flash-back, oer de stroom fon ut bevustvêzen. Ut grûp 2: a. ut tróchbrekken fon de seksbarjêre om 1964 hinne; b. de moderne yndestry yn Fabryk. Neat oer de aksintferskowingfon ut typyskfrieske noi ut olgemeen-minskleke, en lykvideg jirmoi fon de beskrjowing fon ut útterleke noi dy fon ut ynderleke. Ut grûp 3: a. de ‘ferkeade’ krytyk fon De Tsjerne (ut misferstôn is jir helendol oan Abma syn kônt; de KFFB hat nóit de pretinsje hôn om ‘leesvoer voor een eenvoudig ongeletterd publiek’ út te jan - sa huftereg binne de KFFB-lju gelukkig net!), b. de gûie krytyk fon ut dúo Pop/de Vries fwar de RONO. Néát oer de krytyske aktyvytijten fon Wadman, Poortinga, Sikkema, Smit, Noordmans, Mulder, van Hijum. Ut grûp 4: olinneg Schurer syn proklamaasje fon 1946 (dyt fonself neat út te stean hji moi l'art pour l'art-prinsypes). Neat oer de diskusjes en rebûljes dyt dur vest ha óm bijfoarbeeld de eksperymentele poëzie en ut beskrjowen fon seks.
Ut sû lykje kenne dot ik Abma fervyt dot ur de aksinten ferkead loin hat, óp de organysatoaryske en poletyke kônten ynstee fon óp ut vurk self. Mar dur is mear en dur is vot oas. Vot ik Abma ijgenlek fervyte vól, is dot ur fon dut oersjug san ferdómd iensydeg egosintrysk ferhaal makke hat: vot Gerben dwassitten hat, is ta voismyten keard; vot him yn de kaat vjirre hat is goed en bêst.
De belangrykste eksperymentele skrjower is Gerben Abma. De belangrykste tyydskriften binne A-wyt (moi-óprjóchter en redakteor Gerben Abma) en Alternatyf (moivurker Gerben Abma). Gerben Abma is de easte skrjower (of de twadde, noi Sixma van Heemstra) dyt de yvoaren toer ferlitten hat. (Neffens mij is Gerben gevoan fon ut kelderstrepke knóffele). Ut sútteljen is útfûn tróch A-wyt. (Dot dur ol fólle jedder súttele vaar tróch Frysk Nasionael Boun en KFJ hat Gerben nóit fon heard). Asyl vji ek un goed tydskrift, vont dêryn sette Bauke de Jong EBF en Jan Tjittes te plak, vot yndyrekt fya-fya óp de kop fon de Tsjerneredakteoren telône kwaam. De deastek fwar de Tsjerne hat vest un manyfest fon A-wyt (sa leart mun noch us vot!) De ópfólger fon de Tsjerne is Alternatyf, ‘een wezenlijke vernieuwing, bovendien een bevestiging van de nieuwe situatie.’ Mar Trotwaer hat dochs ut plak fon de Tsjerne ynnómmen? Ja, mar, sjug, Trotwaer hat ‘een geheel eigen sfeer’ en is rjóchte óp ‘een exclusieve literaire groep.’ (Dot Trotwaer de erfenis fon Bouke de Jong oangien is en dêrtróch moivurkers en lêzers ferlen hat, dot Lykele yn dy sytevaasje spróngen is moi Alternatyf os olternatyffwar (ôdere) fygueren dyt neat moi de rotjónges fon Trotwaer noareg ha vólle, vit Gerben blykber neat fon). Ut jinnege goede fon Trotwaer is dot ut un skóft hekke hat moi ut útjan; dû binne dur un pear súpleminten ferskynd vêrt Gerben yn skreon hat. Ynkwatten: Gerben is net bang óm himself lof ta te swôien.