Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 152] [p. 152] Theun de Vries Fûgels troch in albasten tek II Abdoella Ibn al-Moe'tazz (861-908) Sjuch de leaflikens fan 'e moanne dy't opkomt. Hja toskuort de nacht; skôgje dy seine fan silver Dy't in swarte greide meant, fol wite titelroazen. ***** Wyn streamt read en rij troch dizze tún En de douwen krite fûl en fûler. Skeld de tûken net omdat hja dounsje. Dronken binne hja fan sang en drank. ***** It hynstefolk fan 'e dauwe rydt oer it blommeguod Jage troch de swipe fan 'e wyn It fjild klaveret wylst it stilstiet ***** As fjûr oanbalge wurdt - Hout en houtskoal - Sjitte flammen op as goudene seders ***** [pagina 153] [p. 153] Ik wol net drinke yn ûnrant ûnder in loft As de bealch fan in wylde ezel, Likemin ûnder in tek dat reinwetter mei lekke muorren Teamzet, en bergen smoarge dridze ynlit. Ik wol drinke yn'e moarn as de himel daget Yn in kaftan fan ile side En it eastewyntsje in kuijerke makket troch de tún Fol blossoms dik fan dauwe En de heldere sinne flimert as in gloednije daelder ***** Wy moatte inoar inkeld by tsjuster treffe. De sinne is buorljue's praet, de nacht In poaijer dy't mei bordeelgerdinen Mannich ôfspraek omskadet. ***** Tiid, dû hast my gjin freon mear litten. Yn dyn libben is gjin goedlikens. Dû fretst myn maten op en seist My dan mei de noas yn 'e wyn goedei. In rimpen famke kaem by my op in nacht Ien en al rep om har ûnskild te fordwaen. Wylst hja roun sei har liif tsjin de wyn: As it dy earnst is dan is dit de slach Om tûken to forweegjen. ***** [pagina 154] [p. 154] Har antlit mids derten hier: in forlerne moanne. De opsjenner dy't hja oanbistege hiene Waerd dronken en stoareage slieprich nei my; Hja bleau en learde my hoe't har mûle preau. ***** Wy forsûpten yn reinwetter (Hwer't de ien of de oar om bidden hie). De sinne bisiket mei jichtige eagen Troch de sêfte wolk to pylkjen, Krekt in kween fan in fint dy't him noch Yn in grien famke triuwe wol. Vorige Volgende