| |
| |
| |
Eppie Dam
Mei de jierren, 6 gedichten
(foar Ynskje, fan Eabele)
1
De sinne stiet sa heech net mear, wy
ha de bêste tiden hawn - hwat bliuwt
ús oer bihalven rispinge fan jierren noed
en nocht. Hwat sille wy noch siedzje,
leave. Us maityd set him hjir net fuort:
de kâlde burdgroei fan it lân is oars
fan 't jier. In winter noch mei snie
en kâlde fuotten is alles hwat op hannen
is. Kom, wy sil ús waermje oan de bisten,
hja komme net wer fan 'e stâl foar ús.
| |
| |
| |
2
De mouwen opstrûpt griepstou elke nije dei wer
by de strôt. Ik sjoch dy noch stean, krom
boppe de aker - learkeklompen, skieppesokken,
omheech mei golle wite billen rounstou út
yn rêch, rêch, rêch. Sjochst my wer oankommen,
bidobbe fan in weide hea, de hynders wyld en
glânzich swart. Us glimkjen wie noch spotsk
nei dei en dea; al fleagen dagen as in sucht
foarby, ea letter waerd it net. En nou, it
waskhok kroant fan tierend grien, de wein
leit knoeid yn 't hege gers, wylst ik hjir
yn myn goeije klean mar gjin biwizen fyn,
dat wy dêr wiene. De jierren ha ús nekt.
| |
| |
| |
3
Romantyk by de rûs - ik wit noch hoe't
ik as in dyk om it lân, by wjerljocht
en tonger, myn hân om har hinne lei,
hoe't hja doe fan ‘Ruwe stormen’ song
en hieltyd ‘leave, leave’ sei. Us nammen
stiene klear op it bisleine rút, mar sinne
raffele ús ta deade bokkepoaten út: in
slimich reach fan flibe as it lêste teken
fan in wiete tút. O, romantyk - o, dapper
heechseizoen fol grien gebed en leauwe,
dat we noch in libben foar ús hiene.
| |
| |
| |
4
Sneitomiddeis rydt de slide foar mei brede
laits fan bûten en fan binnen - hja dogge ús
de doaren iepen, ticht. Iepen, ticht. Wy sitte
prinslik yn 't formidden op 'e efterbank, de
beide famkes by it rút en tuskenyn de tas
mei fris en kofje en âldwiif. De beammen
wiuwe steatlik man, as wiene wy de kening
en de keninginne. Barmgers, bûgjend yn in
hege kraech, giet moai bytiids oan kant. De
bisten foar de sleat, hja balte fan oera en
allelûja, wylst alle boeren groetsje mei de
tomme en de tosken. It âlde hûs - it stiet der
noch. Raffelich reid. De dobbe ticht mei
gers en stikelguod. Ruten blyn fan grouwe
planken - in buordtsje seit dat hjir net
mear to wenjen is! Men wol der út, in bal
leit hjir noch yn 'e sleat - mar och, sa't
Rindert seit, it rint hjir dea. Kofje, fris,
âldwiif. Wy geane wer, de loft bilûkt. De
boeren ha it melken dien, de bisten weidzje
wer. Wy stappe út by twaljocht en by rein.
De bern, hja wolle ha, wy sille stjerre
as in farao mei 't grêf fol skatten as in
laits, in wurd, in topke gers, in weide hea.
| |
| |
| |
5
Wij sitte bij de glândige t.v.
mei kâlde noazen, kâlde the.
De fuotten wolle al net mear,
de hannen inkel noch mar gear.
It hert giet oan de lea foarbij,
de holle knikt de lêste ûren wei.
Bearenburch, as bitter bloed,
biëinget wer in dei as hjoed.
It is foarbij, wij ha net mear
as mar in keamerfol âld sear.
| |
| |
| |
6
Aldwivich gewoan, sa't it lange gers
ús de lêste dagen neiwiuwt. In slop
hantsje fan falske wyn út hôven fan
jonkheit wei - man man, hwat in ôfskie.
Deade reiden rûzje ús de lêste siken ta,
fortwirjen fan hope. Forstouwing ringsom.
In lêste ereksje fan spiersterke wylgen,
en fiere tonger tûmelt súntsjes by de einder
del. Men hie de ein dochs oars ha wollen.
|
|