gepraet. Dan wurdt it stil)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.3.(Hindrik op, yn'e klean. Hy jowt him del yn in stoel, lûkt de skuon út. De skille giet. Hindrik docht de doar iepen en Hindrina komt yn. Se hat in gebaksdoaske yn'e hân)
Hindrik
Moai sa. Hindrina
Sil'k se hjir mar delsette? Hindrik
Né, dêr net. Wy wolle der fuort ien fan ha. Hindrina
Ik hoech noch gjin. Ik haw krekt it iten op. Hindrik
Dan nim ik allinne ien. It is op't lêst hjoed dyn jierdei ek. (Hy set de doas foar him del en hellet it deksel der ôf)
Oh. (Hy sjocht yn'e doas en seit neat)
Hindrina
Hwat is der? Hindrik
'k Hie dy in ryksdaelder meijown, net? Hindrina
Hwat woestou dan? Hindrik
Koest dêr neat betters foar krije? (Hindrina seit neat)
Twa sokke suterige gebakjes binne my in ryksdaelder net wurdich. Hindrina
Dan ruilest se sels mar. (Hindrik bigjint fuort to iten oan in great stik gebak) Dy oare litst oer foar my, hear!
Hindrik
Hwa hat se bitelle, dou as ik? (Hindrina rint nei de hal, sil de mantel oanlûke)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 281]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hast sels jild as moat ik dy hwat meijaen? Hindrina
Ik haw it hjir wol bikeken. (Hindrik oerein, nei har ta. Dit hie er net forwachte.)
Hindrik
Hindrina, it is hjoed dyn jierdei! Dit moatte wy dochs fiere! Hindrina
Ik sykje wol in better plak. Ik ha wol mei mear skarrele. Hindrik
Hwat... hwat seist my dêr? Kom hjir en daelk! Siz nochris hwast dêr seiste. Hindrina
Ik sei: Ik ha wol mei mear skarrele. Ik fier myn jierdei wol earne oars! Hindrik
Dan hast my altiid foarliigd! Ik wie de iennige! Dou seiste: Hindrik, skat, ik soe net witte mei hwa't ik oars woe as mei dy. As ik dy net krij, is der nimmen dy't ik ha wol. (Komt ta himsels)
Dou wiest troud, seiste? Hindrina
Trije bern. Hindrik
Trije bern! Dat liichst my dochs! Hindrina! Wy wiene ôfpraet: As't my net krigeste, soest net trouwe! Dêr ha'k op rekkene! Hindrina
Hwat nou wer? Hindrik
Ik... ik wie fan doel dy to freegjen... myn wiif to wurden! Hindrina
Dou bist dochs troud! Hindrik
Ik tocht... ik tocht: Hjoed bart it greate momint. It greate momint! Hjir hie'k myn hele libben al nei útsjoen! Hjoed freegje ik har ta frou! Hindrina
Dou bist gek. Hindrik
In snipperdei haw ik der foar nommen! Hwerom tochstou dat ik hjir oars thús siet! Om to tûmkedraeijen? Om myn baes to bimiterjen? Om ris hwat to bilibjen as de frou net thús is? Né, né en nochris né! Ik wachte op dy! Hindrina
Hâldst my foar de gek. Hindrik
Dy foar de gek hâlde? (op har ta) Sjoch my oan! Dy foar de gek hâlde, leave? Hie'k dy dan fuortstjûrd om gebakjes? Hie'k dy dan samar in ryksdaelder jown? Brûk dyn forstân bern. Hjir stiet in man foar dy, dy't stapelgek op dy is! Noch altiid! Noch altiid stapelgek! Dêrom frege ik dy krekt: Wist noch wol dat ik dy thús brocht dy kear? Doe wie'k ommers ek al stapelgek op dy! Ik kin de wurden net fine om to sizzen hwat ik
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 282]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
foar dy fiel! Hindrina
Hat it al twa ûre west? Hindrik
Hoe sa? Hindrina
Oars moat der in kwartsje yn'e meter foar de auto. Hindrik
Ik lit dy allinne gean as't my biloofste dast werom komste. Biloofst my dat? (Hindrina stiet yn birie)
Hindrina
Nou ja... Hindrik
Doch it om my! Ik sit hjir de hele dei allinne. Nou foaruit: Gau nei de meter en fuort weromkomme. Hjir hast in kwartsje. (Hy sil har in kwartsje jaen, mar se is al fuort.) Dan net.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.4.(Op itselde stuit komt de man út'e keuken mei de sûkerpot)
Man
Sûker? Hindrik
Ien skepke. Man
Lêst fan sûkersykte? Hindrik
Hoe dat sa? Man
De measte manlju binne swietbekken en jo hoege mar ien skepke. (Hindrik sweit. Hy sit to brieden)
Net nei't wurk hjoed? Hindrik
In frije dei. Man
Dat sizze de measten dêr't ik kom. (Hy laket) Hokker kwael ha jo lêst fan?
