Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 246]
| |
Tr Riemersma:
| |
[pagina 247]
| |
‘Vitste, sai Trijefinger, ‘do hingest dyn hwódsje en dynGa naar margenoot+ monteltsje yn dut strûkje en do sets dyn kwórke dernaist, don tinke de vachters dotsto dêr stjist. En don gjist mai ús óm dêr fjidderóp sókke grutte blómmen te sykjen.’
Gaudloke sêg fon de iene óp de oare. Mar se betocht har net lang, se strûpte ut monteltsje út en tearde ut oerGa naar margenoot+ un strûk hinne. En se hóng ut hwódsje durbóppe en sette ut kwórke durnaist. En dû sette se mai Ienfinger, Twafinger en Trijefinger ô.
Gaudlokje vist net vot se east en lêst plukke soe. de frôlje rónnen fwar har út en viisden: ‘sjug dêre! KómGa naar margenoot+ jir rus! Matst der rus sjen!’ En se dwaalden ol fjidder, dot de vachters óp de twórren vjinnen net mear te sjen en te beróppen.
Gaudlokje hji de jerrems fól blómmen en voe veróm, mar de frôlje skwórden har mai, djipper de bósk yn enGa naar margenoot+ brochten har nai har mem, dot vji un kweade heks. De heks tsjoende har óm yn un fûggeltsje en nóm har mai nai har venstee yn de Swatte Bergen.
Dût de sinne begón te sakjen vaar de koaningin óngerêst. Se rûûp de vachters ot se vól óm Gaudlokje tocht hjinnen. De vachters sainen: ‘Se stjit noch oltyten bij deselde strûk. Dêr stjit se de hele middy ol.’ Dot lyke de koaningin núver ta. Se rón de tún yn en fûn oas neat os ut hwódsje, ut monteltsje en ut kwórke. Gaudlokje vji net te fynen, vêrt se ek sochten. De koaningin vaar lilk óp de vachters dyt har sa ferryfelje litten hjinnen. ‘Grutte sûllen dot jim binne,’ sai se. En dû begón se te skriemen. De koaning, dyt tróch de fainten óphelle vji, trêde de keamer mar óp en del en sai oas neat os: ‘Hû kryt se ut yn de plosse! Hû kryt san | |
[pagina 248]
| |
bên ut yn de plosse!’ ‘Eê vot!’ sai de koaningin. ‘Vot tinkste? Dot hat Gaudlokje sels net betocht. Sa liep is san bên net. Dut spul hat lúzzen!’
Dot voe de koaning ek vól oan. Hij liet yn syn hele ryk bekend maitsje dot prinses Gaudlokje vji óntfierd tróchGa naar margenoot+ un kweadenien, en vaat har wérom brocht, dy soe un bêst stik jild ha, en hij mócht mai Gaudlokje traue os se de jirren hji.
Dur vjinnen ferskillende ridders dyt oan de koaning syn ópróp gehoar jûgen, mar ginien slagge ut en fyn Gaudlokje. De jirren gyngen fwarbij en de koaning en de koaningin varen ôd en griis fon fertriet.
Dû vji dur yn un oar lôn un koaning dy hji twa swannen. De ôdste sai tsjin syn hait: ‘Ik vól óp rais enGa naar margenoot+ sjen ot ik Gaudlokje fyne ken. Slagget mij dot, don ken ik koaning vurre oer un heel greot ryk.’
Hij helle ut hynder fon stôl en stiik ô.Ga naar margenoot+
Hij hji un dai riden, dû sêg ur oan de kônt fon ut paad un ôdmontsje sitten. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear,Ga naar margenoot+ vólle jo mij helpe óm myn klómpen te kramjen? Vot mat san ôd stumper os ik sónder klómpen!’
De ôdste soan jûûg giniens ontvud. Hij ried tróch.Ga naar margenoot+
Fwótdurnai tocht ur: vot healviis dot ik de fûgels net mear sjóngen hear. Olles is sa stil, os vji ut jir útstoan.Ga naar margenoot+
Even fjidder siet ver un ôdmontsje oan de kônt fon ut paad. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear, vólle jo mij helpeGa naar margenoot+ óm knopen oan myn jos te naaien? Vot mat san ôd stumper os ik sónder jos!’ | |
[pagina 249]
| |
De ôdste soan jûûg giniens ontvud. Hij ried tróch.Ga naar margenoot+
Fwótdurnai tocht ur: vot healviis, ik ha gjin gefoelGa naar margenoot+ mear yn myn jerrems en skónken. Olles is mij dôf.
Dû siet dur even fjidder ver un ôdmontsje oan de kôntGa naar margenoot+ fon ut paad. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear, vólle jo mij helpe óm de klep oan myn pet te setten? Vot mat san ôd stumper os ik sónder pet!’
De ôdste soan jûûg giniens ontvud. Hij ried tróch.Ga naar margenoot+
Fwótdurnai tocht ur: vot healviis, myn êgen koenen vólGa naar margenoot+ minder vurre. Olles vurt sa skier óm mij hinne.
Hij dwaalde noch un daimonneg óm, mar olles rón himGa naar margenoot+ tsjin en mai un min sin kaam ur ver tús.
Dû sai de jóngste prins: ‘Ut begruttet mij óm dyGa naar margenoot+ Gaudlokje. Ik sil sjen ot ik har fyne ken.’
Hij helle ut hynder fon stôl en stiik ô.Ga naar margenoot+
Hij hji un dai riden, dû sêg ur oan de kônt fon ut paadGa naar margenoot+ un ôdmontsje sitten. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear, vólle jo mij helpe óm myn klómpen te kramjen? Vot mat san ôd stumper os ik sónder klómpen!’
De jóngste prins rûûp ‘Ho’ tsjin ut hynder, stapte ô enGa naar margenoot+ hólp de ôd mon te klómpkramjen.
Dût ut kervai beret vji, sai de ôd mon: ‘Och, safólleGa naar margenoot+ ferlet haf ik dur ek net fon. Ik soe seze, jo matte dusse klómpen mar fon mij ha. En harkje goed: os jo dusse klómpen oasóm oandógge, don ken ginien jo rinnen heare.’ | |
[pagina 250]
| |
Even fjidder siet ver un ôdmontsje oan de kônt fon utGa naar margenoot+ paad. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear, vólle jo mij helpe óm knopen oan myn jos te naaien? Vot mat san ôd stumper os ik sónder jos!’
De prins sai ‘Ho’, stapte ô en hólp de ôd mon ómGa naar margenoot+ knopen oan de jos te naaien.
Dût ut klear vji, sai de ôd mon: ‘Och, safólle ferlet hafGa naar margenoot+ ik ek net fon dy jos. Ik soe seze, jo matte him mar mainimme. En harkje goed: os jo dusse jos binnenstebwótten oandógge, don ken ginien jo fiele.’
Dû siet dur even fjidder ver un ôdmontsje oan de kôntGa naar margenoot+ fon ut paad. Ut ôdmontsje rûûp: ‘Eale hear, vólle jo mij helpe óm de klep oan myn pet te setten? Vot mat san ôd stumper os ik sónder pet!’
De prins sai ‘Ho’, stapte ô en hólp de ôd mon óm deGa naar margenoot+ klep oan de pet te setten.
Dût ut dien vji, sai de ôd mon: ‘Och, safólle ferlet hafGa naar margenoot+ ik ek net fon dy pet. Ik soe seze, nim him mar mai. En harkje goed: os jo dusse pet achterstefoaren ópsette, don ken ginien jo sjen.’
De prins ried dagen lang. Hij kaam tróch un stjinnenGa naar margenoot+ dêr siet un ekster yn. De ekster sai: ‘Oltyt mar rjóchttróch. Oltyt mar mooi rjóchttróch.’
De prins ried dagen lang. Hij kaam tróch yn stjinnen bósk, en dû tróch un iizderen bósk, en dû tróch un glêzen bósk. En dû lainen de Swatte Bergen fwar him. Hij sette ut hynder óp fersyde en rón nai ut kesteel fon de heks ta. De pet hji ur achterstefoaren óp, en de jos | |
[pagina 251]
| |
hji ur binnenstebwótten oan, dot ginien koe him sjen en fiele. Mar heare koene se him wól, vont de klómpen oasóm oan, dot rón sa min.
De prins trjode de doar fon ut kesteel óp en rón duryn.Ga naar margenoot+ Mai flêgen dur blazende kotten mai lange nailen óp him oan. Se voenen him ferskwórre. En slangen skeaten út de hûkken óm him te byten. Mar se koene de prins net sjen noch fiele, dot se bieten en klauden fon lilkens enwar.
De prins diig de klómpen oasóm oan en rón unGa naar margenoot+ draaitrep óp nai bóppen. Hij kaem yn un grutte keamer, dêr hông un kauke oan de solder en dêryn siet un fûggeltsje dot hinne en ver fladdere en eangsteg pipe. Dur foel un fjerke út de kaue. De prins kryge ut óp en sêg dot ut fon gaud vji. Dû begreep ur dot ut fûggeltsje dot vji Gaudlokje. Hij stiik ut fjerke bij him.
Dû spotte de doar óp en dêr vji de heks, en achter harGa naar margenoot+ kamen de blazende kotten. ‘Hij mat hjir vêze!’ ôle de heks. ‘Hij mat jir vêze! Sykje him!’ Jir bin ik!’ rûûp de prins, en dû gie ur gau óp un oar plak stean. En dû rûûp ur ver: ‘Jir bin ik!’ De hekse vaar dûm fon lilkens, se stode de keamer óp en del en sêg yn olle hûkken. Dû jûûg de prins har un bêste dúst en se trûzele tróch ut iepene rút en foel dea óp de rotsen. En de kotten en slangen gyngen har blazend nai en foelen ek dea.
Dût de hekse dea vji, briik de betsjoening: ut fûggeltsjeGa naar margenoot+ vaar ver Gaudlokje. De prins nóm har yn syn jerrems en drûûg har de trep del nai bwótten en rón sa hud os ur koe nai ut hynder.
Op un draaf gyng ut de bergen tróch. Mar de dochters | |
[pagina 252]
| |
fon de heks hjinnen har mem ôljen heard en vjinnen ópGa naar margenoot+ ut levaai ô kómmen. Dût se har mem dea fûnnen en yn de fjitte Gaudlokje óp un hynder sêgen, begrepen se vot dur bard vji.
Ienfinger stjoerde de prins en Gaudlokje un fjoerbol achternai óm har te ferbanen. Mar de prins hainde deGa naar margenoot+ fjoerbol yn de pet en gooide him yn ut ravyn. Twafinger stjoerde un stwarmvyn óm har yn de bedelte te stwarten. Mar de prins fóng de stwarmvyn yn de jos en soalde him yn ut ravyn. Trijefinger stjoerde un vetterfloed óm har te ferdrinken. Mar de prins liet ut vetter yn de klómpen rinne en smiet se yn ut ravyn.
De prins en Gaudlokje rieden ol mar tróch. Se kamen ver tróch de glêzen bósk en de stjinnen bósk. Dû vjinnen se vurg en se gyngen lezen te sliepen.
Mar de ôdste broer hji ut nóit sette kennen dot ut himGa naar margenoot+ misljerre vji en fyn Gaudlokje. Hij swolke út en tróch noch yn ut fjild óm yn de hoop dot ur un spoar fon de prinses fyne soe. En dû óp un iere moan fûn ur Gaudlokje en syn broer sliepend oan de rône fon de bósk. Hij betocht him net lang, hij jûûg syn broer un klap dot ur yn de sûûs vji en sleepte him un ain fwot en soalde him yn un drûgge sleat. Dû makke ur Gaudlokje vekker en sai: ‘Kóm ju, vij matte ver fjidder.’ Gaudlokje hji net yn de gaten vot dur bard vji. Se vji noch te bót fon ut sentrem fon olle lijen en leed, en de baide bwrórren lyken nammes un soat ópenwar.
