Trotwaer. Jaargang 6(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 194] [p. 194] Joop Boomsma In memoriam foar mysels Miskien is it tsjerkhou net in gaedlik oarde om to dreamen oer it libben - mar likegoed as earne oars. Dat ik kuijere hwat wylst de winterwyn boarte mei de lêste hjerstblêdden. Ik kuijere, lies de nammen op de stiennen en dreamde. Ik dreamde en bilibbe it libben dat libbe wie. [pagina 195] [p. 195] I Jouke Jelsma. De minsken laken as ik my Dichter neamde en lutsen oan de skouders as ik myn fersen sei. Nou lêst elk myn poësij en neamt men my de Greate Dichter fan dizze stêd. Spitich dochs dat nimmen myn boadskip earder heare woe, oars hie'k miskien de tritich wol helle II Willem van Buren. Dy lêste flesse krige ik fan Koos. In himelske drank, hwat in feest! Letter wie 'k by 't wetter. Ik bin forsûpt, mar de toarst, dy bliuwt. [pagina 196] [p. 196] III Wytske Elgersma. Greate swolgen naem ik fan it libben en o hwat smakke 't skoan! Der wiene gjin soargen op myn paed, ik wie sljochtwei lokkich. Oant myn man my frege, op in kear: - Hwerom bistou altyd sa fleurich, is dy noait hwat yn 'e wei? Fierstento bitiid bin 'k stoarn, hwant sûnt koe 'k net mear sliepe; myn mage rekke slim oerstjûr omt ik mar ompielde, nacht en dei, mei dy forrotte fraech: - Hoe koe 'k sa lokkich wêze? IV Janke van Dijk. De wrâld wie in hearlik oarde: de sinne en de sêfte rein. de rook fan de sé en de gouden blêdden yn 'e hjerst; it sjongen fan in iere fûgel, wiskjende snie en yn 'e fierte de autoos, minsken op strjitte. De wrâld wie in hearlik oarde fol freonlikens en sympathy, fol myldens - de natuer. Nea haw ik bigrepen hwerom 't ik opsletten wie yn dy iensume sel fan 't gesticht. [pagina 197] [p. 197] V Andrys Janssen. It greatste part fan myn libben waerd bihearske troch dizze ûnwissichheit: Hwat moat ik dwaen? Hie 't ek oars moatten? Oant ik yn in nacht mei myn brommer tsjin in bus opknalde. Yn dy lêste fraksje fan myn libben wist ik dat it sa it bêste wie; ik hie wissichheit. VI Klaes de Jong. Dit libben hie om my net hoegd, Heare. Ik forlear, Jo witte it wol, myn frou, myn jild en hûs. It wie al muoilik genôch sechstich sokke jierren troch to kommen, mar njoggentich - Jezus! [pagina 198] [p. 198] Ik kuijere, lies de nammen op de stiennen en dreamde - ik foun antwurden sûnder in fraech op fragen sûnder antwurd. Lit it sa mar, foarlopich. Vorige Volgende