Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Eppie Dam Nijbou 1 doe't hjir noch fûgels de loften biwolken mei flechten wie it reid minder djûr patrizen follen har nêsten mei waermte rook fan grounfocht en gers de pôlle fol fan geheimen as in reiddomp forburgen yn de kleur fan syn fear nou blauwe parkiten reade en wite muzykjend tsjin in gitaer fan traljes en in kunstgebyt huzen haffelt alle dagen op in nije stiltme om [pagina 175] [p. 175] 2 strjitten hâlde de bou oan fan in âld fers doar op doar tún op tún dei út dei yn stiet alles op rym myn fuotstappen passe yn it metrum fan nacht en fan dei en nimmen lûkt my út de rigels wei [pagina 176] [p. 176] 3 hef ik it glês stiet dyn gesicht yn in trystige spegel sjoch ik de wei út aeije fammen de tegels op ien foet in baeske bisiket de wrâld troch in rút fan suertsjepapier mosken stil yn harsels forknûkele gers grien as gers hef ik it glês is dizze snein mei himsels forlegen Vorige Volgende