| |
| |
| |
W. Abma
Ethyk en literair skriuwerskip
1. Ynlieding
‘Ethyk en skriuwerskip’ binne twa bigripen, dy't as se kombinearre wurde ta in titel sûnder mear, in bysûnder rûm spylfjild talitte. Neffens it ‘Groot Woordenboek der Nederlandse Taal’ fan Van Dale is ‘schrijverschap’ de hoedanichheit fan, de wurksumheit as skriuwer. Op dy wize soe in einleaze rubrisearring to jaen wêze fan minsken dy't skriuwe: in skriuwer is in persoan dy't skriuwt, d.w.s. mei in dêrta gaedlik middel letters oanienskeakelet en op in dêrfoar gaedlik foarwerp, meastal papier, fuortbringt. Yn sekere sin liket it oerstallich it wurd skriuwerskip sa't it yn 'e keazen titel, en hopelik dêrmei yn oerienstimming, as koartste gearfetting fan 'e ynhâld, ek yn dy ynhâld funksjonearje wol, to omheinen en ôf to freedzjen. Dochs is dit ‘pro forma’ fanwegen in eask fan dissipline needsaeklik. De oerstallichheit lykwols sit foar it greatste part hjiryn dat de term ‘skriuwerskip’ kwalitatyf in mearwearde ymplisearret dy't útgiet boppe syn mearfâldige kwantitative bitsjutting. Letterlik biskôge bioefenje allegearre dy't stift, pin, poatlead, griffel, kryt ensfh. hantearje, d.w.s. skriuwe, it skriuwerskip, mar allinnich in pear dêrfan sille as ‘skriuwer’ oantsjut wurde. Om in pear foarbylden to neamen fan in kategory dy't wol skriuwt, mar net as letterkundige formeld wurdt: der is de journalist, dy't syn stikjes skriuwt oer útslaende binnenbrantsjes en mûzen yn yoghurtflessen, hy skriuwt, mar is gjin skriuwer yn 'e sin lykas bidoeld yn dit artikel.
Der is de reklameskriuwer, de copywriter; hy hat briljante teksten dy't op in geweldige wize effekt sortearje, men soene him de dichter fan it neon neame kinne, mar hy ‘skriuwt’ net. Der is de skriuwer dy't oerskriuwt, bygelyks de learaer, de ûnderwizer op syn boerd: in gedicht, dat jin yn't moed taest fan Achterberg, hja ‘skriuwe’ net, hja skriuwe oer. As wy de ethyske implikaesjes-oer it bigryp ethyk letter- fan it skriuwerskip ûnder de loep nimme, bidoele wy it soarte skriuwerskip, sa't dat útoefene wurdt troch harren, dy't troch de bank letterkundigen neamd wurde, en yn de folksmûle gewoan ‘skriuwers’: poëten en romanciers. Nou moat út soksoarte ynhâldlike biheining fan in letterlik nommen rûm bigryp net ôflaet wurde, dat fasetten en aspekten fan de relaesje tusken ethyk en ‘skriuwerskip’ har net jilde litte soenen by dy oare skriuwers, dy't bûten biskôging litten wurde. De journalist hat in hiel eigen ethos, tominsten as er syn birop en lêzers in bytsje respektearret. Sa wurde bg. gefallen fan suïcide troch in fatsoenlik blêd net oan de greate klok hongen; minsken, dy't al to iepenhertich binne yn in yntymwurden fraechpetear, wurde tsjin harsels biskerme, hwannear't hja dingen fortelle, dy't har en har famylje skeadwaen soene; der wurdt stribbe nei objektive birjochtjowing tsjin de maelstream fan de nocht oan sensaesje fan it publyk yn. Koartsein gjin tendinsieus opportunisme, mar objektive soliditeit. De journalistyk hoecht sels net iens passyf to bliuwen, mar kin troch yn har
| |
| |
birjochtjowing de oandacht to rjochtsjen op forhûddûken en sosiale problemen in positive bydrage jaen oan in mûglike oplossing: In utering fan in forantwurd journalistyk skriuwerskip, dat posityf-minsklik rjochte is. Sels de copywriter, fan hwa't de teksten meastal folslein yn tsjinst steane fan in kommersie, dy't (mei út selsbihâld) oer liken giet, stiet yn syn birop foar mear as ien kar, meastal geane dy dan tusken twa kweaden, mar it iene kwea hoecht sa slim net to wêzen as it oare. It sprekt fansels, dat der ek foar bettere saken reklame makke wurde kin, kampagnes fierd, spandoeken heve en biedwurden skreaun wurde kinne. In reklametekst hoecht net Qualitate qua kommersieel to wêzen, en is hja dat wol dan hoecht hja noch net altyd sa mar ta weismiten keard to wêzen. Hja kin in utering wêze fan in oannimlik ideologysk stribjen.
De oerskriuwer moat ek wer kieze: hy kin kieze foar in ûnskuldich leaf gedicht út in poësiealbum, mar ek foar in lustmoardbiskriuwing út in detektive. Hwannear't syn ‘oerskrift’ dan ek noch op in skoalboerd komt is de ethyske ymplikaesje dúdlik.
Bûten de journalist, de copywriter en de oerskriuwer binne der fansels foarbylden sûnder tal mear to neamen. Yn syn algemienens kin men sizze: safolle minsken, safolle skriuwers, al bliuwe hjir útsûnderingen meispyljen, hwannear't saken as analfabetisme, geastlike ûnfolsleinens ensfh. yn it geding binne. Ethyk en skriuwerskip is hjir dus ‘Ethyk en literair skriuwerskip’, in skriuwerskip fan harren, dy't de skriftekennisse bioefenje.
| |
II. Offreedzjen fan it bigryp literatuer
a. Definysje of fynst.
Ek al hawwe wy nou de poëten en de romanciers op it each, en it ûneinige gebiet fan it skriuwerskip mei harren ôfreamme, mei de biheining is noch net de ynhâld fan dy biheining jown. Mei de biheining fan it bigryp skriuwerskip is eigentlik ek al dy fan it bigryp literatuer jown, sa't dat hjir bidoeld wêze wol: itjinge skreaun is troch letterkundigen, litteratoren koartsein poëten en romanciers. De ‘schone Letteren’ (de belletry) binne ommers, as it bigryp literatuer litten wurdt foar hwat it is, mar in fasetsje derfan. Dêr is de fakliteratuer, spesifyk konsintrearre om in bipaelde wittenskip hinne. It is alles hwat oer in bipaeld ûnderwerp of fak skreaun is. It lit him maklik as sadanich werkenne, û.o. fanwegen it spesifike en rjochte karakter derfan. Folle slimmer wurdt it, as men de kriteria fine wol, dy't biskiede, hwat nou wol of net heart by de literatuer, sa't dy skreaun wurdt troch letterkundigen. Skriuwe hja literatuer of lektuer? Of binne dizze beide bigripen itselde? Is pornografy literatuer? Koartsein: Is der in definysje to jaen fan it bigryp (literaire) literatuer?
It liket flau, mar dat hinget der wer fan ôf hokker definysje der fan it bigryp definysje jown wurdt. Mar as definysje hjir pretindeare soe in omskriuwing to jaen dy't de krêft fan in fêststeande wierheit bisit, dan soe ik sizze: literaire literatuer is net to definiearen; in merkteken fan literatuer is sa biskôge faeks dat der gjin definysje fan to jaen is. Sa'n útspraek liket lykwols like ûnbifredigjend as gemaksuchtich, en is it yn wezen ek. Dêrom hawwe der yn it forline, en ek hjoeddedei, hiel hwat minsken west, dy't bisocht hawwe om it bigryp literatuer in hwat
| |
| |
hechtere basis to jaen. Dat wurdt dien fan forskate ynfalshoeken út, fan bg. Ludwig Wittgenstein's ‘Philosophische Untersuchungen’ ôf oant Kees Fens'kritiken yn boek en ‘Volkskrant’ ta. Mar hyltyd falt op, dat it bigryp literatuer him net isolearje lit en ta in totale abstraksje meitsje lit. Dêr't praet is fan literatuer, is praet fan ‘in foarm fan taelaktiviteit dy't om kommunikative redens, meastentiids skriftlik fêstlein wurdt. Literatuer is in taelspul. Kultuer, plak en tiid hawwe harren ynfloed op de spulrigels. Gjin literatuer sûnder de minske dy't verbael akteart. Wurden fan de minske krije earst reliëf en effekt as hja funksionearje yn it taelspul en anneks binne mei in gehiel fan dwaen - dat net allinnich verbael is - en set wurde tsjin de eftergroun fan de kultuer, dêr't hja byhearre. Taelspullen hawwe harren taelrigels, d.w.s. harren spulrigels. Hja binne sosiael to kontrolearjen en sosiael bipaeld. Literatuer sil ek altyd dynamisearjend wêze, net statysk, om't hja mei de minske en syn histoaryske evolúsje to meitsjen hat.’ (Frij nei in passaesje út ‘Literatuer as Taelspul’ fan B. Laverman, Trotwaer 74-2.) Derfan útgeande dat wy it yn it forfolch hawwe oer de ‘literaire literatuer’ kinne wy noch opmerke dat hwer't literatuer en lektuer ûnderskieden wurde, beide op in hiel eigen wize funksionearje. (Op de funksje fan lektuer wurdt hjir dus fierder net yngien.)
It publisearjen fan in boek d.w.s. it publyk meitsjen fan in bipaelde taelaktiviteit is in died yn in maetskiplike kontekst. Dizze died sil in bipaeld effekt hawwe. Neffens somliken binne died en effekt net los to koppeljen as it om literatuer giet. neffens oaren wol.
De skriuwer, nochris, yn it forfolch dus mei de bitsjutting fan letterkundige, is forantwurdlik foar syn gebrûk en misbrûk fan eigen tael, en dêrtroch foar syn wurkstik. (Mar is er ek forantwurdlik foar de wize, hwerop syn produkt troch oaren ynterpretearre wurdt?)
Nei myn smaek fortsjinje oantsjuttingen fan hwat literatuer ûngeféár is en útwurkje kin, de foarkar boppe dy definysjes, dy't pretindearje krekt to sizzen hwat literatuer foar ien kear is. Fansels binne der allerhanne mear wittenskiplike binaderingen lykas literair-strukturalisme en taelpositivisme, dy't harren fordjipje yn bg. de opbou fan respektivelik in roman en de tael. Mar hja litte de fraech hwat nou wol en hwat net by de literatuer heart, meastal mei rêst, om't nimmen har de objektive kriteria leverje kin, dy't eigen subjektive kar en foarkar to neate dogge. De oerienkomst mei it bigryp religy is frappant. Oant foar koart koene op de frage: ‘Hwat is religy?’ noch sa'n 118 min ofte mear autorisearre definysjes krigen wurde. Lykwols, de bilutsenheit fan de religieuze minske op ‘Das ganz Andere’ dûkte yn de measte definysjes wol op. Mei de literatuer giet it deselde kant op: gjin literatuer sûnder de oar, de meiminske. Immen dy't de moaiste gedichten skriuwt, mar se fuortendaliks oan de forneatiging priis jowt, skriuwt gjin literatuer. Hy is as de man dy't seit: Ik bin de bêste kunstskilder fan 'e wrâld, allinnich ik skilderje net.
Koartsein: Literatuer bistiet by de graesje fan de oar.
‘Wie wat vindt, heeft slecht gezocht’, is de titel fan in dichtbondel fan de Grinzer psychiater Rutger Kopland. Ik haw gjin slettene definysje foun fan it bigryp literatuer. Nei't ik hoopje is dat in goeije fynst.
| |
| |
| |
III. Inkelde opmerkings oer it bigryp ethyk
a. Algemien.
Skriuwerskip en literatuer binne yn it foargeande, mei troch de wize fan omskriuwing fan beide bigripen en de dêrút fuortkommende bitsjutting, dy't hja yn harren pleatst forbân krije, yn in sadanich kader setten, dat hja net fan inoar los to meitsjen oan inoar forboun binne, itjinge dan ek nei foaren komt yn de titel fan dit artikel: Ethyk en literair skriuwerskip. It liket tsjinstich en mear systematysk, tige yn it algemien hwat oer it bigryp ethyk to sizzen. Hwat wurdt der yn it algemien mei bidoeld, kokker bitsjutting hat de tapassing yn relaesje ta it skriuwerskip?
Oer ‘Ethyk’ binne hiel hwat ynliedingen skreaun, de iene wiidweidiger, de oare biheinder. Fan de hân fan Prof. Dr. J. de Graaf is in boekje forskynd: ‘Elementair begrip van de ethiek’, titele. De algemiene opmerkings, hjir oer ethyk makke, binne foar it greatste part oan dit boekje ûntliend.
It wurd ethyk is ôflaet fan it Grykske éthos, dat gewoante, sede, mar ek tinkwize bitsjut. It tsjut dus yn sekere sin op it gewoane psychyske ûnderdak, dat de minske himsels bisoarget: syn tinkwize. Yn forbân mei bisten bitsjut ethos dan ek û.o. bargehok of greide (harren ûnderdak). Yn it Latyn waerd ethos troch mos (mt. mores) oerset, dêr't ús wurd morael fan ôflaet is. Oarspronkelik bitsjutte ethyk en morael dus itselde: dat hwat mei de sede - it normearre gedrach to meitsjen hat. Yn de rin fan de ieuwen lykwols hat it wurd morael mear de bitsjutting hâlden fan it gehiel fan de troch in groep, kultuer, akseptearre gedrachsrigels, wylst it wurd ethyk nou tsjut op it neitinken - leafst wittenskiplik - oer dyselde gedrachsrigels. Ethyk is in wittenskip wurden mei eigen methoaden, théoryen en modellen. It feitlike wurklikheitsgebiet dat hja ûndersiket is de seedlikheit: it biwust of ûnbiwust normearre gedrach. It fjild fan ûndersyk fan de ethyk is net ôf to sjen Dêrfandinne dat ek dizze wittenskip har opsplitsingen hat. Sa is der
1. | de deskriptive ethyk. Hjoeddedei foaral bioefene troch kulturele anthropologen en sosiologen, yn safier't hja de seden en gewoanten, opfettings oer goed en kwea. moralen yn bipaelde kulturen en subkulturen, yn bipaelde perioaden fan de skiednis biskriuwt. |
2. | De normative ethyk. Stelt him as doel ethyske grounbigjinsels to formulearjen, dy't reedlik to forantwurdzjen binne en as hypothesen oan de praktyk toetst wurde kinne en troch de praktyk nuansearre wurde kinne. |
3. | Spesiale ethyk Is in taspitsing fan de normative ethyk. Hja kombinearret de normative premisse mei in feitlike om dan it de kombinearre kennisse fan noarmen en feiten ta in ethyske konklúzje komme to kinnen, bg. op it mêd fan de medyske ethyk. Spesiale ethyk spoart de relevante ethyske grounbigjinsels op foar in (spesiale) sitewaesje, dêr't foldwaende kennis fan feiten oer bywêzich is. |
4. | Meta-ethyk ûndersiket de mooglikheit, respektivelik ûnmooglikheit fan verifikaesje fan ethysk-normative útspraken. |
Der is in forbân tusken ethyk en libbensbiskôging: Elts kiest sines. Mar de kar, hwat goed of forkeard is, sil net foar alle minsken gelyk útfalle. Hwat goed of forkeard achte wurdt hinget mei ôf fan de libbensbiskôglike eftergroun, dy't der
| |
| |
is. It boekje fan Dr. W. Banning: ‘Typen van zedeleer’ jowt dêrfan in oertsjûgjend biwiis.
Positivisme (Comte), naturalisme (Rousseau), evolusionisme (Spencer), vitalisme (Nietzsche), idéalisme (Kant), pessimisme (Schopenhauer) binne filosofyske systemen, dêr't in ethyk yn fundearre wêze kin.
Hedonisme (Jeremy Bentham), eudemonisme (Aristoteles), personalisme (Denis de Rougemont), en eksistensialisme (Sartre-Jaspers) binne prebearsels om de ethyk mear antropologysk to fundearjen. In yn de maetskippij fundearre ethyk leverje ús de systemen fan bg. it sosiael utilisme (John Stuart Mill), pragmatisme (William James), marxisme en kommunisme. Max Scheler en Nicolai Hartmann leverje noch wer in oar tipe fan sedelear: harren saneamde weardenethyk.
‘Ondanks de veelheid van typen van zedeleer, mag en moet men aan de ethiek de eis stellen dat haar normatieve uitspraken onder gelijke omstandigheden voor alle mensen gelden, ongeacht hun levensbeschouwing’ (De Graaf: Elementair begrip van de ethiek). Der mei út de mannichte fan tipen fan sedelear, en de relativearjende wurking dy't dêrfan útgiet, net konkludearre wurde ta it sûnder nut wêzen fan ethyske bisinning. Der is gjin seedlik vacuüm, mar in altyd bliuwende seedlike relevânsje dêr't it goede en it forkearde mekoar ôflosse en troch mekoar hinne spylje. De minske is sa'n wêzen, noch alhiel goed, noch alhiel forkeard: de minske is in seedlik bipaeld wêzen. Foar dy seedlike minske hat it seedlike in evidinsje yn himsels. Der is in net to herlieden bisef fan hwat evidint goed en hwat evidint kwea is. Der is dus in ethica naturalis: in net to herlieden, evidinte, algemien minsklike seedlikheit.