Hindrik
Ik haw forgetten jo nei jou identiteitskaert to freegjen. Dat is't earste, dêr't men altyd nei freegje moat by in kollekte, ha'k lêsten yn'e krante lêzen. Man
Fortrouwe jo my net? Jo jowe my earst sa'n skoander himd en dan sa'n mislike opmerking! Dat roait nearne nei! Dat is dochs praet fan neat foar sa'n man! As it hjir in sûpsoatsje wie, koe'k it my yntinke. Gjin jild yn'e hûs en de holle wakker heech. Datsoarte folk fynt sokke smoesje út. Mar jo! Minhear, hwat falt my dit fan jo ôf! Hindrik
It is my noch hieltiid net dúdlik... Man
Ik wie ris by in frou oan'e doar en dy hie in skoander leaf hountsje. Ik stean allinne op'e wrâld, mar oars... Goed, ik siz tsjin dy frou: Mefrou wolle jo ek hwat jaen foar de kollekte? Doe stjûrt se dat hountsje op my ôf! En blaffe dat dat kring docht! Ik hie nearne euvelmoed yn! | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 283]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dat falt jin dan sa ôf, soks. Sa'n skoander hountsje en dan sa! Hindrik
It wurdt stadichoan tiid... Man
Mar hwat ik nou sizze woe... Ik neam dat hountsje as foarbyld foar jo. Aerdich yn't oankommen en as de need oan'e man komt: ho mar. Hindrik
Jo moatte ris even nei my harkje. Ik haw jo hjir oan'e thé, jo nimme myn klean mei dêr't ik libbensliif by stean en dan meitsje jo my sokke forwiten! Ik wol der net langer oer krimmenearje en stinne, ik woe allinne dit even tsjin jo sizze: sille wy stadichoan mar in ein meitsje oan dit petear, hwant ik moat fuort. Man
Fuort? Man, hie dat dan daelk sein! It is alhiel myn gewoante net om lju lang oan'e praet to hâlden! Dan sjogge se jin in twadde kear oankommen. Né, dat ha'k net foar de gewoante. Hwer is't húske? Hindrik
Troch dy doar. Earste doar rjochts. (De man giet nei de hal en dan nei't húske. Hindrik rint nei de keuken.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.5.(Fuort dêr op komt er de sliepkeamer út. Hy hat de strûper heal los).
Hindrik
Moast even wachtsje. (Hy rint nei de keuken. Hindrina komt de sliepkeamer út. Se hat de skuon út en de jurk los. Se forskûlet har achter in stoel. Hindrik út'e keuken werom. Hy ropt:) Ik kin't net fine! Ik leau wy ha gjin mear! (Hy rint de sliepkeamer yn. Ropt dan, yn'e sliepkeamer:) Hé, hé, hwer sitste?
(It bliuwt stil. Dan rint Hindrina as in hazze nei de hal en glipt yn't húske. Hindrik komt wer yn'e keamer, sjocht wakker om him hinne. Ropt:)
Moatst net sa frekte flau dwaen! Toe ju, kom nou! (stilte)
Hindrina, wy binne gjin bern mear! Hjir kin ik de lol net fan ynsjen hear! (It bliuwt stil)
Dan net. Harrejakkes hwat flau. (raest:) Harrejakkes! Harrejakkes hwat flau!! (Hy harket. Der bart neat. Hy stekt in sigaret oan, sjocht troch it rút nei bûten, giet dan wer nei de sliepkeamer. Hindrina komt hoeden út it húske. Se hat allinne in broekje en b.h. oan. Nei it midden fan'e
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 284]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
keamer. Dan, as in kat:)
Hindrina
Miau! (It bliuwt stil. Se harket. Hwat lûder nou:) Miau! (It bliuwt stil. Tige lûd nou:) Miau!! (Hindrik komt út'e sliepkeamer)
Hindrik
Soa, wie it dat! Maertske kluchten. (Hindrina stiet derby as woe se harsels wol foar de kop slaen)
Hast wol faker lêst fan dy klachten? (Hindrina rint nei him ta, slacht de hannen om him hinne. Hy triuwt har by him wei)
Soks moat ik neat fan ha. Klaei dy oan. (Hindrina as in sleine houn nei it húske. Se pakt har klean en lûkt dy yn'e keamer oan) Sa, dat liket better
Hindrina
(falt ynienen út) Dou kring! Jim manlju binne allegear itselde! (Hindrik sweit)
Is't net sa? Hindrik
Verklaer u nader. Hindrina
Dou bist bigoun! Hindrik
Hwermei? Hindrina
Dêr hast it nou! Dat is't him nou krekt! Earst oanhelje en dan de hannen der ôfwaskje! Altiid itselde! Hindrik
Altiid itselde? Dy oaren ek? Hindrina
Dou kring! Hindrik
Hindrina nou ta de saek. Dit is in gedonder fan neat. It is hjoed dyn jierdei. Dou sikest my op yn'e hope datst it mei my fiere kinste, ik nim der in snipperdei foar, sit de hele dei to wachtsjen, einlinks komste en wy dogge oars neat as rûzje meitsje! Sille wy mar in punt sette achter dat harrewarjen? Hindrina
Ik hie it allang al wollen, mar dou... Hindrik
Jow my de skuld mar. Hindrina
Né, serieus... Hindrik
Punt der efter. Út. Hindrina
Goed. (Stilte. Se sjogge elkoar oan, beide hwat mei de sitewaesje oan. Dan bigjint Hindrik to glimkjen. Syn stimming slacht oer op har. Sy glimket ek. It giet oer yn laitsjen)
Hwerom laitsje wy einliks? Hindrik
Astou dat ris wiste! (Hy flústert har hwat yn't ear,
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 285]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
pakt de beurs út'e bûse en jowt har in ryksdaelder. Hindrina giet ôf troch de foardoar)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.6.(Hindrik giet sitten. Dan wer oerein nei de kast. Hy hellet der hwat feestforsiering út en bigjint de keamer op to tugen mei slingers. As er klear is, set er in plaet op en giet noflik sitten. Nei in telmannich falt er yn'e sliep. Der wurdt in kaei yn'e foardoar stutsen en Hindrina komt yn. Se hat in gebaksdoze yn'e hân. As se Hindrik sliepen sjocht, rint se op'e teannen en set in gebakje foar him del. Se giet oan Hindrik syn fuotten lizzen en bigjint him foarsichtich de foet to kideljen. Hy skeukt hwat. mar sliept stil troch. Dan blaest se him yn't ear. Hy jûket mei de hân, mar wurdt net wekker. It mesyk spilet noch. Se set it ôf. Dan wurdt er wekker. Hindrik
Hen? Bist dêr wer? (Hindrina jowt him in tút)
Net sa'n geblabber. (Se hâldt him in gebakje foar)
Hindrina
Sjoch. Hindrik
Hearlik! Der bin'k oan ta. (Hy bigjint fuort to iten. Hindrina bigjint ek).
