| |
| |
| |
Tichelwurk
Jetrus: ut skip moi jild
Tiny Mulder hat yn ut Friesch Dagblad fon 20 maat 1976 réagjerre óp myn artykel ‘ut skip moi jild’ yn Trotwaer 1976-1. Ik krij net ut ydee dot Mulder viis is moi myn besykjen óm ut núvere dwan en litten fon de bedeelders fon ut Fonds voor de Letteren oan ut ljocht te bringen. Mulder vól net iens oer ut Fonds prate; se ferdrôit de strekking fon myn artykel sà, dot dy un beskuldeging oan de frieske skrjowers vurt.
1. Yn 1974, noi ut ôprintsjen fon Willem syn brief en myn kómmentaarke dêrbij (Trotwaer 1974-3), ha vij os redaksje ôpraat dot vij de jildferdeelderij fon ut Fonds krytysk besjen soenen. Mar ut mócht gin heksejacht óp frieske skrjowers vurre. Ik haf óp mij nómmen óm dot artykel te skrjowen. Noisimmer 1975 haf ik yn klodskrift un artykeltsje ynlevere, vêrynt ik yn ut olgemeen vot jeuzele oer de ónmogelekhyd óm de veade fon lyteratuer yn jild út te drukken en oer de oergunst tusken skrjowers. Mar de monnen soinen: dut is neat, dut is ôvôid praat. En dot vji fonself ek sa; moi olgemeen hauden jeuzelpraat ken mun gin misstonnen óprûmje. Don mat mun moi faiten kómme.
De faiten vot ut taskikte jild betreft, hjinnen vij fon Klant krygen. De faiten vot ut públysjerre vurk (romons, ferhalen en fessen fwar fólvûksenen) oangjit, haf ik sammele út de katebakken fon Freark Dam.
Mulder neamt dy metoade simpel. Ja, dot is ek sa. Ut is heel simpel. Jo krije dy bakjes fwar jo en skrjowe óp un pepjirke vot jo ha matte. Yn un oere of fjauer binne jo klear. Dur binne vól slimmer metoaden te betinken: a, de alfebetyske katteloges fon de PB tróchsneupe - dot kostet jo un ier of tsien; b, bij hûndet friezen de boekekost tróchsykje - un ier; c, de frieske skrjowers freegje vot se skreon ha - fon de helte krije jo nóit ontvud. Ut is vier: myn metoade vji heel simpel. Mar dêróm ferkead? Yn dy katebakken fon Freark Dam ken vól us vot ontbrutsen ha, en ik ken un kaatsje oer de kop sjoen ha - vot vjirskynlek ek un kear bard is -, mar ol dy oare ómslachtege en tiidfrettende metoaden dyt ik jirbóppe neam, jaue lykefólle of mear kônsen óp missers. Mulder ferjit óm oan te jan vot ut faute fon myn metoade is.
| |
| |
Mar ik dóg myn bêst óm Mulder te begrypen (fonself olinneg mar óm fjurrege kwallen óp har hólle te steapeljen sat de Skrift soit): ik ljo se fynt myn metoade ferkead ómt ik olinneg noi de públykaasjes sjug en net noi de, bij gwón skrjowers yn ut laad lezende, mannúskripten. Mar hû yn de goedeghyd mat ik dêr achter kómme? Mulder skynt tagóng te havven ta olderhonde búroladen, mar dot haf ik net; sa yntym gón ik moi de measte skrjowers net óm. Mat ik har un brjifke skrjowe ot se even ópjan vólle vot se yn mannúskript klear ha, ómt ik yn Trotwaer públysjerje vól vot se útfretten ha? Kóm no, Mulder! Mat ik un blau pak en un aktetos oantúge en bij de dwarren lônsgean: menear, ik bin fon de ryksmannúskripteynspeksjetsjinst, moi ik even yn jo brônkost sneupe? Kóm no, Mulder! Osjoen dêrfon, ik gón dur fon út dot ut Fonds jild jaut óm de produksje fon bûkken te befwadderjen, nèt ôm ut garjen fon mannúskripten yn búroladen en brônkosten te stypeljerjen.