Tusken heakjes: allmnich hjirmei al is in relevansje jown fan in konfrontaesje tusken ethyk en skriuwerskip - hwer op 'e wrâld ek útoefene. Universeel jilde seedlike prinsipes. Sa is de universele forklearring fan de rjochten fan 'e minske in bisykjen om universele seedlike prinsipes to effektuearjen.
| |
b. It bigryp ethyk yn dit artikel
Hwat bitsjut dan it bigryp ethyk yn 'e forbining ‘ethyk en skriuwerskip’? In hiel lyts bytsje. Eigentlik neat oars as dat it literaire skriuwerskip ethyske ymplikaesjes hat. Hwerom? Omt der in ‘ethica naturalis’ is. Gjin minske kin om syn gewisse en dat fan oaren hinne. Kar en forantwurdelikheit spylje in rol. Der is de gerjochtheit fan it skriuwerskip op de oar. Mooglikheden fan meiminsklikens en ûnminsklikheit, bislútfeardigens en bislútleazens biede har oan. Hokker ynhâld men jowt oan hwat goed en forkeard foun wurdt, docht der nei myn smaek minder ta as it feit dat der goed en forkeard is, keazen wurde kin út dy twa, hoe docht der hjir net ta, suver formeel biskôge. Dêrom falt foar eltsenien de konfrontaesje tusken ethyk en skriuwerskip forskillend út.
Eltsenien ynterpretearret saneamde algemien jildende noarmen op syn eigen wize en follet mooglikerwize mei in oantal subjektive noarmen oan. Al wer komt it gefaer op dat ethyk forwiksele wurdt mei morael. De noarmative ethyk as noarmformulearjende oerkoepeling fan de persoanlike moralen is tsjin de diversiteit en skakeardens dy't it skriuwerskip yn dizzen bisit opwoeksen, en fortsjinnet dêrom de foarkar as pendant yn 'e forbining ethyk en skriuwerskip to fungearjen. Mar it biskriuwen -- it wurd seit it al fan dit forskynsel sil mear ‘deskriptyf’ wêze as ‘noarmatyf’.
| |
| |
| |
IV. Ethyk en literair skriuwerskip
a. As ynlieding: hwat opmerkings oer de forantwurdelikheit fan de skriuwer.
Ethyske ymplikaesje fan it literaire skriuwerskip binne primair dy ethyske bigripen dy't gearhingje mei de wurksumens fan it skriuwen, de aerd as skriuwer. Feitliken moatte it skreaune en de lêzers krekt út it each forlern wurde. Krekt mar, hwant én it skreaune, it produkt, én de lêzer, as it moat it lêzerskip, komme koart oan 'e oarder respektivelik yn paragraef V en VI. Sa't al sein is, giet dit artikel primair oer de ethyske forantwurdelikens fan de skriuwer. De skriuwer, de rol fan de útjower (mei it each op it ûntstiene produkt en hwat de skriuwer en de lêzer oanbilanget) én de lêzer binne sa bot mei inoar forstringele yn allerhanne dingen, dat hja net fan inoar to skieden binne, uteraerd wol to ûnderskieden. Dy forstringeling is hjir en dêr yn it foarôfgeande al foar't ljocht kommen, ûnder mear út it meistimmen dat literatuer in funksje hat, of leaver effekten sortearret, koartsein in bilutsenheit op de oar manifestearret. Allinnich hjirom al mei it to rjochtfeardigjen wêze, dat dy oar, meastentiids de lêzer yn ‘t foarbygean oan 'e oarder komt. Boppedat wurdt it skriuwerskip net útoefene yn in ivoren toer, it is net to isolearjen. Hwa 't dat erkent, sil dan ek fornimme dat ethyske ymplisearrens fan it skriuwerskip ynhâldelik meastal bipaeld wurde just troch dy bilutsenheit fan skriuwen en skriuwer op de oar. Oan 'e oare kant jildt foar de aktiviteit fan it lêzen itselde: de lêzer lit him bilûke yn hwat skreaun foar him leit.
Soene de ethyske ymplikaesjes dy't mank gean mei it ‘lêzerskip’ dan hielendal fan skriuwer en skreaune to ûntkoppeljen wêze? Tusken skriuwer en lêzer yn steane de útjower en de boekhanler. Hja binne, tocht ik dúdlikernôch, in part fan it flechtwurk dat boppeneamde trijedieling foarmet. Dizze forflochtenens en bilutsenheit fan wjerskanten fan skriuwer, lêzer, útjower en boekhanler is, tocht ik, in argumint om oan alle trije komponinten oandacht to skinken (nei inoar yn paragraef IV. V en VI).
Fansels binne der ek ethyske ymplikaesjes to neamen dy't spesifyk binne foar elts apart. Fan dizze wurdt de measte oandacht skonken oan dy fan it skriuwerskip sa't de titel fan it artikel ek suggerearret. It skriuwerskip as sadanich hat in oantal relevante ethyske aspekten ek al is by de kar en bipaling fan dy aspekten hwat subjektivisme net to formijen. It gewisse fan de iene jowt oan ienselde noasje lichtwol wer in oare nuansearring as it gewisse fan de oar. Boppedat is it neamen fan in oantal saneamde ethyske ymplikaesjes net útputtend. It bliuwt in ‘greep’ en it hanfol dat der is is earder it resultaet fan in bisykjen op rjochte ‘broeijen’ op koarte termyn en hwat ‘ynfallen’. Oaren sille tafoegje dêr't hja fine dat forgetten is of ôffiere dêr't hja in sekere oerstalligens konstatearje.
Oer de forantwurdelikheit fan de skriuwer as sadanich en oer de relaesjes dêr't dy yn jilde, earst noch in inkelde opmerking. Yn it algemien kin der steld wurde, dat in skriuwer syn forantwurdelikheit hat. Tominsten as der fan útgien wurdt dat hy net wittens en mienens ‘sûnder gewisse’ to wurk giet. En hwerom soe dat net to herlieden seedlikheitsbisef, dy ethica naturalis krekt by him net bywêzich wêze? Hokker de forantwurdelikheit fan de skriuwer wêze moatte soe, leit net oan my om to bipalen. Eltse skriuwer sil as er tominsten in bipaelde forantwurdelikens biwust yn him bywêzich fielt, dy forantwurdelikens op syn eigen wize bilibje en der faeks as skriuwer dêr mei oerienkommend útdrukking oan jaen.
| |
| |
Der sil in kategory skriuwers wêze dy't har primair forantwurdelik fielt tsjin potiënsjele lêzers oer. Hy antisipearret yn syn skriuwerskip al op de effekten, dy't syn skriuwerskip hawwe kinne. Sa kin er bipaelde effekten foarkomme wolle, oaren sil er faeks krekt evosearje wolle sjoen syn forantwurdelikheitsbilibjen. Hjir kin ek meispylje de libbensbiskôging en/of it weardebisef fan de skriuwer. Achtet er in forantwurde skriuwerskip in skriuwerskip dat yn tsjinst stiet fan syn libbensbiskôging en/of weardebisef? De wize dêr't de skriuwer syn forantwurdelikheit op oanfielt en útdrukt sil meastentiids korrelearje mei syn libbensbiskôging en/of weardebisef. In absurdist bg. sil syn forantwurdelikens oars útdrukke as in kristlike auteur. Miskien sil de absurdist him tsjin de wearden fan syn stelsel oer net tsjinjend opstelle, mar har, paradoxael genôch, nihilistysk binaderje. De kristlike auteur dêrtsjinoer sil net sa gau bisykje de wearden dy't er tsjinje wol yn syn skriuwerskip ôf to brekken. Hy sil it faeks sels ta syn forantwurdelikens rekkenje om dy wearden to propagearjen. Ek kin men jin yntinke, dat der skriuwers binne dy't primair rekkenskip ôflizze oan harren sels, harsels ta forantwurding roppe. Hwerom en hoe't hja dat dogge, sil foar in great part bipaeld wurde troch de wearden en/of libbensbiskôging dy't hja oanhingje. It frijbliuwende karakter fan sa'n biskriuwing fan de forantwurdelikheit fan de skriuwer, wurdt hjir ek as sadanich bipaeld. Miskien sil in gesachhawwend ethikus nochris in spesiale elhyk ûntwerpe foar it gritsige gebiet fan it skriuwerskip. Hy soe faeks fêststelle kinne hoe't ien en oar idéaliter wêze moatte soe, en dêrnei neigean hoe 't ien en oar mei sa min mûglik konsessys yn jowne omstannichheden forwurkelike wurde kin. Yn dit artikel wurdt net bisocht om to normearjen wol om to konstatearjen. Mar
dat lêste wol fan de erkenning út dat noarm en skriuwer inoar net ûntrinne kinne.
| |
b. In oantal ethyske-ymplikaesjes fan it skriuwerskip.
