Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 201] [p. 201] Theun de Vries Fugels troch in albasten tek. III Aboe al-Ala al-Ma'arri (973-1057) Wy laken, ús laitsjen iepenbiere forachtinge. Minsken yn dizze wrâld hearre yn freze to libjen. As minsken fûstkje mei de tiid forgruzelet De tiid hjar as romers, diggels fan glês. * * * * * As it forstân net to bêst is Wurdt it fan de wrâld oermastere: In swak man troch in hoer omklamme. Rint de geast yn strange silen Dan is de wrâld in hege frou Dy't de gleone frijers tobekwiist. [pagina 202] [p. 202] Hja twongen my dizze wente fol rampen yn En nou't ik hjir hûzje wol ik der net wei. Ik lij grouwélich; en der is gjin ljocht Yn it minskesin. Wolken fan rein, wolken fan dea Geane oer de stagen dy't as planten groeije. Minsken libje fan striid; geast is oertallich. * * * * * Dû seist dat wy in skepper hawwe En ik andere: Krekt sa, mar sjuch Dû mienst dat hy tiidleas is en nearne. Sokke termen koene, safier as wy witte, In heimlike tael bifetsje: it komt Hjir op del dat wy krûme tinkers binne. [pagina 203] [p. 203] God stean ús by, wy hawwe ús siel, ús pronkstik, forkoft Foar in keapmanssaekje yn'e hânnen fan in Midsman Sûnder dividinden, sûnder winst op'e priis dy't wy bitellen. En dochs, koe ús wille kieze tusken dit smoarch bidriuw En in paradys oan'e oare kant, rekkenje mar Hja pikten dizze wrâld. * * * * * As ik dea moat kin it my net mear skille Hoe't God oer de ierde giet, droechte of wettersnoad. De ierde wit net hwat hja forslinet: Skinkels fan in skiep, it bonkerak fan in liuw. Vorige Volgende