By dit fers falt de knappe tekening fan Jelle Kaspersma op, syn yllustraesjes helje de bondel oeral tige op: it tsjoenende fan Tsjebbes tael wurdt hjir en der stipe troch de tekeningen, der sprekt in sfear út dy't oanslút by de fersen.
Nijsgjirrich is ek de skildering fan in doarpsidioat (22-23), spitigernôch bliuwt de lêzer yn'e lêste fjouwerrigel fan dit fers mei in riedsel sitten (‘sa't dy him misse/woe’, hwa wurdt oantsjut mei ‘dy’?). Hwa't fan riedsels hâldt moat fierder side 9 en 25 marris opslaen.
De leafde. Tsjebbes leafde as poesij wurdt tige direkt werjown op side 26:
It leafdesfortriet, oandien troch in faem, stiet sterk dernjonken (27). Sokke fersen tille op fan krêft en libben.
Hoe't fers en faem it fjûr yn'e dichter oanhâlde sizze de siden 50 en 58, neffens my forrikingen fan'e fryske poesij.
Lang om let: der is wolris in wurd oan smoarch yn dizze bondel, tofolle wurden nei myn smaek. Mar dertuskentroch sjitte (binammen yn'e koartere fersen) de fûnken derôf as wy Tsjebbe oer't mat komme by it sjen nei de wrâld, it omkriemen mei syn dichterskip.
It jowt moed; ‘foar de tatrotteljende takomst’ (15)?
Hwant hwa't him drok makket (yn sawn rigels mar leafst) oer it wetter dat him by de klompen ynspielt (54), syn bar komt noch wol. Mar:
Bislút
ik gean op deselde foet fierder (side 66)
Graech in lytsere mjitte, soe'k sizze, miskien hâlde wy dan de fuotten droech!