Fonself: un mannúskript ken un bûk vurre! Dot kómt faak genôch foar. Mun soe yn ut olgemeen vól stelle kenne dot ut ferskil tusken un mannúskript en un bûk ûnder mear un kwesje fon (kwattere of langere) tiid is. Os Mulder don ek soin hji: ho us even, ut ken vól us langer dwórje os un ier jert un mannúskript printe en fermonnegfôdege vurt, do hast de tiid te krap bemetten - don lyket mij dot gin ónreedleke ópmerking. Mar dot soit se doch noi oanlieding fon de memoires fon Inne de Jong? Ja krekt, se spitst ut óp persoanen ta, persoanen vêrt se moi befreone is en vêrt se vól bij oer de flier kómt. Mar Mulder hûgt har freonen net yn beskerming te nimmen, vont ik fôl har freonen net oan. IK BESYKJE OAN TE TOANEN DOT UT JILD DOT UT FONDS VOOR DE LETTEREN FYA TALAGEN EN VERKBEOZEN OMPATTET GIN OPTYMALE RISSELTATEN HAT. Ik haf besocht óm dut ûndersyk, ómdot dur nammen yn neamd vurre mûsten fon frieske skrjowers (frustrjerre, idele klwatsekken moi tjennen os heafwarkefiemen), sa saaklek en formeel mooglek te hôren. Formeel ken ik net vitte vot un oar oan mannúskripten lezen hat. Sadreet ik dot formele stônpunt ferlit, bejau ik mij yn olderhonde persoanleke ómstondegheden. Lvkegoed soe ik de krytyk, dot de tiid tusken ut ópleverjen fon un mannúskript en ut públysjerjen dêrfon os bûkvurk vól us langer vêze ken os un ier, en dot vij dêróm yn 1975 noch gin risseltaten yn printe fwarrem fon de talagen en verkbeozen oer 1974 fervachtsje moie, aksepteard ha.
Os ik fjidder gón moi myn besykjen óm Mulder goed te begrypen, don lyket ut mij ta dot se myn ûndersyk te smel fynt ómdot ik mij behaind ha ta fessen, ferhalen en romons. Ik hji ek de fwar Jeltsje Das skreone teksten fon Berber van der Geest moirekkenje matten. Ik fetaal dut yn de formele, en fon de persoanen apstrajerre krytyk: yn ut ûndersyk hji ek de lyteratuer behelle vurre matten dyt net os
| |
| |
bûk vurk, mar ‘yn audytyve fwarrem’ públysjerre vurt.
Ut lyket mij ta dot ik jirmoi de emoasjonele en persoansbûnne krytyk fon Mulder veróm brocht ha ta twa saakleke oanmerkingen óp de behaining (yn tiid en yn brete) fon myn ûndersyk.
Un detailoanmerking is fjidder dot Van der Ploeg syn romon ‘De snûkkebek’ net neamd is. Dot is un flater fon mij (of fon Dam, mar dot dógt net ta de saak). Un hollônsktalege romon fon Van der Ploeg ken ik fonself net moitelle, ómdot dut ûndersyk him behaint ta yn ut friesk skrjowende oteors. Of Van der Ploeg hat oanfrege fwar un hollônsktaleg bûk en ut Fonds hat ut him taskikte bedrag bij óngelók óp de frieske list pleatst, òf Van der Ploeg hat oanfrege fwar un friesktaleg bûk en bij óngelók un hollônsktaleg bûk skreon - hût ut ek vêze moi: dot bûk ken net moitelle.
Op grûn fon de krytyk óp de behaining fon ut ûndersyk - sat ik dy apstrajerre haf -, en noi oanlieding fon ut fait dot ik ien romon oer de kop sjoen haf, neamt Mulder myn ûndersyk ‘simpel’ en ‘flodderich’ en doar se út te hôren: ‘Riemersma wit neat, biweart mar hwat’. Vij sille ut mar yn de jamkste fôde slaan en dusse gjolpen útleze os ut kêkeljen fon un ôd-hin dyt har earme pykjes beskermje vól tsjin de vrede vykel.