(Stilte)
Moatst my ek hwat fortelle. Hindrina
Hwat wolst witte? Hindrik
Fortel mar hwat. Hindrina
Ik wit neat. Hindrik
Hoe smakket dinent? Hindrina
Lekker. En dinent? Hindrik
'k Ha wolris lekkerder hawn. (Hy hat it gebakje op)
Sa, dat ha wy wer bisljochte. Hindrina
Hast ek hwat yn'e hûs? Hindrik
Drank piele wy net mei. Allinne as wy net sliepe kinne krije wy in romerfol. (Hindrik rûmet de boel op en bigjint hwat to sjongen. Hindrina núndert nou en dan hwat mei, dan sette se it lûd mear út en togearre sjonge se, nou en dan twastimmich)
Hindrik
Leuk, net? Hindrina
Prachtich. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 286]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
(Hindrik set wer yn. Nou: O wat zijn we heden blij)
Hâld op! (Hindrik sjongt troch)
Hindrik, toe! Makkest my sentimenteel! Toe Hindrik! (Hindrik hâldt op)
Hindrik
Kinst der net oer? Hindrina
Dan fiel ik my sa âld. Hindrik
It jongste is der ek ôf, dêr kinne wy net omhinne. Hindrina
Ik sjoch der noch wol aerdich flot út, net? Hindrik
It jongste is der ôf. Wy kinne prate sa't wy wolle, mar sa is't. Hindrina
Sjochst wol dat ik myn hier ferve ha? Hindrik
Hwat? Hastou dyn hier ferve? Eartiids hie it ek al sa'n kleur, by myn witten. Hwerom hast it dan ferve? Hindrina
Moast hjirris sjen. (Se hâldt it hier by it ear hwat omheech)
Hindrik
Hwat moat ik sjen? Hindrina
Sjocht it net? Hindrik
Al slachst my dea, ik sjoch neat! Hindrina
Moast tichterby komme. (Hindrik sjocht har wakker yn't hier)
Hindrik
Dúst hast al lêst fan. Hindrina
Né! Hindrik
Hjir boppe it ear is it allegear skylferkes. Dat is dúst, dêr ha'k sels ek lêst fan. De earste tekens fan kealens. Hindrina
Hwat seist my dêr? Hindrik
Oer tweintich jier hast in keale kop, dat wik ik dy. Hindrina
A jakkes! As't nou neat aerdigers wiste, krekt op myn jierdei! Hindrik
Sa sit it. De wierheit moat plak ha. Hindrin
Froulju wurde net keal, dat sjocht men selden. Hindrik
Dy sette in prûk op om't se it net wêze wolle. Mar der binne genôch froulju mei in keale kop. Genôch. Hwêrom tochste dat safolle froulju in prûk ha? Allinne om't har hier har net nei't sin is? Hindrina
Ik ha ek in prûk Hindrik
Der hast it al. Foarsoarchsmaetrigels. Hindrina
Ik haw him kocht om't ik ris hwat oars woe. Hindrik
Hwat oars? Hindrina
Ik hie der genôch fan om altiid tsjin itselde bosk | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 287]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
hier oan to sjen. Hindrik
Hwerom hast him dan nou net op? Hindrina
Ik haw him yn'e tas. Hindrik
Set him ris op. (Hindrina hellet de prûk út'e tas en set him op)
Gean ris stean. (Hindrina docht it)
Draei dy ris om. (Se docht it)
Falt my neat ôf. Hoe soe sa'n ding my stean? Hindrina
Set him ris op. (Hindrik set de prûk op; Hindrina bigjint to laitsjen)
Hindrik
Hoechst my net út to laitsjen! Hindrina
Hy stiet dy prachtich! Hindrik
Hwerom lakest dan? (Hy bisjocht himsels yn'e spegel. Dan skuort er de prûk ôf en keilt him nei Hindrina ta)
Moast earst ris nei dysels sjen, foardatst in oar útlakest! (Hindrina is fuort stil)
Hindrina
(skerp) Hwat bidoelst dêr mei?
Hindrik
Krekt sa't ik it siz. Hindrina
Siz mar hwer't it op stiet. Praet der mar net omhinne. Dé wierheit moat ommers plak ha. Hindrik
Om nou earlik to wêzen... Hindrina
Siz it mar! Hindrik
Wurdst net lilk? Hindrina
Toe mar! Hindrik
Ik hie my... ja hoe sil ik it sizze... Hindrina
(súver hwat lilk) Siz mar op!
Hindrik
Earst in kop kofje, dan wol it better. De nescafé stiet op it oanrjocht. Dochstou it even? (Hindrina nei de keuken)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
5.7.(It wetter fluitet yn'e keuken. Hindrina komt yn'e keamer mei twa koppen kofje)
Hindrina
Hjir is dyn kofje en nou wol'k it daelk witte! Hindrik
Hwer gie it ek wer oer? Hindrina
Hwat fynstou fan my? Hindrik
Oh ja. Nou.. om... om to bigjinnen... Hindrina
Net sa langtriedderich. Hindrik
(yn gedachten) Om to bigjinnen... ja, hwêr sil'k bigjinne?
Hindrina
Hiest tocht dat ik kreazer wie? Hindrik
Né... dat... dat... is't net. Hindrina
Dou... | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 288]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Siz it mar. Hindrina
Né, dou moast it sizze. Hindrik
Nou. Punt ien. It falt my hwat ôf datst sa krinterich út'e hoeke komst. It is dyn jierdei en ik moat de gebakjes bitelje. Hindrina
Nou ja... sjoch.. Hindrik
Gjin nou ja. Sa sit it. Punt twa... Hindrina
Ik wol it net iens witte! Sok praet ha'k fuort al myn nocht fan. Hindrik
Né, dit moat ik dy dochs efkes sizze. Hindrina
As't mar net sa langtriedderich biste. Hindrik
Dou... dou bist foroare. Ik bidoel mar... net om'e holle en sa... dat sprekt fansels... dat is in stik foroare, deryn bist ûnwjerkinber. Mar fierder... Hindrina
Ik wit it sels wol... hâld mar op! Hindrik
Dyn aerd. Wiest sachter froeger. Folle sachter. Net sa bluisterich as nou. Né, bluisterich is't wurd net. Sa trutterich, seit de jeugd fan tsjintwurdich. Hindrina
Trutterich? Hindrik
Ja, trutterich. Hindrina
(lilk) Trutterich? Trutterich? Hwat is dat: trutterich?
Hindrik
Dat seit de jeugd tsjintwurdich: trutterich. En dêrmei ha'k alles sein. Hindrina
Hast dêrom hjir dy slingers ophongen! (Se skuort se fan't plak en smyt se Hindrik ta)
Hindrik
Nou, dan net trutterich. Mar kloaterich as hufterich as lêbbich as seurderich is't wurd ek net. Der is mar ien wurd foar. En as't it dêr net mei iens biste: goed. Mear kin'k der net fan sizze. Hindrina
Ik ha't hjir wol bisjoen! Hindrik
As't fuort wolste, ik sil dy net keare. (Hindrina docht de mantel oan)
Hindrina
Eh... kin'k ek in ryksdaelder fan dy liene? Hindrik
Hinget der fan ôf hwannear't ik him wer krij. Hindrina
Hâld him dan mar. (Troch de foardoar nei bûten. Hindrik rûmet de slingers op. Set in plaet op en jowt him del)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2.7.(De tillefoan giet. Hindrik set de plaet ôf, nimt de tillefoan op)
Hindrik
De Vries... ja... né... ja, ik fiel my net to goed. Hat | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 289]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
de frou it net trochjown?..... Hwat to drok hawn, ja. It is nochal hwat spannend de lêste tiid. Dy lange ritten altyd... Hwat seine jo?... Né, dat net. Moarn bin'k wer de âlde. Ja... tankewol. (Hy leit op)
Man
(Komt op mei in koffer. Hindrik is mei syn gedachten noch by it tillefoanpetear)
De lytse sliepkeamer kin't him wol dwaen. As ik it bêd hwat foar't rút skou, kin'k moarns moai fier yn'e strjitte sjen. Ik sil myn guod ophelje. It liket my hjir net in min plak ta. (Hy sjocht Hindrik sitten) Hwat nou? (Hindrik is mankelyk)
Hindrik
Hwerom sitte de minsken altyd sa achter jin oan? Ik bliuw ien dei thús om ris allinne to wêzen en se skilje al fan it fabryk. Ik haw amper tiid hawn om in kop kofje to drinken en se sitte my al achter de fodden! Man
Jo moatte ris nei my harkje: De minske is in min ding! Oan't yn'e groun ta min! Bidonderje en hjitfolgje, lige en jin bimige, dat kinne se, minhear! In oar mei rêst litte, ho mar! Kletse en eamelje en in oar troch it slyk helje! Hindrik
Ik hie it de frou oars goed sein. Man
Men kin net op'e minske oan, minhear! Men praet dingen ôf, yn goed fortrouwen, hân op it hert. Mar ho mar. Men kin it likegoed net dwaen. Hindrik
Se is oars altiid sa sekuer. Se hat der sels ek baet by as ik ris in dei thús bliuw. Man