1. De kar om to skriuwen, dat wol sizze it birop fan skriuwer yn jins fierdere libben útoefenje to sillen
Meastentiids rôllet men der yn, en is der gjin sprake fan in biwust kiezen. Ek al is dat sa, dan noch sil der him ea in karmomint foardwaen tusken ophâlde of trochgean mei skriuwerswurksumheden. Hwa't lykwols biwust kiest foar bigjin of kontinuearring fan syn skriuwerskip eigenet him in soarte fan macht ta: hy riskearret de mûglikheit dat syn geskrift, ienkear in ‘corpus alienum’ wurden ta in ‘corpus delictum’ wurdt. Hy forhannelet sa sein ‘ynfloeds-effekten’. Hwa 't him gjin revolver oanskaft úntnimt himsels it risiko yn hokker sitewaesje dan ek, to sjitten, itsij om in oar to rêdden, itsij om in oar to deadzjen. Hwa 't de pinne lizze lit sortearret gjin effekt; hy is machteleas. It is in kar om de status fan it skriuwerskip oan to doaren tsjin in him ûnbikende massa sûnder namme oer. Mar it is net allinnich in kar nei bûten ta. Hwa't skriuwt forkent himsels. It risiko fan fordwale yn it ynderlik labyrinth leit op 'e loer. De mûglikheit is bywêzich dat de skriuwer dy't kiest foar útoefening fan syn machtige eigenskip, al nei 't er trochskriuwt, himsels nei in ein mei geweld taskriuwt. Der binne foarbylden sûnder tal to jaen fan skriuwers dy't selsmoard bidreaune (bg. von Kleist, Menno ter Braak ensafh.). Nou wol ik net graech biweare dat selsmoard by skriuwers altiten in direkt gefolch is fan de útoefening fan harren fak. Krekt- | |
| |
oarsom, de selslouterjende wurking fan it skriuwen sil yn in soad gefallen de suïcide-die útstelle of oerwegings dêrta hielendal forfalle litten hawwe. Dat is yndie in oare kant, mar it risiko fan in altyd net to bidjipjen djipper wurdende selskonfrontaesje fia it skriuwen, en it totale bitize reitsjen dêryn kin sjoen de mannichte fan foarbylden yn de literatuerskiednis net oer 'e holle sjoen wurde. By dit alles tsjinnet him in ethyske ymplisearrens oan, dy't nei myn
smaek, it wurd ymplisearrens seit it al, ek mar better ‘ymplikaesje’ litten wurde kin sûnder it ethyske to bot explisitearje to wollen.
2. De kar fan it ûnderwerp.
Sûnder tal en ûneinich binne dy faktoren dy't bipale hoe't it ûnderwerp dat de skriuwer kiest útfalt. Om in pear fan dy faktoren to neamen: it karakter fan de skriuwer; de tiid dêr't er yn skriuwt (moade-faktoren, sosiale, politike, ekonomyske faktoren); it plak dêr't er skriuwt (as balling of yn frijheit); de fraech fan útjower en publyk ensafh. De skriuwer kin de wei fan syn eigen kar folgje, ‘syn inerlike opdracht’. Hy kin him útleverje oan syn leafde foar minske en bist, mar ek oan syn wrok tsjin alles hwat him mar omjowt.
Syn skriuwark kin in hakmes wurde, dêr't ‘syn ûnderwerp’ ta in deadlik slachwapen troch wurdt. As hy foldocht oan in ‘opdracht fan bûtenôf’, wurdt lykwols it karfjild forlytse, mar de wize, dêr't hy syn opdracht op útfiert, is oan him, de skriuwer.
Faek lykwols sil it karproses him ûnbiwust foltsjen, en dit mear al nei gelang men mei poësy to meitsjen hat. It wêzen fan de ̑poësy lit him net sa ienfâldich formulearje. It dichterlike byld, de tins yn it gedicht lykje faek oprispings út it ûnbiwuste. Rym, ritme, metrum en lûd liste byld en tins yn. Mar faker hat it ûnderwerp de dichter keazen as de dichter it ûnderwerp. By de romancier leit dit faek oars. De spanning tusken feit en fiksje, en de troch de skriuwer kréearre persoanen yn dit spanningsfjild ûntglûpe nou ienris minder gau oan de skematyske kontrôle dy't de ratio útoefenet. Bytiden komt der al skriuwende in forfrjemding op tusken de skriuwer en syn persoanen, en tsjinje har, de skriuwer ûnbiwust, nije feiten en forsinsels oan.
Fansels kiest ek de dichter soms syn ûnderwerp.
3. It biwust binutsjen fan oarmans leed foar eigen kréaesje.
Mei de skriuwer of leaver de dichter mar dichtsje hwer't er oer wol? Fordûbelt er it leed fan oaren net, hwannear't er in gedicht skriuwt oer hwat skokkends? En is dy fordûbeling net earder ta meardere gloarje en eare fan himsels as forantwurde tsjin syn meiminske oer? Mei der bg. in gedicht skreaun wurde oer in geastlik handikapt bern? It bern wurdt lein op it offerblok fan de tinzen fan de dichter. It fjûr wurdt oanstutsen troch syn emoasjes. De dichter hat in prachtich gedicht skreaun danksij en nettsjinsteande de smert fan de oare. Hy wurdt fierd, mar de wurden fan it gedicht hawwe net by machte west om it leed dêr't oer dichte of skreaun waerd op to heffen. De dichter hat it leed prostituearre. Hie er it net better lizze litte kinnen? Hja binne der, de dichters dy't har fornuverje en formeitsje hwannear't hja in snaer rekke fiele. It kin net skokkend genôch wêze. (Mutatis mutandis jildt deselde problematyk de romancier).
| |
| |
4. Exhibisionisme en neurose.
Foaral yn Frankryk skine in oantal psychopathografyen oangeande skriuwers tige yn trek to wêzen by it lêzerspublyk. By ús hearsket de hast wol oeral bikende mounlinge oerlevering yn dizzen oangeande Gerrit Achterberg. De tol dy't troch in goed gedicht heve wurdt is hast net to dragen foar in soad dichters: fan top ta teil neurotysk, mei alle opmerklike eigenskippen en bilibbenissen dêrfan. Moat sa'n neurotikus him nou mar as exhibisionist opstelle en in ‘op libben-en-dea’-produksje fan syn ‘syklike’ geast oan de massa priisjaen, of moat er biwust, en as er dêr mei tanksij syn neurosen net ta by steat is, tsjin wil en tank, tsjin himsels en syn omjowing (tsjin him) biskerme wurde?
In gifmingster draeit it gefang yn as har forgif wurket, de neurotyske skriuwer dy't syn (jonge) lêzers siik makket bart neat. De biwuste kar tusken in neurotysk exhibisionisme en in ‘twangbuisyntroversy’ sille de measte skriuwers út 'e wei gean.
5. De skriuwer as parasyt.
De skriuwer is in parasyt wurdt faek heard. Meastentiids is dat dan bidoeld as ‘waermmielrinder’ op 'e maetskippij. Hy hat in oar libbensritme, ensafh. Hy is de anti-boarger. Op himsels in sosiael-ethyske noasje: it ‘a-sosiale’ gedracht fan de skriuwer. De skriuwer parasitearret ek yn dy sin dat er relaesjes en sitewaesjes. dy't fortroulik binne, útsûget, en der him troch ynspirearje lit. Hy trochbrekt de koade fan it yntime, en brekt it yn oare gedaente wer iepen yn syn wurk. Bytiden is de forfalsking fan de wurklikheit net sa goed slagge dat dy't der by bilutsen binne it net werkenne, dat hja marionetten binne yn har kontakten mei de skriuwer. Der is dúdlik gebrûk mar fral misbrûk makke fan aldeistige mar just tige fortroulike feiten.
De skriuwer kin faek net oars. In bipaelde erfaring kin hy net passeare litte, oars kin er better ophâlde mei skriuwen. Dochs kin ek in parasyt himsels biperkings oplizze. Hy kin it feit, de wierheit. net wer to kennen leagenje. Sá dat de leagen gjin leagen mear is.
6. De skriuwer as brims.
Tsjintwurdich binne it fral de dissidinte Russyske skriuwers dy't as stekmiggen fungearje en opfalle yn in systeem dat it frije skriuwerskip net fordraecht. Hwa't de macht fan it wurd taparte krigen hat en dochs swijt, kiest de maklikste wei. It wurdt hjir dúdlik dat mei de posysje fan it skriuwerskip net allinnich gefaren en risiko's forboun binne, mar tagelyk positive mûglikheden. Fansels is de brimsfunksje fan de skriuwer net allinnich efter it Izeren Gordyn bywêzich. Oeral en yn elts polityk-sosiael systeem biedt him de skriuwer dy't dêr forlet fan hat de mûglikheit oan as brims to fungearjen krekt hwat dat systeem dêr't er yn forkeart oanbilanget.
7. Oardering, katharsis, identiteitsbimasterjen.
a. Oardering.
De minske ken de wrâld sa't hy himsels ken, is in populaire útspraek. Meastal wurdt dan doeld op it gehiel fan projeksjes dêr't de minske him fan bitsjinnet om him yn in wif lykwicht steande to hâlden. It kin barre dat mei it skriuwen in oarderingsproses anneks giet. De kréator skept in fiktive wrâld dêr't de labile
| |
| |
wrâld dy't hy erfaert oan toetst wurde kin. De fiksje skematisearret de feiten, lûkt dy feiten rjocht. De skriuwer kin de konfrontaesje mei dy feiten as hurder, mear frontael ûndergean. It is net allinnich in kwestje fan doarren om dy konfrontaesje net út 'e wei to gean. By in min of mear biwust útoefene skriuwerskip is hjir wer in kar yn it geding, in eask fan moed.
b. Katharsis.
‘It fan jin ôfskriuwe’ is al likefolle in soad bezige útdrukking. Bytiden giet der fan it skriuwen in suverjende wurking út. De réwilligens ta inerlike boetedwaning, it oan 'e kant setten fan eigenwaen en greatskens binne saken dy't de measten fan ús genôch muoite kostje. Hwa't de moed hat ta nederigens tsjin himsels oer en neffens oaren, en dêrta syn skriuwerskip binuttet, nimt in bislissing.
c. Identiteitsbimasterjen.
Skriuwen kin ‘foroverjen op jinsels’ wêze. Hwannear't in skriuwerskip tsjinnet om identiteit to foroverjen, in altyd duorjend gefjocht to leverjen om biwustwêzen, en de skriuwer yn kwestje soe kieze foar it gemak fan de oerflakkigens, de falske biskutting fan it ûnbiwuste, dan giet er in existensiële eask út 'e wei. Fansels kin it barre, dat er op driuwsân komt al nei gelang syn skriuwen him bringt ta mear yntrospeksje en refleksje oer himsels.
Der is in enoarm risiko forboun oan syn bislissing it gefjocht mei de krêften fan it ûnbiwuste oan to doarren. De bryk oplutsen muorren fan ‘syn bousel’ moatte oan de groun ta ôfbrutsen wurde. De fundearringen komme bleat to lizzen. De biskerming fan in dekseil ûntbrekt. Hy stelt krampeftich middels yn it wurk om in hecht ‘bouwurk’ yn inoar to setten. Ear't er it wit, is it him foar in part al wer mislearre. Mar hy kiest foar in fallen en opstean, mei alle middels dêrfan. Hy woekeret ek al leit de regressy fan hwat forovere waerd op 'e loer. Hy forset him tsjin de oerwoekering fan it totale ûnbiwuste en bliuwt it túch wjûdzjen.
8. Escapisme fan de skriuwer.
Faek hat in skriuwer it image dat er in sûnderling is. Oaren sjogge him as antiboargerlik, bitichtsje him bytiden sels fan ûnmaetskiplike, sa net a-sosiael gedrach. Yn bipaelde gefallen sil der in kearn fan wierheit sitte yn hoe't dy oaren de skriuwer sjogge. Yndie liket it somtiden dat de skriuwer it appèl fan de wurklikheit dêr't er yn libbet negearret en flechtet yn dy fiktive wrâld dy't er sels skepen hat. Hy identifisearret him bygelyks al to maklik mei syn persoanen en forskout de forantwurdelikheit fan al-den-dei nei it illusoire. It somtiden by lêzers signalearre effekt is nei binnen slein en de skriuwer is himsels ta bút fallen.
9. It foarsjen fan (in) effekt(en).
It sil slim wêze om hwat to skriuwen dat wier gjin inkeld effekt sortearret. Faek sortearret in literair wurk troch de skriuwer ûnforsjoene effekten. Direkter wurdt de bilutsenheit fan de skriuwer by in effekt dat er bidoelde to weech to bringen. Steld dat in effekt útfalt sa't de skriuwer it bidoeld hat, dan binne yntinsje fan de skriuwer en de aerd fan it effekt net fan inoar los to koppeljen. De biwuste yntinsje heart wer ta it domein fan kar en forantwurdelikheit fan de skriuwer, dêr't de ethyske ymplisearrens mei jown is.
| |
| |
10. It manipulearjen fan de wurklikheit.
Komt oer in selde ûnderwerp in journalist, in briefskriuwer, in dichter en in romancier oan it wurd, dan wurdt wol dúdlik hoe 't deselde feiten ‘manipulearre’ wurde kinne. Forfalsking fan wurklikheit is hwat oars as fiksje. De forfalsking fan feiten kin in ûnskuldich karakter drage. Der binne lykwols genôch foarbylden fan in oarsoartige forfalsking to neamen bg. dy't fuortkomme út rancune en de wil ta wraek.
| |
c. Middel en doel.
Sa soene der mear aspekten fan it skriuwerskip as sadanich to neamen wêze, dêr't sprake yn is fan hwat ethyske ymplisearrens. Nochris, neamde aspekten binne net útputtend, earder frij eigenwillich keazen. Dit mei bliken dwaen út de mûglikheit dat bg. yn pleats fan oardering chaotisearring plakfynt, ynsté fan katharsis bidjer, ynsté fan identiteitsbimasterjen regressy ynkomt. De aspekten binne wól sa keazen dat sawol doel as middel deryn werom to finen binne, sadat hopenlik in al to greate iensidigens formijd is. Om in foarbyld to neamen: ‘it binutten fan oarmans leed foar eigen kréaesje’ is in middel, dubieus as it yn tsjinst stiet fan in ûnforantwurde doel (bg. narsisme) mar forantwurde as it doel dêrmei yn oerienstimming is (paragraef IV, b-3).
Sa soene der mear dubieuze middels rubriseard wurde kinne bg. it binutten fan hwat yntym of dramatysk is yn libbens fan oaren (paragraef IV, b-5), it binutten fan eigen neurosen (paragraef IV, b-4) ensafh. It doel dêrtsjinoer hat alles to meitsjen mei it bidoelde effekt. Dat kin per skriuwer en ek per geskrift fan ien skriuwer forskillend wêze. De iene wol dat de lêzer him fordivedearje kin of esthetysk genietsje kin of fia blikforrûmjen en oandwaning yn kontakt komt mei mear wurklikheit; de oar wol út ethyske motiven in stik minsklike wurklikheit út forburgenheit of fortekening lûke, dat de lêzer in learproses trochmakket foar it tuskenminsklike oer; in tredden skriuwt fan in kommunikaesje mei ‘it wiere’ of ‘goede’ of ‘moaije’ of ‘hillige’ of ‘God’ út, yn 'e hope dat de lêzer ek yn dy diminsjes mear sjen sil, mear wurklikheit ûntdekke sil, mear relaesje krije sil. Sa sjoen leit de neidruk respektivelik op it psychyske, it ethyske en/of it libbensbiskôgelike, mei wikseljend aksint op it emosionele, voluntative en mentale. Hoe dan ek, it ethyske is ynherint oan de relaesje tusken skriuwer en lêzer. It hâldt net op dêr't er mikt op ethyske effekten, mar is ek bywêzich dêr't it aksint leit op it psychyske en it wrâld- of libbensbiskôgelike.
