men mear kanten mei út. De titel fan it gedicht kin der op tsjutte dat it gehiel fan it gedicht in film is en dat yn dit gedicht in gniisfilm draeit. De tsjinstelling tusken de film en de gniisfilm kniert dan om it gûlen foar it gnizen oer. Men kin om it gehiel fan it gedicht gnize, mar men kin der likegoed om gûle, dat de poppe forplichte wurdt to gnizen en dêrtroch forstjert.
Oan de wurdfoarmen binne net biskiedende skaeimerken to merkbiten yn dit gedicht dy't it ûnderskied tusken proaza en poëzy stal jowe. De wurdfoarmen koene likegoed allegear yn proaza foarkomme; hja hawwe neat dichterliks dat makket. De forlytsingsfoarmen falle jin àl op: kikerkes, widske, eachjes, briltsje ensafh. Dizze foarmen bisterkje de tsjinstelling tusken de poppe en de oare minsken. Alles hwat mei de poppe to krijen hat is like lyts en kneuterich; hwat mei de ‘men’ to krijen hat is great: de film, de gniisfilm en de dea.
De meast gewoane sinbou treffe wy oan yn sinnen as: ‘hja bikipet de gniisfilm’ en ‘men mjit har eachklepkes oan’. In ôfwikende sinbou freget extra omtinken fan de lêzer, omdat yn sa'n sin de klam justjes oars komt to lizzen: op in apart plak komt dát to stean. hwat fan de skriuwer it measte omtinken kriget. Yn film is allinnich de earste sin der ien mei in ôfwikende sinbou. It sindiel ‘mei har lytse brune kikerkes’ stiet foarop en wurket dêrtroch it sterkste yn op de lêzer. Fuortdaliks oan it bigjin fan it fers komme de eachjes foar't fizier fan de lêzer. De eachjes as sintúch spylje de greatste rol yn dit gedicht. Der wurdt yn dit gedicht net rûkt, field en preaun. Der wurdt ek net heard. De gniisfilm moat dus in saneamde ‘stomme’ film wêze. It giet hjir suver en allinnich om it sjen, it each. Vestdijk woe hawwe, ‘dat in de poëzie, veel meer dan in het proza, de verschillende zintuiglijke gebieden elkaar in één enkel knooppunt ontmoeten. De poëzie concentreert niet alleen de woorden, maar tevens de zintuiglijke gebieden (...).’ (De Glanzende Kiemcel. A'dam, 1975-5 S. 27/8). Bylsma konsintrearret alles op de eagen allinnich.
Yn dit gedicht wurdt twa kear it wurdtsje ‘en’ brûkt, ntl. yn r. 5 en yn r. 11; beide kearen oan'e bigjin fan de fersrigel. ‘En’ wurdt ornaris brûkt as forbining tusken twa eleminten sûnder dat der needsaeklik in logysk forbân lein wurdt tusken de twa forboune eleminten. Yn it getal fan r. 11 komt it my foar, dat wy to krijen hawwe mei in kausael forbân. R. 11 is dúdlik de konklúzje fan de hanneling fan r. 10. ‘En’ hat hjir de bitsjutting fan ‘sadat’ en ‘fan gefolgen dat’. Omdat it wurdtsje yn r. 11 foaroan stiet en yn r. 5 allyksa kriget it ‘en’ fan r. 5 mear klam as oars. De mooglikheit, dat