Geart van der Meer
Ynhald mei poëtyske foarm?
Josse de Haan: Skuttingskroat.
Koperative Utjowerij-Ljouwert
1974 - Cumulusrige nr. 743.
As men jin set ta it skriuwen fan in bisprek fan in bondel poëzij wurde je fuortendaelks foar de frage steld: hwat is poëzij, en hweryn forskilt it fan proaza? Dy frage is net ien-twa-trije to bianderjen, tomear omt it yn dit stik fan saken om in mear-of-minder, net in óf-óf giet.
It sil dúdlik wêze dat ien biskate foarm net it iennige biskiedende is. Forskillende kultueren en tiden hawwe forskillende foarmen fan poëzij kend. Dochs fynt men yn alle hegere biskavings de twillingen proaza en poëzij, en poëzij forskilt altyd, hoe dan ek, fan proaza. Ik leau dat de foarm it skaeimerk fan de poëzij is - hwa't dat ûntstride wol moat dan mar de frage biantwurdzje hwerom't poëzij altyd oars as proaza ôfprinte wurdt.
Poëtyske foarm utert him net sa bot yn rym en stêfrym bgl. (grif ûntstien yn it orale stadium om it ûnthâlden fan gedichten mooglik to meitsjen) mar mear yn it ûnforwachte: wurdfolchoarder, spesiale wurden, ritme, it brûken fan in wurd yn in oare bitsjutting, dûbelsinnichheit, ‘moaije’ lûding, gedachtespronkjes, ûnforwachte assosiaesjes, bylden, skokeffekten ensfh..
Al dy dingen kinne ek yn proaza foarkomme, mar oer it ginnerael yn poëzij yn mear konsintrearre foarm. As it yn proaza foun wurdt, hjit it fan poëtysk proaza. En de ynhâld da? Ik leau dat poëzij sûnder folle ynhâld allinne as taelmuzyk weardearre wurde kin, as ‘swietlûdige’ klanken, dy't faek in biskaet gefoel by de lêzer oproppe. De measte poëzij hat fansels al ynhâld, der wurdt hwat meidield, sein, leafst eat origineels; oars eat dat troch de originele foarm yn elk gefal op in nij om omtinken freget. Nei myn bitinken is in (faeks op himsels nijsgjirrige) ynhâld sûnder poëtyske foarm amper in gedicht to neamen.
Koartsein: in gedicht is foar my ynhâld mei poëtyske foarm.
Lit ús nou de bondel fan De Haan bisjen en hifkje. Neffens it kolofon hat de skriuwer Chomsky lêzen (hwat?) en doe de saneamde ‘stapel (steapel?) fersen’ skreaun. Nou kin men jin ôffreegje hwat it ûntstean fan sinnen yn in eksplisite taeltheoretyske biskriuwing to krijen hat mei it ûntstean fan sinnen fan in gedicht - ‘to generate’ is by Chomsky in suver matematysk bigryp en mei net bitiisd wurde mei it produsearjen fan sinnen troch de taelbrûker, dat binne twa net forlykbere saken. Nou seit de skriuwer sels dat Chomsky der net sa'n soad mear mei to meitsjen hat, mar dus dochs wol hwat?
Hoe dan ek, hwat is de funksje fan de steapels yn de steapelfersen? Ik leau dat op syn bêst dit prosédé it wiveljend sykjen om wurden symbolisearje kin, it groeije fan in idé, it stalkrijen-jaen fan de ynhâld. Op syn minst is it allinne it prosédé, dat neat symbolisearret. Dat lŝte is it gefal yn de earste helte fan systeem (7) dy't hjir folget: