| |
| |
| |
Eppie Dam
Tupperje
....en ynwindich bin ik ek al lang út 'e rie; allinne al de gedachte oan de trije folle jiskepannen en de bidroege bierglêzen makket my mislik en wurch; lofts sjoch ik de skriuwmasjine stean, der moat al wiken in nij lint op, bidobbe fan in losrekke pak kwarto; losse stikken trochslachpapier lizze mear foaroan, heal by de rânne fan it buro del, wit ik nou wer, ik soe se der eins wei krije moatte, mar dan moat ik hanwaskje foar't ik mei hwat oars to set gean; fjouwer proefwurken dêr't ik noch oer gear moat sil ik rjochts fine, aly leit boppe mei har breedhalige puberletterkes, fraech ien haw ik bier oer hinne griemd, god, dat kin ik sa net weromjaen, hja soe tinke dat ik my der boppe ôflutsen hie, dat geile ding; yn 'e midden foar de stoel oer fyn ik dan ‘Het bestaan van God’ fan prof. dr. G.C. van Niftrik, of is it nou C.G., it leit iepen by haedstik 3 ‘God is een zachte dood gestorven’, hielendal plat leit it oan wjerskanten, hwant ik haw de bân deldrukt mei twa fingers, in gelok dat ik it carbon net fan kant makke haw, oars hie ik swarte flearen krige; Erich Fromm syn ‘Psychoanalyse en religie’ en ‘Religie en topervaring’ fan Maslow haw ik noch net oan west; ik moat joun mar hjir bliuwe, hwant ik kin mysels to goed, dat ik wit, ik sil van Niftrik tichtflappe en Maslow lêze, en dat kin ik net goed krije fanwege it bytsje discipline dat ik opbringe wol om mysels net hielendal kwyt to reitsjen, dat ik sil ûnder bliuwe ja. Dochs freegje ik gré, hiel echt nei't ik mien: ‘Jim ha seker leaver dat ik aenst nei boppe gean?’. In bot konstatearjende fraech, fornim ik nou. Hja hat my sketten, jowt gjin azem tominsten, en it swiere petear dêr't ik op hope hie, bliuwt út (ja woest der by sitten bliuwe soms, mei ik der net by dan, hwat silstou der by dwaen, men hat langer gjin plak yn eigen hús, dit is neat foar dy silst dy
allinne mar ergerje, as ik my ergerje wol dan ergerje ik my en as ik hjir sitte wol dan sit ik hjir, dy oare manlju sieten der ek net by, ik haw mei dy oare manlju neat to krijen, gean nei timen dy sit ek allinne, timen ik nei timen, hwat is der forkeard oan timen, timen is in deade lulsek in kontlikker, dat is gjin praet foar ien mei dyn oplieding, hwat nou oplieding hoe sa oplieding, studinten hâlde der oare manieren fan dwaen op nei, studinten studinten timen is in kontlikker dêr dan en dizze man bliuwt hjir joun sitten). Yn godsnamme, hwerom wol ik
| |
| |
sa'n petear. Moat der dan sa noadich haspele wurde om noch kontakt to hâlden. Gré tinkt nou it selde, hja hat my wol heard, mar wol gjin azem jaen, biwust net. Duvels makket it my, sa't hja nou ek omgriemt mei kopkes en leppeltsjes, klûntsjes, slachrjemme, de hiele âldwivige ruttemetut. Ik kin nou noch werom, gjin drokte, en hjir gewoan sitten bliuwe of like gewoan nei boppe ta gean; dan sil ik der op troch kinne foar in húslik man dy't kalm syn eigen wegens giet, him noflik fielt en yn alle silen like mak is. Mar né, ik wol forhûddûke en maltraiteare oerkomme; it plak moat ik ha, dat my net gund wurdt, om 't ik wol dat it my net gund wurde sil. God gré, hoe fier binne wy al hinne meiinoar. ‘Ik sei, jim ha my der leaver net by joun?’