fan 22.30, op Nederlân I of II is ek letter noch in journael. En dêrby as it journael dien is gean net fuort alle bochten út, der moat noch mûlskrobbe wurde of it gebit moat noch yn 'e danklan. Ik wol mar sizze, sûnder de rigel ‘is it dien’ hie it fers better roun, logysker west.
Wy komme nou by hwat ik de kearn fan dit fers neame wol, ntl. dat âlde minsken jouns sliepe en jonge minsken earst noch even neuke, tink der om, yn't tsjuster! It sil dúdlik wêze dat dizze ynformaesje net empirysk woun wêze kin. It fers giet oer in flat en moat dus jilde foar al dy flats hwêr't jouns om 22.30 it journael bigjint. It is ûnmûglik foar de dichter to witten dat yn alle boppeneamde flats yndie it ljocht út giet nei it journael fan 22.30 en hy kin allikemin witte dat as it ljocht wer opgiet der in stel neukt hat. Miskien moast Piter wol pisje. Hy kin ek net witte dat dêr hwêr't it ljocht net op giet ek net neukt is. Fierders liket it my ek slim foar him om to ûnthâlden hwêr't nou krekt âlde en hwêr't jonge minsken wenje.
Hwêrom dan sa'n tsjinstelling soe men sizze: âlde minsken dogge jouns it ljocht út en sliepe versus jonge minsken dy't jouns ek it ljocht útdogge(!) mar dan yn't tsjuster even neuke en dan it ljocht wer oan dogge om stille tsjûgen fan dit barren fuorttowurkjen.
Hokfor doel hat it sa'n tsjinstelling dy't gjin groun fine kin yn 'e wurklikheit, hjir to ponearen?? Neuken is lekker foar jonge minsken en fiis foar âlde minsken? Of is dit ien of oare kalvinistyske streek dy't de 19e ieuwske noarm propagearre wol dat der allinne mar neukt wurde mei om bern oantosetten en net foar it plesier, hwat dus bitsjut dat it ûnfoech is dat âlde minsken neuke, dy moatte jouns sliepe, nou ja dy jonge lju meije yn't tsjuster even!?
En soks is dan goed foar in Rely-priis....
Ta slot noch it fers ‘Glim fan herkenning’
in ein mei piken/ientwatrijefjouwerfiif/ oer de dyk/auto's stopje/ steane stil/to sjen/in glim/op it antlit/groetsjend nei in oaren/dy't men nea earder seach/mar nou seagen/mei deselde eagen/nei deselde/ein mei piken/oer de dyk/wurde wei/en tagelyks/fordwynt/de glim fan/mannich antlit/auto's starte/ride fierder/op 'e gesichten/in glim fordwoun/mar yn jinsels/glimket/de herkenning/troch.
Ut dit fers blykt yn elk gefal dat de dichter omraek einepyk telle kin; frjemd is lykwols it forbân tusken rigel 5 en 6. It is krekt as wol de dichter ús leauwe litte dat it ûnhuere Mûnster neamd auto in glimk op it antlit tsjoent (ik ha noch nea in glimk op myn boarst hawn, jo??) by it sjen fan in stel einepiken. Fierders tocht ik dat as autoos stopje, se net ridendewei stean to sjen nei dy piken. Seagen en eagen rymje bjusterbaerlik moai, mar hwat dy twa rigels (11 en 12) dêr nou krekt bitsjutte, ik wit it net. Dêrby sjoch ik altiten mei deselde eagen, ik ha mar ien pear. Bidoelt de dichter it oerdrachtlik, eat ‘mei oare eagen’ bisjen, dan liicht er hjir hwant de automobilisten bisjogge inoar nou krekt wolris in kear mei ‘oare eagen’. Dêr giet it gedicht dochs oer?
Lit ek mar, it is yn elk gefal moai dat men hjir heart dat der noch automobilisten binne dy't foar in ein mei piken stopje.
Soks makket dat men wer yn 'e minsken leauwt.
Dit mislearre boekje forjit men wol wer.