Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 199]
| |||||||||||||||
[pagina 200]
| |||||||||||||||
YnliedingYn it ramt fan in ynlieding soe it mûglik wêze in wiidweidige skôging to bringen oer party fasetten dy't it forskynsel stripforhael ryk is. Soks sil hjir lykwols net barre. Der bistiet in prima nederlânsktalige literatuer oer dit ûnderwerp. Dat der yn dit Trotwaernûmer oandacht oan de strip jown wurdt, hat mear ta doel ris nei to gean hwat omtrint 30 jier fryske skriuwery op dit mêd nou opsmiten hat. Yn dizze ynlieding wol oandacht foar inkelde yndielingskriteria, hwat it ûnderwerp in sekere omlining jaen moat. It sil de lêzer net forwûnderje dat der party fan kategorisearringen oantobringen binne. In haedyndieling liket my in rubrisearring neffens foarmgegevens en ynhâld-gegevens. | |||||||||||||||
A. FoarmIn wichtige foarmyndieling is dy dy't nei de forwurking fan de tekst sjocht. Dizze yndieling leveret fjouwer typen op:
De grafyske foarmjowing is by de strip tige wichtich omt net de tekst mar it grafyske gehiel de oandacht fan de potentiële lêzer lûkt. De kompositoryske yndieling moat dan ek oersichtelik en harmonysk wêze. Type 2 biedt hjirta in bytsje mûglikheden. In bulte ekspresjemûglikheden hat type 4 mei syn tekst balonnen. It grafyske elemmt is ek tige wichtich by it wjerjaen fan tael. Tael kin oerset wurde yn byldsignalen of forsterke wurde troch sokke signalen. Dizze signalen kinne
wêze. Konventioniele bylden kin elke striplêzer daliks to plak bringe, ik tink oan it lampke dat hoppe in holle bigjint to baernen, de hartsjes, switdrippen, stjerkes, swarte wolkjes, balkjes dy't trochsage wurde ensfh. Net-konvintioniele bylden, bylden dy't dus noch net automatysk koppele wurde oan bipaelde bigripen, siile perfoast dúdlik wêze moatte, wolle hja harren foardiel as nij en forrassend hâlde. Typografyske effekten birikt men troch it lettertype to farieëren of lettertekens út in oare tael ta to passen lykas bgl. yn it stripboek Asterix en de Gothen dien is. En hwat groep c. oanbilanget, hokker Asterix-lêzer ken de scrounch-skrotsj tekens net dy't mei Obelix en de everswinen in ûnforbreklik trio foarmje? | |||||||||||||||
[pagina 201]
| |||||||||||||||
[pagina 202]
| |||||||||||||||
[pagina 203]
| |||||||||||||||
In oare foarmyndieling is dy neffens de tekenstyl. Twa typen kin men dan ûnderskiede: I. Realisme II. Schèmatisme By it earste type binne de tekeningen naturalistysk, sa echt mûglik. It twadde type hellet it meast karakteristieke nei foaren, hjir is gjin war dien alles sa echt mûglik wertojaen. De wurklikheit wurdt hjir faek mei opsetsin transformeare. | |||||||||||||||
B. YnhaldHwat de ynhâld, it forhael fan de strip, oanbilanget kin men twa haedyndielingen meitsje.
As tredde type soe men in mingsel fan beide typen ynfiere kinne; in komplikaesje is lykwols de dosearring fan 1 en 2 hwat in ûnbidich tal typen mûglik meitsje soe. Al mei al bliuwt boppesteande yndieling dus frijhwat téoretysk: moralistyske tendinzen binne ek amusemintstrips net frij fan, wylst propagandistyske, ynformatieve strips harren boadskip wiswol yn in humoristysk papierke forpakke sille, útsein de Mao-strips dan. In nijsgjirrich ûnderwurp fan stúdzje soe it maetskippybyld yn beide typen strips wêze kinne. Willem de Regt hat hjiroer okkerjiers yn Ons Gezin ris in artikel skreaun. Hy wiist deryn op de forsterkjende funksje dat it stripforhael ditoangeande ha kin by bern, foar hwa dochs de measte strips ornearre binne. It oardiel fan bern oer de wrâld om harren hinne is yn't foarste plak ôfhinkelik fan eigen ervaringen en oardielen fan minsken dy't foar it bern gesach ha, mar in noch net ryp en klear oardiel kin troch mieningen yn in strip forkundigt in definitieve wending krije, neffens De Regt. Maetskippy-krityske strips dy't bisteande forworvenheden yn twifel lûke, binne de bernestrips dy't hjir lêzen wurde net. Heechstens is der krityk of spot oangeande punten dy't in útfloeisel fan ús maetskippy-bistel binne. It stelsel sels komt net yn diskusje. De strip yn Nederlân forsimpelt in statysk byld dat wy fan 'e wurklikheit ha en bifêstiget dat. De strip bringt bern dus net op it idé de maetskippy ris kritysk to bisjen, om ris to twifeljen oan de saneamde logika fan allerhande oardielen Wol maetskippy-krityske strips lykas de s.n. undergroundstrips binne troch harren yntellektualisme meastentiids net nijsgjirrich foar bern. (Sjoch op frysk mêd bgl. it byldtrotwaer 1970-1) De forsimpeling yn it stripforhael komt û.m. ta utering yn it ekstremisme fan bipaelde eigenskippen. Goed is goed, kwea is kwea. Eigenskippen krije in stereotypearring yn bepaelde typen: dogenieten ha faek greate noazen en sjogge dersa hwat joadsk of arabysk út, bazen binne hast altiten fetsakken of slûchslim sjende lju mei in ûnoangenaem postuer. En tink ris oan it type fan de gelearde, de deagraver, de kunstner ensfh. Nijsgjirrich is ek it plak dat froulju en kleurlingen yn it stripforhael tabidield krije. | |||||||||||||||
[pagina 204]
| |||||||||||||||
De strip hat yn de measte gefallen in dúdlike haedpersoan mei in fêste kearn byfiguren. Soms kin sa'n byfiguer opklimme ta haedfiguer lykas Obelix en Heer Bommel oerkaem is. De haedpersoan hat faek in koördinearjende rol yn de strips. Meastentiids is er frij man. Oer syn âlden heart men nea, troud is er net, troch nimmen lit er him de wet foarskriuwe hoewolt er him oan morele kodes strikt hâldt. Hoe't er oan 'e kost komt is meastentiids in riedsel, soms is er reporter of detektive. Moadeforskynsels ha syn omtinken net, bisten desto mear. De byfiguren binne der foar it útwreidzjen fan it avontûr. Mei harren ûnheblikheden jowe hja fleur oan de saeije haedpersoan, wylst de folwoeksen lêzer yn dizze dranksuchtige, driftige, opskepperige, ûnhandige slimme ensfh, byfiguren it forhael sels mei bilibje kin. Dat it stripforhael ek yn us lân tige populair is biwize úitdrukkingen as ‘denkraam, heer in 't verkeer, heer van stand, rare jongens die...’ dy't fan it stripforhael (Tom Poes. Asterix) yn de nationale vokabulaire tolânne kaem binne. Unbigryplik liket it dan ek dat yn de fryske skriuwerij it stripforhael sa'n bytsje yn tel is. Net allinne op amusemint gebiet, ek in organisaesje as De Fryske Biweging sjocht de greate biynfloedingsmûglikheden fan it medium strip kâldwei oer de holle lykas ek út de krekt forskynde konsept-nota Taelbifoardering werris bliken docht. Wol stiet de nota oan op mear frysk yn 'e krante, mar dan yn adfertinsjes en de rubryk ynstjûrd. Mar hwerom net wer in frysk stripforhael yn de Ljouwter Krante? Dat hie moai yn 't plak kinnen fan dy stomforfelende Betty Baas, dy't aldergeloks mar koart de twadde side forpest hat. Redakteur Rink van der Velde hat der de kapasiteiten foar en meitsje in populaire strip. Dêrby hat dy man okkerjiers yn 'e mande mei de tekener Cork mei in strip toset west, in strip dy't spitigernôch nea fierder kaem is as hwat kladtsjes. It wol my net oan dat de s.n. fryske skriuwers to dreech foar dit medium binne of soe faeks it ûntbrekken fan prizen en talagen dit genre sa biheind hâlde??
B. LAVERMAN |
|