| |
V. In inkelde opmerking oer de tuskenrol fan utjower en boekhanler
De roman of de gedichtebondel, it forhael of it gedicht sille ien kear skreaun en útjown, in eigen libben liede. Somtiden komt dat oerien mei de yntinsje dy't de skriuwer hie en de winsken dy't de útjower him tinke koe. In oare kear pakt it totael oars út as hwa ek mar tinke kinnen hie. It produkt wurdt tsjintwurdich faek fan in skreauwend kommersieel omslach forsjoen, om alteast sa ynteresse op to wekken. Faek blike bûtenkant en ynhâld hielendal net mei inoar oerien to kommen en kundiget it bidroch him al op de flaptekst oan. Alles wurdt dien om de forkeap fan it produkt to stimulearjen, sûnder oansjen fan de persoan, sûnder
| |
| |
sels mar in ‘B-forgunning’. Der wurdt troch útjowerij en boekhannel faek mar ien doel neistribbe, dat fan it kommersiële. Hwat literatuer hyt, giet oer de toanbank. Leeftydsgrinzen en ‘alcoholpromillaezje’ telle net mei. It produkt is der om konsumearre to wurden. As it om it produkt as sadanich giet is de ethyske relevânsje minder. It produkt bifynt him, yn sekere sin ‘dea’ op dat momint, tusken skriuwer en konsumint yn. De bilutsenheit op de oar is der hast net. It wurk hat mar ien funksje: it leit of stiet him oan to bieden yn in nimmenslân, hoe swier de stellaezjes fan de boekforkeaper ek biladen binne. Dat der sprake is fan in opinoar heapjen fan literatuer moat noch verifiearre wurde troch lêzen. It produkt op himsels is ynteressant foar de forkeaper dy't it meastentiids net-lêzen forhannelet of foar de snob dy't it net-lêzen yn syn goedfulde boekekast set. It bifrediget sa heechút de jildsucht fan de boekhanler of de sammelwoede fan de saneamde bibliofyl.
Somlike boeken binne sa skokkend, forskriklik, bytiden sels waensinnich, (bg. Patrick Modiano: ‘De plaats van de ster’) dat men jin ôffreget oft it wol publisearre wurde moatten hie. Dat is hwat oars as de fraech oft it wol skreaun wurde moatten hie. (it skriuwen op himsels kin foar de skriuwer in funksje hawn hawwe.) Tusken hwat skreaun en hwat publisearre wurdt kin ek in sekere spanning bistean. Dat in útjower sa'n boek wol útjowt en de boekhanler it forkeapet is harren bislissing. Hja sjogge ‘brea’ yn de (geniale) waensin fan de skriuwer.
| |
VI. Ethyk en ‘lezerskip’
a. Ynlieding. De dûbelsinnichheit fan de literatuer.
Krekt nommen hoecht it, skriuwend oer ethyk en skriuwerskip, mar biheind to bliuwen ta de skriuwer. It produkt giet syn eigen wei. En hwat hawwe de skriuwer en it skriuwen to meitsjen mei de lêzende ôfnimmer? Dochs binne produkt en konsumint net fan inoar los to meitsjen sa't op in oar plak yn it foarôfgeande al fêststeld is. Der is in biynfloeding fan wjerskanten en in iensidigen. Goethe sil ek net foarsjoen, lit stean wollen, hawwe dat syn wurk ‘Das Leiden des jungen Werthers’ safolle selsmoarden ta gefolch hie. Omgekeard sil in sukses fan in débút in skriuwer nei mear stribje litte. Der is in relaesje fan wjerskanten, hoe yndirekt fan aerd bytiden ek, tusken skriuwer en lêzer. It skriuwen as sadanich hat har typyske ethyske ymplisearrens, ressortearjend ûnder de forantwurdelikens fan de skriuwer. It lêzen as sadanich hat ek bipaelde ethyske ymplikaesjes, dy't it domein fan kar en forantwurdelikheit fan de lêzer tekenjend oanbilangje. Earst as de krige ethyske ymplikaesjes fan ‘lêze’ en ‘skriuwe’ mei inoar forlike wurde litte har fansels fan inoar ûnderskiede dy ethyske noasjes op beide gebieten dy't hwat fan beide kanten ymplisearje, en dy spesifike noasjes dy't tekenjend binne foar ien fan beide gebieten. In foarbyld fan dy lêsten is ‘de bleatstelling oan’ it beane produkt. Yn it algemien sprutsen wurdt nimmen der ta twongen in bipaeld boek to lêzen. Ofsjoen fansels fan bipaelde útsûnderingssitewaesjes bg. de literatuerlessen op skoalle, it twongen ûndergean fan yndoktrinaesje, ensafh.
Mar hwa 't him frijwillich ‘bleatstelt oan’, docht in kar en dan faek ek noch selektyf. In gedicht of in roman, koartsein hwat wy ûnder literatuer forstean is gjin kranteartikel, ek al wurdt in krante keazen. Der is forskil tusken in krante- | |
| |
artikel en in romanfragmint of in gedicht. Paragraef II en paragraef IV beaën al de gelegenheit it aspekt fan de dûbelsinnichheit fan de literatuer oan de oarder to stellen. Dit aspekt liket lykwols yn it ûndersteand forban it meast relevant, dêrom dat ik it hjir net herhelje, mar entamearje. It folgjende sitaet slút aerdich oan by hwat oer dy dûbelsinnichheit fan de literatuer sein wurde wol. ‘By in ynformative tekst kin men krekt oanjaen hwat de bidoeling fan de skriuwer is. Der is sprake fan in ûndûbelsinnige oerdracht. Literatuer is dûbelsinnich. De bidoeling fan de literaire auteur is nea hielendal dúdlik, ek net foar himsels. Hwat hy útdrukke wol, hoe't it op papier stiet, hoe't it lêzen wurdt, dy trije dingen falle net gear, lykas yn in krantebirjocht. De literaire tekst hat oant op sekere hichte in eigen bistean. En de lêzer hat in eigen rol: hy kin mei sa'n tekst folle mear kanten op. Hy komt yn de ynterpretaesjes tolânne. Hoe wurket dat feitliken? 't Is gewoan Nederlânsk (Frysk) en dochs stiet der net krekt hwat der stiet (‘Lees maar wat er staat, er staat niet wat er staat, Nijhoff). Dan giet de forbylding oan it wurk’ (Wereld in teksten, Hugo Raes en Paul de Wispelaere)
De dûbelsinnichheit fan de literatuer makket de ethyske ymplisearrens derfan yn dit forbân tige komplisearre. Hat de skriuwer it poly-ynterpretabele biwust wollen dan sil dat syn forantwurdelikheit tsjin de lêzer oer forgreatsje, it skoatfjild is greater. Mar de forantwuidelikens fan de lêzer wurdt ek greater al nei gelang de tekst mear bitsjuttingen hawwe kin. As de skriuwer dit mear bitsjuttingen hawwend fan de tekst net wollen hat, dat biedt it ‘hineininterpretieren’ fan de lêzer de forantwurdelikens fan dy skriuwer faeks in ûntsnappingsmûglikheit. Somtiden is de tekst nettsjinsteande de skriuwer polyynterpretabel. Sawol yn roman as gedicht is hwat de skriuwer meidielt slagge: de yn it each springende direkte meidieling en foaral de yndirekte meidieling ûnder de opperhûd fan it skreaune. De lêzer spilet tsjin dit alles oer syn eigen rol, dêr't inkelfâldige en mearfâldige tsjutting wikselje. Kiest hy út of lit er him opdringe dat en hwat der mar to tsjutten fait. Hwat dit lêste oanbilanget, foarmet de anthropology fan de skriuwer wol in kearnpunt as it om syn biynfloedingsmûglikheden giet. Hy liket ommers troch middel fan syn personaezjes allerhanne minskbylden by de lêzer evosearje to kinnen. De eigen rol fan de lêzer blykt bg. ek út de tsjinstelde resinsjes fan in selde boek. Lêzen moat ek leard wurde, hielendal as it om literatuer giet. Untspanning makket dan plak foar ynspanning en leveret faeks in better ynsjoch yn eigen libbenssitewaesjes op, in biwustwêzensforoaring. Dochs is der faek in ôfkear tsjin de kâns op biwustwêzensforgreatsjen en fordjipping fan it ynsjoch troch to lêzen Makket it safolle lokkiger, wurdt der frege. De binaudens dat yllúzjes weinommen wurde bilet somtiden biwustwêzensforheldering of de beane mûglikheden dêrta. Sa is
it aspekt fan de ‘bleatstelling oan’ fan de lêzersrol ôfgryslik komplisearre. Oan de iene kant is der it risiko fan de forkearde kar mei dêrmei yn oerienstimming in effekt, oan de oare kant kin it effekt fan de bleatstelling tige posityf wêze. Wis is dat hwa't him net bleatstelt gjin risiko's rint.
