him barste.
In redaksje dy't sûnder kommintaer sa'n smoarch stikje opnimt is ek net ynteger en kin better ophâlde. Dy forpest de hiele Fryske literatuer troch de bêste skriuwers foar de kop to stompen en al lang forkalke autoriteiten om 'e kont to slikjen. (NB Douwe Tamminga priisget Tiny Mulder, wy sitte al wer yn 1965.)
Anne Wadman hat foar de jongere skriuwers oer noait autoritair west. Dy wurdt dan ek troch trotwaer yn in hoeke soald. (Tr. Riemersma, A. van Hijum. Ken uwe schriften)
Trinus lit him tofolle liede troch forkearde autoriteiten, d.w.s. autoriteiten mei Frysknasionale stront yn 'e eagen.
Troch in healwize nochal fonetyske stavering wol dizze sekte de Friezen ta it Frysk bikeare. Risseltaet: Trinus syn forhalen en romans bliuwe by de útjower op 'e solder lizzen, om't de minsken in bastende pynnuhassus fan dy rotstavering krije. Hwannear wurdt Trinus himsels ris, ûnôfhinklik fan autoriteiten as Tony Feitsma en konsorten. Hoe kin je ek in stavering bitinke as je it ûnderskie tusken fonetyk en fonology net iens wite. Boppedat is it wittenskiplik fêststeld, dat in to maklike stavering luijens fan tinken yn'e hân wurket. De groetnis Trinus.
Willem Abma docht my altyd tinken oan ‘Big Brother watches you’. Dy wyt alles, kin alle kritisi persoanlik, smart se kilo's sjerp om 'e bek, wie it dan ek perfoarst net iens mei Van Hijum syn ‘lullige stikje’. Dat lullige stikje stiet dan dochs mar yn trotwaer sûnder kommintaer fan Willem Abma. Us Daniël kakt de iene bondel nei de oare út. Fersen (nou ja) mei gouden letters printe op sulverpapier mei blomkesbihang as omslach, dat forkeapet bêst oan minsken dy't fan sjerp hâlde, dy't de kritisi om de bek smard is. En sa'n man doart ‘as ûnbifoaroardiele jongere’ hwat oer Hessel Miedema to skriuwen. God, biwarje ús foar ‘Big Brother’.
Bartle Laverman syn skimerlânskippen ha'k de hiele krystfakânsje oan bistege om der dochs hwat goeds fan to sizzen, dat spyt my nou. Ik hie fuort sizze moatten, dat as je de sinnen fan dy bondel der útknippe en se yn ûnwillekeurige folchoarder wer oan inoar fêst plakke gjin minske der hwat fan fornimme sil. Hy spilet nou foar de greate theoretikus fan trotwaer. Risseltaet dêrfan is, dat it asfalt noait út 'e singel fan Gytsjerk kapt wurde sil. Hy achtet ‘de minske’ wichtiger as in minske. ‘De minske’ bistiet hielendal net, bêste Bartle, dat is in abstraksje in soarte fan djiptestruktuer. In skriuwer moat him binammen dwaende hâlde mei opperflaktestruktuer. (Marx is bg. de man fan 'e djiptestruktuer, Solzjenitsyn fan 'e opperflaktestruktuer). De wittenskip wol de hypothesen oan'e feiten toetse, de faksisten dogge dat krekt oarsom. Dat is wol sa maklik en dan doge de feiten net. Tink dêr mar ris oer nei. Wittenskipslju bin hiel