De jóngste prins vaar de oare mwaans vekker mai un bêst stik pyneholle en un bwódde fon kómsa. Hij hji neat fernómmen, mar lykegoed begreep ur vól vot dur bard vji: ien vji him oer ut mod kómmen en hjiGa naar margenoot+ Gaudlokje óntnadere. Hij klaude út de drûgge sleat vai | |
[pagina 253]
| |
en êge óm him hinne. Ut hynder vji ek fwót. Hij besleat óm Gaudlokje te sykjen en sette de stap duryn.
Hij hji un ain rón dû hearde ur un hûn janken. HijGa naar margenoot+ durhinne. De hûn siet mai de poat yn un fókseklem, en hij hji dur grif ek ol dagen sitten, ut beest vji mear dea os libben. Hij makke de klem los en befrijde de hûn. De hûn sai: ‘Do hast mij ut libben ret. Ost ea forlet fon help hast, róp mij don, don sil ik ut dij fergoedzje.’
Hij rón fjidder dû hearde ur gepiip yn de strûkken. HijGa naar margenoot+ durhinne. Dur siet un stykelbarg yn un muddefôle. Ut beest hji dur grif ol even sitten, ut vji dur min oan ta. De prins diig de fôle iepen en liet de stykelbarg frij. De stykelbarg sai: ‘Do hast mij ut libben ret. Ost ea yn de lytse lûge sitst, róp mij don, don sil ik ut dij fergoedzje.
De prins rón wer fjidder, dû hearde ur eangsteg piipjen. Hij durhinne. Dur hóng un swel oan un lymprikke. UtGa naar margenoot+ bistke vji óp stjerren nai dea. De prins makke ut sweltsje fersichtig los en behimmele de fjerkes vot. De swel sai: ‘Do hast mij ut libben ret. Ost ea yn need sitst, róp mij don, don sil ik ut dij fergoedzje.’
Nai gôns ómswolkjen kaam de prins yn ut lôn vêrt Gaudlokje har hait koaning oer vji. Hij raizge tróch nai de haadstêd en frege de stôlmaster fon de koaning ot dy ek vurk fwar him hji. Vont yten hji ur de lêste dagen net fólle hôn en klean hji ur amper mear óm ut liif. DeGa naar margenoot+ stôlmaster nóm de prins yn tsjinst, hij kryge yten en sliepplak. Dot hij de prinses ret hji, dot vist de stôlmaster fonsels net, dot vist gjinien yn ut palais.
De prins syn ôdere broer wji un pear vyke jedder mai Gaudlokje oankómmen en hij hji mai un soat geswets ferteld dot hij hji de heks ferslain en Gaudlokje út harGa naar margenoot+ | |
[pagina 254]
| |
honnen ret. En hij liet vól blyke dot hij rekkene dur no óp dot ur Gaudlokje ta frau krije soe en skielek de koaning ópfolgje.
De koaning en de koaningin vjinnen ferskriklek bliid dot Gaudlokje ver tús vji, en se behondelen de ôdere broer ûsa freonlek en rónnen oer fon tankberens. Mar dût de koaning letter rus besónderheden frege oer ut gefjócht mai de heks, dû kaam ut him foar dot ut net helendol doogde mai dy prins en mai syn ferhaal. Hij tocht bij himsels, ik mat doch rus vitte ot dy jóngemon vier safólle mônsk is os ur fwarjaut.Ga naar margenoot+ Dû sai ur tsjin de ôdere broer, en dot liet ur ek yn syn ryk bekend maitsje, dot de mon dyt mai Gaudlokje traue soe en dyt skielek oer ut lôn kaam te heaskjen, dot mûst un kundeg mon vêze en dy mûst mear kenne os sljócht hinne en ver. Dêróm stelde de koaning trije ópdrachten, dyt te maitsjen hjinnen mai de plêgen vêrt ut ryk ûnder te lijen hji. Dur vji yn ut koaninkryk un soat óngedierte, dot de frucht óp ut lôn oantaaste. Dur vjinnen un bulte rotten dyt de pakhûzzen leegfrieten. En ut hele lôn fergyng fon de mwózzen dyt yn olle húzen stielen vot se koenen. De mon dyt dêr un ain oan makke, dot soe de goede koaning vêze.
