| |
| |
| |
Bylzjende kunst to Frjentsjer
| |
| |
| |
Willem Abma
Nei oanlieding fan twa opmerklike utstallings yn Frjentsjer
I De utstalling fan Cees Buddingh:
Fan bigjin maert oant 4 juni 1974 wiene der yn it dr Coopmanshûs twa opmerklike útstallings to bisjen. Foarst de útstalling fan Cees Buddingh', twad dy nei oanlieding fan it by Querido forskynde boek ‘Holland Dada’ fan Kees Schippers (pseudonym foar Gerard Stigter). Dat beide útstallings in soad affiniteit hiene mei it literaire, sil nimmen nij dwaen. Thom Mercuur, de konservator, stribbet ek dúdlik, nei't er seit en blike lit, nei mear omtinken foar hwa't hy neamt de dûbeldfiguren. ‘Ynsté fan in kommunikaesjestoarnis tusken byldzjende kunst en literatuer sjoch ik leaver in lykoparbeidzjen tusken dy beide kunstrjochtings. Uteringen fan sokke foarmen fan lykwicht, sa as by Cees Buddingh, binne foar my oantreklik om to eksposearjen’.
It kurieuze literaire aspekt fan beide eksposysjes is dan ek ien fan de arguminten hwerom't der hjir eefkes omtinken oan jown wurdt. Is dy dûbeldfunksje - it literaire en it byldzjende kunst-eftige - der net, dan kin hwat omtinken yn in literair tydskrift ek gjin kwea: ynsté fan isolomint wurdt sa faeks mear in brêge slein tusken twa boppeneamde mêdden.
It wie wynmoanne 1973 dat Cees Buddingh' by my thús rêstich hwat skakend en buorreljend, ynienen in gjalp joech doe't ik him út in kistke in wylde panatella offrearre. Hy riisde út 'e stoel oerein en roppe my it kistke út 'e hannen en bigoun om 'e tafel hinne to springen. Hwat wie it gefal? Nei dat formaet doaske hie er nou al sa lang socht foar syn byldzjend wurk, en nou bea it him libbensdea oan. De oare deis ha wy 25 lege doaskes by de allessamler Jan Stroosma weihelle en Cees hat sels noch in doaske ‘Wilde Panatella’ by Stoffels kocht. Sa is er mei 27 doaskes ôfset nei Dordrecht om dêr, û.o., yn maert mei yn Frjentsjer werom to kommen.
Op de iepening fan de útstalling troch prof. dr. Th.P. van Baaren út Grins foelen my binammen trije dingen op: de útstalling sels, it gebrûk fan de kwalifikaesje minimal-art foar de útstalling, de ôfwizende hâlding fan in tal oanwêzige fryske byldzjende kunstners foar it wurk fan Buddingh' oer bg. David van Kampen en Rob Hoelen.
Hwat de útstalling sels oanbilanget, de kombinaesje fan it fortoande objekt en de dêroan forboune titels makke it gehiel likefolle ta in literair barren as ta in suvere byldeksposysje. Byld en bineaming koene it ûnmooglik sûnder elkoarren stelle soe it gehiel fan dy twa in biskaet effekt sortearje. By de iene sil dat effekt in soarte fan in ekstravert aha-Erlebnis west hawwe, in oaren sil it mear ta in introspektyf reflektearjen set ha.
Fansels, ek yn dit wurk fan Cees Buddingh' presentearre him de kombinaesje fan it tragi-komyske. Unfoarstelber originele en derom forrassende fynsten leine yn 'e
| |
| |
| |
| |
doaskes. Foar de bilêzene en de skaker wie it measte wol to pleatsen. Mar in biswier tsjin dizze útstalling is wol dat er foar in protte to spesialistysk west hat. Woe men der úthelje hwat der yn siet dan moast men wol hast in Shakespearekenner wêze en boppedat net alhiel fij fan it wurk fan Buddingh' sels. Ek hwat sicht op biskaette kunststreamingen yn dizze ieu kaem fan pas. Om ôfsûnderlik objekten to bihanneljen hat hjir en nou net folle sin, dat hawwe de deiblêdresensinten wol dien. It giet hjir mear om in totaelympresje, en dan foel it Dadaeftige gebrûk fan it ‘objet trouvé’ op, dat dan wer in mearwearde krige troch de bititeling.
Bygelyks de damskiif op in skaekboerd: ‘De droom van een damschijf’ of de pyk dy't de Huw, elts oan in kant fan it boerd, remise foarslacht: ‘Wat zou U denken van remise?’. De assemblaezjetechnyk hat Buddingh' ek tankber gebrûk fan makke. Somlike dingen diene sa net absurdistyk dan wol surrealistysk oan bg. as twa fervetubes foarelkoar oer steane, ien leech ien fol: ‘Het gesprek’.
Mar om nou foar it útstalde de kwalifikaesje minimal-art to reservearjen, dat liket in misforstân, De term minimal-art suggerearret foar in protte lju dat der wurke wurdt mei it understatement. Troch in minimum oan materiael (romtelik dus) soe in maksimael effekt op de taskôger sortearre wurde. De mich wurdt letterlik in oaljefant, hwat swijt hat de greatste sizzingskrêft, koartsein: it maksimale manifestearret him troch en yn it minimale. As men der dan in artikel yn it Museumjournaal, searje 13. no. I, 1968 fan E. Develing? ‘Ideologische kunst: minimal-art’, op neislacht liket de bitsjutting fan de bineaming minimal-art hwat oars to lizzen.
De minimal-art streaming ûntstie út in folsleine fornijingsdriuw (Dada ek). Hja woe oansluting fine by de greate technologyske en wittenskiplike foroarings, en dý it leafst yntegrearje yn har eigen kunstbioefening. De sociale en filosofyske eftergroun fan dit stribjen wie dan ek in ôfwizing fan eltse hiërargy en ûndergeskiktens yn ús gearlibjen yn tsjinst fan in paskleare ideology. Men briek folslein mei Jeropeeske tradysjes. Elts elemint fan de wênstige komposysjefoarmen ûntbriek. Gjin inkeld diel fan it byld waerd ûndergeskikt makke oan in oar diel om in s.n. geef risseltaet to krijen. De autonome dielen foarmen it gehiel. Liket dit gehiel op it earste gesicht allyk, oan himsels en oare gehielen, by neijere skôging docht it him dochs wer oars oan ús foar b.g. by gefolch fan ljochtfal, plak fan opstelling fan it objekt en fan 'e taskôger. Minimal-art wol net allinne oansluting by de omjowing op ideologyske basis, mar ek romtelik. Dat lêste hâldt yn dat de objekten meastentiids volumineus binne, sa as dy fan de monumentalisten Smith, Bladen en Gosvenor. Sa wurde de útstalde objekten en de útstallingsromte in ienheit dêr't binammen yn telt hwat der net konkreet yn oanwêzich is: it illusoire. Minimal-art wurket yn't foarste plak mei dingen dy't der net binne, mar dêr't in illúzje fan bistiet: it ‘less is more’ fan Mies van de Rohe yn uterste konsekwinsje.
By dit alles falt op it psychologyske forbân dat falt to lizzen mei de Gestalttheory fan de Berliners Wertheimer, Köhler en Koffka: it gehiel is mear as de optelsom fan alle dielen. Ek yn 'e percepsy giet it gehiel oan 'e dielen foarôf. It soe nijsgjirrich wêze om nei to gean yn hoefier der sprake is fan in biynfloedingsproses oer en wer fan Gestaltpsychologen en minimal-art-artists. Ek foar de minimal-art-artists is it collectivum tige wichtich (lykas op-art, pop-art en hard- | |
| |
edge it isolomint fan objekt en makker ôfwize). De kunstner bitsjinnet him fan de modernste techniken en materialen om sa ta de mear primaire foarmen to kommen bg. de pyramide- en hunnebêdfoarmen. It materiael dat brûkt wurdt is foaral metael, spegelglês en bakstien! Ien en oar docht wer in soad oan it Konstruktivisme tinken út de jierren 1921-1931.
‘Everything that is revealed, is concealed, sei Robert Morris. Dat jildt dan foar de ‘proposals and presences’, de ‘monument and environments’ fan de minimal-art-artists. It ôfwêzige is fan it oanwêzige de bitsjutting. Dat is in typysk minimal-art prinsipe, dat de útstalling fan Cees Buddingh’ net gau, mei syn lytse kaleidoscopyske kastkes dy't elts foar harsels sprieken en in hyperyndividualisme útstrielen. Prof. Richard Wollheim hie better in oare kwalifikaesje bitinke kind doe't er foar't earst de term minimal-art yntrodusearre foar boppeneamde streamingyn ‘Arts Magazine, vol. 39, no. 4, jan. 1965, p. 161 e.f. Dat sei alteast E. Develing, en ik siz it mei him, hwant de term ropt in protte misforstannen op sa't bliken docht.
De ôfwizende hâlding fan in tal oanwêzige Fryske byldzjende kunstners hat forskillende oarsaken tocht my. Sy koene my net útlizze hwat se der op tsjin hiene. De arguminten foar de ôfwizing waerden net op in rychje set en dúdlik formulearre. Inkeld in émoasjeneel ‘dit is toch niks’ kaem harren oer de lippen en faeks noch in glês bier. Foar in part sil der hwat dépit by komme. Cees Buddingh’ - in frjemde ein yn harren byt soe dy nou op har mêd eat kinne, hwat sy net op sines kinne? Mar ek de ûnmooglikheid om it wurk fan Buddingh' kunsthistoarysk to rubrisearjen sil mei harren hâlding fan dwaen ha. Buddingh' lit him net yn in biskat t kastke triuwe, hoefolle as er sels ek yn in kastke treaun hat. Syn wurk(wize) is nearne ûnder to bringen, it is gjin neo-plasticisme en gjin konstruktivisme. It hat heechút hwat trekken fan Dada en surrealisme. It hat mei al soksoarte streamingen likefolle net as wol fan dwaen en dan kin it originele, de uniciteit fan it wurk fan Buddingh' wrantelich meitsje. Derby komt dan mooglik noch it ûnbikend wêzen mei de literaire kontekst dêr't in bipaelde titel fan Buddingh' út opdjippe is, en de kleau fan forfrjemding is djip. Soe de literator-yn-earste-oanliz dan dochs mear affiniteit ha mei de byldzjende kunst as de byldzjend kunstner-pur sang mei de literatuer? Ik tocht fan net.
Der binne genôch foarbylden fan kunstprodusinten en -konsuminten dêr't beide ynteresses elkoarren yn in biskaet lykwicht hâlde. folle earder hat it de ûngrypbere, unike skakearring en bilêzen djipgong west yn it wurk fan Buddingh' dat in barrière opwurp. It wie ien boartlik forskaet oan tsjinstellings, op it earste gesicht in gaos, mar by neijer ynsjen wiene alle ûnderdielen strak en mei soarch komponearre. Linkenwei foel de subtile oarder op. Ek in spanning tusken de neatichheit fan it mikrokosmyske en it alles forslinende fan de gewulften fan it makrokosmyske wie faek to bigluorkjen.
Weromsjen op de útstalling fan Cees Buddingh' is weromsjen op byldzjend wurk, ‘al gorgelend en al rijmend’, fan in op dit mêd allike unyk solist as Jan Hanlo op sines wie.
| |
| |
| |
II Holland dada
Net eltsenien is it der iens oer dat men oer Dada fan op in distânsje skriuwe moat. Somliken wolle it forskynsel Dada dadaïstysk forstean en binei komme. Dat lêste wurdt hjir net foar keazen. It soe Dada ûnrjocht dwaen. As men werjaen wol hoe't de smaek fan spinaezje is, sil men net bisykje earst sels spinaezje to wurden troch jin ynblikke to litten of sa folle mooglik blêdspinaezje to wêzen troch jin to bihingjen en yn to smarren mei dy griente. De biskriuwing fan de smaek fan spinaezje sil troch dat soarte fan rituëlen der net klearder op wurde. Sa ek mei Dada. Hwa't oer Dada skriuwt, docht der it bêste oan, alteast op it momint fan syn skriuwen, to bisykjen nofteren to bliuwen. Mar dan noch sil it net tafalle ûnder wurden to bringen en yn byld to fangen hwat Dada is.
It wie slachtmoanne 1971 dat Trotwaer mei syn Dada-special in boppeslach makke. (In Trotwaer-dada-eksimplaer is okkerdeis foar fyftich goune op in Amsterdamske feiling forkoft). By dit Trotwaernûmer wie noch in bylage ek, skreaun fan Theo van Doesburg dy't ûnder de kop: ‘Wat is Dada’, in brosjure en útjefte fan de ‘Stijl’, Den Haag 1923, bisiket in tipke fan de Dada-walen op to tillen. Hwa't dat lêst wyt nei de tiid mear as foar't er it lies, ek al ropt de biwearing fan it iene daelk wer in ûntkenning dêrfan op. Dúdlik wurdt wol dat men net bisykje moat Dada to folle yntellektuiel to binaderjen: ‘Ik zou overigens pretentieus zijn, wanneer ik in de meening verkeerde, dat het mogelijk ware het mysterie Dada intellectueel bevattelijk te maken’, side 3, ‘Wat is Dada?’, Theo van Doesburg. Dada wol neffens dit manifest fan van Doesburg gjin kunstbiweging wêze, dus gjin ympressionisme, futurisme, kubisme, ekspressionisme ensfh. Elts dochma, eltse formule is in spiker om hwat formôge is byinoar to hâlden. Frappant is it weromgripen op hwat to krijen liket to hawwen mei de foar dy tiid alhiel baenbrekkende djiptepsygology fan Freud en Jung bg. it kollektive ûnbiwuste op koarte termyn: ‘Men zou het dadaïsme de anationale uitdrukking der collectieve levenservaring der mensheid in de laatste 10 jaren kunnen noemen. Dat wat in de moderne menschheid latent bleef, komt door Dada tot uitdrukking. Dada heeft altijd bestaan, doch werd eerst in deze tijd ontdekt, s. 6. It manifest fan Van Doesburg is cynysk: ‘Toch kent de dadaïst de mensch eenige positieve waarde toe: het instinkt om te domineren en de behoefte elkander op te eten’. It homo homini Iupus fan Hobbes dus. Dizze libbenshâlding docht gjin nij oan hwa't de earste wrâldkriich libbensliif meimakke hat. Alles is desorientearre, en fan dizze
desorientaesje is Dada eksponint. mar tagelyk ek in brânpunt fan werkenning! It hypergaotyske fan Dada set nolens volens linen fan oarder út werlâns in nije streaming him biwege wol. Dada is protest en stribbet nei suvering mar is tagelyk nihilistysk en anargistysk. Dada ûntkent en erkent, Dada is it folsleine neutrum en it perfekte neat, en just dêrom is it alles. Dat is wol sahwat hwat in tsjuster lykjend boadskip oan forheldering to bieden hat oer Dada fan 'e kant fan Theo van Doesburg.
