| |
| |
| |
Geart van der Meer
Styl, kriteria en oardiel
Yn in stik mei de titel ‘Rasjoneel poësij bisprekke’ skriuwt Bartle Laverman oer it op rasjonele wize bisprekken fan poëzij (Trotwaer 1976-2). Dat docht er nei oanlieding fan it redaksjoneel yn Trotwaer 1976-1, dêr't yn oankundige wurdt dat yn de kommende jiergong bisocht wurde sil rasjoneel poëzij to bisprekken, lykas dat oant nou ta foar it proaza dien is. Ik wol hjir gjin polemyk mei Bartle Laverman oangean. Yn hwat folget sil ik earst yn it koart yngean op de fragen dêr't Bartle Laverman ek al mei tangele sitten hat, en hwer't er bisocht hat in antwurd op to jaen. Dêrnei jow ik tige koart wer hwat der optheden forstien wurdt ûnder in biskate foarm fan literaire krityk, ntl. de linguistyske stúdzje fan literaire teksten, en tred wol ik dan bisykje eat dêrfan ta to passen op in gedicht fan Tsjêbbe Hettinga, dat stie yn Trotwaer 1975, side 39.
| |
1. Nei oanlieding fan Bartle Laverman syn stik.
It komt hjir op del dat Laverman kritearia fine wol foar in oardiel oer poêzij. De fraech is: hwer komme dy kritearia wei, hoe komme wij deroan? It sil elkenien dúdlik wêze dat in andert net sa maklik to finen is. Van Dale seit dat in kritearium is ‘een maatstaf bij een beoordeling, toets’; dy ‘maatstaf’, dy mjitlatte, komt earne wei, dy ‘toets’, dy proef, wurdt net yn it wylde wei dien, biskate saken wurde metten, toetst, omt se, liket it, wichtich binne foar it literaire oardiel. Mei oare saken wurdt dat nea dien, ik ha der bygelyks noch nea fan heard dat der foar it oardiel in ûndersyk dien is nei it merk fan it papier en de inket dêr't in tekst op of mei skreaun is of printe. Fansels is dit in triviael foarbyld, mar it toant wol oan dat biskate eigenskippen achte wurde fan bilang towêzen, oare net. Der sil dus in skieding oanbrocht wurde moatte tusken alle mjitbere, toetsbere saken. Dat kin allinnich as der in theory is dy't oanjowt hwat metten en toetst wurde moat en hwat net. Laverman hellet syn kritearia út syn theory (idé-poësij, sa't er it neamt), dy't er gearfettet yn trije punten.
I Literatuer is hwat oars as psychology. Dat is in net to ûntkennen wierheit, dy't spitigernôch noch net oeral ûntdutsen is.
II Poësij is in ienheit fan foarm en ynhâld. Dat is net nij, mar
| |
| |
lykwols bliuwt it in gjalp, mear net. Hoe moat men jin sa'n ienheit winliken yntinke? Hjir giet Laverman net op yn. Hy seit wol hwat oer uterlike en ynderlike foarm. Uterlike foarm is bygelyks rymskema's, strofebou, en is fan minder wearde as de ynderlike foarm (wurdkar, bitsjuttingspluriformiteit - ba, hwat in raer wurd, Bartle -, dubelde boaijems, ensfh.). Yndie is der sprake fan forskillende soarten fan foarm, mar de nammen ynderlike en uterlike foarm lykje mij net sa lokkich keazen. It hie better west en jow net sokke ympressionistyske termen - der binne genôch oare wurden to finen om sokke foarmmerktekens to biskriuwen. Nijsgjirrich is de opmerking ‘De foarm-ynhâld ienheit is biskiedend foar poësij, de foarm ûnderskiedt har fan filosofy, theology, psychology en oar sosjael wurk’. Dat is grif wier, mar dêr is ek alles mei sein, hwant absolute foarmkritearia tsjinoer filosofy ensfh. binne noch net foun (sj. hjirûnder).
Ik nim it Laverman net kwea ôf dat er net mear wit as oaren, mar it is wol sa dat sadwaende syn idé-poësij wol tige dizenich bliuwt en net folle kritearia levert.
III De ynhâld fan poësij kin ‘net ta diskusje steld wurde’.
Hjir snap ik blykber minder fan as Laverman sels. Twa dingen lykje hjir bitize to wurden: (1) hwer't it oer giet (ynhâld) en (2) de foarm dêr't it yn getten is, dy't yndie yn it gefal fan in gedicht net perfoarst de foarm fan in diskusjestik hoecht to hawwen. Dan: ‘It net ta diskusje steld wurde kinnen fan poësij, docht al bliken út de “meerduidigheid” fan 'e tael, de ynderlike foarm (II)’.??? In non sequitur, liket mij ta. Ik sjoch net hoe't III kritearia jaen kin foar de poëzij-krityk. Gearfetsjend kin sein wurde dat nettsjinsteande de hwat ûngelokkige wize dêr't it stik op steld is, ik it dochs mei de haedstelling iens bin dat der kritearia socht wurde moatte, dy't helle wurde moatte út in theory. Dy theory soe dan dizze foarm ha kinne: as in tekst eigenskippen a, b, c ensfh. hat, dan is it goed of min (gradaesjes dêr tusken yn kin ek). De tapassing fan de theory giet dan sa yn syn wurk: (1) de algemiene theory seit dat in gedicht bygelyks eigenskippen a, b, c, ensfh. ha moat; (2) der wurdt ûndersocht oft it gedicht yndie oan dy easken foldocht; (1) en (2) liede dan ta (of forklearje) (3) it oardiel. De slimmere eardere fraech hoe't wij ûberhaupt witte dat in tekst literair is, i.c. in gedicht, gean ik hjir mar net op yn. Mei sin ha ik skreaun liede ta òf forklearje: in oardiel is fakentiids al (foar in part) foarme, en dan is der allinne noch mar forlet fan redenen. Wel, dy redenen binne dy theory plus biskate eigenskippen fan dy tekst. Yn de praktyk sil it faek wol sa wêze dat der sprake is fan forklearje èn liede ta.
De hjirboppe oantsjutten theory is in forbisûndering fan in
| |
| |
algemienere theory, lit ús dy de estetika neame, en foarûnderstelt ek noch in theory oer de kunstfoarmen, dws. de literaire kunstforamen: hwannear is in tekst literair, hwat is in gedicht, in roman ensfh. Dy lêste theory jowt ús de kritearia dy't wij hantearje moatte bij de bislissing oft in stik tekst ‘literair’ is ja of né, en net in stik is út bygelyks in tillefoanboek, in skiekundeboek of hwat dan ek. As je it boppesteande lêze liket it allegearre mar skoan en is it net sa slim om krityk to bidriuwen: je passe gewoan de theory ta. Der is lykwols ien probleem: dy theoryen binne der net, of hwat foarsichtiger, praktysk net. Sa maklik is dat trouwens ek net, hwant it komt der op del dat der algemiene regels opsteld wurde moatte oer hwat it minskdom (of dat part dêrfan dat ‘smaek’ hat) moai of net moai achtet. Om bij de literaire krityk to bliuwen, it iennige hwat der ynearsten dien wurde kin is de eigenskippen to finen en te biskriuwen fan hwat algemien as literatuer biskôge wurdt, yn de hope dat bij einsluten de relevante eigenskippen fan de netrelevante eigenskippen skaet wurde kinne. Wij kinne dus it oardiel noch net biwize of ôfliede, allinne mar sykje om eigenskippen dêr't it oardiel op stuolket (as dat der is). Dit is de reden hwerom't A. van Hijum syn evaluaesje nei myn bitinken faek sa ôfgryslik meager útfoel neffens de langte fan it foarôfgeande yn syn stikken: in fêststellen fan in biskaet patroan yn in roman liedt op himsels net ta in wearde-oardiel, hwant sa'n oardiel ûnderstelt ek noch in theory. Op de fraech hwerom't krekt dát patroan fan bilang is foar it oardiel is gjin antwurd jwon. It is biwiisd (P. Werth 1976) dat ek yn strieminne poëzij bijgelyks allegear patroanen to ûntdekken binne, en it soe hielendal net sa'n dreech kerwei wêze om yn in
skiekundeboek prachtige struktueren to ûntdekken. It probleem is dus: hwat binne de relevante eigenskippen. Lit ús ús ris biheine ta de linguistyske eigenskippen fan teksten, en oergean ta it folgjende punt.
| |
2.