Hy skout net allinnich it boek fan him ôf, mar ek syn eigen persoan. Hy sûzet en slûget. Hy is hjir ek net fan bilang hwant hy is de ‘net-lêzer’ fan kranten, sport-, film- en moadelektuer
| |
b. It boek as massakommunikaesjemiddel en har effekten.
In boek is eigentlik in massakommunikaesjemiddel. Ommers, it rjochtet him ta
| |
| |
de massa en it birikt dy massa yn mear of mindere mate, lykas radio, t.v., magazines, film en sokssahwat. Der binne foarbylden fan literatuer dy't de massa birikke. Sa binne by ús in Jan Wolkers en Gerard van het Reve dêr aerdich yn slagge, mar ek barrens as Nobelpriistakennings oan literatoren bringe faek in massale oankeap fan harren wurk to weech. Omt der slim fan útgien bliuwe kin dat al dy keapers harren boeken net-lêzen litte, slute literatuer en massa inoar dus net út. As nou it lêzen fan in boek gjin inkeld effekt sortearje soe, biheinde de ethyske relevânsje fan it lêsproses him ta de ‘bleatstelling oan’, en dêrfan wer ta de selektive kar dy't in sekere ethyske ymplisearrens net ûntsein wurde kin. It lêzen fan literatuer sortearret uteraerd wol effekten. Nou kiest de lêzer meastentiids net biwust syn eigen effekt, mei oare wurden yn hoefier spylje eigen forantwurdelikheit, bislissing en kar, nei't it feit fan de bleatstelling him foltôge hat noch in rol? Ek al kiest men jins effekt net, men forwurket it wol, réagearret der op en reflektearret. Yn de wize dêr't it subjektive forwurkingsproses him op foltôget tsjinje har ek de ethyske ympliseardheden oan. Dêrom ûntsteane de ethyske ymplikaesjes fan it ‘lêzerskip’ ek foar it greatste part by de graesje fan it bistean fan effekten (of funksjes).
Effekt en ethyske ymplikaesje binne net fan inoar los to koppeljen. Fansels komt it foar dat de lêzer in bipaeld effekt foarsjocht en winsket, en him dêrom ‘bleatstelt oan’. Ek kin it barren dat hy it effekt meiiens signalearret. De ethyske ymplisearrens falt dan op 'e selde tiid gear mei it effekt fan it lêzen. Hwat sein wêze wol is dat oer it algemien earst de effekten opspoard wurde moatte om de ethyske ymplikaesje fêststelle to kinnen. Nou is der oer de effekten fan de massakommunikaesjemedia (en literatuer is in massakommunikaesjemiddel sa't al sein is) al in ridlik soad skreaun, mar in soad dêrfan forkeart noch yn in hypothetysk stadium. Sa kaem yn 1948 B. Berelson yn syn ‘Content Analysis in Communicatio Research’ ta de foarsichtige konklúzje dat ‘somlike foarmen fan kommunikaesje op ûnderskate punten, ûnder de oandacht brocht fan ûnderskate soarten fan minsken, ûnder forskillende omstandichheden, ûnderskate soarten effekt hawwe’.
J.T. Klapper is yn syn wurk ‘The effects of Mass Communication’ (1960) in analise fan in ûndersyk op it gebiet fan effektiviteit en biheindens fan de massamedia by de biynfloeding fan mieningen, wearden en gedrach fan har gehoar, hwat optimistysker’. ‘Troch de fenomenologyske binadering wurdt oan mear aspekten rjocht dien e.g. it byld dat de lêzer fan de skriuwer hat, it motyf om to lêzen, de situasionele faktoren.... ensafh. Oer it algemien kin der sein wurde dat 1) It effekt dat in boek op in lêzer hat, funksionearret tusken in mannichte fan oare faktoren en ynfloeden. It effekt is dus meastal yndirekt.
2) Effekten bringe earder bikrêftiging fan bisteande hâldingen en mieningen fuort as foroaringen fan dy attitudes en opinys.
3) Op forskillende minsken sortearje deselde boeken forskillende effekten.’
Dúdlik wurdt dat hwa't sprekt fan de effekten fan de literatuer op syn hoede wêze moat. Alderearst binne dy effekten al net to isolearjen, hja wurde mei bipaeld troch allerhanne ynterveniearjende faktoren. Hja binne noch slimmer to spesifiearjen, hja forskille fan minske ta minske. Allinnich tige globael en generalisearjend kin der ret wurde oan de kant fan de effekten fan de literatuer. Dy effekten moatte ek net oerskat wurde-op inkelde útsûnderingen nei: hja bikrêf- | |
| |
tigje earder as dat hja in opiny of in attitude foroarje. It is slim sa net ûnmûglik om yn sa'n bûnte variëteit fan effekten in fêst patroan fan ethyske ympliseardheden oan to wizen.
De ethyske aerd fan in subjekt sil mei bipale hoe't de effektwurking is. It liket nuttich to bisykjen ûnderskate soarten effekten to rubrisearjen sa as ek de ethyske ymplikaesje dy't har oantsjinje yn it subjektive forwurkingsproses fan dy effekten koart oan to stippen. Oan bipaelde ynterveniearjende faktoren yn it hiele biynfloedingsproses mei net alhiel foarby gien wurde.
Foar hwat hjir folgjend oer it soart effekt skreaun stiet hat fral ynspirearjend west it wurk fan J.T. Klapper: ‘The effects of Mass Communication’.
Hja wurde, mei eigen oanfolling neamd ûnder a, wylst ûnder b ressortearret hwat him as ethyske ymplikaesje (mûglik) oantsjinnet yn forbân mei it forwurkingsproses fan it korrespondearjende effekt.
1a. It effekt fan bikrêftiging fan eigen miening of hâlding.
Troch in bipaelde oanliz en de dêrmei gearhingjende prosessen fan selektive bleatstelling, selektive waernimming en selektyf ûnthâlden; troch it jin bifinen yn 'e eigen groep (de saneamde primaire groepen) en troch it meiinoar oannimmen fan de noarmen fan dy groep; troch ynter-persoanlike kontakten tusken fral lyktinkenden; troch de rol fan de saneamde opinylieders bg. resensinten as hoeders fan de eigen wearden en noarmen ensafh. is it effekt fan in geskrift op de lêzer earder bikrêftiging fan eigen miening as foroaring dêrfan. De kristlike roman sil in kristen mear oansprekke as immen dy't dêr wers fan is. Hy sil der faek net iens oan bigjinne. En lêst en sjocht er al hwat yn in roman dat him net bifalt dan sil er it gauwer forjitte, sa hat út proeven wol bliken dien.
1b. Hwa't it bitroude siket, de status quo, en it avontûr fan it oare, de foroaring lizze lit, docht in kar, faeks ûnbiwust.
It is in fraech oft de feilige wei, hwannear't der keazen wurde moat, altyd de krekte wei is.
2a. It effekt dat in nije miening post fettet of in oare hâlding oannommen wurdt.
Hwannear't de lêzer noch gjin bipaeld stânpunt ynnommen hat, noch gjin miening hat oer in ûnderwerp dan kin it barre dat er tige ûntfanklik is foar hwat er lêst en de miening fan de skriuwer dy fan him wurdt. It boek dat lêzen is helpt de lêzer syn opiny of attitude yn in bipaelde rjochting to strukturearjen. ‘In nije miening wurdt makliker skepen as dat in bisteande him foroaret’ (J.T. Klapper).
2b. De lêzer sil him identifisearje mei hwat er lêst. Hy kiest foar in miening.
Dizze identifikaesje sil miskien lytser wêze al nei gelang syn identiteit greater is. En kiest er wol, of lit er him hwat oanlynje?
3a. It effekt fan mieningsforoaring of attitudeforoaring.
Fansels kin by lêzing fan in boek ek opinyforoaring opkomme. Der hoecht mar tocht to wurden oan de saneamde bikearingen dy't it lêzen fan de bibel ta gefolch hawn hat. Dochs sil ek hjir dit proses him komselden daliks foardwaen. Ynterveniëarende faktoren as oanliz, groep en noarmen opinyliederskip en ynterpersoanlike relaesjes ensafh. binne fan greate ynfloed op de bislútfoarming. Somlike minsken binne mear suggestibel as oaren.
| |
| |
3b. Mieningsforoaring, stânpuntwizigingen, bikearingen ensafh. dy't it gefolch binne fan it feit dat men jin bleatsteld hat oan literatuer hawwe in dúdlike ethyske ymplisearrens. Hoe't ien en oar wurdearre wurdt hinget uteraerd wer ôf fan eigen (leauwe en) wrâldbiskôging.
