Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 93]
| |
A. Riemersma:
| |
[pagina 94]
| |
Witstein neamt as karakteristiken foar de funeraire poëzy: ‘klacht en lof’.Ga naar eind4. Tamminga's fersen slúte moai wis by dizze karakterisiken oan. Syn oantinzen binne wrang èn swiet; hy kleit oer it forliezen fan syn soan, mar it wie in moaije tiid, doe't de soan jit libbe. Dêr hat er neat as ‘lof’ foar. Oare funeraire poëzy yn it Frysk fine wy by E. Halbertsma, J.C.P. Salverda en H.S. Sytstra.Ga naar eind5. Eeltsje Halbertsma hat guon fan syn bern oerlibbe. Hy hat der inkelde fersen op skreaun: Op Anna's Dead en Oantinken oan Justus.Ga naar eind6. Yn Op Anna's Dead is it téma binammen de klachte: ‘Nin bloeit nin blomke mear for my,/Nin ljurkje sjongt syn millody,/ Dat oars myn hert sa streelde.’ It forstoarne bern wurdt bisongen as ‘sa rein as snie’. Yn Oantinken oan Justus wurdt net allinnich in klachte heard op it forstjerren fan Justus, ‘de fleur fen 't húsgesin’; de dichter sjocht ek in positive kant oan de dead: ‘Sa libbet leave Justus wer,/ As dizze roazestrûk,/ Hjir boppe yn it paradys,/ Sa hearlik en sa smúk.’ Yn it each rint ek noch de sin: ‘Ik sjen syn ljeafste boartersgûd,/ syn boartfeint sjen'k net mear.’ Dit is itselde prosedé as Tamminga brûkt yn guon fersen: in konkreet ding herinnert him oan syn soan; nei oanlieding dêrfan lit er syn tinzen gean: ‘Fiel ik syn fuotstap nêst my yn'e rein?/ hoe heucht it my:.....’; ‘Sjoch ik it ark by túnwurk op it hiem,/ ik tink oan him,....; ‘elk omkaft, elk skawankje op'e rêgen/ ik sjoch se as foar 't earst, it binne brêgen/ nei in forline dat to ier forsonk;’. Salverda sjongt syn klachte binammen út oer de dei fan it forstjerren fan syn bern: ‘O deij, dij 'k nae forjiet,/ Da mij dock' lock ontglied.’ Mar Salverda komt ta it ynsjoch, dat it kleijen út wêze kin, omt der yn'e himel gjin lijen is en: ‘God schil uwz weer forijenje.’Ga naar eind7. Sytstra docht biklach en skriemt mei mem oer it forlies fan de jongste fan de ‘Tua berntzes (dy't) makkon ûs by ol ûs jenspoed rîk.’ Ek Sytstra wol birêste yn God en hopet derop, dat allegear forienige wurde sille.Ga naar eind8. Ik haw dizze trije oare heiten op it aljemint brocht om oan to jaen, dat Tamminga yn de kar fan syn téma net sa útwrâldsk to wurk gien is as my op it earste gesicht talike. It heart blykber by it genre fan de funeraire poëzij, dat de dichter him hâldt oan ‘klacht en lof’. Mar yn it leauwen en it jin oerjaen oan de macht fan God wykt Tamminga ôf fan syn foargongers. Hja rekkenje der fêst op, dat yn God en de dead alles goed komme sil; Tamminga wol leaver ek sinfol libje foardat er deagiet: ‘mei dan dat mylde ús liede en ús to stea/stean op'e reis oant foar dy lêste poarte,/ en mei dit libben, nou't wy fierder moatte,/ mear wêze as idel wachtsjen op'e dea.’ | |
[pagina 95]
| |
3. Wadman hat ús al leard, dat oersetten in ‘nuodlik ûndernimmen’ is.Ga naar eind9. It risseltaet fan oersetten binne twa forskillende fersen, dy't allinne op elkoar lykje. Hwat dat oanbilanget binne de oersettings fan Th. de Vries gjin útsûndering. Se kinne de fersen fan Tamminga net bilykje. As ik myn sin siz, hinget dat foar in wichtich part gear mei de kleau tusken sprek- en skriuw-tael, dy't yn it Frysk sa great net is as yn it Hollânsk. Yn de rigele: ‘zijn hand, die eens de spadegreep omklemde,/ ligt nu verstijfd, behoort aan wat ontgleed,’ fyn ik wurden as ‘spadegreep’, ‘omklemmen’ en ‘verstijven’ net gewoane sprek-wurden. Ik soe se net yn in sljochtwei petear brûke. De fryske tekst: ‘de hân, dy't ienris dizze hjelte roerde,/ leit nou forstive, heart ta dat hwat wie’; leit my gewoaner yn'e mûle, útsein it wurd ‘hjelte’. Lêst men de hollânske tekst sûnder de fryske acht to slâen, dan, kom it my foar, steure de hollânske wurden jin net as ‘archaysk, frjemd, bûtenwenstich’. Men is ommers fan de hollânske skriuwtael wurden en konstruksjes wend, dy't men nea sizze soe. By it frysk leit dat oars. In sin as: ‘zijn lieve naam roep ik de branding tegen,’ is yn it hollânsk miskien net moai, mar hy kin it skoan dwaen; yn it frysk hie der net stean kinnen: ‘....de brekkers tsjin’; der stiet dan ek: ‘syn leave namme rop ik tsjin de brekkers.’ De fersen dy't it risseltaet binne fan de Vries' oersetting binne net min; mar it binne oare fersen as dy fan Tamminga en moatte as sadanich hifke wurde. |
|