[Nummer 1]
Redaksjoneel
Mei yngong fan de jiergong 1976 wurdt Trotwaer útjown troch de Koperative Utjowerij to Ljouwert. De oerienkomst, dy't de redaksje fan Trotwaer mei de K.U. sletten hat, stiet yn dit nûmer ôfprinte. It wichtichste punt is, dat it tydskrift redaksjoneel, dws. literairynhâldlik los stiet fan (it bilied fan) de K.U. Trotwaer sil ek yn de takomst jeften fan de K.U. kritysk folgje.
Om technyske redenen koe it ‘Vlasveld-nûmer’, dat de lêzers as nûmer 1976-0 yn 'e bus krigen hawwe net mear yn de jiergong 1975 opnommen wurde. Dêrom like it ús goed ta en lit it oan de nije jiergong foarôfgean.
Geart van der Meer hat it plak fan Adri van Hijum yn de redaksje ynnommen, Hy sil foar de lêzers wol gjin ûnbikende wêze; hy hat ommers al in stikmannich bisprekken foar Trotwaer skreaun.
Yn dizze jiergong sil Trotwaer spesjael omtinken jaen oan de poëzy as literair forskynsel. Der sil bisocht wurde to kommen ta in poëzy-krityk dy't bisjen lije kin. Trotwaer hat yn de ôfroune jierren biwiisd dat in kontrolearbere en rasjonele proaza-krityk mooglik is. De redaksje wol soks foar poëzy ek bisykje.
Jiergong 1976 sil út seis nûmers bistean.