2. Fólle vichteger os de krytyk fon Mulder óp de útfiering fon ut ûndersyk is bij mij ut fait dot se myn artykel oantsjut os un ‘rjochtdei oer syn kollega-skriuwers’. Dut is gin misbegryp of sljowens of hastegens mear, dut is un ópsetleke ferdrôiing fon de strekking fon myn artykel.
Ut kómmentaarke yn Trotwaer 1974-3 beslút ik moi de vudden: ‘dur mat vot feroarje bij ut Fonds’. Ik ha nèt skreon: dur mat vot feroarje bij ús skrjowers. Ut gie mij dû, en no noch, óm ut Fonds, har regels, har hôren en dragen.
Ut artykel yn Trotwaer 1976-1 rint nèt út óp un beskuldeging oan ut adres fon beskate skrjowers, nèt óp un atfys oan de Fondsbestjoerders óm dy en dy nóit ver un talage/verkbeos te jan. Ik kóm noi myn ûndersyk ta de kónklúzje dot ut jild ut bêste bestege vurt os ut oan romonskrjowers jûn vurt, mar dot de risseltaten fon ut tatreone jild lykegoed ek don noch mar lyts binne, os mun fergelyket moi ut tol romons dot sónder talagen/verkbeozen prodúsjerre vurt. En dêrnoi hifkje ik de regels fon ut Fonds en de tapossing fon dy regels, fwarsafiert ik dêr moi myn kwat ferstôn bij ken, vont ut is un tiezeboel....
Ut gjit mij net óm de persoanen, noch óm de frieske skrjowers, noch óm de bedeelders fon ut Fonds. Pieter Terpstra soit (Het Nieuwsblad van het Noorden, 20-3-1976) ik hji freegje matten vaat ut jild ferdeelden. Ut ken mij net skele, ot se ut mar sa dógge, dot de frieske lyteratuerproduksje dêr safólle mooglek tróch befwaddere vurt. Ik
| |
| |
ken fon ut Fonds olinneg de nammen Klant en Lelieveld, en vaat har achter dy pseudonymen ferskûlje vit ik net en ut makket mij ek neat út, noch vaat dêr fjidder un finger yn de brij ha. Ut gjit mij óm regels en de tapossing dêrfon.
Os ik vier un beskate skrjower (X) hytfólgje vóllen hji, don hji myn ûndersyk yndied fólle djipgeander vêze matten. Ik hji noi de vurkjauer stappe matten óm te freegjen ot X dyt yn 1972 un talage/verkbeos fon f 4000,- hôn hat, verklek twa mwanne frij nómmen hat. Don hji ik X syn bwórlju freegje matten ot X yn dy pearyoade vier skreon hji, of vot yn ut tún ómprutst. Vji ur mwaans ol ier bij de vurken? Of siet ur óm olve oere noch yn pyama bij de tafel? Hearden se naks vól us un typmesyne rotteljen? San ûndersyk soe útrón vêze óp un heksejacht - en dot voenen vij no krekt nèt, haf ik ol soin.
Ut soe nammes ek net blyken jûn ha fon fólle sin fwar réalytijt. Ut is sinfól óm ‘misdiedegers’ oan te vizen en óp te spoaren os 90% fon de mienskip him hôrt oan de regels. Os 90% him nèt oan de regels hôrt, of os dy regels dur inkeld fwar de sjeu binne, don is ut apsurd óm de oertrêders fon dy regels óp ut harspit te nimmen. Ut is don fólle logysker óm de 10% dyt him vól oan de regels hôrt oan te tsjutten os stómme ezels.
