skyl’, (s. 153-162).
De syklus fan it libben sels komt hjir oan 'e oarder: ûntstean en forgean, sûndefal en godlikheit.
Sá is it to bigripen dat Miedema materiael út aetiologyske mythen brûkt:
‘ouranos bisocht syn bern der foar wei to stopjen
op syn bar kronos friet se noch leaver op fansels’, side 157.
It forneamde oedipusgegeven kipet ek hjir eefkes om 'e hoeke:
‘doe haw ik myn heit slein
doe haw ik myn mem opnij bifruchte’, side 157.
De foarmen dy't út de skyl brekke binne de universele minsklike komponinten dy't har stadich en lotsmjittich ûntjaen (anajkè). Dit proses is ien greate wrakseling. Yn dizze oer-thematyske syklus steane moaije strofen binammen dêr't de sinsbou net al to breklik is bg.:
‘dizze myn dochter is in frou woam/har skerten bin ré om bifruchte to wurden/har bekkens sille de foarmleaze reinen opfange/de rein sil bistjurje ta majestieuze gletsjers/de foarmen sille traech en sniewyt yn har ûntstean/, side 156.
In moaije rigel is ek:
‘silstou de ingels yn har fal heine’ side 156, of: ‘traech swimme myn fisken har kurves/teare har foarmen núnderjend iepen/’, side 159.
Hwat de opbou fan de syklus oanbilanget, yn en troch ‘it famke’ brekke de foarmen út 'e skyl. Heit, mem en Engelsma representearje de totem- en taboesfear foar dit groeiproses oer. De mem, de heit en it famke fungearje as mythyske oermodellen fan resp. it foarmjaen fan en oan libben, soarch en forwundering, selsûntdekking en forset (hubris). Ek leit hjir it konflikt tusken âld(en) en ‘jong’ c.q. it famke, de ûnoantkomberheit fan it lot, de erfskuld fan it sied.
It thema is oerweldigjend, dêrom is it nammersto spitiger sizze to moatten dat it Miedema net slagge is der adekwaet stal oan to jaen. De ynhâld ûntskuldiget de foarm net. Sterker noch, de ynhâld giet der ûndertroch danksij de abominabele foarm. Se is der ûntagonglik en kriptysk troch wurden. Men kin kieze foar in eksperimentele foarm en sels stelle dat dy it to bihanneljen ûnderwurp it meast rjocht docht, mar dan moat men it eksperimentele prosédé wol baes bliuwe. Hjir liket it forseaerd eksperimentalisme tsjinje to moatten de ûnmacht to forskûljen in djip en yngeand thema klear to forwurdzjen. De hiele syntaksis is oer de kop helle. Tiid- en forhâldingswurden doarmje yn 'e tekst roun. De logica en de funksje fan dit alles binne to syk. En de wol wollende lêzer dy't nei in protte energyforlies ta de djippere lagen fan de stoffe troch krongen is stjit dan, op in pear útsûnderingen nei, op net folle mear, as kyts.
It fyfde fersepart de syklus ‘De greate wrakseling’ (s. 165-171) folget yn ‘Op 'e literaire toer’ logysk op ‘Stadich brekke de foarmen út 'e skyl’. Yn beide sykli spilet it thema fan de evolúsje ommers in wichtige rol. Hwat skepen en statysk is wurdt destruearre en derom tink fuort ek mar de tael dy't forsplintere foar jin leit. Is it noch gewoan Frysk hwat Miedema hjir skriuwt of hat er al in nij staveringsmodel to pakken?
De syklus set útein mei in karakteristyk fan it minskdom. Kearnfiguer is de ‘byldhouwer’ as skepper en/of partisipant yn it skeppingsproses de ieuwen troch. De kronology fan histoaryske gegevens is trochinoar mjukse. ‘De greate wrakseling’