Fan de administraesje
Wy binne fan doel yn 1976 de abonnemintsjilden mei in akseptgirokaert yn to barren. Dizze kaerten geane troch ús abonnébistân sadat alle abonnees sa'n kaert thús stjûrd krije, dus ek hja dy't allang bitelle ha. Wy wolle harren forsykje krekt to dwaen as ha hja dy kaert net krigen. Rekkenhâlders by banken wurde forsocht fia de postgiro to biteljen, dit past better yn ús organisaesje.
Fan printer Banda to Kollum krigen wy tynge dat de P.T.T. de adressearring net yn it Frysk steld ha wol. Men wurket mei sa'n protte ymport waerd dêr sein dat de earme postrinders wisten perfoarst net mear hwat hja oanmoasten mei bgl. Ljippestrjitte 10. Snits. i.p.f. Kievitsstraat 10. Sneek. De adressearring is dus tonei yn it Kennemer-dialekt.