Yn myn fwargeand artykel ha ik ut oer vonprestaasjes. Ik kóm ta dy kónklúzje óp grûn fon de ûnderstelling dot ut Fonds ut jild tapattet yndied moi ut doel óm de produksje fon lyterêr vurk te befwadderjen. Ik sees ut yn dot artykel moi krekt deselde vudden (ôsjoen fon de printflater ‘tapatte’). Vot ik dur net bij sees is, dot ik dur ek fon útgean dot de regels fon ut Fonds jênsteg nómmen vurre. Mar ik vit fonself bêst dot ut lôn dur yn praktyk heel oas hinne loit.
De réalytijt - sat dur yn tróchsneed tocht vurt - is lykernôch sa: ut Fonds hat un knwarre jild te ferpatsjen. Dot mat óp. Os te min friezen oanfreegje, soenen se yn Rijswijk tinke kenne dot de frieske lyteratuer neat fwarstelt. Ut is dus saak dot safólle mooglek minsken oanfreegje. Ut is better dot ut jild noi Fryslôn gjit os noi Hollôn, de frieske skrjowers fertsjinje doch ol san bytsje, dot dy moie vól us un ekstraatsje ha. Frieske skrjower A lêst yn de kronte dot B un talage kryt en tinkt: ik skrjo lykefólle of mear os B, os hij dur rjócht óp hat, don ik ek, takkem ier freegje ik ek oan. X nimt trije mwanne frij en skrjoot óp syn gemak un romon - hij hat un beos krygen. Mar is ut ónreedlek dot Y, dyt un baan hat vêrt ur net út mist vurre ken, mar dyt ol syn frij oerkes beoleget oan un romon, un verkbeos oanfreget en kryt, en yn desimber un brjifke skrjoot dot syn baas him gin frij jan voe, mar dot de romon lykegoed ô is? Ut is doch ut belangrykste dot mun skrjoot, en ut dógt doch net ta de saak os mun skrjoot yn juns frije tiid of yn juns frij-kochte tiid? Om kwat te kriemen: de
| |
| |
talagen en verkbeozen vurre beskôge os un ekstra honoraryem fwar ut skreppen yn de frieske lyteratuer.
Dusse sytevaasje - dyt heel vól te begrypen, mar dêróm noch net goed is - havve de bedeelders fon ut Fonds fiervoi ut meast skuld oan, vont sijen havve de tautsjes yn honnen.
Ik vól noch vól oannimme dot de Fondsferpatters, olteast ynjesten, te goeder trau hondele havve, dot se de hôn vot licht ha moi ut tapossen fon de regels ómdot de ‘frieske sytevaasje’ dot easke. Mar ut hji don net mear os kónsekwent vest óm útstellen te dwan fwar nije regels, dyt better bij de sytevaasje en ut ferlet yn Fryslôn oansleaten. Vont os mun de regels yn vêzen lit, mar har net (helendol/kónsekwent) tapost, don óntsjit dur óp un duer un gaotyske tastôn, vêrynt sat ut lyket olles mooglek is en ut meast fwar de hôn lezende net bart.
Ik beskuldegje ut Fonds - nèt de skrjowers. Oan de iene kônt haf ik vól us oergunsteg vest óp ien dyt súver olle jirren syn talage ópstrykt, oan de oare kônt jau ik sókken gelyk dot se pakke vot se pakke kenne... oas krije de bargen ut dochs. Mar ik haf besocht yn myn foareg stik - en ik tocht dot mij dot fierhinne slagge vji - óm de sentymenten durbwótten te litten. Ut moi gin kwesje vêze fon gunnen en oergunst, mar ut mat besjoen vurre (en dot mat don ek lije kenne!) os un saakleke oerienkómst: jild - frije tiid - mannúskript. Ik ken ut don ek net iens vêze moi Willem syn ópmerking yn ut besprek fon ‘Ljippeblommen’ (Frysk en Frij, 16 november 1974): ‘En as it dan doch moat, nou fuort, jow him dan oer 1975 mar in talage of sokssahwat, mar dan moat er fansels wol wer in soartgelikens boekje skriuwe. As hy ús dat gunt, gunne wy him ek hwat.’ Sók praat rooit neane noi, en slagt nammes olle grûn ûnder Willem syn brief oan ut Fonds (públysjerre yn Trotwaer 1974-3) voi.
