Ik begryp út sa'n fers dat de dichter nochal hwat ôfreiziget.
En wanneer men verre reizen doet, dan kan men veel verhalen.
Mar dochs, hwat moatte je der mei. Ik, as lêzer wurd op 'e hichte steld fan it feit dat de dichter wol ris yn ljouwert, amsterdam grins en bûtenpost komt. Dat is aerdich foar him, mar it ynteressearet my net it minst. Hwat my oanbilanget mei hy nei futsjefinne, baffelt of de mokerheide ôfreizigje, hy mei soks ek litte oars. Hwat foar him jildt jildt mutatis mutandis ek foar t. feitsma.
Like anekdoatysk, en dan ek foar my feitlik oerstallich, is it fers ‘doe het zelf’ (side 52):
fan myn selsmakke boekerek
L. Trotzki: Die wirkliche Lage in Russland
J. Overduin: Hel en hemel in Dachau
G. Geissler: Een generatie zwijgt
H. Böll: Meningen van een clown
Y. Ypma: Friesland annis donini 1940-'45
S. de Jong: Joods leven in de friese hoofdstad
M. McLuhan: Mens en media
R. Kousbroek: Het avondrood der magiërs
A. Kuypers: Inleiding in de zielkunde
Ik wol graech oannimme dat dit de poëzy fan de sawntiger jierren yn Fryslân wêze moat mar it boeit my totael net en boppedat: de streaming dy't yn de byldzjende kunst minimal art hiet is krekt as de streaming dy't body-art hiet al hast wer opgien yn de skiednis. Ik krij by dit gedicht oanstryd om to sizzen dat it yn de boekekast fan ús dichter in greate rotsoai is en it stiet elk frij fan syn boekekast in rotsoai to meitsjen, mar soks fortelle je dochs net fierder?
Der binne lykwols yn dizze bondel fersen oan to wizen, dy't mei in minimum oan wurden in maximum oan sizzenskrêft ha.
In goed foarbyld dêrfan is nei mijn bitinken it fers dat stiet op side 42: