[Nummer 5]
[Foarwurd]
Hjirby biedt de redaksje jo in nûmer fan har tydskrift dat alhiel wijd is oan it thema ‘skriuwer en ethyk’.
Al earder kamen de ethyske ymplikaesjes fan it dwaende wêzen as literair skriuwer yn dit tydskrift oan 'e oarder bgl.: Trotwaer 1973-1/5 e.f.; 1973-2/82 e.f.; 1973-4/166 e.f.; 1973-5/289 e.f.; 1973-6/363; 1974-1/50 e.f.; 1974-2/89 e.f.; 1974-3/136 e.f.
De nou oanbeane artikels moatte sjoen wurde as in fuortsetting en stipe fan de diskusje oer dit wichtige ûnderwerp.
De ynlieders, drs. W. Abma, prof. dr. P.J. Roscam Abbing en dr. W. de Pree, ha alle trije godtsjinstwittenskippen studearre. Dhr. Abma is yn fryske formiddens bikind as de dichter Daniël Daen, dhr. Roscam Abbing is as heechleraer forboun oan de Fak. fan Godtsjinstwitt. fan de R.U. to Grins, dhr. De Pree wurket as stêfmeiwurker oan de Agogyske Akademy to Ljouwert.
Mûglike réaksjes op dizze trije artikels sille ôfprinte wurde yn it earste (of twadde) nûmer fan jiergong 1975.
(Ynstjûre graech foar de kryst)
de red. skr.