. ‘Hen, o, dat jowt neat, meist hjir wol hingjen bliuwe’. Mis, skaekmat. It plak wurdt my gund, biwust, hwant hja wit nou hwat hja docht: my it stilswijen oplizze. Faeks is it hiele drege petear har ek al troch de holle hinne gien. Hja hat der gjin nocht oan dizze kear en gean noch fierder op myn praet yn. Ik moat nou noch bliid wêze ek dat ik hjir sitte kin; myn fraech hâldde ommers yn dat ik hjir leaver siet. Stik fenyn, né, sa net, gré, snap my dan. Hingjen bliuwe, sei se, sjoch ik der sa min út soms. Hja soe se de kost jaen moatte dy't jouns thús komme en delploffe, gjin bekfol sizze. Hja kin it mei my noch wol ôf, tocht ik. En boppedat, as ik aktyf bin, dan kom ik dochs mar op 'e kofje. En kin in man noch maklik sitte yn syn eigen stoel, of net. Né, dit sil gré neijer forklearje moatte. Mar tagelyk tink ik: hat it wol sin, ik wit ommers hoe't it spile wurdt (hoe sa hingje, o neat ik bidoel dou kinst hjir wol sitten bliuwe, mar dou seist hingje, bigjinst nou wer, dou seist hingje, ik fang dy ek net op elk wurd wol, it seit my genôch dou fynst my in deadeling hen
siz it mar earlik, dêr giet it net om, dêr giet it wol om, nou goed dan dou kinst hjir wol sitten bliuwe dan), dat ik sil der fierder net op troch eamelje. Ik wurkje my der allinne mar djipper mei de stront yn. Dat it ea sa fier kommen kind hat, dat gré en ik, nou al, forfallen binne oan langtriedderige bioskoopfilmpetearen en praet fan fyftigers yn de oergongsjierren. It petear moat jin fierder bringe as de bisteande werklikheit, wie ien fan myn leafste dogma's yn ús forkearing, en: de macht fan it wurd is net heech genôch to skatten; it wie yn de
| |
| |
tiid dat ik noch poëzij skreau, it foarlêze mocht oan har, en wy mienden dat wy fierder wiene as wy werklik wiene. Dat it sa hurd foroarje kin; elk wurd twingt ús nou djipper yn de bisteande werklikheit fan húslikens en boargerlikheit. Dêr helpt gjin studintwêzen en gjin God mear oan; God is in sêfte dea stoarn, en wy mei him. ‘Ik bliuw hjir joun sitten’ (hoechst net to studearjen dan, ik haw gjin nocht, hwannear hast tentamen, ik slach dit tentamen oer ik bin al to folle achter, sa komst net klear, hast sels sein it hoecht sa hurd net, moatst dochs in kear klear komme, ik haw myn wurk der ek by, hwerom moatst nou krekt joun ûnder wêze oars sitst ek boppe, ik nim in frije joun, doch dat dan moarn dan binne we togearre, moarn soe ik van Niftrik útlêze, hast der joun dochs neat oan ommers). ‘Ja, dou moatst it sels mar witte’. Dat ‘mar’ hie der net by mocht. Ik lit my net yn myn eigen sop gearsiede. Hja hat my troud, dêr sil hja de konsekwinsjes fan nimme moatte ek. Elk bislút dat ik nim hat eat mei har to krijen, kin net skille hwat. De ien kin de oar net samar oanmodderje litte, dêr is it houlik to kostber foar. ‘Dou moatst it sels mar witte’, soks mei gjin rjocht fan bistean hawwe tusken man en frou.
‘It houlik is in “ordonnantie Gods”, gré’, dêr is hja gefoelich foar! ‘Hen?’. ‘Né', lit mar, ik lul mar hwat’.
Kertier oer sawnen, der wurdt skille. Ik doch as wol ik oerein komme (né lit mar ik sil wol, ik soe oars krekt oerein, né ik stean al). Dat minske praet hollânsk, hear ik. Ik tink my sa'n truttich wiif yn fan in jier of fiif-en-fjirtich, swiere boarsten, readferve lippen, opstutsen hier. God, hwat doch ik hjir; to wurch bin ik om to fûstkjen, nou al mislik fan de lakerige bek dy't ik aenst lûke sil. Ik kin nou noch fuort, aenst net mear, it minske sil tinke dat hja my der út jage hat. Kin ik har dat oandwaen?
Hwerom net, ik sjoch har noait wer, en al soe ik har al wer sjen. Krekt hwat ik tocht, as ik myn sin siz is it in prûk; dy tsjokke lippen, dêr sil har man wol gauris yn happpe meije fansels; dat broekpak fan jo, moat ik dêr nou gleon fan wurde? ‘En dit is meneer?’. Ja, dat is mynhear, hy hat in burd en it hier lang, dat jo sille him wol kwyt kinne yn fakje nûmer safolle; kin ik it helpe dat
| |
| |
jou ‘gemeneer’ my hipokryt foarkomt, mefrou! Gré wol mefrou fuort al in kopke kofje ta ha, in kópke kofje (kofje, nja, ja graech of net), mar dy tinkt earst oan de saken en wol it guod daliks mar út de wein helje. Oft mynhear ek even mei helpe kin to sjouwen. ‘Ja geart?’. Wis en wrachtsjes, gré, dêr bin ik hjir dochs foar en ik mei joun ek al ûnder sitte ommers. Ik kom oerein, ik sil har net bispotlik meitsje mei mefrou derby. Dy langet my de doazen oan út de wite ford-bistel, Ik fiel my oars knap lullich, net allinne om't dat minske sa kweaket, mear om gré dy't my hieltyd ta de foardoar yn lit mei in flauwe laits om 'e mûle, fan formaek en meilijen beide. Dêr moat joun noch oer praet wurde. As ik de lêste doaze suver froulik op 'e tafel delflijd haw, bisef ik, dat ik der op dit stuit noch mei goed fatsoen, hwat dat ek is, tuskenút kin (nou gré nou gean ik nei boppe, ja goed, jim rêdde 't seker wol fierder hen, ja hear), foar mefrou krekt as wie it sa ôfpraet. Dat ik my lykwols wer deljow yn de stoel, sil ik nou hjirút forklearje moatte, dat ik der dúdlik op út bin en ergerje my oan gré, of faeks mear oan de frou op harsels as tige oerflakkich wêzen. De hiele joune sil ik my ergerje wolle oan it truttige prytpraet dat hja der út kreame mei oerdreaun hege laitsstimkes. Dit demonstraesjefeest moat it biwiis wurde foar de stelling dat de frou is hwat hja is: in hin -mei in bispotlik wabberjend flachje fan lipstick en hûdcreame boppe de skokkende kop- dy't oars net docht as pikke en grave yn de moudige groun fan it eigen hok. Dizze ûren sille kliemsk en skimmelich genôch wêze om der wiken letter noch op werom falle to kinnen (en dy tupperjoun dan hwat is der doe ek net ôfrabbe wurden, dat is hiel hwat oars dat binne froulju ûnderinoar, dou
wiest der dan ek mar by of net, dou witst sels ek wol dat ik dan oars bin, dat seit neat dou hast like hurd mei dien oan dat hiele sloppe gedoch, hiest mar fuort gean moatten wist wol datst dy ergerje soest, hie dou dy hiele binde hjir net oanhelle der draeide in goeije film yn ljouwert, oars geane wy ek net nei de film op woansdeitojoune, praet my nou net wer fan emansipaesje en sa hwant dêr binne jim noch lang net ryp foar as jim it ea wurde sille, hoe giet dat mei manlju yn 'e kroech der̂ hast it selde, dat is myn slach net, né dou sûpst it thús wol op, ik sûp net, krijst dyn part oars wol, ik
| |
| |
wol biwust libje der is mear yn 'e wrâld to keap as rabberij en tupperware, dat wit de frou like goed, o, ja en fortel my nou net datstou de discipline opbringe kinst om sa biwust to libjen as ik dyn keamer boppe sjoch, dat hat der neat mei noadich). Gré en mefrou sette alles netsjes to plak op 'e greate tafel, bakjes en skaeltsjes, kûmkes, bekers, koppen, trompen, boartersguod, hwat al net, alles plestyk. Tupperware, of is it nou ‘wäre’, en seit men tupper of tûpper. De froulju sizze fan tupper, mar dêrom allinne al soe it eins tûpper wêze moatte. It ‘ware’ hawwe de measten it slim mei, leau 'k, guon sizze ‘ware’ of ‘wäre’, mar ik haw ek wol ‘waar’, ‘weer’ en ‘wer’ heard (mevrouw een interessante collectie hebt u daar