Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 220]
| |||||||||||||||||||||
Tr. Riemersma:
| |||||||||||||||||||||
[pagina 221]
| |||||||||||||||||||||
1. Skaaimerken fon ut mearkeFon de fólkslyterêre genres lit ut mearke him fiervoi ut maklekst defynyerje. De aigenskippen fon ut mearke, lykos dy yn de viidvaidege lyteratuer duroerGa naar eind2) noi foaren brocht vurre, litte har sa gearfotsje: 1. Ut mearke spylet yn un tovervrôd vêrynt gin ûnderskied makke vurt tusken ut, fwar ús, gevoane en bwóttenvênstege. De helt fervóndert en besaut him net, hij vurt net kjel of bang - hij bljoot sa kôd os un pûn moal. 2. Yn de mearkevrôd jilde net de minskleke nwarmen; de jinnege nwarrem is ut vitten en taposse kennen fon de ‘mearkeregels’, ut dwan fon de fereaske honlingen. Vij maie dêróm de mearkehonlingen net mjitte oan ús mjitstêven fon goed en kwea, en ut mearke hat oasóm fwar ús gin moraal of learing. 3. De mearkevrôd is simpel en dúdlik. De faiten (honlingen) sprekke fwar harsels en dur hûgt dêróm neat út de dûkken dien te vurren: a. de honlingen vurre net motyvjerre (útsain dan dot de reden vêrómt de helt de vrôd yngjit ópjûn vurt); út de iene honling fólget logysk de fólgende; b. de fertelder ferdjippet him net yn ut gemoedslibben fon syn persoanen, en hij ferdúdleket ek neat rjóchtstreeks oan de harkers; ut point of view is dot fon de neutral omniscienceGa naar eind3); c. de helt kryt gin viidvaidege ynstruksjes, hij vit os fonsels vot him te dwan stjit; os ur ut nèt vit, don is ur un folkse helt - sa simpel is dot; d. dur hûgt oan de ain fon ut ferhaal neat óntriedsele of ópheldere te vurren. 4. Olles yn ut mearke is taspitst óp de honling, en de minskleke ferhôringen blyke út kónkrete honlingen. Dur vurre jeften dien en straffen ómpatte - de emoasjes durachter kómme amper te praat. 5. Yn ut mearke slút olles óp enwar oan en ut slút os un bus. De helt hat krekt safólle ferstôn, safólle begrutsjen, safólle ómthôd, dot ur de goede honlingen dógt; de helt kómt oltyten krekt en persys óp de goede tiid en óp ut goede plak; de jeften en helpmiddels dyt de helt kryt dógge letter blyken persys fon pos te kómmen. 6. Ut mearke hôrt net fon kómpleksens, dizeneghyd en fwarremloashyd, net fon núônsen en gradaasjes, mar fon kleare, grypbere fwarmen en skerpe tsjinstellingen. De persoanen binne ryk of earem, ôd of jóng, mon of frau; se helpe de helt of vurkje him tsjin. De fwarverpen binne meast hud, en skerp begrinzge; dur is oanstriid ta ferhudzjen en fermetalysjerjen: bjemmen, húzzen, hier kenne fon gaud of silver vêze. | |||||||||||||||||||||
[pagina 222]
| |||||||||||||||||||||
7. Yn ut mearke is olles lyke vichteg en lyke tichtbij. Olles spylet him óp de fwargrûn ô. Dur binne gin patten dyt dur stylistysk tróch besónder taalgebrûk, of tróch viksel fon tempus of point of view útkippe. Dur vurt net óp un klymaks ta vurke. Olles bljoot yn deselde toan. Yn de sinbau blykt fwarkar fwar de lykskikte haadsin (Dur vji rus un koaning, dy hji un dochter.....) bóppe de ûnderskikte - yn de eftergrûn pleatste - bijsin (Dur vij rus un koaning, dyt un dochter hji.....) 8. De plot is ientrjiddeg, dot vól seze dur binne gin, bijkómstege, sydhondelinkjes, en hij is ópbaud út fierhinne selsstondege, ôrûnne, fertelfazen. De ientrjiddeghyd bringt mai dot de persoanen net ynlaat en útlaat vurre, se dûkke yn ienen óp en ferdwyne ver. Ut ôrûnne vêzen fon de fertelfazen betsjut dot dur sa goed as neat ómthauden hûgt te vurren, dot óp un letter stuit noch un rol spylje ken. Vot út ut êgvaid is, is ôdien. Ut jinnege vot de helt meast vól ómthôrt is ut doel fon syn rais. | |||||||||||||||||||||
II. Hifkjen fon de mearkes út de ring fan it ljocht.Os vij de tróch Poortinga sammele fyfteg mearkesGa naar eind4) besjugge óp de neamde acht skaaimerken, don fôle dur un mooi sjautsje ô. De nûmmers 7, 9, 14, 16, 17, 20, 22, 28, 30, 32, 37, 41, 43 en 48 binne gin mearkes mar sêgen. Yn dusse ferhalen is distônsje tusken ut gevoan-minskleke en ut demoanyske of dotjinge vot fon oarekônt ut grêf kómt. De nûmmers 12 en 25 kenne beskôge vurre os avventoereferhalen. Se spylje yn de réele vrôd. De nûmmers 21 en 23 binne sterke stikken of ligersferhalen.
De oerbljowende 32 ferhalen binne mearkes. Net ollegjer en oltyten lyke súver, os vij de neamde acht skaaimerken os strenge easken hontjerje. De fwarnaamste ôvykingen binne: a. dur is sóms moraal en minskleke argúmentjerring: ‘Dyn beide susters tochten allinnich mar om harsels en dy binne foroare yn in wylch en yn in flearbeam.’ (s. 23) b. dur vurt sóms psychologyske ynformaasje jûn en de persoanen vurre yn har dwan en litten oannimlek makke: ‘De oare prinses, syn twadde breid, wie der net iens rouwich om dat it ôfspatte, hwant safolle bistek hie se net op him hawn - har heit hie it trochset.’ (s. 14) c. de persoanen vurre sóms ynlaat - bijfwarbeeld de lêste njóggen rigels fan s. 49 plus de earste sôn fon s. 50; en gwón persoanen | |||||||||||||||||||||
[pagina 223]
| |||||||||||||||||||||
kómme letter noch wer to praat - s. 92, de lêste fjauwer rigels fon ut ferhaal. d. ynstee fon tovermiddels kryt de helt sóms viidvaidege ynstruksjes: de lêste alynéa fon s. 70 tróchrinnend óp s. 71; s. 58 midden (‘It âld minske’) oant s. 59 twadde alynéa (‘De âld frou’) e. oan de ain fon ut ferhaal vurre gwón - blykber os tsjuster ópfottehondelingen en ferhôdingen óntriedsele: ‘Hy wie yndertiden bitsjoend troch in kweade fé, dy't it oan 'e stôk hawn hie mei syn mem, mar in goede fé hie noch wer safolle makke, dat as er mei de prinses troude dy't hy de blom joech, dan waerd er wer minske. Mar as er mei dy oare prinses troud wie, dan hie it noait wer mei him klear kommen.’ (s. 14) ‘It âld wyfke út 'e bosk blykte in goede fé to wêzen.’ (s. 23) f. de ferteller ûnderbrekt sóms de góng fon ut ferhaal en ferlit syn neutraal-fertellend point of view óm rjóchtstreeks vot oan de harkers mai te delen: s. 13 rigel 9 fon ûnderen oant rigel 2 fon ûnderen; sjug ek de easte ûnder c neamde oanhaal. g. dur binne ynkónkrete oantsjuttingen: ‘De bitovering koe allinnich mar forbrutsen wurde troch in fanke dat safolle fan my hâldde dat se my folgje doarst troch de djipten fan 'e hel.’ (s. 23) h. dur is gôns viksel fon tempus, un viksel dyt faak - mar lang net kónsekwent - ferbôn hôrt moi ut mear of minder sponnend vêzen fon de fertelde passaazje. Gearfotting fon a o/m g: de mearkes binne nai ut avventoereferhaal ta grûid; ut ûnder h kónstatjerre aspekt is un skaaimerk fon olle (libbene) praattaal.
