Ynformaesje:
Prinsipetasizzing L.C./3-5-76 foar wurkbeurs foar seis Fryske skriuwers
DEN HAECH - It bistjûr fan de stifting Fonds voor de Letteren hat oan 183 skriuwers en skriuwsters in prinsipetasizzing dien foar in wurkbeurs. Derby binne seis Friezen: Pier Boorsma, Ypk fan der Fear, Josse de Haan, Lieuwe Hornstra, Durk van der Ploeg en Bernard J. Sijtsma. De wurkbeurs wurdt birekkene op in moannebasis fan 2200 goune, en kin útienrinne fan 2200 oant 26.400 goune. Ien fan de bitingsten is, dat de skriuwer him foar trije moannen frij meitsje moat fan syn wurk. Dêrom hat Druk van der Ploeg al bisletten, de beurs net oan te nimmen.
|
|