staan maar de naam van de fabrikant hoe spreekt men die nu eigenlijk juist uit, ach meneer ha ha dat vind ik nu typisch een vraag voor een man nou wij zeggen gewoon tupper da's makkelijk zat mevrouw kan ik daar nog iets kwijt misschien). ‘Ja, ik sal dat goed even oppakken’. Ik dûk djip yn de krante, dy't ik gelokkich gau ûnder de stoel foun en iepentearde mei knitterjend kabael. Mefrou sil har ynwindich wol forraze om gré har ‘goed’, ‘goedje’ is it dan noch altyd, ‘spullen’ is lykwols better, ‘spulletjes’ jowt in ûntspannen sfearke en biantwurdet oan it byld fan in leuke, moderne húshâlding, it byld dat gré nou wiermeitsje wol foar mefrou en aenst foar de oaren like goed; hat de joun foar gré eins wol mear om hakken as it feit fan reklame foar eigen sté; en ‘oppakken’ is ek net; hielendal yn 'e heak, ‘opruimen’ is korrekt, ‘wegruimen’ krekt in tikje leuker en moderner. ‘Ja, ik zal die spulletjes even
wegruimen’, gré, tink om dyn namme en wês mar bliid dat de oaren it noch net hearre koene, oars wiest moarn al oer de hage gien, rykje hie it grif wol heard. Nou't ik achter de krante wei it útstalle guod bisjoch, bitraepje 'k mysels derop, dat ik ynienen oandriuw krij en meitsje boppe alles fan kant: de boeken soart by soart, lêzen en net-lêzen; de stencils yn mappen, ik haw noch in swarte filtstift dy't moai fet skriuwt, GODSDIENSTPSYCHOLOGIE, moai lang wurd, NIEUWE THEOLOGIE, ZENDING, mislik wurd, of wie dat nou dy filtstift dy't al hast leech is en allinne de earste letter swart skriuwt; it kacheltsje sil dêr ek wol oan moatte, dat it duorret tweintich menuten foar't it der
| |
| |
knap waerm is, en om nou earst it kacheltsje oan to dwaen en dêr in aparte loop foar to meitsjen, lykwols, it is nou wer in goed momint om der út to knipen, de oare froulju kin ik noch krekt foar wêze. Dat is de ellinde fan it minsklik libben, dat der to folle goeije mominten binne foar in bislút. Alles wie makliker as men mar gewoan fêst siet yn it patroan en dwaen en litte moast hwat dien en litten wurde moat. ‘Wolstou ek kofje ha, geart?’. Moai formuleare foar mefrou. Hjir komt it der op oan, siz ik ‘ja’, dan bliuw ik hjir sitten, ik sjou net mei sa'n folle kop de trep op, siz ik ‘né’, dan kin ik beide kanten noch út (ja wol). ‘Ja, wol graech’. Gré laket. Leuke dingen foar mefrou.
Acht ûre komme de oaren ek oansetten; hja hawwe inoar opwachte, seker, de hiele klyk stiet yn ien kear foar de doar. Gré der hinne. Ik sit allinne mei mefrou. It hie better west dat ik de krante by my hâlden hie, nou wer opkrije kin net bêst. Hooplik bigjint hja net tsjin my to praten, ik bin to wurch, dat hinget ek fan gré ôf, oft dy de jassen hwat flot kwyt kin. It falt my op dat it nuver stil is yn 'e gong, ynhâlden stimkes, allegear falsk respekt en eangst foar mefrou, dy't net tinke mei dat hjir allinne mar gibele en raesd wurdt. De sleep komt der yn, tine foarop. ‘Goedenavond, dach geart’. Moai, wit ik ek fuort hoe't ik hjir sit joun; ik bin der by yn, by mefrou yn 'e hús. Hwerom bin ik nou bliid dat rykje dat seksy blauwe truike oan hat? Alles hwat yn it foardiel fan de frou wurkje kin, moat ik my út 'e holle sette. Ik sit hjir net om troch oare froulju hinne gré opnij to akseptearjen. Rykje mei my net hyt meitsje, hwant dan bin ik joun hyt op gré, en dat wol ik net. Ik sit hjir om de ôfgong fan de frou as mislearre minsklik wêzen mei to meitsjen. De lêste ûre is kommen. Gré en ik moatte útinoar, de maet is fol, joun de lêste drippen noch. ‘Dames, u bent hier vanavond te gast....’.