3. Mulder vól fon ut Fonds gin kwea heare. Ut Fonds hôrt de saak goed yn de gaten: ‘Hwa't in kear in wurkbeurs krige hat en dêr neat foar dien hat, hoecht net wer op jild út it “Fonds voor de Letteren” to rekkenjen.’ Dot kloppet net. Un fwarbeeld: Riemersma hat yn 1969 in verkbeos fon f 5000,- hôn. Hij hat dêr gin frij fwar nómmen en hij hat yn dy snwórje ek neat skreon vot públykabel vji. Lykegoed hat ur yn 1973 ver un verkbeos krygen.
Mulder pikt dur inkele skrjowers út óm oan te tsjutten hû mis myn artykel vji. Ik mat earlek seze: ik ha nóit ien sjoen dyt sa útpikke koe! Se pikt dur un pear skrjowers út fon vaat se vit dot se vot yn ut laad havve, en oaren, bijfwarbeeld Jan Dykstra, dêr pikt se kôntroerend oerhinne. Se ken net elkenien bihondelje, soit se, ‘hwant dan bin ik fuort noch net klear.’ Lau loene! Se is útpûpt, of ljevver ‘útpikt’, se vit fon dy oare skrjowers neat... of se vit vól safólle dot ut mar better net yn har artykeltsje neamd vurre ken. ‘Ik pik der in pear út.’
| |
| |
Os ik Mulder vji, jûûg ik myn baan óp en vaar ik berópsútpikker. Don sette ik un bwódsje oan de mwórre lykos dokters havve en notaresen, san vyt gimmeleaden bwódsje moi swatte letters:
UTPIKKER
Pikt olles durút vot jo dur
graag útpikt ha vólle
(olinneg óp ôspraak)
Sjug us Mulder, hottefylje, dot is areg. Mar vij matte de boel net belazerje, dot is net areg mear.
4. Terpstra vól havve, ut jild sil tenoi ferpatte vurre tróch ‘een drietal personen, die de situatie in Friesland kennen (en daar moeten niet, zoals in Den Haag, betrokkenen bij zijn). ‘Terpstra lyket te vitten vaat ut jild ferpatsje. Ik net, sat ik ol soin ha. Om mij hûgt de ferdeling net tróch un pear notabelen yn Ljauet te barren. Os dut un typysk-friesk saakje vurt, don lyket ut gefaar mij greot dot dur tefólle noi de persoanen sjoen vurt (dy mon hat un beswierleke húshôring, dy mat mar un talage ha, mar dy fint kryt neat, vont dy fersûpt ut doch mar), en dot de post mear ónjerre vurt fwar taalbefwaddering os fwar lyteratuerbefwaddering, lykos de tendins ek ol is moi de subsydzjeferliening oan de frieske útjauers.
Jert ik suggesjes dóg óm ta un bettere regeling te kómmen, vól ik myn fwargeand artykel moi twa ópmerkingen oanfólje:
a. ik ha skreon dot yn ut tiidrek 1969-1975 óp syn heegst sais bûkken har óntstean te tankjen ha kenne oan un talage/verkbeos. (Dot tol mat vizege vurre yn sôn; ‘De Snûkkebek’ kómt durbij). Dur is yn dyselde jirren un f 140.000 útrikt oan talagen/verkbeozen. (Fonself, ut ferskoot un ier of mear, ómt de públykaasje net yn utselde ier pleats hat os ut skrjoferlof, mar fwar un globaal oersjug makket dot neat út.) Fwar plm. f 20.000 hat mun un romon, dus. Dot is un heeg bedrag. Ik tocht fon de helte te heeg.
b. Dy f 140.000 is ferpatte oer 16 persoanen, de mon tróchenwar un lytse f 9.000. Yn dyselde jirren vaar oan oanfóljende honoraryems un f 60.000 ferpatte oer 32 persoanen en óp syn minst 49 bûkken. Dot is un lytse f 2.000 de mon, en un f 1.200 ut bûk.