4. It bitreklike fan it effekt.
Al mei al hat út ûnderskate ûndersikings (bg. Berelson, Klapper, Katz en Lazarsfeld, Vince, Himmelweit en Oppenheim ensafh.) wol bliken dien dat de konfrontaesje mei in massakommunikaesjemedium effekten sortearret, meastentiids yndirekt. Hoe't dy effekten útfalle hinget fan in kompleks fan faktoren ôf, dy't yn it ynfloedsproses ynterveniëarje. Hwa't de skriuwer is, hwat it ûnderwerp is, de wil fan de lêzer om aktyf-kréatyf to partisipearjen ensafh. it binne alle bykommende faktoren dy't in rol spylje yn it hiele ynfloedsproses.
It soe lykwols foarbarich wêze om sûnder mear to stellen dat bg. gewelt en misdie yn de romans dy't men lêst, de lêzer sadanich biynfloedzje, dat er itjinge er lêst meiiens yn praktyk bringe wol.
Der binne in oantal direkte emoasjonele effekten dy't by it lêzen ûntstean kinne mar hja kinne likegoed bg. agressy-weinimmend wêze - trochdat de lêzer him yn syn forbylding mei de agressor identifisearret - as agressy-formearderjend. As lykwols de identifikaesje mei it lêzene trochset kin foaral it effekt fan escapisme opkomme: in weisinken yn fantasije en it illusoire. It boek mei dan in stik psychyske ûntspanning jaen, it prikelet de forbylding en der ûntstiet in soarte plakforfangende ynteraksje dy't it sosiale isolemint fan de lêzer forgreatet. Karakter en sosiale posysje fan de lêzer binne û.m. uteraerd wer fan greate ynfloed op de fraech hoe't mûglike effekten trochwurkje.
Koartsein: effekten-sûnder-mear fan literatuer binne mar net sa-mar to jaen. It binne yn it foarste plak mûglike effekten. Hja moatte net isolearre wurde, mar pleatst yn in forbân fan ekstra- en yntrakommunikative faktoren bg. respektivelik de persoanlike ynfloed fan bûtenôf (in ekstrakommunikative faktor) en it soarte roman of gedichtebondel (in yntrakommunikative faktor).
Mei dit alles yn 'e efterholle is it faeks dochs tastien inkelde ‘mûglike effekten’ fan literatuer op de lêzer koart to neamen en de dêrmei forboun ethyske ympliseardheden, ek al hawwe yn it boppesteande somlike al min of mear oan 'e oarder west.
| |
IX. In oantal muglike effekten fan literatuer tige yn it koart spesifisearre en harren ethyske ymplisearrens.
Sa't al sein is, is der yn folle dingen in ynfloedsrelaesje fan beide kanten tusken lêzer en skriuwer. Hwat yn paragraef IV ûnder ‘ethyk en literair skriuwerskip’ nei foaren brocht is, jildt yn in soad dingen mutatis mutandis hjir ek as it giet om ethyk en lêzer(skip).
| |
1. De kar om to lêzen, de ‘bleatstelling oan’.
Yn it boppesteande is hjir al hwat oer sein. Meastentiids is de bleatstelling noch selektyf ek: in kar fan in kar. It oanbod is great, men kin alle kanten út. Hwa't goed kiest liket in kunstner. It pendant fan de skriuwer is hjir de kar om to skriuwen.
| |
| |
Hwa't selektyf lêst, kiest syn ûnderwerp, pendant fan ‘de kar fan it ûnderwerp’ by de skriuwer.
| |
2. It genietsjen fan oarmans neurose.
In soad literatuer wurdt skreaun troch uterst neurotyske persoanlikheden. De lêzer genietet bytiden fan de neurose dy't as fiedingsboaijum fan de skriuwer fungearret. De bondel Blauwzuur fan Gerrit Achterberg is dêr mar ien foarbyld fan. It komt net by de lêzer op om syn holle ôf to kearen, of it sielige heapke geastlik en lichaemlik handikapte minske, treaun yn in karke, mei strak mar biskaefd gesicht foarby to gean. Hy hâldt it karke en de triuwer steande en stiet it gedicht mei mûle en eagen waechwiid iepen oan to gapjen. Ungegeneard eigentlik. Ek al hat de skriuwer him de kâns bean om fan dy syn neurotyske produksje to genietsjen, de lêzer soe ris efkes stilstean kinne by de net to neamen swiere tol dy't in briljant gedicht de dichter somtiden heven hat. Unneitinkendheit en genot soene faeks forkeare yn mimerjen en meilijen. Mocht foar de skriuwer opgean dat er bytiden as parasyt brânmerkt wurdt, itselde kin foar de lêzer jilde tsjin de skriuwer oer.
| |
3. Oardering, katharsis, identiteitsbimasterjen, escapisme, it bigearde effekt,
it binne allegearre mûglikheden dy't harren foardwaen kinne sawol by skriuwer as by lêzer, ek al sille der nuanseforskillen wêze.
| |
4. Aktivisme of apathy
In geskrift kin de lêzer needsaekje ta aktivisme yn 'e foarm fan engagemint en/of protest, mar ek ta passiviteit en apathy bg. by lêzen fan absurdistyske literatuer. Net eltsenien hellet sin út it libben ‘quia absurdum esse’.
| |
5. Imitaesje.
Imitaesje fan skriuwer en syn skreaune is in foaral by jeuchlike lêzers nou en dan foarkommend spesifyk ‘lêzers-effekt’.
Der soene yn it stelde forbân mear aspekten fan de posysje fan de lêzer to neamen wêze. It boppesteande is mar in greep. Mar alle punten binne hjiryn gelyk dat hja in ethyske ymplisearrens hawwe.
| |
X. Inkelde slotopmerkings.
1. | De ûnderlinge konfrontaesje fan it bigripenpear ‘ethyk en literatuer’ foreasket in dúdlike differentiëring fan it bigryp literatuer. Ek in bisykjen om misforstannen hwat it bigryp ethyk oanbilanget foar to kommen is gjin oerstallige lúkse. |
2. | As it om it oanwizen fan ethyske ymplikaesjes fan de literatuer giet binne skriuwerskip en ‘lêzerskip’ net to skieden. Mar: èn skriuwerskip èn ‘lêzerskip’ moatte wol dúdlik ûnderskieden wurde. |
3. | Foar de term ‘ethyske ymplisearrens’ of ‘ethyske ymplikaesje’ is keazen omt hja frijwaret fan subjektive kar, foarkar en willekar. Earder wol dizze term in oanwizing wêze dat der sprake is fan ethyske relevânsje-sûnder-mear. Goed en forkeard, kar en bislissing binne yn it geding, mar hwát op himsels goed en forkeard is wurdt yn it midden litten. |
| |
| |
4. | Literatuer sortearret effekten. Rjochting, yntensiteit en ynhâld fan dy effekten litte har allinnich by binadering fêststelle. By de bipaling fan dy effekten is ‘it bleate each’ in gefaerlike mjitstêf. |
5. | De effekten binne frijwol altiten yndirekt. Ynterveniërende faktoren, sawol ekstrakommunikative as yntrakommunikative, ûnderbrekke en/of forsêftsje de direktheit fan it effekt. |
6. | Fan de ynterveniërende ekstrakommunikative faktoren is de ‘personal influence’ (it ‘face-to-face’ kontakt) it wichtichste. |
7. | By literatuer spilet de resinsint typysk de rol fan ‘opinylieder’. |
8. | Mei it effekt is komselden de ethyske ymplikaesje jown. Meastentiids wurdt dy bipaeld troch de wize fan forwurking fan it effekt troch it yndividu. De ûntkoppeling fan effekt en ethyske ymplikaesje is net to oanfurdzjen: it gefolch (de ymplikaesje) soe forfrjemdzje fan har oarsaek (it effekt). |
9. | De rol fan skriuwer forskilt uteraerd praktysk fan de rol fan lêzer. Dochs sortearje skriuwen en lêzen folle deselde soarten fan effekten, dêr't dan wer ethyske ymplikaesjes mei korrespondearje. Nettsjinsteande dat binne sawol mei skriuwerskip as mei ‘lêzerskip’ spesifike ethyske ymplikaesjes forboun. |
10. | Tusken skriuwer-produsint en lêzer-konsumint steane útjower en boekhanler, nei't it liket ûnbikommerd en tige kommersieel, har ûntlûkend oan hokker ethyk dan ek. Dat hja har yn in ethysk nimmenslân bifine soene is net krekt. Harren posysje en hannelswize hat har eigen spesifike ethyske ympliseardheden. |
|
|