Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 300] [p. 300] Eppie Dam Fersen Boartersguod de earste tosken bieten har forwoast yn dizze bytring fêst mei 't sulveren rinkelding - myn namme stiet deryn! - dat him earst nou ûntjowt ta knyn mar ik bin ek 23 nou op 't lêst it pluzich teddy-bearke hat syn beide glêzen eachjes noch al sjocht er nou foar 't earst omdoch de houten frachtwein wie doe grif tsjin 't seuren syn fracht wie ommers oars yn gjin gefal in blokkedoas de jojo sit yn eigen tried fortiisd mar alles is noch hiel al hinget nou de draek oan tou hwat trystich yn forblikke kleuren mar alles hiel gjin ding skanseard en op 'en heechsten fiel 'k mysels forrinneweard [pagina 301] [p. 301] Mominten/Tiid net in frjemd forline rûgelet hjir yn hurde krûmkes sjek bihyplik út papieren dreamen wei as droege sniefal ratteljend út hege wite wolken de finger feit noch wol hwat lytse skilferkes to plak mar hwat tabak west hat is grús en grom yn 't skreppen fan myn tinzen om in âld en fier gerak it is wol earder sein men fisket hjir ek oars neat op as út en troch in tel in pear mominten dy't noch net folslein 't forline bjuster binne hwant tiid binestele him noch nea yn juster - inkeld even yn de brosse tûken fan it hjoed misk yn dat moarn wer tsjuster is en sigaretten lyn [pagina 302] [p. 302] Spoarsykje. 1. heakke oan hwat stikeltriedden skieppewollen flachjes yn harsels biwuolle krekt dêr 't ienris hynders stiene steane hoegen yn de hurde klaei bidroege gers bitreuret syn formisten bisten leine djippe wjekken yn de weide 2. glêdde stielen fûgels lûke god wit hwerfoar dûbeldspoar de himel bylâns bern en houn wol him noch rymje mei dit ûnlân - sânauto's forbruije har kâns wekker wurdt in nij forline de kraenbek dy't hjir nije hiëroglyfen byt Vorige Volgende