Os ik gelyk ha moi myn bevearing, dot de talagen en verkbeozen beskôge vurre os un ekstra honoraryem fwar ut lyterêr krevjerjen, don blykt jirre un beskate vonferhôring. Ut ferskil tusken f 9.000 en f 2.000 en tusken 16 persoanen en 32 persoanen is te greot. Dot temear ómdot de lju dyt bij de f 9.000-grûp jerre, net oltyten sa bótte produktyf binne. Un inkele fyguer út de f 9.000-grûp dyt vól produktyf is, Josse de Haan, hat núvergenôch net mear krygen os f 3.000!
| |
| |
Myn suggesjes:
1. De talagen en verkbeozen vurre ôskaft en ut bedrag dot dur oas oan ferklapbóst vurt, kómt yn de pot fon de oanfóljende honoraryems. Mear skrjowers kenne don rus fon un ekstra ynstruiing profytjerje, en ut bedrag fon ut addysjoneel ken lykegoed trije kear oer de kop. Vaat no fwar un romon un addysjoneel kryt fon f 2.500,- soe don f 7.500,- krije. Dot bedrag soe ur oan kônt leze kenne os un verkbeos fwar ut kómmende ier, mar hij soe ut ek vól ferdónderjoie moie.
Dusse ferdeling fon ut jild is ut meast rjóchtfeadeg, benammen ek moi ut êg óp lju dyt gin frij nimme kenne, en lykegoed produktyf binne. Un stik oergunst soe dêrmoi út de vrôd vêze, en dot lyket mij besónder vichteg, vont dur is neat vot ut lyterêre klymaat mear ferpest os rankúnne.
Os un yn útsjug steld tige ferhege oanfóljend honoraryem de produksje fon lyteratuer befwadderje sil, is min te sezen. Mun soe tenoi yn olle gefollen moi skrjowen un heel reedlek oerlean fertsjinje kenne.
2. Vurt dur fon útgien dot ut fwarútskikken fon jild de produksje fon lyteratuer befwadderje ken, en vól ut Fonds (of de frieske skrjowers - un onkête soe helendol net gek vêze!) dot systeem oanhôre, don matte dur strengere regels óntvurpen vurre.
Ut hat gin sin óm ien un talage/verkbeos te jan os dy net fon doel is óm him frij te maitsjen fon syn doisteg vurk, of os ur him net frijmaitsje ken ómdot de baas him net misse ken of ómdot ur ol pesjoen hat. Ut lyket nammentlek ónvjirskynlek dot jild, vêrt gin frije tiid fon kocht vurt, mar vêrt ut hûûs fon bwóttenómferve vurt, of vêrt de bên fon yn de klean stutsen vurre, of vêrt un autootsje moi ôlost vurt, de produksje fon lyteratuer befwadderet. Loit dot jild de skrjower sa swier óp ut gevisse dot ur syn nachtrêst ópoffert óm un bûk te skrjowen? Och skyt!
Ut hat sin óm ien jild te jan os ur him yndied frijmakket fon syn doisteg vurk. Ut Fonds sil ut jild jest stjoere matte, os un ôskrift fon ut brjifke fon de vurkjauer, vêrynt ut ferlof taskikt vurt, óntfóngen is. Ut Fonds sil ut rjócht ha óm te kóntroljerjen ot de skrjower yndied skrjoot, en net fisket, stúdjerret of túnhakket. De skrjower sil de plicht ha óm óp de doi dot ur ferlof aineget, vot ur skreon hat yn te stjoeren, ô of net-ô, en yn hókker fwarrem ek, skreon of typt, óp klodsjes of netsjes útvurke.
(En noch un suggesje fwar salangt de ôde ‘regeling’ jild: ferneuk ut Fonds moi mooi brjifkes en pluk vot jo plukke kenne - gôns frieske skrjowers binne jo fwargien).
Tr. Riemersma
|
|