It each sjocht bûten tiden,
De fraech hwêrom't dit nei myn bitinken it bêste fers is útsein de haikû's soe ik sa bianderje wolle: it lit ik it mar neame trijedimensionale sjen fan de dichter korrespondearret mei de trije strofen, wylst dy trijedieling him sels noch trochset yn de trije rigels fan de strofe sels, alteast yn strofe twa, hwêr't de biweging fan konkreet sjen nei mear algemien en noch algemiener sjen dat it hiele gedicht kenmerket, ek per rigel trocharbeide is.
Oarendiels wurdt der troch itselde werkearende rym yn de trije strofen de klam op lein dat it dochs ien sjen is. It iennichste biswier tsjin dit fers is it wurd near, dat neffens mij sels yn de skriuwtael út stoarn is, al kin ik fansels mis wêze.
De oare acht gedichten fan itselde skift komme net oan dizze hichte ta, hja misse de spanning fan de foarm, en binne net origineel genôch (bgl. yn byldspraek) om dat to kompensearjen. IN HEECH LIET is wier gjin min gedicht, de toan is sympatyk, en dochs docht it mij net sa folle, foar it neiste omt it to folle in opsomming wurden is sûnder in dúdlik gearbinende faktor.
In gedicht as BOMMEN OP VIETNAM foldocht my alhiel net mei syn al to goedkeap refrein en hwat chargearre oandwaende tekst. Sa't liket liedt forûntweardiging bij Hornstra hjir net ta dichterlikens, mar earder ta in útbarsting dy't wol effektyf wêze kinnen hat direkt nei de krystdagen fan 1972, mar nei in stikmannich jierren syn útwurking dochs wol forlern hat. Neffens my hie dit gedicht net yn de bondel moatten.
Mar lit ús werom keare ta de haikû's. In haikû is neffens ien fan myn wurdboeken ‘a Japanese lyric poem of fixed, 17-syllable form that often simply points to a thing or pairing of things in nature that has moved the poet’. Hornstra sels seit dit oer haikû's: ‘Hwat is de ynhâld? Objektyf.
Der is wol sein dat hy de wiere dichter is dy't in hynder in hynder neamt as wie soks noch nea dien. De moanne is de moanne, it wetter it wetter, it blêd it blêd. De dichter moat merkbite, waernimme. Sels bliuwt hy derbûten; hy sjocht dat ek yn de lytse foroaringen alles ivich itselde bliuwt. Gjin sentiminten, gjin emoasjes. Kosmyske wierheit yn de gewoanste dingen. Ek minslike dingen’; en ‘It binne gjin praetfersen. Der mei in binnenrym wêze, stêfrym, onomatopéën. It fers kin bigjinne mei de útrop, yn it Frysk it bêste: o! of och! of ha! Oan 'e ein fan de foarste of ek wol fan 'e twadde rigel kin der in kiel-lûd wêze, it telt net as wurdlid en wurdt oanjown yn westerske talen as! of -. By it sizzen fan it fers