Gwón lêzers soenen de kónklúzje lûkke kenne dot ik Poortinga en/of syn fertelders durfon beskuldegje ut mearke ‘bedoan’ te havven. Dot is myn sezen net. Hût ut mearke óntstien is, dot vit gin mins. Ot ut daleks syn fwarrem hji, of dot dy fêste fwarrem jest letter óntstien is, of dot dy fwarrem dur nóit réeel vest hat, mar inkeld os un gearfotsjende apstraksje fon olle faitleke mearkes bestien hat - lykos ut foneem /t/ un gearfotsjende apstraksje fon ohe réalysaasjes [t] is - vij vitte ut net. Ut lait fwar de hôn dot net olle fertelders de mearkes lyke súver-vudlek tróchferteld havve; dur sil feroare vêze, dus is vaillitten en tafûge, dur is faryerre en faryonten binne gearfôlen, dur sil ‘stikken-ferteld’ en ‘terjóchte-ferteld’ vêze. Fon dy vit-hû-lange rige fertelders kenne vij olinneg de lêsten yn ut nekfel grype: Poortinga os olderlêste, en De Bruin en De Jong en har os fwarlêsten. Ut is fonsels net réeel óm moi namme bekende fertelders vot oan te vrjowen en de ónbekenden de hôn bóppe de | |||||||||||||||||||||
[pagina 224]
| |||||||||||||||||||||
hólle te hôren - krekt os vji ut un misdied óm os yndyvydú út de massa nai foaren te kómmen. Maidot Poortinga de lûûdbontsjes en de vudleke (mar net oltyten dyalektysk-krekte) ôskrjowingen dêrfon bevarre hat, kenne vij him eksakt nairide. Ik haf un lytse stekprûf nómmen, en dêrbij benammen sjoen nai de steden yn de ferhalen vêrt ik vot óp oan te merken hji. (Sjug jirfwar de punten a o/m h). Ut kómt mij foar dot Poortinga neat bedoan hat. Syn feroaringen havve betrekking óp de vudkar, de sinbau, te sezen óp de olderbwóttenste laag fon ut mearke. Dur is vot ienhyd brocht yn ut brûkken fon de tempora, en sóms is ol te vylde praattaal behoffene. De iene kear is dur mear styljerre os de oare kear. De Bruin kómt nai foaren os un tige stylbevuste prater. YP50Ga naar eind5) bijfwarbeeld, dot nochol beslype en oertocht oandógt, is him ómtrint vudlek yn dusse fwarrem ta de mwólle út rûggele. De Jong derfwaroer is un brede prater, un fertelder-sónder-euvelmoed. Os mun de letterleke ôskrjowingen fon syn ferhalen lêst, don heart en sjugt mun de mon. Nim bij fwarbeeld dut aintsje út YP44: ‘Dat sy tochten eigentlik al, dat se in kâns rounen, dat er ien fan harren der út pikke soe - ja, dat koe ek forkeard foar de hearen komme fansels, hwant dan wienen se ûnderling ek noch jaloersk wurden, mar ja dat koe dat âld wiif noch net sa folle skele - ien fan har dochters waerde doch koaningin en de oare krige dan wol in moai baentsje. Mar sy fortelden it sa, dat Jiskepûster dy koe dat wol hearre. Dat diene se der om, om har de eagen út to stekken, as sy dêr sa yn 'e rommel omkroep - túnwiede en alle mooglike dingen - en dat sy nei it bal gongen - deftich - en eigentlik fan har sinten - sy makken ek misbrûk fan har titel, hwant sjoch, dat nije wiif wie net fan dy hege adel as dat dy mynhear wie. Dus, dy Jiskepûster dy wie fan heger adel as dat sy wienen. Mar ja, sy lei yn 'e goate. Doe de jouns doe komt se wer by dy min fan har. En doe seit se: Nou, sa en sa. Sy seit: “Hwat soe ik graech sa'n bal ris meimeitsje wolle, hwant men leit de gânslike dei yn dy smoarge rommel om to krûpen. Nou net dy prins, dat soe my net safolle skele kinne, mar jo wolle der doch wolris in kear út.” “Nou,” seit dy min, “dêr sil ik foar soargje. Soargje mar datstou op 'e tiid klear bist. As sy fuort binne.” Sy sei: “Dan kom ik to let.” Sy sei: “Dat hindert neat, ju al komst in ûre to let. Dat bal dat duorret doch de hele nacht hast troch. Mar dan kom ik by dy, dan sik ik wol sjen, dat ik klean krij.” Whant sy sei: “Ik haw ek gjin klean! En hoe kom ik dêroan?” Nou, sy seit: “Dêr rêd ik my wol mei. Wês mar net ûngerêst.” Mar dy min koe ek hwat mear as gewoan. Mar dat wist dy dochter net. En dêr komt, doe't de jouns de troep ôfsetten wie, de âlden gongen ek mei, hwant de earste jouns hienen se net west - mar de koaning hie sein, dat as de | |||||||||||||||||||||
[pagina 225]
| |||||||||||||||||||||
âldelju ek mei woenen, sy hoegden net mei to dounsjen, mar dan koenen se doch ris sjen, hoe't it jongfolk him dan formakke. Nou, dat wie bêst, dat lieten se har gjin twakear sizze. Ek mei. Dat alles wie fuort, op noch in stik of hwat oare bitsjinden nei. Mar ja, dêr bimuoide Jiskepûster har ek net mei - hwant dat mocht ek net - dy mocht har mei gjinien bimuoije - sy lei dêr as 't ware in kluzenerslibben tomidden fan 'e biwenne wrâld. En de min dy komt der oan - dy hie in doaze by har, en der komme de alderprachtichste klean út, fan de alderlêste moade dy't útkommen wie - en dat fûnkele en dat skittere allegearre en se hie ek noch in lyts kroantsje by har - hwant ik leau, dat se graef wienen of sokssawhat - in graeflik kroantsje hie se by har - en glêzen skuon.’Ga naar eind6) Dot is un kostlik stik praattaal. Mar ik jau Poortinga greot gelyk dot ur dusse praattekst ómvurke en bekwatte hat ta vot dur no stjit yn de printe tekst. (s. 133) Ut lyket mij ta dot ut gin sin hat óm fon de baide ‘masterfertelders’ de iene bóppe de oare te ferheffen. Vól mun un ferhaal dot sa ferteld vurt dot ut ómtrint printree is, don mat mun bij De Bruin vêze. Vól mun un ferhaal dot moi un soad gloede en libben fwardrûgen vurt, don mat mun De Jong havve. Mar is ut iene better, fólksadeger, friesker os ut oare? De kar hinget gear mai juns fyzje óp ut fólk en ut fólksaad, dus mai un beskate ydeology. En dêr voe ik ut mar net oer ha.... | |||||||||||||||||||||
III. De struktúrele annelize fon ProppMai rjócht sait Sytse Jan van der Molen dot ‘de index fan Antti-AarneGa naar eind7) (mei) net brûkt wurde as in middel om de “echtens” fan in folksforhael út to meitsjen.’Ga naar eind8) Ut is don ek vot aigenareg dot ur ut vurk fon Aarne-Thompson even letter vól ta dot doel brûkt: ‘Sadwaende binne lykas sein 35 nûmers net yn it AT-apparaet to finen. It binne dizze forhalen dy't men biskôgje kinne soe as it wurk fan in kunstner yn it stallen en fortellen. Mar dat is fansels hwat oars as in Frysk folks-forhael.’Ga naar eind9) Un fertelder fon fólksferhalen is dus gin kunstner yn it stôlen en fertellen? Hij beskikt net oer fontasije; hij is olinneg mar un goed ómthôder en vudlek-tróch-fertelder? Ik voe ut net oer ydeologie havve óp dut stuit, mar ut sil dur ol rus un kear fon kómme matte... Nee, de katteloges fon Aarne-Thompson is gin graadmjitter fwar de echtens fon un fólksferhaal. Ut bûk is un ynfentarysaasje fon olderhonde bóppe vetter kómmen ferhalen dyt os fólksferhalen beskôge vurre tróch de gelearden. Mar ut soe fonsels bêst vêze kenne dot dur noch un heel soat ferhalen - lit ús ut fjidder ta de | |||||||||||||||||||||
[pagina 226]
| |||||||||||||||||||||
