Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 211]
| |
Freark Dam
| |
[pagina 212]
| |
hawwe, dan kin sein wurde dat binammen Geart Jonkman syn ‘neifortellingen’ dizze sabeare fantastyske mar yn wêzen fantasyleaze en clichémjittige gefaltsjes tekstueel faek krekt dý ynjeksje jowe dy't it gehiel net foar de ivichheit, mar dan dochs wol foar de inkelde minút dat men sa'n ôflevering opnimt oannimlik makket. En soms mear as dat. It leit him oan Jonkman syn persoanlik idioom en fansels ek wol in krom oan de Fryske aktualiteiten en dito prippers dy't er kâns sjocht. om professor S.S. en konsorten hinne to winen. Jonkman syn trant fan fortellen is helder-op, net jeuzelich en altyd lyk-foar-de-kop. It simpele, trochstrings banale forhael kriget der hwat libben troch, ècht libben. It grouwel-effekt fan it binearjende printsjewurk wurdt in stikhinne oersljuchte. Jonkman syn opfolgers by ‘Frysk en Frij’ op dit mêd (redaksjeleden of dêroan bisibbe, dy't anonym to wurk gien binne) hawwe net safolle om by to setten hawn as hy, binne ek gans minder oan it forfryskjen slein mar hawwe, foarsafier't ik neigean koe, dochs net sunder fortuten stribbe nei in lêsberens dy't to wurdearjen falt. Inkelde redaksionele kluchten binne my opfallen. Unbigryplik komt it my foar dat ‘Frysk en Frij’ sa'n strip (‘Janko Jumbo’ yn dit gefal) eindigje liet op 29 desimber (1955), yn it lêste nûmer fan de jiergong dus. Soks striidt mei de oanwenst dat men, om ûnnedige abonnéflecht tsjin to gean, stripforhalen (en feuilletons) nea lykop rinne litte mei mei de jiergong. Krekt oarsom: se moatte de iene jiergong mei de oare forbine en sa de (wifeljende) abonné's mei oer de jierwikselstreek hinne helje. Goed-kommersieel is wol wer dat ‘Frysk en Frij’ al gau hinnegong en set de strip net mear op 'e tekstpagina's, sa't lange jierren wenst west hie, mar kreas to plak middenmank de advertinsjes. Wûnderlik is dêrfoaroer wer it feit dat wy professor Sikke Siker, frijhwat forfryske fan Geart Jonkman (jiergong 1952) goed sawn jier letter al wer yn datselde ‘Frysk en Frij’ omdoarmjen sjogge. mar dan under de namme fan professor Spits en sûnder forfryskjende eleminten. Hawar, de wrâld is der wol om trochdraeid en ‘Frysk en Frij’ ek (noch in jiermennich). It mist my net, dat Rotmans revival yn de (Frysktalige) parse in kwestje fan earmoed yn it materiele dan, west hat. In goede strip, d.w.s. in populaire strip, hat altyd foar de lytsere (streek)parse binammen - in djûrabele saek west. Wolnou, yn de nei-oarlochske perren (noch fier foardat de nije strip-goarre opkaem) wiene de Rotmantsjes dêr't net folle sleet mear yn siet foar in prikje to krijen. Mar lykas sein: ik ha 'm altyd al op in prikje hawn. |
|