It oare gesicht minhear. Hindrik
It falt my fan har ôf! Se koe my wol net fortrouwe! Man
Wy dogge it sa: ik nim dy lytse sliepkeamer. Kin'k moarns yn'e strjitte sjen as elk nei it wurk giet. En as jo in dei thús bliuwe wolle, skilje ik even. Wy drinke in bakje kofje togearre, wy lizze in kaertsje en middeis in sliepke. Hindrik
Jo moatte dochs ek oan't wurk? Man
Ik sil jo riz hwat sizze: Jo en ik binne tragyske gefallen. Slachtoffers fan dizze maetskippij. Der wurdt oer ús hinnewâdde. Twa bern ha se my ûntnommen! Twa bern fan myn eigen bloed! En hwêrom, freegje jo? Hwêrom? Wist ik it mar! Wist ik it mar, minhear! (Hindrik is mei de sitewaesje oan, wit net hwat er hjir op sizze moat)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 290]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hwat sizze jo dêr nou fan, fan sa'n bihanneling? (Hy wachtet op antwurd)
Of sizze jo neat fan soks? Amtner, ik hie it al tocht. Dat folk hâldt elkoar altiid de hân boppe de holle. Hindrik
Ik bin mar gewoan chauffeur by de Frico! Man
Dat ha'k al sa faek heard! As jo neat betters witte! Hindrik
Mar it is wrachtich wier! Ik stean hjir net to ligen! Man
Hwat is de rang? Kommys as haedkommys? Boppe de tritich tûzen? (Hy stiet foar Hindrik en drukt him stadich yn in hoekje)
Hindrik
It moat potforgemy net mâlder! Ik woe dat... Man
Ho ho, net sa'n komkak! Hindrik
Ik woe dat ik jo nea binnen doarren helle hie! (Hindrik sil him oan'e kant triuwe, mar de man is folle sterker)
Man
Gean lizzen dou! Gau! (Hindrik giet op'e groun lizzen) Hannen op'e rech. (Hindrik docht it. De man hellet himsels in reade bûsdoek út'e bûse en bynt dy Hindrik foar de mûle)
Gjin kluchten dou! (Mei in stik tou bynt er Hindrik hannen en fuotten fêst)
Nou moast noch marris sjonge. (De man giet de keamer út. Hindrik bigjint to bearen. It slagget him, sa goed en sa kwea as it giet, om oerein. Hy falt wer, mar it slagget him op lêst om de bûsdoek foar de mûle wei to krijen)
Hindrik
Help! Help! Man
(komt werom) Bek hâlde to razen!
(Hindrik syn hannen en fuotten sitte noch fêst, mar hy stiet rjochtop en bisiket hippendewei op'e man ta to kommen)
Hwat sille wy nou ha? Hindrik
Ik sil dy! Ik sil dy! Hjir giest foar de bak yn! Ik jow dy oan sadré't ik dy ha! Man
Soest wol wolle. Kinst my net iens krije. (Hy makket der in spultsje fan, ûntwykt Hindrik, stekt in sigaret oan en giet op in tafel stean)
Hindrik
Fan dy tafel ôf en daelk! As myn frou dit sjocht dan waeit der hwat! (Hy stiet foar de tafel. It is krekt as is er oan it koppen, lyk as by fuotbaljen, om de man fan'e tafel to krijen)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 291]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Man
(sjongt) Trala... tralala.. (enfsh)
(Hindrik wrot ûnder de tafel)
Ho ho. (De man giet fan'e tafel ôf)
(De bûtendoarskille giet. De man skrikt. Hindrik wrot ûnder de tafel wei. De man makket him de hannen en fuotten los)
Dou nei de doar! Ik gean salang op bêd! (De man ôf nei de sliepkeamer)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.4.(Op itselde stuit komt frou Galama út'e hal)
Frou Galama
Jo moatte my helpe. Hindrik
Dat haw ik alris hearder heard. Frou Galama
Witte jo eins wol hwa't ik bin? Hindrik
Frou Galama. Buorfrou Galama fan lofts Frou Galama
Ik bin in troch ende troch min minske. (ynienen heftich) En dêr moatte jo my ôfhelpe!
Hindrik
Soa. Frou Galama
Ik bin pervers oan'e neil fan myn teannen ta. Pervers! Dokter seit it ek! En der wol'k ôf! Dêr wol ik ôf!! Hindrik
Hwat is dat eins? Frou Galama
Hoe woene jo sizze? Hindrik
Pervers. Frou Galama
Troch myn man bin'k sa wurden! As ik dy net sjoen hie... Hindrik
Dat freegje ik net. Frou Galama
Oh. Hindrik
Ik frege: Hwat is dat krekt, der't jo lêst fan ha? Frou Galama
Merke jo it net oan my? Hindrik
Hwat dan? Frou Galama
(flakby Hindrik) Sjogge jo neat oan my?
Hindrik
Jo binne my to drok, mar oars... Frou Galama
(falt him om'e hals) Hwat bin ik jo tankber! (se sjocht him smeekjend oan) Soene jo...
Hindrik
Hwat? Frou Galama
...my even op bed bringe wolle? Ik bin sa yn ein! Ik moat even bikomme! Hindrik
It bêd is biset. (Frou G. sjocht him freegjend oan)
Kin'k fjirder neat fan sizze. Frou Galama
(lit har wer tsjin him oanfalle) Hâld my beet!
Hindrik
Minske, hwat ha jo in gewicht! (De sliepkeamersdoar is foarsichtich iepen gien. De man sjocht hoeden om'e hoeke. Dan weaget
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 292]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
er him hwat fjirder yn'e keamer)
Man
Ek dei. (Hindrik en frou Galama litte elkoar los. Hindrik wol frou Galama kwyt, mar dizze wykt net fan syn side)
Is der ek frisdrinken yn'e hûs? Frou Galama
Ik haw ek wol nocht oan hwat. Ik haw toarst. De man
(tsjin Hindrik) Sjoch even yn'e koelkast.
(Hindrik ôf nei de keuken)
(tsjin frou G.) Dit is de frou dus.
Frou Galama
Sa kinne jo it neame. De man
Ik haw jo wolris earder sjoen. Frou Galama
(forheard) Hwêr dat?
De man
Dat sille jo net mear witte. Frou Galama
Op dy brulloft fan... De man
Hâld dy mar net sa ûnnoazel. Frou Galama
Jo hoege my hjir net to doukjen! De man
Ik wist net datst sa'n sûch fan in man hiest. Frou Galama
Nim my net kwea ôf, ik kin dit net folgje. Mei ik freegje hoe't jo hjir samar yn'e hûs komme? De man
Ik kom mei in kollekte. Frou Galama
Hwat moat men dan yn'e sliepkeamer, as ik freegje mei? De man
Bikomme fan'e alteraesje. Men hat soms fan dy dingen... (Hy komt op har ta)
De keamer is frij, leave. (Hy jowt in hint nei de sliepkeamer. Frou G. rint by him wei)
Frou Galama
Moat ik myn man roppe? De man
Moast it sels ek mar witte. (De frou rint nei de keuken, sjocht troch de doar)
Frou Galama
Hjir is er net. (ropt:) Hindrik! Hindrik! (De foardoarskille giet. Frou G. nei de hal. De man rint har efternei)
Hjir bliuwe. (Hy bliuwt op'e loer stean. Wy sjogge dat frou G. earst troch it rútsje loert. De skille giet wer. Se docht de doar op in kier iepen. Wy hearre it lûd fan in frou. Se is net to sjen)
Hindrina
(har lûd) Oh.
Frou Galama
Hwer kin ik jo mei skewiele? Hindrina
Nim my net kwea ôf, ik bin by de forkearde doar. (Frou Galama docht de doar ticht en komt de keamer wer yn)
Frou Galama
Hè hè. (Se is net op har gemak)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 293]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De man
In kwea geweten, ik sjoch it wol. Frou Galama
Hwêr soe myn man dochs sitte? De man
Sykje him. (Frou Galama wakker yn harsels)
Hwat nou? Frou Galama
(spilet ynhâlden fortriet) Jo moasten ris witte.
De man
In kloat is't, dat wist ik allang. Frou Galama
As dat alles mar wie! De man
Hoe sa? Frou Galama
Kin'k firder neat oer sizze. De man
Hy wol net wurkje, dat ha'k allang bisjoen. Frou Galama
Bleau it dêr mar by! Al soene jo my mishannelje, ik siz it net! De man
Dan net. 'k Ha der gjin sint mear om. Frou Galama
Mar it kin sa net langer! Der moat foroaring yn komme, oars rin ik fuort! De man
Nimmen dy't jo keart. Frou Galama
Mei ik jo hwat freegje? De man
Kom mar op. Frou Galama
Hwat diene jo dêr yn dy sliepkeamer? De man
Wolst it perfoast witte, leave? (Frou Galama sjocht him oan, taksearret him. Dan rint se nei de keuken)
Frou Galama
Hindrik! Hindrik! Hindrik
(komt op mei in stôk yn'e hân)
Der wie'k al! Frou Galama
Hindrik, it kin sa net langer! Hindrik
Dat hie'k krekt sa tocht! Dat gesoademiter moat hjir út wêze. Ik bin in dei thús om ta rêst to kommen, ik ha de frou sein dat ik nimmen ynlitte soe en nou ha'k it sa drok fan'e alteraesje, dat ik moat moarn suver bikomme! De man
It leit him net oan my. Ik jow my wol del. (Hy giet ôf nei de sliepkeamer. De oaren sjogge even forstuivere, dan rint frou G. op Hindrik ta, lit har tsjin him oanfalle en bigjint to snotterjen. Hindrik lit it in telmannich gewurde, triuwt har dan fan him ôf. Hy rint nei de thépot mei kalde thé en dan op'e frou ta)
Der wie ris in keardel dy sei tsjin syn wiif.. (De frou sjocht him oan) ...dy sei tjin syn wiif...
