lêzers nei literatuerlêzers, wol ik it printsjeforhael as posityf elemint yn 'e literatuer/lektuer-konsumpsje en - produksje dochs hwat neijer bisjen. Yn in folsleine lektuerforsjenning mei it stripforhael net mist wurde. In tael dy't as kommunikaesjemiddel optimale mooglikheden ha moat, moat in sa folslein mooglike lektuerforsjenning ha. As it Frysk allinne boeretael, literaire tael, wittenskiplike tael of biwegingstael wie, wie it op elk oar mêd in deade tael. Hwannear't in lêzer foar syn stripforhalen ôfhinklik is fan hwat yn it Hollânsk produsearre wurdt, hat dat twa wichtige gefolgen.
- Hy lêst minder Frysk yn forhâlding ta syn totale lêskonsumpsje as mooglik wêze soe;
- By in oergong nei oare lekturale sfearen moat, neist alle oare bilangstellingsen wittensdrompels, de taeldrompel oerstapt wurde.
It sil dúdlik wêze, dat oft men de boekelêzer nou statysk (as konsumint fan in stik lektuer) of dynamysk (as minske mei in hieltyd foroarjende, him ûntwikkeljende bilangstelling) bisjocht, it foar it Frysk as tael in minne saek is, dat der net foldien wurdt oan in bisteand forlet oan fordivedaesjelektuer.
Men kin de saek ek noch fan in oare kant bisjen, dy fan de literatuerproduksje. Trochdat der gjin Fryske printsjeforhalen makke wurde, hawwe wy gjin eigen stripkultuer, mei syn eigen helten, nuveraerdige fêste sechjes, karakteristike skriuw- en praetstyl. Der is gjin gearwurking tusken tekener en skriuwer, dy't liede kinne soe ta karakteristike massaprodukten. In nijsgjirrich, hoe wol noch net folslein ûntdutsen en erkend fjild fan letterkundige-byldzjende aktiviteit stiet to úzes in hikke foar, dêr't nimmen oer hinne klimt.
It foargeande is in oantrún oan - dy't it kin - om dochs ris oer de hikke to klimmen. Autoriteiten en útjowers soene ris iepeningen meitsje kinne foar idéalisten en miskien professioneel wurkjende lju, om fordivedaesjeforhalen mei printsjes to meitsjen. De technyske mooglikheden binne nammers folle greater as tsien jier tobek. Fotografyske printmooglikheden meitsje de djûre klisjéëllinde fan de âlde tiden oerstallich: it Friesch Dagblad kin like guodkeap in printsjeforhael ôfprintsje as in gewoan forhael.
Foar de skriuwer is it lykwols net sa maklik, om de mooglikheden to gripen dy't der binne en dy't by in forstandich bilied fan subsidiënten en útjowers, ûntstean kinne. In printsjeforhael meitsje, bitsjut ornaris én foar de tekener én foar de skriuwer, jin oanpasse oan de eigen problemen en mooglikheden fan dizze foarm fan kunst/fordivedaesje. Boppedat moat de tekener him oanpasse oan de eigen persoanlike mooglikheden fan de skriuwer en de skriuwer oan dy fan de tekener. En om de kring, dy't yn 'e earste rigel bigoun is, wer to sluten: as de strip wier fortuten dwaen sil yn 'e lektuerforsjenning oan de Fryske lêẑers, moat der fan de kant fan de lektuermakkers in hwat professioneler ynstelling komme. Net meitsje hwat men kwyt wol, mar meitsje hwat men kwyt kin. Dizze lêste riddenaesje jildt, it seit himsels, allinne yn it ramt fan dit forhael mei dizze útgongspunten, mar hat dan wol ta gefolch, dat skriuwer en tekener by har wurk rekken hâlde moatte mei de fraech. Esotearyske printsjeforhalen hawwe wy, út Taelbifoarderingseachpunt bisjoen, net direkt forlet fan. Populaire Fryske strips soene in nije merk oanboarje kinne.