Fuort klear, mefrouw, de ‘dames’ sille jou oanhef honorearje mei slompen jild, jou joune is goed, minent komt noch wol, is der al, nou, gean fierder, ‘...een serie nieuwe produkten op de markt gebracht, waarvan wij denken dat ze de moderne huisvrouw zeker zullen aanspreken’, de ‘moderne huisvrouw’, nou, dan moatte jo
| |
| |
hjir net wêze, mar it sil nou foroarje fansels mei de oanris fan dizze eigentiidske produkten, simpel hinne en modern werom, dat kin allegear, en foar tupper noch ien kear troe la la, ik soe eins in plaet opsette kinne, hwat background-achtich, jowt mear in party-idé, tupperparty dat is it wurd, ik kin ek nei de keuken ta gean en lekkere hapkes klearmeitsje, stipkes en drankjes en sa, it swart pak oanstrûpe en my as bitsjinner der yn stoarte as in folslein logysk en oanfurde elemint, nou bin ik noch to folle de voyeur, de man mei it kritysk each, it soe de froulju remje kinne yn harren natuerlik frou-wêzen en dat moat ik net ha ommers, ja, ik soe my der feitliks mear tusken jaen moeatte, it fjûr oanfiterje om achterôf ôfstan to nimmen en de hiele saek to dôvjen mei in amerfol kâld wetter. God, hwat bin ik nou wurch. Ik krij de krante wer en konstatearje foar mysels, dat ditsoarte idioatige tinzen, fyn ik nou, it gefolch binne fan myn allinne-wêzen op dit stuit. De saek is nou yn folle gong; de foardielen fan de ûnderskate artikels wurde hjir en dêr yn groepkes fan twa-trije lang en breed bipraet, mefrou is goed foar tekst en útliz. Ik sit hjir yn 'e hoeke sûnder dat hja witte dat ik der sit, of né, hja witte it wol, mar tinke my tofreden en gelokkich, stoel krante en sa, dat hwat sille hja har drok meitsje om my. Wol ik soks dan? Kin ik my noch in frou yntinke dy't ik heech genôch haw om to wollen dat hja har drok makket om my? It liket my inienen in nijsgjirrige fraech ta en foar myn gefoel bin ik nou by it hytste punt bilânne. Kin ik my sa'n frou yntinke, dêr giet it om. Nim ik nou bygelyks rykje. Bygelyks? Hwerom krekt rykje? Sjoch har dêr nou stean mei dat seksy blauwe truike, seksy blau of seksy truike, spand fan moai roune, lytse boarsten, achter is it djipper útsnijd as foar, dêr 't de nekke oergiet
yn rêch soe ik myn finger lizze wolle, menuten lang sûnder 'm to forwegen, god, hwer bin ik op út, ik soe ôfrekkenje mei de frou as sadanich, hwerom nim ikdan har dy't my it measte to sizzen hat yn har ûnskuldige ienfâld en natuerlike nochterheit. Ik forkring myn tsjinstridige tinzen, biwust, en wol op dit stuit neat leaver as my in dei mei rykje foar de geast helje. Letter sil my dúdlik wurde hwerom, akkoartsje ik mei mysels, alles hat syn reden, in âlde kalvinistyske wierheit, dus ek myn ûnstuitber bigear op dit momint, en moat alles fan to foaren al sin en doel
| |
| |
hawwe om wichtich en wier to wêzen? De dream giet dochs ek oan de útliz foarôf, it libben oan syn wearde of ûnderwearde (dy moarne bin ik earst wekker, ik helje de earms boppe it lekken en ûnderbrek de beweging fan it útrekken om to sjen dat myn klokje it kertier oer achten hat, ik draei my fan 'e rêch op 'e lofterside, nou leit rykje nei my ta, oprôlle mei beide hannen heech tusken de billen, ik flap it tek in bytsje omheech en sjoch nei de hast rjochte skaedstreek dy't rint fan heupe nei knibbel, menuten lang sjoch ik der nei, dan liz ik myn hân om har folle kont hinne, earst op har wite slipke, letter, hoefolle letter wit ik net, gean ik der by yn, froulju hawwe altyd kâlde konten, tink ik, wylst ik my forskou en myn pik hurd wurdt tusken har knibbels, har boarsten binne moai, it rjochter hwat langer as it lofter fan it op-'e side-lizzen, healwei njoggenen sjoch ik as ik myn oare hân troch har hier gean lit, hja slacht de eagen op, is wekker sûnder to stinnen, o hwat moai is dat, sûnder to forwegen ek, klearwekker ynienen
bist moai wekker wurden,
hoe let is it,
healwei njoggenen healwei njoggenen noch mar,
earst nou forweecht hja en draeit har heal op 't liif nei my ta, dat myn hân glidet oer har djippe kontnaed hinne op it oare sitbil, mei it forskouwen hat hja myn hurde field,
hast in hurde man,
ja hen,
hast dy opnaeid doe't ik sliepte hen,
fynst it slim,
né hear leave jonge fan my,
hwerom fynst it net slim,
ik hâld dochs fan dy,
ja dat wit ik ommers,
hast der al ôf west,
né,
hwatfoar waer soe it wêze,
ik wit net hoe sa,
samar of hastou dat noait datst dy ôffregest hwatfoar waer it wêze sil ast wekker wurdst,
| |
| |
ja wol mar net lykastou dat hast,
hwerom net,
froulju binne mear waergefoelich oft harren dei goed of min wurdt hinget foar in great part ôf fan sinne en rein in man hat dat net dy stelt him fuort yn op de dingen fan de kommende dei,
dat seist faek hen fan in man hat dat net fynst in man safolle oars as in frou,
bist al aerdich wekker fornim ik mar ik bidoel der neat mei hear dat fan dy man en dy frou bidoel ik,
hwer tochtstou dan oan fan 'e moarn doest wekker waerdst,
oan dy bist leaf ast sliepst witst dat wol,
né ik haw mysels noch noait sliepen sjoen,
né wis net,
dat soe ik wol ris wolle dou net mysels sliepen sjen of rinnen ek winters haw ik dat hiel sterk mei reedriden bist altyd bang datst bispotlik oerkomst fynst net as ik mysels hear op 'e bandrecorder bygelyks dêr haw ik it ek mei of is dat ek oars by jim,
ik kin hjoed in film fan dy meitsje dan kinst dysels sjen,
hast gjin filmapparaat ommers,
dan keapje ik ien ik wie it dochs al lang fan doel,
god ja hé en dan nei de bosk of kin dat net om it ljocht ik haw der nou al sin oan ik sjoch my al rinnen tusken de beammen dêrre hwat sil ik oanlûke dy wide jurk en dan pirouetten meitsje in bledtsje flinter-licht fan in tûke pikke en my ynienen langút yn it moas falle litte hânfollen dinnenullen omheech smite soe dat der goed op komme tochtste, sjochst it al hielendal sitten hen,
ja dou nou net mear dan,
ja wist mar it moat net al to brio-achtich wurde fyn ik dou moatst der op sast biste,
witstou hoe't ik bin,
dou snapst my wol,
né witstou hoe't ik bin fortel my,
bist leaf sa goed,
dou ek,
hé,
ja,
| |
| |
soest dy útklaeije wolle foar de lins ik bidoel net stripteas'erich mar gewoan as in frou yn 'e natuer dy't de sinne oeral oer de hûd hinne ha wol dan sil it hiel normael oerkomme as de minke dy't ien is mei de kosmos,
en hwatfoar film wurdt it dan,
né gjin porno siz ik dochs dêr haw ik dy to heech foar echt wier moatst der trochhinne sjen kinne en it wêzenlike foar eagen hâlde,
soestou it wolle,
ja hwa syn film wurdt it nou,
né soestou it wolle freegje ik,
dêr giet it net om,
ik freegje 't dy,
doarst net hen neaken is foar dy allinne mar seks en sa mar neaken is ek mear,
ik fyn it net leuk mear sa,
bist ek al krektlyk as al dy oaren seist altyd datstou oars bist mar bist krektlyk ommers,
jim manlju binne ek allegear it selde). Nou bisef ik, dat ik op dea spoar sit, om 't ik net wit hwat ik wol. Ik hie alles mear ien kant út projektearje moatten: of rykje is krektlyk as alle oare froulju, of hja is folslein oars. It giet der nou mar om hwer't ik útkomme wol. Gré spilet my ek parten fansels, ik lit rykje tofolle anderje sa't ik wit dat gré anderje sil, mar rykje is gré net, hja is oars, hja kin de frou wêze dy't is sa't ik har ha wol. Sjoch har dêr nou wer stean; ik freegje my ôf, kin ien dy't sa'n truike oanlûkt my wegerje har neaken to filmjen. Der is dochs hwat troch har hinne gien, doe't hja fan 'e jounes foar de spegel stie, of docht hja soks net en is dat truike allinne mar seksy om't ik it seksy ha wol. Ik fiel my mislik wurden, ik kin noch wol kotse moatte. My alles út 'e holle sette, nei boppe ta gean en it dêr fan kant meitsje, opnij bigjinne, nou kin it noch. In lytse ôfknapper sil it wêze, mar it kreaze buro en de rjochte boekekast sille my goeddwaen, ik sil op bêd gean, sliepe, oars wekker wurde moarn, ik sil gré noait tekst en útliz freegje foar dat nuvere laitsjen by de foardoar niis. Rykje sjocht my sitten. ‘Forfeelst dy net, geart?’