Frou Galama
Hwat sei er? Hindrik
Dy sei... Frou Galama
Sit der noch thé yn? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 294]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hindrik
Ik leau it wol. (Hy bliuwt stean, even yn'e war)
... as't net ophâldst fan janken.... Frou Galama
...dan byt ik dy yn't boarst. (Se laket. Hindrik is der wer ôf. Hy bigjint hinne en wer to rinnen)
Hindrik
Potforgemy! Potforgemy! Frou Galama
Hwat nou? Hindrik
POTFORGEMY! Ik wurd noch sljocht! Ik wurd noch sljocht yn myn eigen hûs as dit sa trochgiet! Frou Galama
Gean ris even sitten. (Hindrik docht it. Frou Galama bigjint him troch it hier to aeijen)
Hindrik
Ik kin wol janke as dit sa trochgiet! Frou Galama
Rêstich sykhelje en nearne oan tinke. Hindrik
Altyd sa fredich togearre, men bliuwt in dei thús en dan dit gesoademiter! Frou Galama
Ik sil in plaet opsette, dan komme jo ta rêst. (Se sil by him weirinne)
Hindrik
Net by my weigean! Ik kin wol sljocht wurde yn myn eigen! Frou Galama
Sil'k hwat drinken helje? Hindrik
Ik ha sa'n toarst as hwat, mar bliuw hjir by my! (Frou Galama massaeret syn holle om him to ûntspannen. Dan ropt se nei de sliepkeamer:)
Frou Galama
Hé, kom ris fan't bêd! Hindrik
Net sa raze. (De man komt út'e sliepkeamer. Hy hat in pak fan Hindrik oan)
De man
Hwat nou? Frou Galama
Hwat nou? Sjoch hjirris: dizze man wurdt hjir sljocht! Helje in glês wetter út'e keuken! (De man bliuwt stean to sjen) Helje in glês wetter en gau! Wolle jo in moard op jou geweten ha? (De man nei de keuken)
Saksearret it al hwat? Hindrik
Ik leau't al. Ik kin my nou sels wol wer rêde. (Hy sil oerein, mar frou Galama dy't achter him stiet, drukt him wer op'e stoel)
Frou Galama
Net to Kurd. Dat kin nea goed wêze nei sa'n alteraesje. Earst in slokje kâld wetter. (Se ropt nei de keuken:)
Hwer bliuwt dat wetter? (Se giet ôf nei de keuken)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3.5.
(Hindrik bliuwt sitten to wachtsjen. Hy harket, mar it is deastil yn'e keuken. Dan ropt er:) Wurdt
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 295]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
it noch hwat? (Hy harket. Wy hearre frou Galama sunich laitsjen)
Potforgemy! Potforgemy! Hwat is my dit hjir foar gesoademiter! Dit moat út wêze! Hearre jim my! (Hy harket. It bliuwt stil) Dan net. Dan sil'k jim oars krije. (Hy pakt stuollen en oar meubelguod en barrikadearret de keukensdoar) Sa. Hè hè... In minske kin it der wol fan op'e sénuwen krije, sa'n alteraesje. Hè minsken. Hwat hellet men ek út en bliuw in dei thús. Oars neat as argewaesje. (Der wurdt yn'e keuken lake: wy hearre de lûden fan'e man en frou Galama dy't oan it gekjen en frijen binne. Hindrik sil nei de keukensdoar ta, mar kin der net by troch syn eigen barrikade. Hy harket. It laitsjen en geijen wurdt forheftiger)
Hindrik
Hé! Is dat út dêr! Wolle jim ris gau ophâlde! (De wille nimt ta en ek heart men it rinkeljen fan glês en it gekletter fan messen en fuorken.
Hindrik bigjint sa hurd as er mar kin syn barrikade ôf to brekken en as er by de doar kin en dy iepen docht, fleane glêzen en messe- en fuorkeguod troch de kier fan'e doar. Hindrik lûkt hurd de doar wer ticht. It laitsjen oan'e oare kant saksearret. Hindrik sit midden op it toaniel. Hy is der mei oan. It is nou folslein stil. Hoeden giet de keukensdoar iepen. Frou Galama sjocht om in hoekje. Dan komt se tichterby. Se hat it hier wyld om'e holle, har jurk hinget har yn flarden om it lichem) Frou Galama
Hoe is 't nou! Bikomt it al hwat? (Hindrik sjocht foar him del, seit neat)
Bikomt it al hwat, buorman? (stilte)
Buorman? (stilte)
Hwat is der oan, buorman? (stilte. Dan ropt se mei in úthael nei de keuken:)
Hy hat syn spraek forlern! (De man sjocht nou hoeden om'e hoeke. Hy is yn't himd en'e ûnderbroek. As er tichterby komt, seit frou G.:)
Lûk earst dyn klean oan, hwat mei in oar wol net tinke! (De man werom, de keuken yn. De frou oersjocht de sitewaesje, bigjint dan de stuollen
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 296]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
toplak to setten.)
Stiet dizze hjir? (Hindrik reageart net. De man komt yn't pak út'e keuken. Syn klean sitte ûnder de mosterd en de mayonaise.
:
Frou G. tsjin'e man) Set de boel ris even to plak. De man
Ja. (Hy bringt de glêzen en messen en foarken nei de keuken. Beide minsken drok oan't wurk)
Frou Galama
Klear. (tsjin Hindrik) Kin't sa?
(Hindrik sjocht om him hinne, tige fortrietlik. Dan bigjint er ynhâlden to gûlen. De frou en de man binne der mei oan. Nei in telminnich bisiket de man ûngemurken nei de doar fan'e hal to rinnen en út to naeijen)
Frou Galama
Wolst hjirris bliuwe! (De man bliuwt stean) Helje in wiet waskhantsje. Wy sille him biwaskje. (De man forweecht him net)
Yn'e sliepkeamer! (De man nei de sliepkeamer. Hindrik komt ta himsels)
Hindrik
Dy frekte snipperdagen. Altiid itselde lijen. Frou Galama
(ropt:) It hoecht net mear!
(De man komt werom mei in drippend waskhantsje)
De man
Hwat is dat frekte ding wiet! (Hy hat it tusken tûme en finger)
Frou Galama
Better útknipe. Hy hat syn spraek werom.
(tsjin Hindrik:) Jo kinne it nou wol allinne ôf?
(Hindrik sjocht har oan, seit neat)
(tsjin'e man:) Kom mei, hy kin't nou allinne wol ôf! (De man triuwt Hindrik it wiete waskhantsje yn'e hannen. Frou Galama en de man redsum nei de foardoar en ôf)
Hindrik
Jo ha noch neat yn'e kollekte! (Hy skout in pear dingen noch hwat torjochte, sjocht nochris om him hinne en rint dan stadich nei't húske.)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1.1.Op itselde stuit komt Gryt út'e sliepkeamer. Se is wosken en hwat opmakke. Se bigjint de moarnstafel klear to meitsjen. Se is hastich, hwant se moat nei't wurk en it is net bitiid mear. As de tafel klear is en de thé op it stoofke, giet se by de tafel sitten. Se wachtet in telmannich en bigjint | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 297]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dan thé út to jitten yn beide kopkes) Gryt
Hindrik! Komste? (Se drinkt har thé út en bigjint bôlle to smarren. Se smart earst ien foar harsels, docht der tsiis op, smart dan in twadde stik en leit it op it board fan Hindrik)
(se ropt:) Daelk healwei achten!
(se harket. It bliuwt stil)
Hoe fier biste? (Se rint nei de sliepkeamersdoar. Op itselde stuit komt Hindrik út'e sliepkeamer wei. Hy sjocht der slûch út, it hier om'e holle en noch yn'e pyama)
Hindrik
Dêr bin'k al Gryt
Hást de klean noch net oan? Hindrik
Earst mar in hap ite. Gryt
Altiid itselde gedonder moarns! Ik woe dat dêr hwat oan to dwaen wie! Hindrik
(drinkt syn thé leech) Hast noch in kop thé? (Se jit him thé yn en haffelet yntusken op in stik bôlle om dat net troch de kiel wol)
Gryt
Kom dan ek hwat earder fan't bêd! Dou soargest mar dat ik op'e tiid op't wurk bin! It leit him net oan my, diz kear! Hindrik
Dou kinst de auto wol krije. Gryt
En dou dan? Hindrik
Dat rêdt him wol. Gryt
(sjocht him oan) Is't wer sa? Hindrik? (Hindrik knikt)
As dy aenst in dokter oer it mad komt, waskje ik myn hannen der ôf. Hindrik
Ha wy ek brune sûker? Gryt
Yn it loftse kastje hoppe it oanrjocht. (Gryt docht har mantel oan, hellet in kaem troch it hier. Hindrik komt werom mei brune sûker)
Hoe liket it sa? Hindrik
Kreas. En nou moast sjen datst fuort komste, oars bist to let. (Gryt op Hindrik ta; stiet tsjin him oan)
Gryt
Biloofst my ien ding? Hindrik
Hwatte? Gryt
Dat wist wol. (Se wurdt hwat oandien)
Dêr ha wy de lêste kear sa'n lijen om hawn en der fyn'k neat oan! Wier Hindrik it hindert néat foar in kear. Moarn geane wy wer togearre nei't | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 298]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wurk. Ik siz it wol even tsjin'e baes datst net al to halich biste. Biloofst my datst hjoed op bêd bliuwste? Hindrik
Jawis! Hwat oars! En nou fuort, oars krijstou ek noch gedonder. Gryt
Goei skat. (Se tutet him. Ôf)
Hindrik
Goeije. (Hindrik oersjocht it fjild ris rêstich en bigjint dan de breatafel ôf to rûmjen. Hy sjongt hwat, stekt in sigaretsje oan. As er klear is, giet er nei de sliepkeamer. Hy lit de doar heal iepen stean. Wy hearre de kraen rinnen: Hindrik is him oan't waskjen. Dan giet de tillefoan. De kraen wurdt tichtdraeid en Hindrik komt op. Hy hat allinne in pyamabroek oan; is op bleate fuotten. Hy hat noch hwat skûm oan'e holle en yn'e nekke. Hy nimt de tillefoan op)
De Vries. (harket) ... Mei hwa?... Mei hwa sizze jo? Né, dy is net thús. Nei't wurk..... Ja, dan ha jo de goede foar. Wy wurkje op'e Frico togearre. Hwat?.... Hwat sei?... Dou?... Bistou it!.... Hoe is it mooglik!.... Ja fansels libje ik noch....
Kertier oer tolven oan't kertier oer ienen... Ja, dat komt prachtich út ek noch.... ja, dat kin wol.... Ja, mei de auto.... Dat komt altlid klear... Né wier, dêr hoechst net bang foar to wêzen. Dat is oanite en wer fuort... Ja. Bêst. Oant sa hen! Oant sa. (Hy leit de tillefoan op'e heak. Hy set de stuollen hwat torjochte, nimt in steapel kranten út'e krantebak en rint nei de keuken. Dan giet de foardoarsskille)
EIN.
Foar de regisseur, om analyse fan it stik hwat makliker to meitsjen:
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 299]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
|