Steven de Jong
In lytse Fryske hamelink
Bartle Laverman: Skimerlânskippen
K.U. Ljouwert 1975
‘Elke kritikus kiest, of hij wil of niet, uit estetisch gewaardeerde mogelijkheden. Zijn oordeel berust in wezen op de aard van zijn sensibiliteit, zijn objectiviteit is een ceremonie.’ Dit skreaunen yn 1960 René Gijsen en Hans Sleutelaar yn har blomlêzing, ‘met andere woorden’. Ut dy har skoalle kom ik en ik leau, dat wy mei sa'n opfetting in aerdich eintsje út 'e buert binne fan 'e neibloei fan Merlyn yn trotwaer ûnder redaksje fan Adri van Hijum.
Nou ha'k der nei dy tiid al in bytsje by leard en de objektivearrings yn trotwaer ha altyd myn sympathy hawn, mar it wiene analyses fan proaza, de poëzij wie der op ta. Men kin jin noch altyd ôffreegje: is der in systeem om poëzij to objektivearjen en dêrneffens in weardeoardiel út to sprekken? Fansels in for stannelike analyse fan in fers is mooglik, mar net absolút. By in literaire analyse liket in weardeoardiel ek sekundair. Dochs sil de dichter graech witte wolle en de lêzer ek fansels, hwat de kritikus der fan tinkt. Goed, litte se dan bitinke, dat dizze kritikus mar in lêzer is, i.c. ek noch in skoalmaster mei in tige nuansearre weardensysteem fan 1 o/m 10.
As ik Laverman dan op groun fan myn sensibiliteit in sifer jaen moat, dan krijt er in 7. Gjin great dichter dus, hwant dy krijt in 10, al is it mar om ien fers. Mar dochs wol publikabel. Sa, nou hat de kranteman, dy't trotwaer bisprekke moat genôch lêzen, at er al trotwaer lêst, mar ik gean fierder mei de seremony, hwant oars meitsje ik my der al to maklik ôf.
De motiven út dizze 17 fersen haw ik sammele. It motyf is slim to definiearjen. Ik wyt ek net oft in motyf wichtich is foar poëzij. Ik bidoel mei motyf dat, hwat my ynhâldelik opfalt. (ek in ûnfolsleine definysje, mar wy moatte dochs erges begjinne.)
motiven:
1. | nacht (titel, side 7, 9 moanne sliepte, 11, 14, 19, 20,) 7x |
2. | de omkearde evolúsje (in Jaques Hamelink - motyf dus), (1, 16, 17) 3x |
3. | identifikaesje fan plantaerdich en minsklik bistean (ek in JH-motyf) (1, 9, 10, 15, 16, 17, 18, 21, 23) 9x |
4. | it religieuze motyf (8, 12, 18, 19, 23) 5x |
5. | anty-ratio-motyf (8, 9, 12 selsbihâld, 16 ûnderbiwust, 17
|