. Dat hja dat krekt sizze moast. ‘Né, ik sit hjir bêst’. Bin ik de muoite wurdich foar har, hat hja my al earder
| |
| |
opmurken, of draeide har holle tafallich even myn kant út. Rykje, hâldt hja fan my of (ja geart ik hâld fan dy o ik kin net sizze hoe't ik fan dy hâld), né, sa net, it moat rejeel bliuwe. Stel dat hja har neaken filmje lit, hoe giet it dan fierder (ik krij har fine holle yn beide hannen, sjoch har oan, ik tútsje har, earst sêft mei lange tuskenskoften, dan fûler fluch opinoar en al mar fûler). Ik liz de krante dûbeldteard op de hurde bobbel yn myn broek, sa is it krekt as lês ik hiel ûntspannen (rykje ik wol ik wurd hielendal gek fan dy ik wol nou,
né geart toe nou witst wol dat ik it moarns fuort net kin,
hwerom net,
miskyn om't ik net wit hwatfoar waer it is,
hwat is dat nou,
aenst yn'e bosk miskyn astou my neaken filme hast,
wolst dat dan,
ja it liket my lekker ja wier it liket my ynienen hatstikke 'n lekker, bist leaf witst dat wol,
hoe let is it,
kertier oer,
njoggenen,
ja,
sille we der ôf,
né nou noch net it leit noch sa moai hjir mei dy,
ik woe wol witte hwat foar waer it wie,
dat sjogge we aenst ommers wol,
hwerom fregest net oft ik ek thé op bêd ha wol,
wolst dat dan,
né ik soe fan dy bale ast it fregest mar hwerom fregest it net,
ik kin wol kotse fan thé op bêd dou net moatst sa rjochtoerein sitte of op ien earm lynje dêr wurdst biroerd fan,
woe gré ek thé op bêd ha,
earst wol,
hwerom nou dan net mear,
hja wit wol dat ik der fan kots hja freget it noait mear hja wit wol dat ik it mislik fyn,
leist mei gré wol ris sa lang op bêd moarns,
| |
| |
né noait of eins wol mar dan doch ik krekt oft ik noch sliep en oars gean ik der ôf ik kin net lang mei har op bêd lizze hja stjonkt nei sliep en swit,
en ik,
dou ek mar dou bist leaf jow my in tút,
ik stjonk moarns út 'e múle,
jow my in tút,
geane we noch to filmjen hjoed,
ja hwat oars mar nou noch net it is noch bitiid en it leit noch sa lekker by dy dyn kont wurdt hyt hé,
hwerom giest hjoed net sitten to learen,
ik wol hjoed net hjoed bin ik foar dy hielendal foar dy allinne fynst dat moai,
bist gjin echte studint hen ik hâld net fan echte studinten,
ik ek net ast mar in echt minske bist,
dou bist in man,
hoe bidoelste,
nou gewoan in man hé sille wy ek op de mar to filmjen dan kin ik fan de boat ôf dûke samar it wetter yn dat wol ik ek neaken goed dat boppe wetter kommen fyn ik by oaren altyd sa moai dat wiete hier en sa dy glinsterige drippen ik hoopje dat de sinne skynt kinst it gerdyn ek iepen krije, dan moat ik der ôf krûp my noch even oan,
ik hear de brievenbus de post moatst der net hinne,
ik sit net earne op to wachtsjen net dat ik wit tominsten wy fine 't aenst ommers wol,
miskyn is der wol ien dea,
jasses hâld op,
gré miskyn wol soest dat wolle,
gré is net dea né,
hoesa né dat kin dochs,
ik wol it net,
dêr kin it like goed om,
bist bang,
ikke né ik net hwerom,
tocht ik samar hé hoe soe gré it fine astou har neaken filmje
| |
| |
woeste,
hwerom fregest dat,
samar in frou is altyd binijd nei de hâlding fan oare froulju yn soksoart dingen dat hat iderien ik tink my ek faek yn hoe't oaren it dogge dat fyn ik lekker dou net.
