ik de krityk fan Van Hijum net bigripe. De titel seit it ommers al: popkes tekenje. Mei in dichter dat net dwaen? Wy diene dat eartiids thús ek wolris op in bislein rút. Mar dan kaem ús mem en sei, ophâlde; ik ha rúthimmeljen genôch. Moat Van Hijum nou yn de ivoren dichterstoer as in wize âlde ûle opstean en de dichters dy't soks dogge oer de snút slaen? De titel, dêr praet de kritikus oerhinne en dan is de baen frij fansels om links en rjochts om him hinne to fegen. It moatte blykber altyd djipdollende fersen wêze. Oars is alles ta weismiten keard; de sliepkeamerliteratuer dan miskien útsondere. De dichter wol ommers dizze kear allinnich mar popkes tekenje. Dêrom slacht de forgelyking mei it oars moaije forhael fan Narsissus as in tange op in baerch. Dizze kritikus kin blykber net relativearje en dêrmei lit er nei myn bitinken blike dat hy net folle gefoel foar humor hat. Steven de Jong is, fyn ik, mei syn bondeltsje in brêge-bouwer. Sok wurk kin troch ‘de gewoane man en frou’ ek mei nocht lêzen wirde. - Hy sil de krityk wol oerlibje tink ik mar ik freegje my dochs yn earnst ôf, hwer't sa'n krityk goed foar is. It falt my trouwens wol faker op dat de hearen kritisi gjin blêd foar de mûle nimme. Dat hoecht fansels ek net; krityk is goed mar de wize hwerop is dochs wol wichtich. It bart to faek nei myn smaek dat men seit, hwer kin ik dy nout bêste reitsje. Hja úterje harren yn de meast skerpe superlatieven. It wurdt sa'n forfelende gewoante, tinkt my, dat hja fornimme it sels leau ik net iens mear. Bygelyks de krityk op it boppesteande ferske fan it bondeltsje. De kritikus hat blykber nea op in Frysk doarp wenne. Fan soks moat men de humor oanfiele kinne. Nou sit de dichter al sa yn 'e put oer de oanfal fan Bauke de Jong en de kritikus jowt him noch in skop efternei. Hy kin de grap
en de selsspot der blykber net fan ynsjen. Nou, ik wol! Ik soe sizze wolle, Steven jonge, is Bauke in arsitektuer-kritikus fan professy? Né? Nou dan hat sok praet ek al net folle om'e hakken. En mocht der al hwat fan iwer wêze, dan silst dochs wol in bouforgunning krige ha net? Dan soe it dyn skuld ek noch net iens hielendal wêzen. Dan moatte de fakminsken en de bistjûrders ek mar better oppassen. Dy hawwe harren nou ienkear liend foar ‘it smoarge wurk’ en de dichter yn syn ivoren toer stiet der dan blykber machteleas tsjinoer (!?)
Ne, Van Hijum moat my de mûle net iepenbrekke. It is in hiel oar forhael fansels mar dit ferske rekket oan de arsitektuer-krityk en hjir koe mei rjocht it moaije forhael fan Narsissus, dat ik oars net koe, wolris fan tapassing wêze. Hwant forskate Fryske doarpen binne sa foreale op harsels, dat hja leauwe sûnder omtinken yn de foarútgong dy't harren diel waerd troch de bou-aktiviteiten yn en om it doarp, sadat ‘it eigene’ sil ik nou mar sizze, alhiel forklommet. Ik kin der hjir net fierder op yngean; ik wol ek net sizze dat der net boud wurde moat, mar de hiele krityk fan Van Hijum is nei myn bitinken yn