Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 158]
| |
Tr. Riemersma
| |
[pagina 159]
| |
dwande ut snainske pak oan te lûkken.’ ‘Notiid’ fwar un barren dot fwarbij is; saneamd histoarysk praesens. Ek is mooglek: ‘Yn de iere maityd fon ut ier 2003 rón de hear Straatsma fon keamer noi keamer en besocht him yn ut sin te bringen...’ ‘Dûtiid’ fwar de takomst - mun soe ut histoarysk praeteritum neame kenne. Noch vichteger argúment lyket mij te vêzen dot voneart vij un bûk dot yn de ‘dûtiid’ skreon is lêze, vij ut gefoel ha os maitsje vij ut beskreone barren óp utselde stuit moi, sónder jinnege distônsje yn tiid, vylst olles vot vij noch lêze matte, fwar ús takómst is. Ut lyket mij ta dot Harald WeinrichGa naar eind1) dusse kwesjes defynytyf óplost hat tróch de ‘tiden’ fon ut ‘tiidvud’ net te bynen oan de verkleke tiid, mar oan de hôding fon de prater/skrjower tsjinoer syn stof: fertelt ur of besprekt ur. De ‘notiid’ is ut besprekkende tempes bij útstek; fertellen dógt mun ut maklekste en ut bêste yn de ‘dûtiid’. De grutste ferskillen tusken de twa tempora binne, dot ut besprekkende tempes de harker/lêzer ta fólle gruttere deelnimming (skerpens, iens of óniensvêzen) twingt os ut ferheljende tempes, en dot ut besprekkende tempes statysk is, vylst ut ferheljende fwótgóng hat. Dy twa aspekten hingje útsoate moielkwar gear. Sat ik soi, yn de stikjes vêrt de skrjower achtergrûnynformaasje yn jaut en ut ferhaal vot ur fertelt besprekt, is ut besprekkende tempes tige óp syn plak. Mar yn de ferheljende patten dógt ut skea: ut freget jun moi sôn pear earen te harkjen noi ienfôdege ferhaalelementen en dur sit gin skot yn - mun vurt dur deavurg fon!
Yn gwón kursyve stikjes rint de skrjower fwarút óp ut barren yn ut bûk - hij vit hût ut ôrinne sil -, hij besprekt ut ferhaal en jaut syn miening oer ferskillende saken, dot vij kenne faileg stelle dot de ‘skyl’ fon ut ferhaal skreon is yn de ‘editorial omniscience’Ga naar eind2). Vot ut point of view fon de kean fon ut ferhaal oanbelanget ken mun twivelje tusken ‘(multiple) selective omniscience’ en ‘neutral omniscience’. Begint mun óp syde 5 (rjóchtprint) te lêzen, don lyket de skrjower him te hôren oan vot dur yn Sandra ómgjit. Mar ut tusken hekjes pleatste kómmentaar óp syde 6, ‘(40 jier, troud, ien bern, lytse drukkerij, soms tafallerkes, meast skulden)’, dot sil net tróch Sandra tocht vêze. Tróch Lyckle don? Ek dot vól jun net oan. Ut mat kómmentaar fon de skrjower vêze, dyt syn lêzers gerive vól moi vot ynformaasje. Ut ûnderskied tusken ‘(multiple) selective omniscience’ en ‘neutral omniscience’ is, lykos ik jirbóppe sjen lit, un kwesje fon vjirskynlekhyd: loit ut (noch) fwar de hôn dot de persoan dot en dot tinkt en sjugt en formúljerret, of matte vij oannimme dot de skrjower de tinzen fon de persoanen fwar ús yn syn aigen ydyoom fertaalt en | |
[pagina 160]
| |
behoffent en moi lytse ynformaasjes ôrûnnet? Dur binne ferskillende oanvizingen dot ut lêstneamde ut gefol is - de skrjower stjit bemiddeljend tusken persoanen en lêzers: a) kómmentaar fon ut bóppeneamde soate: ‘Sandra de Bruin, 22 jier, Nijbuorren 28, Ljouwert, wurksum op it kantoar fan de Wurktugefabryk Fryslân oan de Stuyvesantwei, de greatste wurkjower yn dizze stêd.’ (6-7) ‘Mar se giet sitten, sjocht Richt helpeleas oan en rydbosket.’ (44) Dot se rydbósket, ken se noi olle gedachten fiele, mar hû vurt se gevaar dot se helpeloas sjugt? ‘De idealisearre leafde tusken man en frou liket har dochs oan to sprekken en forjamme ja, it kin bêst wêze dat Hedwig Courths Mahler mear út lesbise as út heterofile gefoelens wei skreaun hat - de froulju dy't dit pruime hâlde faek mear fan in false romantyk as fan in gleone kearel óp bêd.’ (9) ‘It wurdt even stil yn de bar; yn de boxen is op dit stuit wer de stim fan Lysbeth List, dy't net allinne bliuwe wol. Ien in glês bier tsjin de kop smite is in greate mislediging, mar Hero en Steven binne spitsen; foar safier bikend hawwe se noch noait in wurd forskil hawn.’ (49) b) Richt tinkt (83) yn dusse vudden oer har jeugd noi: ‘Iennich bern fan in steile, formalistise dûmny en in stille biskieden frou dy't yn syn skaed libbet.’ Binne dot Richt har tinzen, streekrjócht út har hassens lêzen en ópskreon? Ut loit fólle mear fwar de hôn dot se tocht hat: hait dyt oltyten... vylst mem... ‘In bisletten, ópsletten jeugd, in kritys bisjen fan de stikmannich famkes dy't yn de rin fan de skoaljierren skruten ris in kear mei har nei hûs ta giene.’ ‘De hast net to forwurkjen ûnderfining mei in jonge, dy't bilangstelling foar har hie, de gelegenheit foun om mei har allinne lâns it strân to kuijerjen...’ Dot binne Richt har formúljerringen net, mar de skrjower synt. Fon de emoasjes dyt dut verómtinken ópróppe en fon ut springerege en faken óngrammatykale fon ut tinkproses is yn dy steatlek rinnende sinnen neat veróm te fynen. Noch san fwarbeeld: ‘Suver triomfantelik nimt er har mei nei it taffeltsje dêr't de ôfdielingschefs en hwat oar heger personiel by elkoar sitte, harsels in bytsje distânsearjend fan dizze personielsjoun, mar har doch regelmjittich ûnder de oaren jaend en hjir en dêr in pear amikale wurden falle littend.’ (88) c) Oan de ûnder b) neamde fragmenten kin men ek un ûnderskied óphingje, vêrt de téoretysy tige de klam óp loin havve, nammentlek dot tusken sêne en gearfotting. De sêne hat men as de skrjower verjaut vot de persoan dógt, tinkt en soit. Yn de gearfotting is de skrjower oan ut vud, hij nimt distônsje fon ut barren óm mear | |
[pagina 161]
| |
oersjug en ynstjúg te krijen, en hij jaut ut barren ver út un fyzje voi, vêrt de persoanen ut faaks net óniens moi vêze sille, mar vêrt se noch net oan ta binne, ómt se noch óp kop en earen yn ut barren sitte. d) Un argúment dot neat beviist, mar de vjirskynlekhyd vól grutter makket: de oteor fersint him twarus moi de nammen (= persoanen). Op syde 117 stjit: ‘De nacht mei Hero liket mar bêst fóldien to hawwen, tinkt Sandra.’ Dot mat vêze: tinkt Richt. Op syde 123-124 fertelt Sandra oan Lyckle dot se un Peter van der Heuvel met hat. Lyckle tinkt don: ‘Né, it is dy Van Duinen net.’ (124) Dot kèn fonsels, ómt Lyckle de namme net goed ferstien hat, of vot ôvêzeg is, hû don ek. Mar Sandra tinkt óp syde 130 ek veróm oan Peter van Duinen, en dot ken nèt. Dut beviist sat ik soi neat, mar tsjut dur dochs óp dot de skrjower de persoanen út syn ferhaal net ol te skerp útenwar hôrt. Steld dot ik oannimlek makke haf dot ut point of view net streng keppele is oan de handeljende persoanen, mar oan de bemiddeljende en gearfetsjende skrjower, vot don noch? Dutte: dot neffens mij ut point of view fon de bemiddeljende skrjower net gaadlek is fwar un psychologyske romon. De bemiddeljende skrjower stjit fermoaikjend tusken de persoanen en de lêzers, mar de lêzers vólle de persoanen dyrekt, ónmiddelek, moete. Ut bemiddeljende point of view is vól gaadlek fwar bijgelyks un satieryske romon, vêrynt útsoate de fyzje fon de oteor en dy fon de persoanen net helendol stryke, en vêrynt de persoanen mear typjerre os karakterysjerre vurre. (Tink oan Hwer komst wei fan Auck Smit-de Boer).