mearkes behaine - binne dyt noch ginien óntdutsen hat. En de mooglekhyd dot dur heel oare mearkes vest havve, mai net útsletten vurre. Lykemin mai de ûnderstelling dot de yn ut kwatbije ferlyne fêstlaine mearkes ol net sa súver mear vest havve sille, ómdot fertelders en harkers ol tiden lang ferfrjemde vjinnen fon de mearkevrôd, sónder mear oan de kônt lain vurre. Mai oare vudden: ut hat gin sin óm mearkes oan AT te mjitten, salangt mun neat hat vêrt mun AT oan mjitte ken. Yn haadstikje I haf ik un stikmonneg skaaimerken fon ut mearke, sat mun dy yn de lyteratuer fynt, tróchjûn. Dy punten kenne òl os graadmjitter jilde. Mar dêrnai hat mun doch ut vêzentleke fon ut mearke noch net helendol fotte. Ut lyket mij ta dot ut Vladimir Propp yn syn bûk ‘Morfology fon ut mearke’Ga naar eind10) slagge is óm út té tsjutten vot de ‘rêgbónke’ fon ut mearke is, de struktuer, de ynderleke bau. Propp syn ûndersyk hat betrekking óp de ‘echte’ of ‘vónder’-mearkes (AT 300-749). Propp ûnderskaat yn ut mearke faryabele en kónstonte eleminten. Faryabel binne nammen en atrybútten fon de hondeljende persoanen, kónstont binne har aksjes. De aksjes fon de hondeljende persoanen stonne net óp harsels, mar se havve un beskate betsjutting fwar de góng fon de honling. Dot aspekt fon de aksje neamt Propp de ‘funksje’. Jirnai fólgje syn tezen:
Propp tsjut de funksjes mai ien sin oan, defynyerret se en jaut se un simboal. (Ut lêste is hondeg fwar ut kwat ópskrjowen fon de analize). Ik nim dut jirre yn fertaling oer; de simboalen feroarje ik fwar un pat.Ga naar eind11)
Ut mearke begint mai: un útgóngssytevaasje (gin funksje). Simboal i Don fólgje de ynliedingsfunksjes:
| |||||||||||||||||||||
[pagina 227]
| |||||||||||||||||||||
Dut vjinnen de ynliedingsfunksjes. Jirnai fólget de oldervichtegste funksje, de ópgóngbringer fon de mearkehonling:
Ut risseltaat fon skea of ferlies is gemis. Bij gwón mearkes vurt de honling yn beveging brocht tróch un gemis dot net oan de smjunt te vyten is. De helt hat bijgelyks sin oan un viif, of hij mat yn ópdracht fon syn hait ut bêste hynder fon de vrôd sykje. Dêróm mat naist VIII ûnderskaat vurre:
| |||||||||||||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||||||||||||
Mai de rêding ainegje un soat mearkes. Ut kómt lykvóls foar dot de brwórren fon de helt him syn bút (prinses bijgelyks) ôluzje. Dy skealeke honling is don ut útgóngspunt fwar un nij ferhaal:
Fon dut momint ô nimt ut ferhaal un oare rin:
| |||||||||||||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||||||||||||
Fjidders binne der yn ut mearke noch elementen dyt vól funksje havve mar gin funksjes binne: ferbynende eleminten (simboal §) en motyvjerringen (simboal Mot.). (Ondúdleke of oernómmen elementen vurre oantsjut mai ut simboal X) Dot is ut bónkerak fon ut mearke. De measte (net olle) funksjes ha un soat faryonten. De skealeke honling A kin óp un heel soat vizen tabrocht vurre bijgelyks. Propp hat de faryonten dyt ur fûn hat ek ver systematysk ynfentarysjerre en hij jaut se oan mai A1, A2 ensafh. Ik haf dot jirre vailitten ómt ut oersichtlek bljowe mat; nammes ut is myn doel net óm Propp oer te skrjowen.Ga naar eind12) | |||||||||||||||||||||
IV. Annelize fon de mearkes ut de ring fan it ljocht.Bij elke funskje jau ik ut faryontenûmmer sat en fwarsafiert Propp dot dógt. Is ut net út te maitsjen óm hókker faryont ut gjit, don set ik un-; is de faryont dúdlek, mar hat ur fon Propp gin nûmmer krygen, maidot ur yn dy syn matryaal blykber net fwarkómt don set ik un +. Ut gevoane mearke óntstjit út un skeabringende honling (A) of un gemis (∝) en rint fya tuskenfunksjes óp un haulek (V) of oare kónfliktóplossende funksjes út (F, K of M). Inkelde mearkes fóldógge net oan dy nwarrem; ut binne gin A-V-mearkes.