It al neamde Trotwaernûmer fortsjinnet yn dit forbân seker hwat omtinken. Ik soe my hwat dimmener opstelle as ik it destiids sels mei redigearre hie. Nou't dat net it gefal is doar ik it frijút to priizgjen, binammen Remco Heite dy't in treflik inysjatyf fan 'e redaksje op in esthetysk tige forantwurde wize stal jown hat. In lytse opfrissing fan it ûnthâld kin mei likernôch trije jier gjin kwea.
| |
| |
Ek doe, yn novimber 1971, waerd yn Frentsjer in útstalling hâlden dêr't sintrael yn stie de Drachtster Dada-soirée fan 13 april 1923, en dêr't fierders fansels it hiele Dada-barren fan 'e jierren tweintich yn Drachten yn ûnder de lins kaem. Elts dy't in grein ynteressearre is yn Fryslân-Dada wyt ôf fan it bistean fan de bruorren Evert en Thijs Rinsema, beide skuonmakker. Evert Rinsema wie sterk yn it meitsjen fan aforismen. ‘Wat ik dacht’, Assen, 1947, is sa'n boekje mei sizwizen. Thijs Rinsema hâldde him foaral dwaende mei skilderjen
en houtnifeljen. Mei harren wurk sympatisearre de Drachtster arsjetekt C.R. de Boer. Yn militaire tsjinst kaem Evert Rinsema yn kontakt mei Theo van Doesburg. Dizze lêste yntrodusearre by de bruorren Rinsema wer it aparte fenomeen Kurt Schwitters út Dútslân. Hwa't de fiif neamde nammen yn it each hâldt hat wol sa'n bytsje de kearnfigueren fan it forskynsel Fryslân-Dada to pakken. De Trotwaer-special folget it Dada-tourné troch Hollân, dy't einiget yn Drachten, de Freeds 13 april 1923. Op dy romrofte Dada-jounen barde fan alles: der waerd skreaun, skildere en plakt, mar binammen bistelûden en berneútroppen waerden produsearre. Maniërisme en konfeksje-konvinsje makken plak foar in oerprimitivisme. ‘Uit deze en andere getuigenissen van dadaïsten van het eerste uur blijkt dat Dada een gebaar van machteloze wanhoop is. Het eigenlijke wezen van dada is machteloosheid en protest’. (H.D.)
I.K. Bonset (pseudonym foar Theo van Doesburg) skriuwt: ‘De poesie is het gebied der zuivere onredelijkheid.... heel wat meer waard dan onzuivere redelijkheid waar de oude cultuur van het aaneengeknoopte touw in verkommert.
Begrijpen is voor kunst altijd uitgesloten. Kunst houdt op waar men haar begrijpt. Poesie laat zich niet begrijpen, zij grijpt’. Van Doesburg stie dan ek in automatysk, yntuityf skriuwen foar, sûnder logica, mar wol spirituële bylden jaend.