De ôdere broer sette rottestappen en mwózzefôlen, en jachte mai un miggeflapper achter ut óngedierte oan, mar ut jûûg gin sprút. Dû stapte de prins dyt no stôlfaint vji nai de koaning ta en sai dot hij ut vólrus besykje voe. De koaning sai, dot vji bêst, besykjen koeGa naar margenoot+ nóit kwea. De prins rûûp de hûn, de stykelbarg en de swel en lai harren de swirreghyd foar. De hûn, de stykelbarg en de swel sainen: ‘Do hast ús hólpen, no sille vij dij helpe.’ De hûn stode ut lôn tróch en gnaude safólle rotten dea os ur mar koe. De stykelbarg sneupte yn olle | |
[pagina 255]
| |
hûkken en hannen en makke un ain oan de mwózzeplêg. De swel flêg oer de fjilden en hapte olle óngedierte
De koaning en de koaningin en Gaudlokje, ja ut hele palais rón nai de jóngere prins ta dyt se fwar un gevoane hiinstefaint hauden, en se vjinnen stómferbaasd. ‘Mon!’ sai de koaning, ‘Hû ha jo dot saGa naar margenoot+ fwarenwar krygen?’ ‘Och,’ sai de prins, ‘dot is myn gehaim.’ ‘Va binne jo yn de goedeghyd?’ frege de koaning. Dû helle de prins un gauden fjerke út de bwósse en liet ut harren sjen. ‘Hij is ut!’ rûûp Gaudlokje ynienen. ‘Hij is de prins dyt mij ret hat!’
De koaning en de koaningin, ja ollegjerre harken núver óp. Hji dusse faint de prinses ret? En dy oare don? De ôdere broer vaar óphelle en de koaning lai him ut fjoer nai oan de skynen. En ja, dû foel ur tróch de koer. Hij bekende dot hij vji syn broer yn de sliep oer ut mod kómmen en hij hjiGa naar margenoot+ Gaudlokje mainómmen. De koaning jûûg óp dracht him te bynen en yn ut tichthús te smyten.
De hûn, de stykelbarg en de swel kamen bij de prins óm ôskied te nimmen. De hûn sai: ‘Lûk mij jert ik fwótgón noch un toppe hier ut de beoleg.’ De prins diig ut, en dû hji ur un kostbere montel yn de honnen. DeGa naar margenoot+ stykelbarg sai: ‘Lûk mij jert ik fwótgón noch un stykel út de hûûd.’ De prins diig ut, en dû hji ur un vûndermooi swud yn de honnen. De swel sai: ‘Jert ik fwótgón sil ik noch un aai fwar dij leze.’ Hij diig ut, en dût de prins ut aai ópnóm, briik de dop en hij hji un prachtege kroan yn de honnen. Gaudlokje flêg him óm de hols en rûûp: ‘Hait ik vól mai him traue. Ljevver joed os moan!’ | |
[pagina 256]
| |
De koaning sai: ‘Javis, jim sille traue. Mar vot dóggeGa naar margenoot+ vij mai dy smjunt dyt dij de eare óntnaderje voe?’ De prins sai: ‘Ut is óp ut lêst myn broer. Lit him los en jai him ut lôn út.’
Dû vaar dur brulloft hauden en ut vji feest yn ut hele lôn.Ga naar margenoot+ Un monneg jirren letter, dût de koaning en de koaningin ôd vurren vjinnen, kamen de prins en Gaudlokje óp de troan. |
|