1973: oanfraech op in romanplan, bondel: ôfwiisd |
1974: oanfraech op in romanplan: ôfwiisd |
Yn 1975 ha 'k in beurs (nou ja, siz mar fooi) fan f 2000, - krigen op in plan foar in roman en in toanielstik. Dy f 2000, - is aerdich, mar ik kin der neat mei, hwant foar dy pear gounen kin 'k net iens trije wike út skoalle, it hat mei de bedoeling fan de beurs as sadanich neat to krijen.
Riemersma hat foar in part gelyk at er skriuwt dat ik dochs wol skriuw, mei of sûnder fooi. Allinne, mei in goeije beurs soe 'k der ris in skoft út kinne om my ris hielendal op in roman to konsintrearjen. Yn trije wike kin ik gjin roman skriuwe.
In pear feiten binne, tocht my, wichtich yn 't kader fan de beurzen:
A. Lju dy 't boppe de f 36.000 jiers sitte - in Jan Bylsma, in Gerben Abma, in Anne Wadman bygelyks - sille neffens de regleminten gjin beurs krije kinne. In trochrinnende rounte fansels, hwant ek sij soen miskien wolris in heal jier út har wurk wolle (it salaris wurdt dan net troch bitelle), mar omt se it jier dêrfoar to heech sieten, kin it net, esf., B. De kranksinnichheit fan de tawizingen wurdt noch slimmer at je witte dat Van der Leest, Riemersma en Wadman it jild brûkt ha sa 't de bidoeling is: jins wurk in heal jier litte foar hwat it is (en ek gjin trochbiteljen fan it salaris) en yn dy tiid libje fan de taskikte beurs. At je dit forgelykje mei oaren út it rychje, dan krije de tawizingen in noch frjemder oansjen, en kinne je wier sprekke fan earejilden (op foarhân) en stipe foar ‘bihoeftige’ skriuwers. It is dúdlik dat it bilied fan de Fryske kommisje, en it bilied fan it Fryske lid fan de Raad voor de Kunst (Tiny Mulder, forboun oan it Frysk Deiblêd) gjin sykjend bilied is, mar in konservearjend en konservatyf bilied. Frjemde skriuwsels, sekstastannen (tink efkes oan de rotsoai mei de subsydzje fan de Provinsje op de roman ‘Forneukte Stêd’) en boeken dy't de Fryske tsjerke in eintsje forskouwe (ik bidoel de rjochtse klyk) bisteane foar de leden fan de kommisjes net. At it oars is, dan soe 'k fan de leden fan de kommisjes sels wol ris hearre wolle - en dan graech ûnder namme - hwat harren bilied wol is.
As lêste in pear wichtige fragen yn dit stik fan saken:
1. | Hwa bineamt de Fryske leden fan de kommisjes? |
2. | Ut hokker rounten komme se? |
3. | Hwa binne it, dy leden fan de kommisjes? |
4. | Hwat is de ynfloed fan de har nochal bihâldend opstellende Raad voor de Kunstfiguer Tiny Mulder? |
5. | Hwerom is der yn 'e Fryske ôfdieling gjin plak foar eksperimintele en eksperimintearjende wurken, om mar net to praten oer de hillige húskes omsmitende boeken? |