DDTatebern). Hy sjongt balladen, lykas mear fan syn teksten nei it Deensk, mar ek ien nei Waling Dykstra en ien oer ‘Hindrik Hasjysj fan 'e Houtigehage’. Syn maetskippijkrityske teksten binne om den donder net dreech, earder hwat balstjurrich-kabarettesk ‘De keninginne hat paleizen’ en ‘It is de baes dat de baes de baes is’), ja chut hoe ma'k't sizze? Foar my is in fryske joun sûnder Doede net kompleet.
Bihalven yn Amsterdam haw ik Irolt net fornommen op fryske fooktastannen, al earder, as duo yn Pasptû yn Ljouwert. Foarst om de soarte mezyk, dy't my oankomt as de fijne elektrike fook fan Fairport Convention en sokke ingelske groepen en twad om de mylpeal dy't de LP ‘De Gudrun Sêge’ yn Fryslân is, woe ik de groep dochs bisprekke.
Nanne Kalma, dy't al in hiele karryjêre as pop- en fookmuzikus yn Ljouwert efter de rêch hat, en de groep om him hinne meitsje mezyk dêr't men net allinne nei harket om't it frysk is, mar ek om de mezyk op himsels. By it prodjûsen fan'e plaet is it lykwols net alhiel goed gien, dat de sang is frij min to forstean - lykas op it festival yn Amsterdam, dêr't guon dy't om it frysk kamen har bisauden oer Irolt en guon dy't om'e mezyk kamen ântûzjast wiene. Mar de teksten bin bysletten.
De foarste kant siket de ynspiraesje siz mar yn it folkloaristysk forline (fan Fryslân), útsein ‘Âlde Evert’, dêr't in rêsthús op it aljemint komt. Dat nûmer is fan H. Wijnalda, wylst Sybe Krol tekene foar de oare teksten op disse kant en Nanne Kalma foar alle mezyk. It meinimmendste nûmer fan de plaet - suver in horlepyp - is ‘Klaes Kunst’, dat oars laiv noch folle moaijer is.
De twadde kant is alhiel wijd oan de Gudrun Sêge, dy't troch Jan Tulp yn fjouwer sangen gearfette is: ‘De skaking’, ‘It gefang’ (eksimplarysk foar de fjirtjin jier finzenskip) en ‘De fûgel’ en ‘De bifrijing’ (togearre oer de ôfrin). In ynstremintael nûmer ‘Horant’ slút de plaet ôf.
It is in moaije plaet, al is der wol kommintaer to jaen op'e tekst - mar it is ek in toer en fetsje sa'n sêge gear -: men kin faken better guon episoaden as in hiele sêge nimme, mar út en troch giet it wol hwat koart om'e hoeke; oan'e oare kant steane der ek wer oerstallige stoplapen yn'e tekst, soms sels in hiele rigel ‘ja wisse, him bislist’, ek ‘in lân fierwei of sa’, myn greatste biswier is de modernens fan tael: guon útdrukkings hiene om my bêst hwat arkaysker mocht yn sa'n sêge: ‘knap’, ‘gefang’(!).
Dat de tekstkrante net de ûnthjitten oersettings jowt fan de teksten en fierders hwat sloarderich gearmjukse liket (wy hiene op'e skoalklup ponghâlders dy't nei ôflûken fan sahwat 500 goune op