gré soe my überhaupt gjin film fan har meitsje litte neaken of net hja is der it minske net nei,
o ja wol dat hat elke frou yn har allinne by de iene is it makliker biwust to meitsjen as by de oare dat hinget ek fan de man ôf,
hoe bidoelste,
nou dou hast my der ek foar opwaerme dat hiest by gré ek dwaen kinnen,
hwat praetstou iderkearen oer gré,
nuver hen hwat letter it wurdt hwat mear't men jin ôffreget hwat der allegear bard is sa'n dei miskyn wie it fan 'e moarn earst wol biwolke en skynt nou de sinne witst seker dat der neat fan de post is dat hwat om hakken ha kin eins witte wy allinne mar hoe let it is fierder neat der kin wol in útnoeging foar in feest yn 'e gong lizze hwa wit hoe let is it nou,
healwei tsienen west,
hiestou wol sin oan in feest stel dy foar dat wy joun nei in feest ta moatte,
ik kots fan feesten,
ik ek mar dochs fyn ik se leuk nuver hen giest wol ris mei gré nei in party of sa,
de lêste jierren net mear ik haw wol leard om fan feesten to kotsen it giet allinne mar om de namme fan dy't it organisearet hoefolle wie der to sûpen as der mar bikke wurde kin god krûp my noch even oan,
it is al sa let wy soene dochs filmje,
kinstou in hiele dei mei my op bêd lizze ast it net kinst hâldst ek net fan my,
ik kin it wol mar dan moat ik earst witte hwatfoar waer it is en hwat der fan de post kommen is,
hâldst net fan my god hwat is dyn kont nou hyt hé hâldst fan my of net, fortel it my nou). Yn gedachten heisterje 'k my boppe op har,
| |
| |
ik fal heal oer har hinne, mar fornim net oft hja wol of net. Ik bin like fier as doe't ik bigoun. Rykje is krektlyk as de oaren, as ik dat wol, en hja is folslein oars, as ik dat wol, en dêr hoecht hja gjin rykje foar to hiten. Ik hie dit spylje kinnen mei tine of marij, mei gré ek, of haw ik it spile mei gré. Dan wie ik ek útkommen op dit punt, dêr 't ik nou noch alle kanten út kin. Ivich en altyd alle kanten út kinne, dat is de ellinde fan it minsklik bistean
It hat tsien ûre west. Mefrou krijt de earste dingen al byinoar. In moaije joune wie it, mar in film sûnder ein. ‘Nou rykje, nou moasten wy eins ek noch ris by dy to tupperjen’. In tiidwurd is it al wurden ja, tupperje, ik haw ek de hiele joune tuppere, tupperje: it plestiken neat kriget plak yn de tiid, gewoane froulju tupperje har nei de status fan ‘moderne huisvrouw’ (wy hawwe moai tuppere, moatst ek ris tupperje, tupperestou al), der wurdt hwat ôftuppere hjoeddedei, mar foroarje docht der neat. Mefrou hat it klykje wer even oplutsen út de sompe fan it ienfâldige doarpslibben wei, moai dien mefrou, mar aenst strûp ik mei gré op bêd, deagewoan mei myn eigen gré, lykas juster en moarn. En mefrou, hawwe jo soms myn buro fan kant makke?
Healwei alven hinne is alles ta de doar út. Ik gean nei boppen. Ik wol. Van Niftrik leit plat, ik hie de bân ek goed deldrukt mei twa fingers. Even sjen, ja, it is wol G.C. en net C.G. Miende 'k ek al.
|
|