Oene Spoelstra
Reizgje
De man sit tsjinoer my as woe er hwat freegje.
De eagen heal delslein, sjocht er my oan. Net rjochtút, mar troch nou en dan ta it rút út to sjen en my dan yn ien bôge mei op to nimmen.
Mei de krante op 'e knibbels doch ik itselde.
Om't der fierder gjin folk by ús sit, doch ik in skot.
Ek op reis?
Ja, jo ek?
It is myn wurk, siz ik. Ik doch eins neat oars.
Hy sjocht my fornuvere oan en ik glimkje. Skriuwer moatte jo tinke. Skriuwer is myn fak. Faeks kin men better skilder wêze of fotograef. De werjefte is dan wol sa sekuer.
Ik skriuw del en bifervje it dan letter.
Hy knikt. Dat jowt my moed, dat ik set fierder mei:
Ik moat kieze út hwat ik sjoch. Nim nou bygelyks dit:
Kinne jo miss Mary? Of Picasso? En hwa kin Olly B. Bommel yn 't echt? Se wenje tsjinoer ús, alle trije.
Miss Mary is sawntich sahwat. Miss Mary kin fytse as in jong frommis. Om oer har rútôfnimmen en strjitskrobjen mar net to praten. Miss Mary hat de ivige jeugd. As it reint bliuwe wy thús én steane foar it rút to stinnen en to klaeijen. Miss Mary nimt de fyts en giet op stap. Nei har freondinnen rounom yn 'e stêd. Miss Mary hat se by boskjes. Greate en lytse, guon fan itselde postuer as harsels, oaren mei forgroeide skouders en fuotten. Mar komme dogge se. Op reinige hjerstdagen rôlje se út taksys, op moaije foarjiersdagen brûkt de iene de oare ta taksy en foarmje meiinoar in rige op it trotwaer dêr't de bern foar oan 'e kant geane.
In oar gefal is Picasso. Hurdfytser by útstek, draecht er syn alpinopet mei graesje as wie er in wrâldforneamd skilder. Hy hat earder fotograef west, wurdt der sein. Syn koarte, tanige lichem hellet de fyts mei de tsien forsnellings út it hok by simmerdagen en dan bûge sawntich jier har foaroer en sette de sokken der yn.
Ik sil fierder mei myn forhael, mar de man suchtet.
Ik ha mear op mei gedichten, seit er. Syn eagen ljochtsje op. Ik moat him in kâns jaen. Gedichten?
Kinne jo: Nei hûs - en fuort set er útein mei