Hwat kin de linguistyk bijdrage ta de literaire krityk? Neffens de alderlêste sin fan Fowler (1966) ‘There is no logical step from linguistic criticism to evaluation or interpretation (except of points of detail); but linguistics does provide ways of unfolding and discussing precise textual effects, and may be a means of assuring a sound factual basis for many sorts of critical judgment’ (ûnderstreking fan mij).
De linguistyk kin dus de ‘precise textual effects’ bisykje to finen dêr't bij einsluten in part fan it oardiel op basearre is, en ûndersiket dêrta dy aspekten fan foarm dy't ta de tael fan de tekst hearre. Dat lêste hâldt yn dat oare formele aspekten (lykas de wize fan
| |
| |
printsjen), dy't tige wichtich wêze kinne, gjin omtinken oan jown wurde kin. It is faeks wol tsjinstich hjir even yn to gean op de foarm sa't Fowler dy sjocht. De foarm is ‘invariant and repeatable’ en is ‘the proper object of study for stylistics, as for linguistics’; hij wurdt realisearre op twa manieren, dy't beide ‘substance’ neamd wurde: (a) ‘as a written record’, (b) ‘as a spoken recitation’ (= performance). Dus foarm wurdt-realisearre-troch substânsje (a) op papier, (b) as foardracht. De foarm is unyk, de substânsje yn prinsipe ûneinich. As wij dus formele eigenskippen bistudearje hâlde wij ús dus net dwaende mei eigenskippen fan de substânsje, bijgelyks de waerme of sexy stim fan de foardrager of -draechster.
It hear oersjende seit Fowler dat ‘there is probably no absolute formal distinction between literature and non-literature: neither of these two categories is formally homogeneous’ (ûnderstreking mines). It is in goed ding dat to ûnthâlden, lykas al earder sein is. Hwat seit er oer styl: ‘Style - a property of all texts, not just literary - may be said to reside in the manipulation of variables in the structure of a language, or in the selection of optional or “latent” features’. Ek: ‘The sum of the... formal characteristics may be called a style’. Hy bidoelt hjir dat de struktuer fan in tael op biskate gebieten absolút gjin kar lit, op in protte oare gebieten wol: de skriuwer kiest út hwat de tael him oan kar jowt, dat is syn styl. Styl kin dus bistudearre wurde út it eachpunt fan de fonology, de syntaksis en de semantyk, en miskien kin de morfology ek wol ris in rol spylje.
Der binne ek noch oare opfettings oer hwat styl is. Sjoch bygelyks Freeman 1970: (1) styl is ôfwiking fan de noarm; (2) ‘recurrence or convergence of textural patterns’; (3) styl sa likernoch definiëarre troch Fowler.
ad (1): hjir wurdt faek it wurd foregrounding brûkt: ‘Poetic language deliberately breaks the rules in order that a given passage be noticed as language: the hallmark of literary language is foregrounding’.
ad (2): forlykje R. Jakobson' syn bikende ‘The poetic function projects the principle of equivalence from the axis of selection into the axis of combination’ (Jakobson 1960: 358). Ienfâldiger, sjoch Fowler (1966: 23), hwer't er M. Riffaterre sitearret: ‘a heaping up of stylistic features working together should like to call convergence’.
Ik wol nou yn (3) in gedicht fan Tsjêbbe Hettinga ûndersykje op inkelde eigenskippen, en dêrfoar wol ik dizze definysje fan styl brûke: styl is de som fan de (formele) linguistyske eigenskippen fan in tekst. Dizze as twadde sitearre definysje fan Fowler slút neffens mij in ûndersyk nei de poetic function, dws. konverginsje fan eigenskippen, yn.
| |
| |
| |
3. Aspekten fan de styl fan in memoriam in arbeider
It gedicht dêr't it hjir om giet stiet yn Trotwaer 1975 op side 39 en hat de titel IN MEMORIAM IN ARBEIDER (Foar arjen).
