Sikke van der Weg
Preludium
Gerben Brouwer: Preludium.
Bosch en Keuning, 1973
It hat yn 1934, fjirtich jier lyn, west dat de earste bondel gedichten fan Gerben Brouwer útkaem. Kritisi hawwe doe yn alle toanaerden dêr de lof fan songen. Party lju hawwe tocht, dat it dêrby bliuwe soe. De dichter soe mei ‘Weagen’ oan it ein fan syn dichterslatyn wêze. Hy soe útskreaun wêze, syn wurk soe fan in koarte en hertstochtelike rite wêze. Soks wie sels by it forskinen fan ‘De weagen oer’ yn 1968 noch wol to fordigenjen. Hwant fan de fiifentweintich fersen yn dizze bondel wiene der fyftjin út ‘Weagen’. It oare tsiental wie ‘nij’ wurk. En tsien fersen yn ryklik tritich jier is net sa'n soad, nou?
Mar sa'n bytsje Brouwer prestearde foar 1968, sa'n soad barde der tusken doe en nou. In set lyn forskynde ‘Preludium’. Dizze bondel is in foarspul op it forskinen fan noch mear lieten. Hwant al in moai set steane der omtrint alle wiken lieten fan Brouwer yn ‘De Friesche Kerkbode’ (wykblêd fan de Grifformearde Tsjerken yn Fryslân). It is ek in foarspul op de fryske versy fan it ‘Liedboek voor de kerken’, sa't dat yn 1973 útjown waerd troch de Yntertsjerklike Stichting foar it Lietboek. De yndieling dy't dêr tapast waerd, brûkt Brouwer ek, nammentlik: foarop de Psalmen, dan de bibellieten, lieten dy't ynspirearre binne op in bibelpart. As lêste it part ‘Mei al de hilligen’, gesangen, dy't tsjintwurdich faek lieten neamd wurde. Meiinoar 40 fersen: 6 psalmen, 8 bibellieten, 26 gesangen. En sa't Fedde Schurer op syn âlde dei noch tige produktyf wie mei it meitsjen fan lieten by it Alde en Nij Testamint, dy't letter sammele binne yn ‘De gitaer by it boek’ sa komt Brouwer op deselde wize mei ‘Preludium’.
Hwa't yn Fryslân oer psalm- en gesangoersettingen praet, komt by Schurer tolânne, ek omt mei útsûndering fan Bernard Smilde, eins nimmen him dwaende hâlden hat mei oersettingen fan lieten foar gebrûk yn de earetsjinst fan de tsjerken. Hwa't it Psalm- en gesangeboek (1961) trochnoasket, rekket ûnder de yndruk fan Schurers taelbihearsking. Mar in knappe taelbihearsking leveret it gefaer fan formechanisearre dichtsjen op. Dêr is Schurer net oan ûntkommen. Lit Brouwers taelbihearsking minder wêze as Schurer sines, syn wurk is der gever en origineler troch. Brouwers fersen binne gjin oersettingen, mar oerdichtingen, dy't wol safolle eigens hawwe, dat it hollânske origineel weiwurden is ûnder Brouwers hannen. Dat hat ek de reden west, dat Brouwer, dy't efter yn ‘Weagen’ in ôfdieling oersettingen en yn ‘De weagen oer’ in ôfdieling Oerdicht hie, dat yn syn lêste bondel net wer neamd hat. Hwat it taelgebrûk oanbilanget is it frysk fan Brouwer gauris ienfâldiger en ek eigentiidser as dat fan guon dichters fan it hollânske Liedboek. Dat is it bêste to illustrearjen troch in fers út de Lofsang fan Hanna neist de hollânske versy fan Jan Wit to setten. It forskil sil elkenien dúdlik wêze: