naem ik fan dwêst foar kar, dwêste = ‘lessen’ ropt assosjaesjes mei toarst op. In klinge (for)toarret net, mar forrustket. Hwat libbet of libbe hat, kin wol fortoarje. De klinge wurdt hjir as in wêzen sjoen. In tsjinoerstelling mei it hurde izer fan de klinge foarmet it sêfte hier fan de facht fan de skjidde. Sa slûpt der ek noch hwat seks yn.
dêr't de wyn him bitiist yn de strûp fan it wrâld. It moat fansels net wrâld mar wâld wêze, wer in opsetlike forskriuwing om de lêzer to aktivearjen. De wyn dy't himsels bitiist yn de strûp fan al dy beammen achte ik in komysk byld, dat it parodyeftige fan it fers trochskimerje liet.
tusken gers op de hil neist de stien oan it skot. Dizze rigel tilt fan forhâldingswurden, lykas dat ek faek it gefal is by dokuminten dy't biskriuwe hwer't ien of oare geheime skat forburgen is, hil = hill (heuvel), skot hat deselde klank as skat, mar bringt tagelyk ‘sjitten’ yn it sin en kin ek noch ‘schot’, it hollânske wurd foar sket oproppe.
dregger is skeind troch de
dregger is skeind. Earst forwachtet de lêzer dat sein wurdt troch hwa of hwat dregger skeind is, mar de folgjende rigel jowt gjin útslútsel, it bliuwt in meidieling. dregger is in fryskaerdige haednamme, makke fan it ingelske ‘to drag’ = slepe, tôgje.
dêr't it wylpjen foar floed by de spounsmoas forraent. Dizze rigel foarmet mei de folgjende twa in tuskenspul, dat omtinken jowt oan in natûrbarren. It bigjint mei lytse dierkes dy't bang binne to fordrinken yn heech wetter. ‘Kriten’ foun ik hwat to bot, dêrom naem ik wylpjen, in nijfoarming, foar kar. Dêr sit suver deselde klank yn, mar it lûd is finer. de spounsmoas moat fansels it spoansmoas wêze: in moedwillige flater, sjoch foar it hwerom hjirboppe. It spounsmoas sloarpet it wetter op, de driging fan in wetterfloed forraent = it tsjinoerstelde fan ‘fordroegje’, dêr't it assosiatyf mei forboun is.
yn de fûgel syn skreau nei it skuorren fan flues. It skuorren fan it flues yn it aei ropt gedachten op oan oare bertes dêr't ek fluezen by skuorre en it nije libben in skreau jowt. It byld fan de fûgel jowt in forbining mei de loft hwer't de rigel boppe tonger biwend ûnder wolkense stjalpreinbrek op slacht. De hege flecht fan de fûgel giet boppe tongerbuijen út, dêr is er oan (bi)wend, lyk as oan wolkense (eigenskipswurd fan ‘wolken’, fgl. lekkense fan ‘lekken’) stjalpreinbrek. Trije fikse aksinten efter inoar, dat slacht fûl ta.