Drekst bij it lêzen fan dat gedicht waerd ik troffen troch de bisûndere wize dêr't de tael op brûkt waerd. Ik hie it gefoel dat de dichter in kompleks netwurk fan lûden spand hie, sá dat wurden yn ien rigel (en faek mear rigels) troch lûdoerienkomst of -identiteit oan- inoar fêst sieten. De yndruk dy't it gehiel bij it lêzen de earste stikmannich kearen makke wie dat dit lûdpatroan de ynhâld ‘spile’ en forsterke. It gedicht giet oer in arbeider dy't folslein yn harmony mei de wrâld libbe, en de dichter dy't troch dy ynfloed itselde komt to fielen: hij fielt ‘de siel fan 't hielal’, is ien mei 't hielal, is yn alle dingen en alle dingen binne yn him. Dizze ienheit fan alle dingen is nei myn gefoel symbolisearre yn it lûdpatroan.
Dat wie myn ympressionistyske yndruk, dy't troch in hwat mear yntellektualistyske analyse bifêstige like to wurden. Troch alle lûden en samlingen fan lûden dy't konverginsje-eigenskippen hiene (neffens mij dan) to ûnderstreekjen (of soms to boppestreekjen en mei lyntsjes to forbinen, kaem ik ta it hjir ôfbylde risseltaet. (sjoch side 148)
Sa't al sein is binne allinnich dy lûden ûnderstreke dy't nei myn gefoel konverginsje sjen lieten. Dat hâldt yn dat oan de biwuste analyse al in biskate ûnderbiwuste analyse/evaluaesje foarôfgien wie. Ik bin it ntl. iens mei it hjirboppe al neamde artikel fan Werth (1976) dèr't yn oantoand wurdt dat Jakobson syn stelling - dat in mechanyske analyse de literairens fan in tekst oantoane kin, ntl. troch it bigryp poetic function to brûken - ta absurditeiten liedt. Konverginsje kin ntl. yn it earste it bêste krantestikje oantoand wurde (sj. ek hjirboppe): de reden hjirfan is dat tael in einich oantal eleminten brûkt (fonemen, wurden, syntaktyske konstrusjes, morfemen ensfh.). Konverginsje sit dus yn elke tekst, hwant eleminten fan tael komme hieltyd werom.
It probleem kin dan sa formulearre wurde: hwannear kin in biskate herhelling fan taeleleminten echte konverginsje neamd wurde; of, hwannear is in herhellingsforskynsel in gefal fan poetic function? It andert liket ienfâldich yn dit gefal: rekkenje de trochsneedsifers fan it foarkommen fan elk fan de lûden út yn dit gedicht, forlykje dy mei de trochsneedsifers fan de tael as gehiel, en de lûden dy't relatyf hegere persintaezjes ha fortoane konverginsje. Wel, dat ha ik foar de lûden (vokalen) dien - net foar de bylûden dus - en ik ha de útkomsten forlike mei Hoekema 1958. Hjirby ha
| |
| |
Dizze sifers jowe it oantal wurdlidden (dus vokalen) yn elke rigel oan.
| |
| |
De fonetyske tekens binne oanpast oan Cohen et al. 19612.
| |
| |
ik de noaslûden opteld by de net-noaslûden, en fierders ha ik noch inkelde grapkes úthelle dy't de trochsneedlêzer wol net ynteressearje sille. De útkomsten binne sa: (sjoch side 149)
Nou is it foar mij de fraech hwannear't in ôfwiking signifikant is. Lykwols springe inkelde lûden der út trochdat se in heger persintaezje ha as bij Hoekema 1958. Dat binne neffens mij: [ ] 4.732% (Hoekema: 2.050%), [u] 3.785% (H: 1.850%) [ ] 3.155% (H: 1.825%), [ü] 2.208% (H: 0.790%), [e:] 1.893% (H: 0.950%), [i:] 1.577% (H: 0.750%), [ö:] 0.631% (H: 0.150%), en miskien [ ] 8.202% (H: 6.850%) en [ò] 5.678% (H: 4.600%).
