Neiskrift by ‘Rotman was here’
Gerard Theodoor Rotman is yn 1893 to Grins berne en is yn 1943 yn Den Haech forstoarn. De hear M.J. Pluymers to Flissingen, dy't sa freonlik wie my dizze gegevens to jaen, is dwaende mei in stúdzje oer it wurk fan Rotman dy't publisearre wurde sil troch it Stripdocumentatiecentrum fan de U.B. to Amsterdam.
De ‘krisis en malaise’ hwêr't ik it hjirboppe oer ha, jildt fansels net foar de strips ‘Mûskebiis en Kibechyntsje’ en ‘Kening Bûkeman en syn jonkje Pipernút’. Yn dizze strips wie deselde Rotman dochs wol op syn bêst. Se falle hjir lykwols bûten skôging omt it yn dit Trotwaernûmer om strips giet dy't nei de oarloch publisearre binne. Dizze beide Rotmans ha foar de oarloch yn Sljucht en Rjucht stien.
FREARK DAM