| |||||||||||||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 234]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 235]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 236]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 237]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 238]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
[pagina 239]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
V. Un sêge-struktuerUt is bekend dot de ûnderskieding myte-sêge-mearke olinneg fwar Jeropa hôrt. Yn oare mienskippen bestonne dy grinzen net. Ut skema fon Propp is sadwande olinneg bij Jeropeeske mearkes te fynen. Mar ut lait fwar de hôn dot de fólksferhalen fon oare mienskippen ek beskate struktueren fertoane. En ut is bêst mooglek dot yn Jeropa oare fólksferhalen os mearkes lykegoed neffens un beskaat petroan ópbaud binne. De fólksferhalen fon de Nwad-Amearykaanske Yndyanen binne, nai ut fwarbeeld fon Propp, óp har struktuer ûndersócht tróch Alan DundesGa naar eind13). Dundes hat óntdutsen dot de struktuer fon de Yndyaneferhalen stikken ienfôdeger is os dy fon de Jeropeeske mearkes. Yn dy lêsten binne gwón funksjes keppele: b-c, d-e, f-g. ABC ↑, H-J, L-M, P-Q, mar oaren kenne un ain útenwar stean: A-K, of ∝ -V. Yn de Yndyaneferhalen kenne de funksjes nóit fier útien stean. Se havve un lytse ‘motifemic depth’ sat Dundes dot neamtGa naar eind14). De góngbere struktuer is: dur is un gemis (Lack, simboal -L) dot ópheft vurt (Lack Liquidated, simboal - LL). Fergelykje Propp syn funksjes ∝ -K. Dy funksjes kenne skaat vurre tróch Task (T, bij Propp - P) en Task Accomplished (TA, bij Prop - Q). Bijfwarbeeld: Un jónge vól graag un apel ha - L. Hij mat fon syn mem east bjentsjepwólje - T. Hij pwóllet de bjentsjes - TA. Hij kryt un apel - LL. (Dut is fonsels gin Yndyaneferhaal, dy gónne oer fólle vêzentleker ferletten: grûn, vetter, ljocht, fjoer, yten). De funksje L - LL kenne ek skaat vurre tróch Deceit (Dct, bij Propp - f) en Deception (Dcpn, bij Propp - g). Fwarbeeld: Un jónge vól graag un apel ha - L. Hij sait: mem, dur is ien bij de doar - Dct. Syn mem rint de keamer út - Dcpn. Hij pakt un apel - LL. | |||||||||||||||||||||
[pagina 240]
| |||||||||||||||||||||
Tred kenne L en LL skaat vurre tróch Interdiction (Int, bij Propp - b) en Violation (Viol, bij Propp - c). Fwarbeeld: Un jónge vól graag un apel ha - L. Syn ôdste suster mai net út de keamer vaigean, hat de mem sain - Int. De suster gjit nai bwótten te bwatsjen - Viol. De jónge pakt un apel - LL. Un vêzentleke oare struktuer is: Interdiction - Violation - Consequence (Conseq) - Attempted Escape (AE). Fwarbeeld: Un jónge mat fon de apels ôbljowe - Int. Hij pakt doch un apel - Viol. De mem jaut him un lel - Conseq. Ut besykjen óm de kónsekwinsje te óntrinnen is ópsjoneel; eventueel soe dur dus noch achter kenne: Jert de mem de jónge en lel ferkeapje ken, spylet ur fon rútten - AE. Dot binne de bazesfwarmen fon de Nwad-Amearykaanske Yndyaneferhalen; tróch kómbynaasje kenne mear kómplesjerre struktueren óntstean.