Dada is ûntstien nei't men wol, yn 1916, yn it kabaret Voltaire yn it Switserske Surch. De dadaïst is in middel, in ynstremint dat útdrukking jaen wol oan in libbensutering, oan in wêzentlik aspekt fan hwat in nij tiidrek ynliede moat. De dadaïst is in spegel fan hwat dada is, hy is sels net Dada. Dada is ek in diagnoaze: ‘Niet Dada is nonsens maar het wezen van onze tijd is nonsens’. Bipaelde resinsjes fan dada-happenings fan dy tiid binne kostlik. De measten binne der mei oan. Sa tape in mopperubryk dizze út it fet: ‘Tegen een van de toehoorders op de eerste rij, die met open mond den spreker aanhoorde zeide hij (Theo van Doesburg): ‘Kunt U my volgen?’ Waarop deze: Volgen?... Ik ben U al een heel eind vooruit. Kwam net gisteren uit het gekkenhuis’.
Oan de joun sels yn Drachten, yn 'e boppeseal fan de Phoenix, it lettere V en D warenhûs, hawwe de bruorren Rinsema net aktyf meiwurke. De bisiters krigen de brosjuere fan Theo van Doesburg ‘Wat is Dada’ by de yngong oerlange. Fan dizze brosjuere is yn it Bleekerhûs yn Drachten noch in orisjineel eksimplaer. De joun waerd iepene mei in ynlieding fan Theo van Doesburg. Dernei kaem Kurt Schwitters dy't net healwiis die omt er it wêzentlik wie, hy healwize om it dwaen to kinnen. Hy lies poësije foar, û.m. in lofsang op ‘Anna Blume’ en syn ‘Sonate in Urlauten’. Wilens waerd er bigelaet fan Nelly van Doesburg op de piano dy't in sonate fan Chopin spile. Huszár, in Hongaerske kunde fan Theo van Doesburg bitsjinne de toetsen fan in meganysk biweechbere dounsfiguer dy't projektearre waerd op in wite eftergroun.
Fan dit alles twa sitaten út de resinsje yn'e Dragster Courant: ‘Anna Blume, ik
| |
| |
| |
| |
Thijs Rinsema 1923-1925
Collage 19-24
Eigendom Bleekershûs Drachten
| |
| |
druppel je naam, jouw naam, zij druppelt als vloeibaar rundervet. Rundervet lekt
langzaam rillend langs mijn ruggegraat’.
‘Zo'n voordracht (W.A.: fan Kurt Schwitters) is beurtelings die van een zuigeling en van een woesteling en daar tusschen in. Tusschenbeide blaft hij heel natuurlijk’. Ja, it Bokwerders is der neat by.
Oan 'e ein fan dizze Trotwaer-special is in brievewiksel opnommen fan en tusken Kurt Schwitters, Theo van Doesburg, de Rinsema's, de Boer, Hans Richter en Charley Toorop. Al mei al leit dit Dadanûmer op prachtige wize in stikje Dada-histoarje bleat, dêr't binammen de rol dy't de Drachtsters Rinsema der yn spile hawwe ris moai geef nei foaren helle is. En ek al kin de term Fryslân - Dada hwat ynklauwerich lykje, de rol fan de Rinsema's rjochtfeardiget it gebrûk derfan tocht ik.
As oergong nei ‘Hollân Dada’ fan Kees Schippers kin in nei myn smaek tige nijsgjirrige, noch net earder publisearre brief d.d. 29-12-22 fan Theo van Doesburg oan de Drachtster arsjetekt C.R. de Boer fungearje. Unstjerlik is van Doesburgs útspraek: ‘Het vierkant zal het kruis overwinnen’. Yn ien rigel wurde de opfettings fan de Stijl, in blêd en rjochting dêr't van Doesburg 1916 mei úteinsette, dúdlik. Boppedat wurdt ûnder dúmkes wei it krús as leauwenssymboal fan 19 ieuwen op 'e sigen set. In nije foarm sil de âlde patroanen yn alderlei opsicht oerwinne. Van Doesburg: ‘Het rechthoekige is ontstaan uit de behoefte de consequentie te trekken van het maximum van uitdrukking. Het rechte is de eenvoudigste en tegelijkertijd expressiefste omsluiting van een ruimte of afsluiting van een vlak (kleurvlak). Het komt het meest het vorm-looze nabij omdat men zich de begrenzingspunten tot in het oneindige kan doordenken. De cirkel daarentegen sluit het sterkst af, begrensd, is de uitdrukking van het in zich gekeerde, alzoo individueele’. Ek hjir docht bliken dat van Doesburg ôfweeft mei âlde tinkwizen lykas de midsieuske kwadratuer fan de sirkel en it saneamde sirkelfoarmige tinken dat mei binammen religieuze symboalen swier bilêstige wie. Der stiet mear yn dit brief, nou dus foar't earst publisearre yn Trotwaer, dat it lêzen wurdich is. It erflike gekrimmenear fan van Doesburg oer syn jildkrapte komt der feal yn nei foaren. Ek biskaette opfettings oer syn kleurbiwegingstheory. Enfin, it lit him lêze yn dit nûmer sille wy hoopje.
