Tichelwurk
Frederik Paulsen
D-2271 Alkersum/Föhr
Tel. 04681 - 494
Trotwaer Redaksje
Achte Fryske Freonen,
Doe't ik it jannewaris-nûmer, mei de politike printen van Vlasveld trochsneupte, skamme ik mij suver út namme fan alle Fryske yntellektuelen. Wij Noardfriezen ha der altyd greatsk op west dat wij tsjin de politike en yntellektuele moaden wiene, en der net oan meidiene. Sadwaende binne wij it net iens mei tsjintwurdige moaden as bgl. it anti-amerikanisme, lofts-doggerij, en sabeare-marksisme, dy't it kulturele libben yn Europa sûnt 1960 alhiel oerhearske hawwe. De politike skiednis fan de USA hat forskate fan de fundamintele idéen fan de Fryske politike tradysje réalisearre, dat haw ik en de measte Noardfriezen bij de ûnderfining.
Yn pleats fan oan it vulgaire anti-amerikanisme mei to dwaen, dat op it stuit rounom yn swang is, soe in Frysk kultureel blêd ús, Friezen, eins stypje moatte om ús eigen hâlding to bipalen en dêr bij to bliuwen.
Yn it jier fan de fiering fan it 200-jierrich bistean fan de USA soe Tortwaer eins in ekstra nûmer wije moatte oan ‘de bijdrage fan de Friezen oan de filosofyske idé fan de frijdom yn Amerika’, hwat de titel is fan de dissertaesje fan H.K. Pasma, Washington 1930. Stof hjirfoar is to finen yn it koartlyn oprjochte Noardfryske tiidskrift ‘The Frisian Round Table’, útjown troch Boy Ketelsen (fan Föhr) en Henny Barts (fan Helgolân).
As Trotwaer de tendins fan it Vlasveld-nûmer trochset, sil it ús, Noardfriezen, net tafalle om yn jim tiidskrift noch hwat to finen dat wij weromkenne as mienskiplik Frysk tinken.
Mei freonlike groetnis, F. Paulsen.