Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 231]
| |
[pagina 232]
| |
Leste skoaldelin klisjeegebet
in stive hân
in diploma
en skruten
in fleske velpon
om it lêste grapke
op sterk wetter
to fiksearjen
ien jier garânsje
en miskien sels
dat net iens
| |
[pagina 233]
| |
Foto yn albumfjûrpylken en rotsjes
netdwêste kalk en in inktpot
mei wetter
in to greate holle
in to krappe broek
en meastens in lekke bân
at it dan dochs
wêze soe
| |
[pagina 234]
| |
Allinne mei de wurdenfjouwer jier ûnder de tafel
efter de swarte gerdinen
- tink om 'e houn -
dy sleat sit fol blauwe modder
moast net sa'n bult freegje
fjouwer jier in loft fol tuorren
taelklanken dy't smoard
binne en oars wol wurde
brune bôlle wetter út 'e bak
eangsten foar de swarte nacht
spûken en heksen efter de spegel
stéfêst fierder foarby it wurd
ik bisykje it mei heinderbaljen
mar alles spat great gremitich
fansiden stean ik allinne
mei de wurden oan in toutsje
in jojo yn 'e tiis
|
|