Ut de ynlieding fan it boek Holland Dada fait op to meitsjen hoe't Dada, yn it oanbigjin foaral in literaire biweging (bg. de Dútsers Hugo Ball en Richard Huelsenbeck en de Roemeen Tristan Tzara), biwust in biskaet ynfantilisme en primitivisme hantearre: ‘De ook naar Zürich gekomen Duitse schilder Hans Richter, Hans Arp en anderen tekenden bewust stuntelig of zonder duidelijke voorstellingen,...’
Men moat beide termen net bitize. Ynfantilisme is hjir neat oars as de oantsjutting fan in al of net biwuste fiksaesje op in fase yn it gehiel fan in psygologyske ûntjowing. De term primitivisme mei gjin inkelde denigrearjende assosjaesje oproppe mei de saneamde primitiven. Hjir is inkeld it weromstribjen nei it ûnbismodzge, foarmleaze fan oertiid en oerlibben. Beide lizze tichte byinoar sadré't se ta útdrukking komme yn kreatyf wurk oft dit nou byldzjend of literair is. Mar to tinken dat se allyk oan elkoarren binne is ien fan de greatste misfettings fan in tal iere anthropologen. It bigryp ynfantilisme ûntslút ek it riedsel fan de bineaming Dada. To tinken dat de namme Dada in folsleine tafallichheit west hat,
| |
| |
sûnder dat dy op har wearde en ‘Anklang’ hifke wêze soe, liket my alteast foar de superrasjonalisten dy't de dadaïsten yn lêste ynstânsje sekerwier binne (in biwust hantearjen fan it irrasjonele bg. opstigings en oanstriden foreasket de kontrôle fan in utersten rasjonaliteit, lykas by Kurt Schwitters) in ûnmooglikheit. Dada is neat oars as it oerlûd fan it tatebern-yn-hiel-de-wrâld, fan de peuter (dan is de d sêft) en fan de beuker (dan is de d hurd). De a is net allinne de earste letter fan it alfabet, mar ek it haedlûd dat it earste krytsjen fan minsklike wêzens follet. Dit yn tsjinstelling mei bipaelde bisten, tink oan it èè-lûd by keallen en skiep, it ii-lûd by foallen en it û-lûd by biskaette fûgels. Sa kritet it wurd dada om de bislettenheit fan in nij skûlliif d.w.s. in oare wrâld, is it in oanklacht en protest tsjin it neakene bistean, wol it de ûnskuld ynsté fan it bismodzge ûnrant fan aldendei. Ek al wiene de dadaïsten op alle wurdbitsjuttingen útsjoen, dizze bitsjutting koene sy har foroarloovje, omt men fan in wurd dat fan alles bitsjut maklik sizze kin dat it neat bitsjut fanwegen in brek oan identiteit. Wol men jin al mei it bitsjuttingsleaze fan it wurd dada formoedsoenje, dan noch kin men sizze dat it wurd yn boppe neamde rjochting tsjut. Frappant binne hjir en dêr de oerienkomsten tusken Dada en surrealisme. Fan forskillende ynfalshoeken út komme beide op biskaette punten gear, om it tiidsrek: de jierren tweintich, mar net iens to neamen. Yn it ûntstean fan beide is de protestfunksje, mar hoe soe it ek oars, in dominante faktor. Hat Dada in negatyf d.w.s. ôfwizend protest foar de omjowende wrâld oer, it protest fan it surrealisme is posityf d.w.s. wrâldforoverjend en fitalistysk. It
stribbet nei in fûleindiger bilibjen en trochfielen fan de wurklikheit. It jaen fan bitsjuttingen wurdt net ôfsward. Hjiryn stiet Dada tichter by it absurdisme as by it surrealisme. It surrealisme wreidet út en fornijt. Hwat yn âlde funksjes en sinjowingen bistjurre lei, wurdt fan in nij tsjutten fan it surrealisme nij libben yn blaesd. Dichters fan Dada en surrealisme brûke to hea en to gers deselde literaire technyk fan it automatisme: in trochrinnende stream fan ynfal en ympuls wurdt sa folle mooglik buten de kontrôle fan it forstân om op skrift steld. Al wer fan in forskillende eftergroun út: by it surrealisme wurdt de forbining mei it âlde (diminsje en mêd) fêstholden, by Dada wurdt dy forbining forbrutsen. Lykwols is Dada yn Parys bg. oplost yn it surrealisme.
‘Holland Dada’ forfettet nei neamde ynlieding mei in haestik oer Otto van Rees en Aditya van Rees-Dutilh. Beide hawwe fan ynfloed west op it wurk fan Hans Arp. Dat is mei de reden dat Schippers mei harren úteinset. Bihalven dat Hans Arp, ien fan de wichtichste dadaïsten, fan harren stipulearre waerd ta it dwaen fan nije fynsten, wurke Otto van Rees sûnder dat dat hou daelk syn bidoeling wie mei oan it ûntstean fan Dada, troch syn oanpart op de sa neamde Tanner-útstalling mei nij materiael en nije techniken lyk as de kollaezje.
Yn oarlochstiid waerd keazen foar in technyk om yn bylden sizze to kinnen hwat censors forbiede soene as it yn wurden útdrukt wurde soe, seine likernôch de fotomonteurs Raoul Hausmann, George Grosz, John Heartfield en Max Ernst. Ek de yn Berlyn berne Paul Citroen makke fotomontaezjes bg. syn ‘Grosstadt’. Sels neamt hy se leaver ‘Klebebilder’. It binne dizze ‘Klebebilder’ dy't Paul Citroen assosjeasje litte mei it dadaïsme. It is dus mear in technyske affiniteit as in morele: ‘Het cynisme van de dadaïsten was toch niets voor mij. Maar als maker van de ‘Klebebilder’ zal ik wel altijd bij hen horen’. De namme fan Paul Citroen ûntbrekt ek ûnder dit earste Berlynske Dada-manifest fan Huelsenbeck a.d. 1918.
| |
| |
Wol steane der û.m. de nammen fan man-en-wiif van Rees en fan de Italiaen Prampolini ûnder.
Theo van Doesburg (1883-1931) gie yn syn al neamde blêd de Stijl yn 'e pleit foar in ‘nieuwe beelding’ yn skilderkunst en arsjetektuer. Dat nije byldzjen moast ek yn sosjael opsicht trochsiaen nei foroarings. As I.K. Bonset en Aldo Camini sette van Doesburg him yn foar it dadaïsme, earst yn syn blêd de Stijl, letter ek yn in blêd demjonken: Mecano. Van Doesburg hie in great wanbitrouwen foar de wênstige, fêstroastke kunstfoarmen oer. Dada skerpe syn krityk op. ‘Het was een wapen waarmee hij vriend en vijand en ook zijn eigen werk bleef aanvallen om uit het zelf veroorzaakte puin steeds weer nieuwe ideeën en constructies te kunnen ontwikkelen’, s. 40, H.D. Hy fielde him foaral bisibbe oan Kurt Schwitters en Hans Arp. De lûd- en letterfersen fan Schwitters wiene al soksoarte fersen fan Van Doesburg oan foarôf gien.
Nelly van Doesburg waerd yn septimber 1922 mei algemiene stimmen útroppen ta it ûnmisbere muzykynstremint fan Dada yn Jerope. Nelly van Doesburg libbet - as ik dit skriuw - noch, 85 jier âld, yn Parys. Nijsgjirrich is hwat sy noch fortelle kin, kras fan geast, oer in foarbij tiidrek. Sa hat de heit fan de frânske akteur J.P. Belmondo harren noch holpen om in hûs to bouwen op de hichten fan Meudon. Ek Mondriaan komt op it aljemint. Hy liket in twangneurotikus: sâlt en piper hiene op de itenstafel harren eigen plak, mochten wol brûkt wurde, mar moasten dernei wer krekt op datselde plak delset wurden. Ek docht bliken dat Cees Buddingh' net de iennichste kunstner is dy't him ta it skaekspul oanlutsen fielt. Marcel Duchamp en Theo van Doesburg skaekten graech mei inoar. ‘Beide kunstenaars vonden in het schaakspel een zuivere abstractie, die in de beeldende kunst maar moeilijk te bereiken is’, s. 52, H.D.
Oer Kurt Schwitters en de bruorren Rinsema is al it ien en oar skreaun yn en nei oanlieding fan de Dada-special fan Trotwaer. Schippers set it allegearre nochris op in rychje, mear útwreide en opfleure mei foto's. Dit lêste bringt mij der nou al op to sizzen dat Holland Dada in uterst forsoarge boekwurk is. It greate tal ôfbyldingen makket dat men jin ôffreget hoe't sa'n boek noch foar 35 goune to keap wêze kin.
It middenstik fan syn wurk wijt Schippers oan de romrofte Dada-fjildtocht. Dy bigoun 10 jannewaris yn Den Haag. Meiwurkers wiene Theo van Doesburg, Kurt Schwitters, Volmos Huszár en Nelly van Doesburg. Oan 'e ein fan in joun spriek in hear fan de Haagsche Kunstkring in tankwurd: ‘Dom, domdomdomdom, domderedom. heel dom, heel dom, meerdandom, meerdandom, dom’, ‘waarmee hij probeerde aan te sluiten bij de stemming van het publiek’, s. 68, H.D. Dernei waerden Dadajounen holden yn Haarlem, Amsterdam, Rotterdam, Den Bosch, Delft, Leiden, Utrecht en Tilburg. It dadaïsme wie ek net oars as in fjildtocht troch lân en geast. It liet in spoar fan forneatiging efter mei it doel de diggels to lymjen ta nije foarmen en struktueren, mar binammen om to kommen ta in nije mentaliteit. De these fan de antikunst koe net oars as in nije these oproppe: in konstruktyf forset tsjin it biwende en bitroude. Dada wie in habitus dy't tafallichheden oplevere. Wie Dada neat? Bêst, hwant dat is ek eat. Yn alle gefallen hat Dada trochwurke yn biskaette kunstuteringen fan de jierren fyftich. Faeks is dat it measte hwat men fan Dada sizze kin, dat it wurke hat.
Mei alle respekt foar it boek fan Schippers moatte my dochs noch in pear op- | |
| |
merkingen fan it hert. It mei dúdlik wêze, de keppeling Holland Dada koe mear ûntstean omt inkelde dadaïsten de hollânske nasjonaliteit hiene as troch in permanint dadaïsme yn Hollân. En de van Reesen, en Paul Citroen, en de van Doesburgs hâldden mear yn it bûtenlân ta as yn Hollân.
Ek al suggerearret de titel Hollân Dada in greate partisipaesje fan dit lânsdiel yn de ynternasjonale biweging Dada, de dadaïstyske aktiviteiten fan de Hollânners spilen har foar it greatste part bûten de lânsgrinzen ôf. De titel suggerearret derom nei myn bitinken tofolle fan it goede. De dadafjildtocht allinne is foar sa'n titel in to wiffe poat. Wurdt der boppedat op in tal figueren yn dit boek net to gau en to graech in dadaïstysk stimpel printe? Krijt Paul Citroen net tofolle eare, as er dúdlik oan 'e perifery fan it dadaïsme bliuwt, yn Berlyn en mentael, mar lykwols yn H.D. in haedstik oan him wijd krijt?
Petronella van Moorsel biselsskippe as Nelly van Doesburg Theo van Doesburg, en wie in treflik pianiste. Se sil dan wol dadaïstyske komponearre en spile hawwe, mar hat se mei dat alles in apart haedstik fortsjinne en wier makke?
En foar de van Reesen jildt soks noch mear. Is de tafallichheit fan in kollaezje it predikaet dadaïst wurdich?
As wiere hollânske dadaïst komt yn Hollân I.K. Bonset alias Aldo Camini nei foaren. Hy is de hollânske eksponint fan in ynternasjonale biweging yn 'e streaming hwerfan Hollân mar in weachslach west hat. As Theo van Doesburg bliuwde er foarst de man fan de Stijl, de Nieuwe Beelding.
Kurt Schwitters, de Dútser, kaem graech yn Hollân to útfanhûzjen, en makke dan graech fan de geiegenheit gebrûk om dada to fieren. Ek oan him wurdt in haedstik wijd yn dit boek. Hwat Werkman oanbilanget moat men ek al fan goede wil wêze, wol men him in plak taskikke yn it ramt Holland Dada.
Ik soe hast sizze, mei de bruorren Rinsema yn Drachten hat Fryslân mear Dada west as Hollân. In fortsjinste fan it boek Holland Dada is dan ek seker net de titel, wol de oersichtlikheit dy't in great part fan it ynternasjonale dadaïsme der yn krijt. Ek de brievewiksel oan it ein fan it boek jowt in nijsgjirrich stik inside information. In toloarstelling is wol as, oanlanne op side 132 ûnder de kop ‘De waarde van Dada’, bliken docht dat it hjir om materiële wearde giet. Folle leaver hie ik sjoen hoe't Schippers Dada evaluearre hie as it giet om de ynfloed fan Dada nei de twadde wrâldkriich. Nou lêze wy û.m. dat de Stijl (nûmer 1145) f 4200 opsmyt - ‘dat is mear dan Merz (nûmer 1141) met f 1400.-, maar dat zijn dan ook minder nummers’.
De útstalling yn Frentsjer wie in tige slagge wjerspegeling fan de dadaïstyske aktiviteiten fan Nederlânners. Mear Hollân Dada as it boek. Allinne al om it plak fan hanneling: Frentsjer. Foar it gemak rekkenje wy Fryslân dan marris foar ien kear by Hollân.
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
|
|