Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |||
Lieuwe Hornstra
| |||
[pagina 162]
| |||
Guon minsken hawwe tocht dat de dichter âld wêze moat. Dat komt om't men der sa lang mei dwaende is. Dêrfandinne ek it misforstân dat de filosofy fan de haikû birêstend wêze soe: dat is hja net, hja is libben, waernimmend, konkreet, moedich:
Alf ridders ride
troch in flymjende sniestoarm -
gjin sjocht fansiden
Dizze is fan Shiki (1867-1902). It Japansk hat in soad homonimen, d.w.s. deselde wurden mei in hiel oare bitsjutting, byg. mier as insekt, as sykte fan it fé, as hekel (hawwe oan), ensfh. Ik sil der ien foarbyld fan jaen yn it Frysk, mar it kin yn ús westerske talen net as yn it Japansk dat it brûke kin, paradoksael en humoristysk, yn de haikû. By myn witten wie it earste Fryske haikû-fers: ‘Murns’ (Trotwaer 1973-4):
wyt skûmjende mar!
yn 'e lijte fan 'e bosk
triljend in rébok
Dit is boud op these (it natûrgewelt), antithese (de stiltme), synthese (spanning). Dan komme fiif fersen (Trotwaer 1973-6) hwerfan fjouwer oer de hjerst; twa foarbylden:
dize en motrein
reade en giele blêdden
fesantehoannen
Dúdlik trije rigels. (Meastentiids ûntbrekke de lêstekens, útsein! en -) De bou is evenredich ta in klimaks; foarst de wiete en grauwe hjerst, twad de kleuren, trêd it kleurige libben. It is ek de kosmos: wetter, planten, dieren en de wjerspegeling fan it ynderlik. As libbenshjerst is it treastfol.
wite swannen tsjin
graulaeijen himel fleane
nei it suden ta
Ien sin. De foarste en twadde rigel hearre byinoar, hoewol't it in tsjinstelling is: it wurdt tsjin hat in dûbele bitsjutting. Der wurdt net sein, mar al ûndersteld dat de greate, machtige, fruchtbere fûgels ‘nei it suden ta’ geane om werom to kommen. It boartsjen mei ien wurd kin inkeldris yn it Frysk, byg. yn ‘moaije hjerstdei oan it klif’ (Trotwaer 1974-1):
de einen driuwe
op it wetter sûnder ein -
twa kear de sinne
Der wie gjin hoarizon to sjen: is der forskil tusken ûnder en boppe? Filosofyske fraech. As Fryske ‘pendant’ fan it fers mei de ridders fan Shiki dit winterfers (selde tydskriftnû.):
it reid is brutsen
reedridend sjongt my it iis
myn eagen trienje
De natûr is dea, lykwols troch it reedriden sjongt it iisGa naar eind*). De minske kin soks dwaen, mar bitellet derfoar. | |||
[pagina 163]
| |||
Fan de Hollânske dichters ien namme: J.C. van Schagen. Ik jow foarbylden. enkel een boom zijn
een boom van grond tot hemel
een boom zijn en staan
Dêrtsjinoer: geef me het flegma
het flegma van de bomen
die worden geveld
Net hielendal krekt, dizze moaije: toen je stamelde
zei je bijna alles
nu je mooi spreekt - niets
Klassyk: zachtjes wiegt de tak
de tak voor mijn kleine raam
in de winterwind
Lykwols it twa kear brûken fan ‘de tak’ mei perfoarst net yn haikû. Ik koe wol trochgean, út dizze bondel ‘Ik ga maar en ben’. Dochs foldocht it de dichter net, hy makket der ek wol 5 of mear rigels fan. Ek de 5-7-5 hâldt hy him net altyd oan; út Narrenwijsheid: zo regent de regen
daarom geef ik geen namen
ik ga maar en ben
It liket hwat brutael en neam Van Schagen syn prachtich dichtwurk typysk Hollânsk, hwant hy is in Sieu; west-Nederlânsk dan, mar hwerom? in haikûtradysje hat Nederlân net. Syn fersen rinne fan ympressionisme nei expressionisme, sels mei sensitivistyske trekken. Hy is nea kosmysk, altyd de minske mei syn fielen en langstmen. Foar de Japanske haikû is hy net objektyf en net konkreet genôch; syn stiltme is gjin Japanske stiltme. Syn birêsting en syn wysheit binne fierôf fan it Zen-Boeddhisme. Yn de Foriene Steaten is it skriuwen fan haikû al jierren greate moade. Dy is alhiel net Japansk, net kosmysk, mar yndividueel, sosiael, sentiminteel, anekdotysk. Nijsgjirrich binne dêrom de haikû-fersen fan Otome Hutheesing, fan India, Heal-Japanske, dy't yn New York wennet. It docht bliken dat se dúdlik Amerikaensk binne, wol sosiael engagearre, mei de konklúzje meastentiids yn 'e trêdde rigel. ‘Mama’ en ‘Grandmother’ lykje my de bêste, Japansk binne se net. Ik haw der alve útsocht. Ik bislút mei in eigen fers, gjin haikû, as tank oan dyselde Otome. | |||
Literatuer û.o.:
|
|