Ynfentaris fan Fryske strips nei 1945
It tal fryske strips hat to min om it liif om mei in systematyske alfabetyske, oardering to kommen. Dêrom is hjir in yndieling yn fiif haedgroepen oanhâlden. De fet-printe strips binne origineel-frysk, sawol qua tekst as tekening.
As fryske strips wurde al dy kombinaesjes fan tekst en tekening rekkene dy't foldogge oan de yn de ynlieding by A. Foarm delleine foarmkriteria, dêrby moat de tekst yn it frysk steld wêze. In strip lykas Bokke Heidehipper, hoe frysk ek fan karakter, foldocht oan dit lêste objektive kriterium net en is dus net yn de ynfentaris opnaem.
In oar kriterium foar opnimmen yn de ynfentaris is dat de strip publisearre wêze moat en wol op sa'n wize dat yn prinsipe elts mei de strip yn de kunde komme kin fia boekhandel of abonnemint.
Skoalkrantsjes sille oan dit kriterium net foldwaen kinne yn fierwei de measte gefallen. De fryske stripforhaeltsjes dy't bgl, yn Jabberwocky, eartiids skoallekrante fan de Kr. Kweekskoalle to Snits stien ha, binne hjir dan ek net opnaem. Mocht dizze ynfentaris net alhiel krekt en/of folslein wêze, dan sil de gearstaller it tige op priis stelle as hy hjirmei op de hichte brocht wurdt.
Adres: Laverman, Kruisstraat 22, Baflo.