Ik haf Dundes durbij helle, ómt yn De ring fan it ljocht un stikmonneg sêgenGa naar eind15) stonne dyt vot har struktuer betreft lykje óp ut tróch Dundes óntdutsen petroan. Ik doel óp de nûmmers: 9, 14, 22, 32, 52, 54, 60, 64, 74 en 84. Ik sil besykje dy sêgen te annelysjerjen, en elke funksje te yllústrjerjen mai de faryonten út dy sêgen. (Nr. 14 lit ik dur even bwótten ómt dy sêge net kómpleet is).
| |||||||||||||||||||||
[pagina 241]
| |||||||||||||||||||||
Dur binne trije faryonten:
| |||||||||||||||||||||
[pagina 242]
| |||||||||||||||||||||
De struktuer fon dusse sêgen lyket óp ut rymskema fon ut oktaaf fon sonnetten: abba abba. Funksje 4 is de vjergea fon funksje 1 - de jefte heft ut ferlet óp. Sa is ek funksje 8 de vjergea fon funksje 5 - de rêding makket de driging óngedien. Funksje 1 en 5 rinne lykvideg, baide tsjutte un gemis oan. Sa ek binne 4 en 8 parrelelle funksjes, se stabylysjerje un tastôn. Funksje 2 en 3, en 6 en 7 binne middeljende funksjes. Se swargje durfwar dot un ónlykvichtege sytevaasje ómset vurt yn un lykvichtegen. Mun ken de funksjes 2-3 en 6-7 beskôgje os ‘bod-tsjinbod’ of os ‘teze-antyteze’ - tróch un krúslings oerstekken vurt ut negatyve yn ut posytyve omset, en oasóm.
YP14, dot ik even oerslain hji, hat fon de easte helte olinneg de funksje Oerienkomst (3), de twadde helte is fólslain.
Dut haadstik lyket bwótten ut bestek fon ut artykel te fôlen, ómdot ut oer de sêge gjit. Ut tocht mij lykvóls noareg óm viidvaideg óp dusse sêgestruktuer yn te gean, maidot un pat fon dy struktuer yn gwón mearkes ynslûpt is. Ik doel óp de mearkes YP2, YP18 en YP39. Om de ynliedende funksjes fon dy mearkes, dyt net óp Propp syn skema posten, annelysjerje en har plak vize te kennen, vji ut needsaaklek óm de fólslaine struktuer, sat dy yn un gwón sêgen te fynen is, bleat te lezen.
| |||||||||||||||||||||
[pagina 243]
| |||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||
BeslútIk ha besocht óm de mearkes út De ring fan it ljocht te annelysjerjen sat Propp dot dógt. Ut lyket mij ta dot Propp yn haadsaken gelyk hat, en dot syn annelize yndied ynsjug jaut yn de struktuer fon ut mearke. Ot syn ûnderskiedingen, grûpjerringen en besyferingen fon de faryonten fon elke funksje oltyten lyke gelókkeg binne, betwivelje ik ains vól un bytsje. Mar ut matryaal út De ring fan it ljocht is te behaind fon ómfang, en ek net betrauber genôch, óm adekwate krytyk út te ûffenjen en útstellen ta ferbettering te dwan. Op grûn fon mear matryaal - ik sjug mai langstme nai Poortinga syn fólgjende samlingen út - soe dot faaks òl mooglek vêze. De struktuer fon ut vóndermearke is - Propp hat dot sels ol sain - net bûn oan ut vóndermearke olinneg. Dur binne diereferhalen neffens lykernôch utselde petroan baud. Sa foel ut mij óp dot yn YP57 de funksje DEF fwarkómme. Ik mien oantoand te havven dot oasóm un sêge-struktuer yn ut mearke ynkringe ken. Dutsoate ópserfaasjes nûget út ta ûndersykjen fon olle fólksferhalen óp har struktuer en bij ainslútten ek ta ut annalysjerjen fon modernere genres fon ut kwatte ferhaal, mai ut doel óm oan de genre ûnderskiedingen yn de saneamde fólkslyteratuer èn yn de tróch oanviisbere yndyvydúen skriftlek públysjerre lyteratuer - ûnderskiedingen dyt óp ut stuit doch faken vot gefoelsmjittig en/of tafolleg binne - un ferontvudding fûndjerring te jan. Mar dot is un heel viid perspektyf..... |
|