By ynsjen fan it gedicht docht bliken dat dat yndie de lûden binne dêr't forbiningen foar tekene binne. Mar... hwat to tinken fan de [ ] dêr't dochs yn rigel 1 en rigels 19 en 20 forbiningen foar tekene binne en dy't yn ús gedicht dochs in leger persintaezje hat?
Konklúzje: der binne inkelde oanwizings dat de ympressionistyske yndruk sa't dy yn de tekening oantsjut is, stipe wurdt troch konkrete linguistyske feiten. Dochs moatte wij foarsichtich mei hoera roppen wêze om de neikommende reden: trochsneedsifers birekkene oer sa'n lyts stikje tael sille altyd ôfwikings sjen litte. Mar hjir stiet wer tsjinoer dat it yn mearderheit krekt dy lûden binne dy't in heger persintaezje ha dy't ek yntuityf konvergearren.
Yn de tekening binne ek lûdkombinaesjes oanjown as konvergearjend. Ek dat soe mei sifermateriael biwurke wurde kinne, as der trochsneedsifers foar de tael as gehiel foar wiene. Mar dy binne der net.
Op de bijlûden bin ik net yngien. Faeks soe in birekkening hjirfoar deselde risseltaten opsmite as foar de vokalen.
Ik wol bislute mei noch ris wer to sizzen dat al dizze babbelegûchjes perfoarst net bidoeld binne as biwiis dat myn oardiel goed wie. Oaren sille it faeks in min gedicht fine fanwegen deselde feiten dy't ik hjir oantoand ha; foar sokken is al dat stêfrym en binnenrym en hoe't it allegear mar hjitte mei bombast. Hwat ik sjen litte wollen ha is dat it mooglik is de sound factual basis fan Fowler yn it gefal fan dit gedicht to birekkenjen. Dizze feiten kinne bêst liede ta (of in forklearring wêze fan) forskillende oardielen.
In echt kritearium is dus hjirmei net foun, mar dat koe ek al net omreden dat de theory it hjir (noch) ôfwitte lit. Heechstens kin sein wurde dat yn dit gefal foar yndividuele oardielen in kritearium foun is.
Postscriptum: Omt de semantyk ek in ûnderdiel fan de linguistyk is, hie ek noch neigien wurde kinnen oft der opfallende semantyske patroanen bleatlein wurde koenen, en oft de lûdpatroanen en de
| |
| |
semantyske patroanen gearfoelen ja ofto né. Dat lêste ha ik net oan tiid hawn, mar mocht it sa wêze dat bygelyks de beide neamde patroanen net gearfalle, dan is der yndie groun foar de biskuldiging dy't ik wol ris opheind haw dat Hettinga ‘oerdiedige en dêrtroch neatsizzende opkreazingen (alliteraesjes en assonânsjes)’ brûkt (Harpe fan Bernlef, 21 ste jiergong, nûmer 8). Ik soe sizze: dat net gearfallen fan dy patroanen is to biwizen, dus Bernleffers... Hwat neffens mij op it stuit net to biwizen is, is de forûnderstelling dat taelmuzyk op himsels utersté net moai of goed is, en dus neatsizzend.
| |
Forwizingen
Cohen et al. 1961-2 - Fonologie van het Nederlands en het Fries, 's-Gravenhage. |
Fowler, Roger 1966 - Linguistic Theory and the Study of Literature; yn: Essays on Language and Style, London. |
Freeman, Donald C, 1970 - Linguistic Approaches to Literature; yn: Linguistics and Literary Style, New York. |
Hoekema, Teake 1958 - Hoe faek komme de fryske lûden en bylûden foar?; yn: Us Wurk jiergong 7, nûmer 2. |
Jakobson, Roman 1960 - Closing Statement: Linguistics and Poetics; yn: Style in Laguage, ed. Thomas A. Sebeok (Cambridge, Mass., and New York, 1960). |
Werth, Paul 1976 - Roman Jakobson's Verbal Analysis of Poetry; yn: Journal of Linguistics, vol. 12, No. 1. |
|
|