Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 200] [p. 200] Alewyn Fers Yn stille nacht bin ik myn hûs ûntflechte. De moanne glimke sêft, de stjerren wiene my in boarch, in feilich sté en hechte burgenheit yn blauwe loft, oan blauwe sé. ‘Yn stille nacht bin ik en harkje: Stiltme, ivich stiltme azemt út dit sté. Net bidrige, foar in hoart yn blauwichheit.’ Deselde nachts noch bin ik myn hûs wer yntein, wei fan myn dream, wis fan myn wêzen: Doch blau dyn dagen! Krij op de grize minsken! Lit wêze dyn winsken! Vorige Volgende