Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 173]
| |
Tichel wurk24 maert 1975
BESTE LAVERMAN.
Jimme hawwe my ris frege om in stik oer literaire krityk. Ik haw it tasein, mar ik bin der net oan ta kommen. De stikken fan oaren haw ik lêzen. It is, nei myn bitinken, noch net dúdlik wurden oft en hoe't men as skriuwer ‘engagearre’ literatuer skriuwt. Hwat ik derfan, yn Fryslân, heard en lêzen haw, makket it net better. Neffens Theun de Vries moat de skriuwer lid wêze fan in sosialistyske partij en polityk dwaende wêze; hoe't dat yn it wurk fan de skriuwer to sjen is, nat er net sein, en sûnt er tsjinstanner fan zjdanow's sosialistysk realisme is, wit er it net sa krekt mear. It makket eins gjin forskil oft men skriuwer of arbeider of bakker is, hwant De Vries tinkt dat elts minske him biwust wurde moat fan de maetskippij dêr't hy yn libbet (dêr kin ik yn meigean), en dat hy dan yn in politike partij warber wêze moat. Oer de skriuwerij seit er eins neat. Neffens Karel F. Gildemacher is krekt it ûnderwerp tige wichtich. De skriuwer moat wol goed skriuwe kinne, oars birikt hy syn doel net, mar dat doel is in maetskiplik boadskip. Net sa min, tinkt my. Mar de swierrichheden bliuwe der dochs. Hokker ûnderwerpen moat er foar kar nimme? De lêzer en binammen de arbeider moat himsels en syn problemen deryn weromkenne, seit er. Dat moat dan wol tige ûnbiwust wêze, hwant syn haedproblemen binne de wurkgelegenheit, it keamerbreed tapyt, de kleuren- t.v., en it balskopjen. Nou bigryp ik him wol, en yn it Fryske wrâldtsje is it wol dûdlik. Hwat hawwe lytse baeskes en nachtlike leechrinners mei de maetskippij to krijen, mei de hjoeddeiske minske en syn swierrichheden? Neffens Adorno en jo giet it hieltyd om de ‘mounige minske’, mar ik haw nea bigrepen hoe't dat to merkbiten is yn literair wurk. My tinkt dat it liede soe ta in lêzers-élite. Dat wolle jo net, mar it hat altiten al sa west: ús hiele skriuwerij is élitair, dêrom net anonym. - De literatuerkrityk fan Adorno kin ik foar in great part wol yn meigean. Binammen de skieding yn de tael tusken byld en teken haw ik yn de tritiger jierren al nei foaren brocht en yn 1947 yn in tydskrift fan Paul Rodenko, W.F. Hermans en mysels (dat nea útkommen is, mar de oanlieding ta ‘Maatstaf’ waerd) biskreaun. Dochs bliuwe ek by Adorno biswieren. It ûnderskie tusken foarm en ynhâld (dêr't hy wol nijsgjirrige dingen oer seit) is neffens my in transposysje fan de klassenmaetskippij, en oer de praktyske mooglikheden om subversive literatuer (in pleonasme) to skriuwen, fornimme wy net safolle. Fierders wit ik net hwat ‘kunst’ is, dat haw ik yn Het Innerlijk Gezicht al sein: it is in klasseforskynsel, ûntstien mei de Renaissance, en hwat de literatuer oanbilanget binammen yn de 19e ieu. It is in forfrjemdingssymptoam. Trinus Riemersma wol fan engagearre literatuer neat hearre. Hy tinkt dat dy òf forfelend òf propaganda òf beide is. Hy hat in bytsje gelyk, mar net hielendal. | |
[pagina 174]
| |
Hwerom skriuwe wy eins? hwerom sa'n duplikaet? De wurklikheit is ryk genôch, it libben is al swier genôch. As it net krekt om de forfalsking giet, hawwe wy faeks dochs in boadskip? Fansels wol. En dy boadskippen rinne fier útinoar. De streekromans en de damesblêddenforhalen hawwe it boadskip dat der gjin greate problemen binne, dat se oplost wurde kinne, dat se tige persoanlik binne, dat it houlik alles is, en gean sa mar troch. Der moatte earst wol swierrichheden wêze, dan kinne se letter fordwine. De oerdreaune seksforhalen hawwe it boadskip dat goede seks (hwat is dat?) alles oplost, oft it nou mei ien of mei mear partners moat, mei 24 of 42 stannen, ensfh. It boadskip moat fansels wêze dat wy gjin selsstannige yndividuën binne, mar sosiale minsken, op hokker wize ek, dat wy mislearre binne, forfrjemde, op hokker wize ek, dat wy soks witte, alteast fiele, moatte, op hokker wize ek, dat wy, mei troch it lêzen, dat foroarje wolle, op hokker wize ek, dat wy yn't moed taest wurde en in oantrún fiele. Mar dat hâldt net in bipaelde technyk yn! Ik neam trije Fryske skriuwers: Riemersma, Van der Velde en mysels. Riemersma is wol it toppunt fan de biskriuwing fan de forfrjemding, binammen yn ‘Fabryk’ dêr't de haedpersoan stadichoan foar 't forstân krijt hwat der yn 'e maetskippij bart. De lêzer wit op seker stuit net mear oft de maetskippij siik is of de man of beide; dat is masterlik dien. En de ein, hielendal symboalysk-realistysk, is grandioas. Mar ek yn syn lytse forhalen biskriuwt er, tige krekt, ‘la condition humaine’, d.w.s. de minske yn syn forfrjemding. Letter wurdt er sa fûl as in foarke, byg. yn de petearen by de winkelman en op in jierdei. Lykwols dy feninigens is in oanklacht tsjin dizze maetskippij dêr't de leafde gjin funksje mear hat. Bigryp my goed, ik stel my net foar dat Trinus derfoar sitten giet: nou sil ik de maetskippij ris forkleije. Dy prosessen rinne hiel oars en it docht der hjir net ta. In hiel oare skriuwer is Rink van der Velde. Literair is, tink, De Fûke wol it bêste. Mar ik haw it inkeldris oer Foroaring fan lucht. In folksaerdich boek, humoristysk, flot; der sit in heal libben yn fan harkjen, oantekeningen meitsjen fan wurden, sinnen, sizwizen, yn 'e kunde komme en bliuwe mei allerhanne minsken, eins tige sosiael. Mar boppe alles is it foar my it boek dêr't de forfrjemding fan ôfdript. It moaije is fansels dat de nèt-forfrjemding sa dúdlik en folksaerdich biskreaun wurdt. Forsin jo net! it is in subversyf boek, en men merkbyt soks net biwust. - Op dizze wize koe der ek nochris in krityk fan dit boek skreaun wurde; dat is noch net dien. Ik haw noch mar sa'n bytsje skreaun. Mar as jo myn bondel nimme, dan wurdt yn Fan it leaflik famke de ûntfrjemding biskreaun, yn Pour l'amour de Dieu krekt de forfrjemding, hwant hwat is it ‘kleaster’? it bijierdenhûs? de lytsboargerlikens? de televyzje? de krante mei de toffels? de asosiale tofredenheit? De libbene en de deade is de surséance fan 'e frouljusleafde yn ús konsumpsjemaetskippij oansizze; F.C. de Vries foar de RONO en Willem Abma yn Frysk en Frij tochten dat de non gjin omtinken hat foar de widdou; dat is net sa, hja is soarchsum en treastryk, mar hja sjocht oeral it gemis fan de wiere leafde en tawijing. Wite en reade hoazzen, ja dat is wol Van Schendeliaensk, fan syn lêste jierren dan; it hannelet oer de bern en de forfrjemde folwoeksenen. It ûntagonklik ljocht jowt tinkt my in dúdlik foarbyld fan engagearre literatuer. De foarste ien en in fearn side is krekt de marxistyske kritvk fan alle literatuer: boeken wurde meastentiids skreaun om to | |
[pagina 175]
| |
forbergjen, al ieuwenlang; men lêst sa'n bulte oant der neat fan de wierheit (de wierheit fan de wurklikheit) mear yn de harsens kin, men bliuwt ûnfoldien. It forhael is fierders neffens Lukas 14; 16-23, en dat bitsjut dat it heil en it lok en it ynsjoch foar de legerein is, net foar de hegerein. En nou skriuwe jo my: ‘Nei ús bitinken skaeije jo de kant út fan Rousseau 'e romantyk’.Ga naar eind*) Neffens my is dat hielendal mis. De romantyk (by Rousseau, mar binammen yn de 19e ieu) is altyd in flecht út 'e wurklikheit, en it is dan ek in bigeliedingsforskynsel fan de komst fan 'e kapitalistyske yndustrialisaesje: muzyk, literatuer, filosofy, omgongsfoarmen, klean - boargerlik en romantysk, d.w.s. de wierheit bikûpjend. Ik hâld dan ek net fan de 19e ieu. Jo helje twa dingen trochinoar: it karakter of wêzen, en de technyk of methoade. It karakter fan goede literatuer is iepenbierjend (biwust of ûnbiwust, by skriuwer en by lêzer), de technyk hat rju forskaet, dy kin registrearjend wêze, opstannich, oankleijend, iroanysk, sarkastysk, nostalgysk, lilk, heroysk, dy kin de arbeiders, de lytsboargers, de bourgeoisy, de polysje, it leger foar kar nimme, en hwat it measte bart: in minske mids de maetskippij; mar ek de idylle kin dêrfoar brûkt wurde. De idylle as technyk is hwat oars as romantyk as karakter. Ik haw it alris hawn dat immen sei: ‘Sa moai - mar soks bistiet net’; allykwol dy lêzer wie him tige biwust dat it sa wêze moatte soe. Sa net, de meastepart fan myn forhalen binne net idyllysk, mar grousum. Hawar, sadré't myn kritisi my better bigripe as myn lêzers, hâld ik op fan skriuwen. Nou, dat wie it op dit stuit. Mei freonlike groetnis, LIEUWE HORNSTRA |
|