‘Einliks giet de wyn lizzen ('t forhael moat ek wer fierder) en...’ of ‘en nou is it ringen safier dat de sheik, dêr't Fatima mei trouwe sil, op't aljemint komme moat.’, útlizze.
De skriuwer hat ek net folle aventûr yn dy sânflakte sjoen, hwant folle forrassing bart der yn dit diel alhiel net. In karavaen dy't rountsjes draeit, dat kenne wy, sa ek in sheik dy't trouwe wol, in feest dat neat yntressants opsmyt. Dat Kopkewoartel dy bruorren Korint forslaet, sil ek gjin lêzer nij dien ha. Kopkewoartel is to fier fan hûs en hiem rekke om noch to boeijen. Oer de Sahara binne bettere forhalen skreaun, oer de greidboeren, it wetterlân of it amelân minder. Just dat pielen fan Kopkewoartel yn'e eigen streek makke de strip sa populair, tinkt my. De lêzer fan Frysk en Frij koe him yn it regionale swalkjen fan Kopkewoartel weromfine. Mei it oer de grinzen gean, komt in poarsje ûnbihagen. Yn diel 4 seit de radioreporter: ‘Die brullende tijgers die worden daar beetgehouden door een heel eenvoudig gekleed ventje, een boertje zouden wij hier in Amsterdam zeggen, maar ik moet ook om de luisteraars in de provincie denken en dus zeg ik een eenvoudige jongeman met een blauwe kiel en een petje op zijn hoofd, zoals wij die mensen wel in de vakantie op de Veluwe of op zulke plaatsen ontmoeten...’.
It superioriteitsgefoel fan'e lêzer foar dat domme mantsje djip út'e wâlden oer wurdt wei, hwant wurdt elk dy't de son in de see siet sinken net as in Kopkewoartel biskôge dêrre’
Obelix yn boerebeitsje stiet boppe dit artikel. Yn krêft liket Kopkewoartel suver net foar syn gallyske kollega ûnder to dwaen, mar it brek oan yntelligensje dat wy sa moai fine yn Obelix komt by Kopkewoartel alhoe dúdlik de skriuwer ek op de geastlike binyptens fan syn helt wiist, binammen yn diel 4, net mei klam nei foaren. Faeks dat it ûntbrekken fan in handige, slûchslimme maet hjir mandelich oan is. Alle domkoppen ha suver sa'n tsjinspiler dy't relief jowt oan dizze en ek oare eigenskippen. Faeks hie sa'n maet of tsjinspiler ek mear fariaesje yn it forhael bringe kind. Ek karakterologysk hie der mear út Kopkewoartel to heljen west. De klam leit nou hwat to folle op syn krêft, syn bleuëns foar froulju oer bgl. bliuwt marginael.
Fierders foldocht Kopkewoartel alhiel oan itjinge dat yn de ynlieding oer de ynhâld fan de measte strips sein is. Binammen de plysjes komme der yn harren stereotypearring net alto best foar wei: sleau en ûnnoazel.
It earste diel, hwêryn't Brolsma hwat forwurke hat fan de satire Pibe-eartiids yn it Jongereinblêd-, liket kwa forhael yn forskate opsichten op diel 3, Kopkewoartel yn it Wetterlân. It avontûr yn diel 1 set útein op in bollekeuring, yn diel 3 bigjint it op'e fémerk. Is yn diel 1 de bolle Hercules dwars, yn diel 3 is der in hynder dôfhûdich. Foar beide gefallen wit Kopkewoartel in oplossing hwat him in baentsje as boerefeint opsmyt by in strieminne boer. Wol binne de bruorren Pik hiel hwat plesieriger yn'e omgong, mar lykas by Krint: it fé is suterich en de sinten binne op. Is yn diel 1 Simen Kruk de sterke man, yn diel 3 ha wy de Switser Alfred. Yn beide dielen binne it de bûtenlanners dy't mei harren jild de boeren út'e knipe helje.
Opmerkelik is ek dat Kopkewoartel hieltiten sterker wurdt. Bigjint it forhael dermei dat er in keal net hâlde kin, al ridlik gau lit er de sterkste feint fan it gea yn it sân bite, tilt in hynder de wein yn, gnjiddet in pear tigers en forslaet yn diel 5 de trije bruorren Korint, hoewolt Simen Kruk en syn maten yn diel 1 noch