De styl fon ut bûk ken ik olinneg vot ympresjonistyske ópmerkingen oer maitsje, ómdot ik óp dit mêd net beskik oer téoryen en metoaden dyt myn gefoelsmjittege oardelen besprekber maitsje kenne. Myn gefoelsmjittege réaksje: de styl is glêd, preuveljend en jeuzeljend, ut snijt gin haut, ut rekket jun net; ut is net de réalytijt dyt skreon vurt, mar un lyteratuerdereg ôtreksel durfon. Inkele fwarbeelden: ‘Ja, forjamme, se komt werom, se sil hurd wêze, it is godsûnmooglik dat it libben allinne mar ellinde is, de manlju allinne mar forrekkelingen, der moat hwat wêze dat se noch net foun hat, Sandra de Bruin sil yn it libben net forsuterje - mar op dit stuit wol se har folslein oerjaen oan har wanhope en as treast Richt har hân op har hier fiele.’ (44) ‘It lije wetter is in woldied op har hûd...’ (45) ‘De wurden glide by Richt lâns, se binne faker, folle faker sein. It is noch gjin sawn ûre, mar de nije dei hat al wer de âlde ûnrêst | |
[pagina 162]
| |
brocht, de âlde twifel. Sandra, de bitroude, de leave, de soms hertstochtlike - of Sandra, dy't fan oaren is, midden yn it libben stiet, aventûrkes siket en willemoeds alle kearen toloarstellingen riskearret? Sandra is like ûngrypber as fearkrêftich, it is de iennige yn har libben dêr't se ûnmjitlik folle fan hâldt, de iennige dy't har langsen dwêste kin, mar se is ek dejinge dy't har altyd wer ûnwis en wanhopich makket.’ (59)
De taal fon ut bûk is net oltyten lyke geef friesk: ‘of’ (8, 34) vêrt ‘oft’ (lês: ot) bedoeld is; ‘Hero (...) dy is in man’ (9), mat vêze: ‘dat is in man’ ‘in ûnbikende’ (6), ‘in greatere’ (55) ‘in dei lykas oare’ (68). Mat vêze: ûnbikenden, greateren, oaren; ‘syn hurde lid’ (42), mat vêze: syn hurd lid; ‘frijerijtsjes’ (7), ‘floeitsjes’ (45), mat wêze: frijerijkes, floeikes; ‘folle fan hâldt’ (59), mat vêze: in soad, in protte, in bulte; ‘pleagjen bliuwt’ (56), ‘op harsels wenjen gien’ (56), ‘sliepen to gean’ (112) - gean ken olinneg ferbûn vurre moi sitte, leze, stean en hingje, bljowe, beholven moi dy fjauer, ek noch moi stykje; ‘har holle’ (45), ‘har nachthimd’ (45), ‘syn mes’ (51), ut friesk ken jir ta moi: de holle, ut nachthimd, ut mes; ‘opsjitten’ (25), mat vêze: opsketten; ‘bliedt’ (35), mat vêze: blet; ‘se hat sliepen’ (55), mat vêze: sljipt of slept; ‘praten hawwe’ (104), mat vêze: praat. Dot binne ollegjerre sónden tsjin de gramatyka fon ut friesk. Hollonismen: ‘ûnherkenbere’ (5), ‘herhellet’ (7), ‘pruime’ (9), ‘froeger’ (12), ‘boaze’ (12), ‘keihurde’ (23), ‘sinspile’ (36), ‘wurktúglik’ (42), ‘raem’ (= rút) (41, 43), ‘oerjown’ (= kwarre, spuid) (47), ‘twifel’ (59), ‘sielich’ (118), ‘oanrânne’ (45). Faaks moi mun ta ynfloed fon ut hollônsk ek vól rekkenje ut ôfôlen fon de k fon de útgóngen -ysk: ‘lesbise’ (9), ‘sinise’ (29), en -sk: ‘false’ (9), ‘mâns’ (10), ‘dúts’ (17), ‘smeuls’ (155). Fonsels, dut bryke friesk - en noch fólle bryker! - ken mun oldendoi óm jun hinne heare. Ut friesk gjit ûgrysleke hud achterút. Neffens mij ken mun ut friesk sat ut óp ut stuit tróch minsken fon myn ôdens en jónger sprutsen vurt, net mear brûkke os bazes fwar skriftleke hontjerring. Dot is Terpstra grif moi mij iens, oas hji ut heel vot slimmer viisd moi syn taalgebrûk. Mar óp hókker spraakgebrûk ot ur him don vól basjerre hat, is mij net dúdlek. Ut is myn ûnderfyning dot (ôdere) minsken dyt noch geef friesk prate, navenont don, har net besóndegje oan ut slag flaters dot Terpstra makket. Ta de ôdste hollonismen jerre vudden os ‘gebeure’, ‘beledeging’, ‘mearfaud’, ‘ópfoeding’, ‘sacht’ - vêrt Terpstra | |
[pagina 163]
| |
nuvergenôch de purismen ‘barre’, ‘mislediging’, ‘meartal’, ‘opfieding’, ‘sêft’ fwar brûkt. Ek brûkt ur lyteratuerderege vudden os ‘skientme’, ‘tsjoen’ (wol yn libben gebrûk is tsjoene yn de sin fan omtyspelje, omspane), ‘amme’, ‘hielmaster’, ‘hearrichheit’. Tsjin un behaind tol hollonismen haf ik gin beswier os dy noareg binne óm de verklekhyd út te byldzjen; os mun fernimme ken: dut is skreon sat ut soin is, en ut is soin sat ut tocht is - jir vurt taal skepen. Yn dot gefol mat mun de stro net óm un hollônsk ôi bedjerre. Mar bij Terpstra fernim ik de ‘ynderleke needsaak’ ta krekt dut taalgebrûk net. Myn globale yndruk fon syn taal is: bûkjefriesk vêrt óp un ónsystematyske vize vot brykfriesk tróchhinne mjukse is. Naist hollonismen is Terpstra ek rij moi latynsk-frônske vudden. Dur helendol sónder kenne vij fonsels net. Mar sa healviis os Terpstra ut dógt, hûgt ut net. Ut lyket mij ta dot Terpstra út gemaksucht noi ut frjemde vud grypt.
Dur sitte tefólle printflaters yn ut bûk, dot vól ik de skrjower net yn de skwón skowe, mar de útjauer - juns aigen vurk noisjen is ûsa slim. De staveringsflaters sil ik vól óp rekken fon de oteor skrjowe matte: ‘doochd’ (28), ‘hâldt’ (ymperatyf) (34), ‘houlikken’ (95). Bij ut staverjen fon frjemde vudden hôrt Terpstra him net oan de list fon de Frieske Akkedeemje. Dot moi hinnebruie, os ur him don mar kónsekwent oan syn aigen regels hood. Mar dot lyket dur net óp: ‘kaserne’ (23) naist ‘muzyk’ (23), ‘claxonnearret’ (38) naist ‘claxonearret’ (39), ‘ekskursjes’ (16) naist ‘yllúzje’ (28), ‘avances’ (26) ‘ambulances’ (96) naist ‘sigret’ (6)
Ik haf ut inkeld hôn oer dingen fon fwarrem en prissentaasje, net oer de ynhôd. Mar bij un taalkunstvurk gjit uk ek benammen óm vot dur moi de taal dien vurt, en hût dy stikken taal jun fwarset vurre. Ut ferhaaltsje - fwarsafiert mun dot út ut vurk losplúzje ken -, lit ús don mar seze: de nêkene plot, dy is meast net sa vichtig, ek yn dut bûk net. |
|