Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 169]
| |
J. Boersma
| |
[pagina 170]
| |
kristlike ethyk’ dan kin ik him net mear folgje. Dan binne alle faktoren oanwêzich om by mekoar lâns to praten. Der is bygel. ek Boedhistyske en Marxistyske sedelear. As in Dr. de Pree in eksposé jowt fan Marxistyske sedelear dan is dat tige bilangwekkend. Nei myn bitinken lei hy de klamtoan op wierheit en dat kin nea forkeard wêze. Mar hwat is wierheit en hwat is wurkelikheit. De wierheit sels sit ek fol tsjinstridichheden. Mar as immen it oer sedelear hat dan mei men der úteraerd net in tokoart oan wittenskiplik tinken út opmeitsje. En it ûnderwurp wie ‘ethyk’ (is sedekunde) en literair skriuwerskip’ en as de yn-lieders dan allerhande ‘sedelearderige’ útspraken dogge yn harren bydrage dan moatte hja der op rekkenje dat de boat goed oan is. Lokkich mar dat der noch minsken binne dy't goed kritysk lêze kinne en kommentaer jaen kinne. Ik ha my wol formakke om de bydrage fan myn beide kollega-skôgers.... Yn it foargeande leit nei myn bitinken de hiele swierrichheit fan it frij emosjoneel réagearjen fan de trije skôgers. As min it wurd ethyk sa dúdlik mooglik yn syn wearde lit dan kin in soad misbigryp foarkommen wurde. Sa, ik haw bisocht om my yn koart bistek, troch in pear drege saken hinne to wrakseljen. Mei ik my, nei dizze kamprit noch efkes útride litte en noch hwat neiprate? Leo Sjestow seit: ‘Fansels wy ha ethyske regels en sedelike grounslaggen nedich, oars koene wy hjir op de sânbank fan dizze tiiden net libje’Ga naar eind3). Mar hy wie fansels net in ‘ethysk’ minske dy't alles yn ús dwaen en litten fan ethyske motiven forwachte. Ethyk is net de keninginne dy't ús laet. By in wittenskiplike diskusje oer ‘ethyk’ kin men dus mei oantsjuttings as Kristelike, Boedhistyske of marxistyske ‘sedelear’ net folle wurde. Dan kin misbigryp net útbliuwe. Mar as it oer ethyk en weardelear giet dan seit Dr. N. Westendorp Boerma: ‘De libbensbronnen lizze dêr hwer't de minske echt nei syn heil grypt of dy nou fan maetskiplike of fan godstsjinstige aerd binne of dat in synthese fan beide faktoren mooglik is dat liket my de frage fan de takomst.’Ga naar eind2) Wy kinne wol fêststelle dat der gjin autonome ethyk bistiet. Dr. Westendorp Boerma hat syn boek de titel ‘Realistyske ethyk’ jown. Hy hat der ek oer tocht om it ‘Empiryske ethyk’ to neamen. Hy wol oars neat as syn erfaringen, syn omswurfingen werjaen. Syn skôgingen mei de wurkelikheit forgelikjen. Om him hinne sjen en opmerke. Net mear en net minder. En dat is dan fansels op in tige skerpsinnige heldere wize bard, sa dúdlik dat it bêst troch net-etici lêzen wirde kin. Sa moat it ek wêze. Dan komt men miskien hwat to witten. Dêr hat Trinus Riemersma gelyk oan. Net op in berch geleardheit sitten gean en sizze: ‘Sa is it, dat moatte jimme dwaen en litte en leauwe’, mar; ‘Hwat tinkt jimme der fan, soe it sa ek wêze kinne’? Dat hat, as men dat al tinke soe, mei in forkeard soart twivelriedichheit neat to meitsjen, mar mear mei respekt foar de minske as selsstannich tinkend wêzen. Dit is wer yn koart bistek in soarte fan boekskôging mar men moat my fansels net freegje hwat dêr foar in stik bilêzenheit en tinkwurk efter sa'n boek sit. En as Steven de Jong him in etikus foarstelt as in man sûnder sûnde dan moat hy der al efkes djipper op yn gean hwant dan is hy fier mis en dat sil hy sels ek wol witte mei syn grapkes. (It wurd sûnde heart likegoed net yn dit rychje thús; dat is in wurd dêr't àl sa oer striden wurdt yn de ‘godsstjinstwittenskip’ as ik sa sizze mei.) En fan stokjes sprutsen; dat wie net sa'n gekke fynst. It is yndied makliker om oer stokjes to praten dan oer ethyk. In arketekt binammen; dy praet folle leaver oer hout. Mar út myn forhael soe men ek hast opmeitsje kinne dat ethyk myn hobbelhynder cq myn hobby, c.q. myn ‘stokpaardje’ is. | |
[pagina 171]
| |
It sprekwurd seit tsjin ús skôgers ek net om 'e nocht: ‘Men kin altyd wol in stok fine om in houn to slaen.’ En as ik dan noch djipper oer stokjes neitink dan siz ik dat it bistudearjen fan it wurk fan in etikus bêst in gongelstôk wêze kin; ek foar de hjoeddeiske dichters en skriuwers. It gebrûk dêrfan koe harren wolris net ôffalle. Der binne etici dy't my de yndruk jowe dat hja harren tiid fier foarút binne. Hja sizze de meast treflike en skerpsinnige dingen as men it geduld opbringe kin om harren wurk to lêzen, to lêzen en nochris to lêzen en harren to folgjen om alle klippen en obstakels hinne. Min soe hast winskje dat yn in literair tydskrift hwat faker romte litten waerd foar ethyske stúdzjes. Hwant nei myn bitinken is ien fan de forskillen tusken eartiids en nou dat de âldere generaesje fan skriuwers de minsken meastentiids op in ‘sedelearderige’ manear leare woene hoe't hja wêze moasten en hja brieken harren nea de holle om de minsken to sizzen hoe't hja werkelik wiene (Réal ethyk side 4). Sokke âlderwetske skriuwers binne der fansels noch wol mar de jongere skriuwers en dichters hâlde ús faken wol ûnbarmhertiger mar ek folle better in spegel foar en sizze dingen dy't wy leaver net witte en hearre wolle. In minske kin fansels ek net sûnder illúzjes mar wy stekke de kop wol goed yn it sân as wy harren net serieus nimme. ‘De wierheit hat in skel lûd’. En de etici, de sedekindigen stelden de diagnose 30 jier lyn al en brochten sokke saken by de stúdzje fan ethyk al goed yn it ljocht. (Réal. ethyk side 4 Mandeville). Dêrom kinne nei myn bitinken de hjoeddeiske dichters en skriuwers it sedekundich tinken better net to licht achtsje. En leau mar dat it in bloedigen wurk is dêr't in hiel minske-libben mei hinne gean kin. As der ien is dy't oan it fortrietige wurk fan wurdstúdzje en bigripsbipalingen dwaen moat dan is dat wol de etikus. Hy moat in bulte oan ‘signifysk’ ûndersyk dwaen. Wurdstúdzje is net it bilangrykste mar hja binne der wol mei op 'e hichte dat ‘wurd’ en ‘bitsjutting’ net ien binne en dat wurden faek ‘in harem fan bitsjuttingen hawwe. (Paul Ree). Dat hat tocht ik út de diskusje rounom ‘ethyk en literair skriuwerskip’ wol bliken dien dat men goed witte moat hwer't men oer praet. Yn it boek ‘Réal. ethiek’ is bygel. in hiel haedstik wijd oan ‘it gefaer fan wurden’. Hyltyd harren sels mar wer korrigearje en romte litte foar konklúsjes fan oaren. Ik haw bygel. ek in foarrjucht hâwn dat arketekt Doeke Meintema myn karmaster wie. Dizze namme seit de jonge Friezen tink, lyk as de namme Westendorp Boerma net sa folle mear. Mar dizze, by útstek Fryske boumaster wie ek sa'n man. Hy wie net allinnich in master yn it foarmjen mar hy wist boppedat ek hiel goed hoe hy it meitsje woe. It wie ek in konstrukteur fan de boppeste planke. As hy op skoalle goede konstruksje-foarbylden joech dan kaem der stéfêst efteroan: ‘Ik soe it sa dwaen’ of ‘ik haw it sa dien mar it kin ek wol oars....’ Romte litte foar sels neitinken en net sûnder mear opnimme hwat in oar seit. Ien fan de kenmerken fan in goede stúdzje is, tocht ik, dat men de feiten safolle mooglik sprekke litte moat en dat kin sels sa min mooglik en perfoast net ‘sedelearderich’ oan it wurd wird wêze moat. De ‘empiryske’ methode lient him der hiel bêst foar hoe't men ek al wer oppasse moat om dy net ta in allinnich sillichmeitsjende théorie to bombardearjen. Prof. Dr. N. Westendorp Boerma seit: ‘Sleauwe tinkers binne net to helpen, dy falle altyd wer yn de strikken dy't de tael harren spant.’ (Réal. ethyk side 12) Sa, it is miskien allegearre noch net al to dúdlik. Sedekunde is sa't Dr. M.M. Kruger al seit ien fan de disiplines fan de systematyske wiisbigearte en de wiisbigearte jowt nea | |
[pagina 172]
| |
ôfdwaende mar altyd sykjende antwurdenGa naar eind1). Immen dy't mient dat hy allinnich kant en kleare oplossingen jaen kin, sa't yn de polityk faek bart, is ek mar in forfelend man. Skriuwe yn de dúdlik oprjuchte oertsjûging dat by de kollega-auteur of lêzer in bihoarlik I.Q. oanwêzich is, is folle libbener.
Súdhorn, 28-3-'75. |
|