del. Lykos un fisk slagt yn de simmerjûn. Hij sponde de tried en loi de angel fêst achter un stokje dot ur tusken de stjinnen stutsen hji.
De slykbanken vjinnen no ollegjer fwót. Ut vetter stie oan de krún fon de pier ta. Yn de hûkke tsjin de seedyk oan garre de grjinte óp. Stokjes drjoden durtusken en kwarken en un plestik flesse.
Hij lûûk de strûpper út. Ut vji sa near os bwótter. Hij helle tebak út ut plestik pwódsje en drôide un sygret. De lúsjefes vôide net út.
Ut topke fon de angel makke no en don un lytse útslag. Ut vji gin byt, of ut mûst un iel vêze. Mar ut sû vól krab vêze, of rómmel vot tsjin de tried oan stroomde.
De stien vji vaarm oan de kónt en oan de bleate fwótten. Hij skrabbe moi de nijl fon de tûmme oer de hakke. Ut yl krûmmele dur ô. Vyte keltsjes foelen óp de stien. Olles vû dur net ô. Hij strûpte de bóksen óp en gyng ûnder oan de dyk óp un besoltblok sitten moi de fwótten yn ut vetter.
Dur skarrele un krabke yn un plosse tusken de stjinnen. Ut vji net grutter os un kwatsje. Ut besocht hôd te krijen óp un stik ferrotte haut. Dur stiik un moi rwóst oanbakte spyker út. Dur loi un ijntsje nijlontau moi oalje duroan. Dur swóm un beestke yn de plosse óm moi tijsters oan de kop en de poaten.
Hij hearde ut keffen fon un moterboat. Rjóks fon him kwaam ur oansetten. Ut vji mar un behindeg ding. Hij vaar voi achter de bócht fon de seedyk. De see vji ver stil. Olinneg yn de fjitte loi dy boat te grynen.
De sinne spegele yn ut vetter. Ut skittere oer de hele see, Un fjild fon glêsdiggels dot ol mar beveegde. Ut diig sear oan de êgen en mun vaar dur un bytsje raar fon yn de hólle.
Hij sêg óm noi de angel. Dur siet gin beveging yn. Hij rón noi bóppen en drôide de tried óp. Dur siet un bulte grjinte oan.
Hij diig nije vjirrems oan de hekken. Se fielden vaarm oan en se begónnen ol slop te vurren. Os ur dur yn stiik, prótte ut blwódrege fócht noi bwótten. Se hóngen fwar dea oan de hekken. Hij gie oerijn en sôide ut spul fwót. Un vjirrem slûg los fon de hêk en foel fwar him yn ut vetter. Hij vûn de tried óp oant ur strak stie en loi de angel del.